De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 163]
| |
1.In Aldjiersdei om noait wer te ferjitten. Ik seach yn it dizich moarnsljocht it lege fleske op it nachtkastke. En doe't ik de lampe op die har lykwyt gesicht, se lei oer de side teard, heal bûten it bêd. In deaskrik skeat troch my hinne. Ik harke yn panyk nei har sykheljen, mar hearde allinnich it dwylsinnich bûnzjen fan myn eigen hert. Doe fleach ik as in gek nei de telefoan en skille it neednûmer dat op in stikkerke oan myn tastel sit. In polysjeman. Ik hime: ‘In dokter en in ambulânse, fuortdaliks. Dondersplein 18,3 heech. Besykjen ta selsmoard. Miskien is it te let, mar drekt komme! Asjebleaft!’ Jip hie my omavesearen heard en kaam alhiel feralterearre op my ôf. ‘Kinsto mûle op mûle?’ frege ik. ‘Justine hat harsels fan... wat oandien.’ Hy bûgde him oer Justine hinne. Hy hie soks nea by de ein hân, mar besocht it. Omdôch. Hy sei, earnstich mar kalm: ‘De mage moat leechpompt, dat kin ik net dwaan. Mar se sykhellet noch al, al is it swak. It hert is noch justjes te hearren. Jezus, wennet hjir net in dokter oan it plein?’ ‘Se komme der al oan,’ sei ik. Ik foel hast flau fan 'e moarnskjeld. In ferheftige pinekop raasde my troch de holle en ik draafde as in dwylsinnigenien fan it iene fertrek nei it oare, pakte fan alles beet, liet alles wer los. ‘Total loss’ wie it wurd dat iderkear yn my opkaam. Total loss. Total loss. In oanhâldende, hammerjende dreun troch myn kop. Lit it net wier wêze, God lit it net wier wêze. Jip hie wol hoop, hy bleau kalm en hâlde Justine by de pols beet, lei har binnen it bêd, draaide har op it liif, mar der kaam neat út. Der rûn wol flibe út har mûle, lytse bûltsjes. Hy stiek har foarsichtich de finger efter yn it kielsgat. Se beweegde efkes, mar it holp net. | |
[pagina 164]
| |
Minuten liken oeren. Doe toetere de ambulânse-auto op it plein en kamen twa mannen yn it wyt de treppens op draven mei in brancard, folge fan in polysjeman. Yn it skiere moarnsljocht flikkeren blauwe lampen. De mannen pakten razend fluch Justine yn en draafden mei har nei de lift. De polysjeman bleau noch, makke wat notysjes en beseach it fleske dêr't de tabletten yn sitten hiene. Der stie gjin namme of merk op. Ek gjin apoteek-namme. Moai wis hawwe it slieptabletten west. Mar hoefolle? Jip hâlde my by de hân, de polysjeman frege: ‘Wat wie har relaasje mei jimme?’ ‘It wie in freondinne fan my,’ sei ik, mei bibberjende tosken, ‘dy't djip yn 'e problemen siet en hjir yn wanhoop kaam om help. Wy hawwe lang praat, juster de hiele middei en ta de nacht út en ik miende dat se wat kalmearre wie doe't se op bêd rekke...’ ‘En jo, wa binne jo?’ ‘Ik bin de freon fan mefrou Brouwer. Dy oare koe ik net, ik haw har juster foar it earst sjoen, mar haw dy twa allinnich prate litten en bin de stêd yngien.’ Ik gyng fierder, mysels mei lijen ta in rêstich ferslach twingend: ‘Justine sliepte op myn bêd en ik by him. Mar yn 'e moarntiid waard ik wekker, mei in frjemd gefoel fan binnen. Fan ûnrêst. It wie krekt as waard ik warskôge. Se wie sterk depressyf en hat yn it libben oars niks as tsjinstuiten hân. Se hat myn kollega west as learares oan myn skoalle, mar se koe gjin oarder hâlde en hie ek oare swierrichheden. In brutsen relaasje mei in man, dy't har noch altyd achterfolge en lestich foel. Se fielde har yn it nau dreaun.’ De man makke oantekeningen en sei: ‘Jo sille noch wol immen fan de resjerzje oan 'e doar krije. Mar de saak liket yn earste ynstânsje wol dúdlik: suïcide. Mar hoopje dat se it hellet.’ De man pakte syn papieren by elkoar, sette syn pet op en fûstke mei my, net mei Jip: ‘Sterkte,’ sei er. ‘Faaks wurde jo yn 'e rin fan 'e dei noch op it buro roppen. En jo ek’ (tsjin Jip). ‘Jo kinne oer in minút of tsien it sikehûs wol skilje hoe't jo freondin it | |
[pagina 165]
| |
makket.’ Dêr sieten wy, Jip en ik. Ferslein. Hân yn hân. Wy. Ik fielde my dea-ynein èn skuldich. Net tsjinoer him. Mar ik hie Justine net fan har wanhoopsdied tebekhâlde kinnen mei al myn bemoedigjend gepraat, goeie wil en streakjen en tútsjen. Leit myn skuld lykwols net djipper? As ik by har sliept hie, wie it ommers net bard, hie ik it keare kinnen, hie se miskien hielendal net oan dy needstap tocht. Ik sei dat ek tsjin Jip, mar hy antwurde: ‘Sa kinst de hiele wrâld wol op dyn nekke nimme. Do kinst net helpe dat se lesbys is en do net. Do hast dien wat minslikerwize mooglik wie en net ien hie dit foarsjen kinnen.’ ‘Ik hie dit foarsjen moàtten. Nee...’ ik koe hast net fierder prate, de wurden bleauwen my yn 'e kiel stykjen... ‘Ik hàw it foarsjoen... Doe't wy justerjûn, sij en ik, op 'e bank yn 'e sliep foelen, doe... haw ik in dream hân. Dat ik in dea fûgeltsje yn 'e hân hie, dat ik op it paad by ús thús op 'e pleats fûn hie. In dea fûgeltsje. Dat hie my warskôgje kinnen. Mar it wie my wer fergetten - ik haw net goed op myn iepenst west.’ Ik gûlde my leech tsjin Jip syn bleat boarst en hy streake my suskjend, oanienwei, oer it hier. Ik wie kâld en hie it gleon tagelyk. Ik rydboske. Doe gyng de telefoan. Ik hie myn nûmer opjûn. ‘It giet oer mefrou Justine Blaauw,’ sei in koele frouljusstim. ‘Ja, sis it mar...’ hime ik, ‘is se...’ ‘Mefrou hat it net helle,’ sei de stim. ‘Se is niiskrektsa stoarn oan in oerdosis veronal of soartgelikens spul. Der wie gjin helpensein oan, hoe't it ek besocht is. Ik kondolearje jo wol. Jo wurde strak noch skille oer namme en adres fan neistbesteanden.’ ‘Tankjewol,’ flústere ik. En doe moat ik fan mysels fallen wêze. Wat dat ik nea earder belibbe hie. | |
2.It foarige haw ik noch skriuwe kind eardat ik net samar in | |
[pagina 166]
| |
bytsje yn swym, mar alhiel yn elkoar dondere bin. Dat wie nei it berêden, mei de help fan Jip, fan al dy skriklike dingen dy't troch en om de dea fan Justine dien wurde moasten. Har famylje warskôgje, pynlike fragen fan de resjerzje te wurd stean, mei it sikehûs en de begraffenisferiening prate en skilje, adressen fan minsken opjaan dy't in deabrief ha moasten, de kremaasje sels regelje (de famylje wie net foar kremaasje, mar der wie in kodisyl op har fûn, en ek dat se har jiske boppe see útstruid hawwe woe) en in hiele soad lytse dingen mear, dy't ik no, nei oardel moanne, al foar in part wer fergetten bin. Net fergetten is my de kremaasje yn Meppel en de konfrontaasje mei har ôfwizige, stoefe âlden en mei dy man dy't har oant it lêst fan har mislearre libben ta lêstichfallen wie, sûnder te begripen wêr't it by Justine allegear op fêst siet. Der waard mei gjin wurd fan rept, mar ik fielde op in ôfstân dat se my min of mear de skuld ta ha woene oan Justine har depressiviteit, har lesbys wêzen en mooglik ek har selsmoard. It stie op 'e gesichten te lêzen: de noartske heit, âld-SS-er wurdt der sein, mar dat skynt oerdreaun te wêzen, al wied er yn 'e oarloch wol Dútsgesind en hat er no noch rankunes tsjinoer de wrâld fan hjoed de dei. En de op Justine lykjende mem, mar dan yn in lytse, yn in rôffûgeledysje, mei boarjende eagen dy't my wol deapikke liken te wollen. Twa ûnferskillige hearskippen fan bruorren. Neven en nichten dy't har gau-eftich fan har familiale plichten ôfmakken. Ik moast hjir yn dit frjemd fermidden ek de stipe fan Jip misse, want ik hie it ferstâniger achte him mar thús te litten. Mar nei't de âldste broer in wat omfang en gefoelsynhâld oanbelange minimaal tankwurdsje sprutsen hie en de kiste ûnder pianoklachten fan Alfred Brendel stadichoan fuortskood wie, mei allinne it blomstikje fan Jip en my der op, sieten de oerbleaune oanwêzigen wat fersille yn 'e romte dêr't kofje en koeke rûnparte waard. Allinne dy âldste broer socht ynienen in bytsje kontakt mei my. Hy sei, wylst er in sûkerpûdsje yn syn kofje leechrûgelje liet: ‘Myn kondoléânsjes. Jo stiene myn suster leau ik noch al nei.’ ‘Ja,’ sei ik. ‘Se wie myn bêste freondinne yn 'e tiid dat se by ús | |
[pagina 167]
| |
oan skoalle stie. Mar se wie net tsjin it libben opwoeksen.’ ‘Se hat altyd in swak fûgeltsje west, as bern al. In bytsje bedoarn ek, troch har mem - ús mem net, trouwens. Se hie in goed ferstân, mar gjin wil om troch te setten en gjin stjoer oer har emoasjes. En dy histoarje mei dy fint hat har de das omdien.’ ‘Se hat my der wolris fan ferteld,’ sei ik. ‘Mar it neiste hâlde se foar harsels.’ ‘Hy seit no dat jo de skuld fan alles binne,’ ferfette de broer, wylst er de kofje oan 'e kant skode en in sigaret út in bekerke pakte, my ek oanbiedend, mar ik skodde fan nee, ‘jo soene har fan him ôftroaid en har lesbys makke hawwe. Unsin fansels, ik wist al lang dat se dat hie en dat se net geskikt wie foar in normaal houlik.’ ‘Krij ik de skuld dêrfan?’ ‘Net fan my hear,’ sei er, mei dochs in lyts tikkeltsje waarmte yn syn lûd. ‘Mar it is miskien wol better dat jo, as je dy kofje op hawwe, hjir mar wer wei geane. Ik wit net foar hokker konfrontaasje jo oars noch komme kinne te stean. Se fine jo tige bemuoisuchtich.’ Ik liet myn kofje stean en stiek him de hân ta. Hy sei noch: ‘En betanke foar alles wat jo foar har dien hawwe. En sterkte.’ Ik wie de doar al út en startte de auto. Ik dyng de riemen om. Op it lêste stuit seach ik noch in frij jonge man yn in griis pak op my ta kommen. Baldoïnus dus. Ik die it portier oan 'e binnenkant op slot. Hy raamde oan de kruk en rôp wat dat ik net ferstie troch de motor. Ik joech gas en makke dat ik fuort kaam fan it parkearplak. Bang dat er my efternei komme soe. Yn 'e sydspegel seach ik noch dat er de fûst nei my opheve. Hie ik net better dien en harkje nei dy man en lit him syn dingen sizze? Dêr't ik dan mei de ienfâldige wierheid op antwurdzje kinnen hie? Mar ik wist dat dan ek myn emoasjes wer losbarne soene en ik miskien dingen sein hie dy't ferkeard opfette waarden. Dagenlang - de kremaasje wie op 4 jannewaris, tusken twa hagelbuien troch - haw ik dêrnei noch yn noed sitten. Elke kear as de skille gyng seach ik as yn in skrikbyld dat dy man foar | |
[pagina 168]
| |
myn doar stean soe om syn wraak oer my te nimmen. Jip lake om myn eangsten. En doe kaam de twadde klap, dat wie op 7 jannewaris en ik soe de oare moarns wer foar 't earst nei skoalle ta. Der skille in boade fan it Gemeentehûs oan mei in brief fan it Gemeentebestjoer. Op grûn fan noch neier te ûndersykjen klachten fan âlden fan skoalbern, dat ik as learares in ferhâlding hie mei in folle jongere skoallelearling, hiene B. en W. besletten my mei sykteferlof te stjoeren oan 'e tiid ta dat de klachten ûndersocht wiene en ik oarder op saken steld hie. Dat lêste stie der fansels justjes oars: ‘jo hâlding tsjinoer ien en oar bepaald hawwe’, stie der. Mar it wie dúdlik. Jip de doar út, en de klachten wurde fansiden lein, seponearre. Ik wie ferslein, koe gjin wurd útbringe, doe't Jip my opheinde, it brief lies en alderheislikst flokte. Ik wie ek troch alles hinne, mar koe gjin wurden fine om myn ûntheistering de frije rin te jaan. Jip sei: ‘Ik gean op slach nei dy Bee en Wee ta. Wat binne dat hjir foar efterlike idioaten?’ Mar ik sei: ‘Jonge, dat kinst net meitsje. Se litte dy op 'e stoepe stean. Ik sil wol in brief skriuwe, dat alles op in misferstân en op rabberij berêst en datsto oars neat bist as beteljend au pair of hoe hjit soks - der wùrdt dochs foar dy betelle? - en ik moat drekt mei Thomson prate, wolsto him skilje en freegje oft er hjir noch efkes lâns komt?’ It wie let yn 'e moandeitemiddeis en ik naam oan dat Thom ek in ôfskrift fan it B. en W.-brief krigen hie. Noch gjin healoere letter, dêr hiene je Tommy. Ik tocht: no komt faaks alles noch goed, hy sil foar my fjochtsje. Jip loek him op syn keammerke werom en Tom kaam neist my op 'e bank, wer op itselde plak dêr't er earder, mar dan mei gâns oare boadskippen, sitten hie. Hy sei: ‘Ik haw in ôfskrift fan dat brief krige en stie yn bestân om dy op te skiljen, mar wiest my krekt foar’ (ik hearde oan syn stim dat er it liigde). ‘Ik sil sjen wat ik foar dy dwaan kin. Mar der is fansels in ferfelende omstannichheid. As ik ferklearje soe dat der gjin sprake is fan in erotise relaasje tusken dy en Joop, dan soe ik lige. En lige leit net yn myn aard. Do hast it my sels ferteld.’ | |
[pagina 169]
| |
‘Ja,’ sei ik, ‘dat is sa, en yn in stadium dat it noch net iens wier wie ek noch. En sûnt de dea fan Justine hawwe Jip en ik ek wol ôfstân bewarre. Ik wol net sliepe yn it bêd dêr't sij stoarn is, hy sliept dêr no en ik op it oare keammerke. Mar wat bard is, is bard. Dêr wol ik net om lige. Wy hawwe, hoe hjit soks, fleislike omgong hân. Hy is gjin minderjierrige. Hy is in folwoeksen man!’ ‘Ik tink dat dat gefal fan Justine de saak, ik bedoel de rabberij, oan 't rôljen brocht hat. Der binne dan altyd lju dy't tinke èn sizze: “Dêr sil wol in stekje oan los sitte” en dan komt praat fan praat. Mar... hoe losse wy de saak no op?’ Ik seach syn each temûk gean nei de doar dêr't Jip troch ferdwûn wie en ik rette wat er tochte: Jip ûnder sỳn dak en ik frijút. Tagelyk oerjaan. Ik wer frij-frou. Ein fan in idillys, mar ûnmooglik misferstân. Mar hy sei neat. Hy liet it oan my oer. En ik sei beret: ‘Jip is gjin pion yn in skaakspultsje dy't wy nei goedtinken hinne en wer skowe kinne. It is in yntelliginte en moreel heechsteande jonge, hy hat beskerming nedich en fertsjinnet net dat er fan it iene hûs nei it oare soald wurdt.’ ‘Foarsafier't ik wit, hat nimmen him hjìr hinne soald, is er út eigen frije wil...’ ‘Hy is myn freon,’ ûnderbriek ik de man, ‘mar boppe-al myn kammeraat. Us relaasje is yn 'e alderearste pleats ideëel, in geastlike mienskip. It erotise komt op it twadde of tredde plan, en wy hawwe fan datoangeande yn it iepenbier noait de minste oanstjit jûn. Dy Bee en Wee fan dij’ - ik sei it - ‘kin tsjin Jip en my niks bewize.’ ‘Dat wit ik,’ sei Thomson. ‘Mar ik kin dy net yn 'e beskerming nimme troch in leagen út te sprekken of op te skriuwen. Dat is yn striid mei myn amt en mei myn prinsipes. Mar do soest in advokaat yn 'e earm nimme kinne.’ ‘Mar harkje, ik kin dochs gewoan wegerje om mei sykteferlof te gean? Ik haw it net oanfrege en ik bin alhiel net siik.’ ‘It is yn myn each in eufemistys wurd foar in soarte fan skorsing, hingjende it ûndersiik. Ik moat dy beropshalven de tagong ta de skoalle wegerje.’ | |
[pagina 170]
| |
‘Wa seit dat?’ Ik waard hels en koe him oanfleane. ‘Dat seit it begeliedend brief fan B. en W. oan my.’ ‘En do bist ècht fan doel om my de tagong te wegerjen, as ik moarn op 'e skoalstoepe stean?’ ‘Dat sil ik wol moatte... Mar ik tink datsto der wiis oan dwaan soest my net foar dat dilemma te pleatsen.’ ‘Rotsak!’ skreaude ik. ‘Leffert! Hjir wol op 'e knibbels foar my delsige en flaaikje om in houlik. Mar ast in oar wiif tsjinkomst dat slij nei manlju is, litst my falle as in bakstien! En as ik yn 'e lytse loege brocht wurd troch rotpraatsjes fan minsken dy't niks begripe fan de gefoelens noch dy fan in jonge fint fan njoggentjin noch fan dy fan in sûne frou fan fiif en tritich, beide folwoeksen minsken mei in reële en positive libbensynstelling, dan stiest net achter jin, dan doarst it dwaas befel net te negearjen en litst my fannijs as in bakstien deldonderje. Bist in grutte kloatsek, it deaskoppen net wurdich, en hoechst hjir noait wer in poat binnendoarren te setten.’ Underwilens wie Jip op it geskreau ôfkommen. Hy lei syn earm om myn skouder en besocht my ta bedaardens te bringen. Fansels hie ik ek dingen sein dy't kant noch wâl rekken. Jip sei tsjin syn oansteande styfheit: ‘Ik wit net presiis wat hjir tusken jimme geande is, mar as jo it lef hawwe en set dizze heechsteande frou en dizze fan jo sa bewûndere skriuwster ien poat dwers, dan barre der dingen dy't...’ Hy wist it net fierder mear, de earme Jip. Hie ommers neat om by te setten, allinne mar syn leafde sels, dêr't dit allegear om begûn wie. Thomson - no yn der ivichheid noait wer Tommy, tocht ik - sei neat, as wie dit jongespraat fier ûnder syn weardichheid, seach tagelyk mei wat fan skamte om him hinne, as socht er ûntwyk. Ik sei: ‘Do giest dit hûs út, op 'e slach. En ik wol gjin geunsten fan dy, ik haw dyn help net nedich. Ik sil dy it smaadlik dilemma besparje. Ik stean moarnier net op 'e skoalstoepe en sil my sels siik melde, by de ynspeksje. Ik bin trouwens ek siik, fan Justine har skriklike dea en fan dy en fan dyn rotwiven, de earste en de lêste - sorry, Jip - en fan dat Bram- de- Boer-soadsje | |
[pagina 171]
| |
en fan Lyn Alsema en de hiele godfergettene troep. Der is mar ien mins op 'e hiele wrâld dêr't ik op rekkenje kin en dat is Jip Koster. En dy Jip woesto nei dyn nêst slepe. Kinst him krije, as er sèls wol. No, sjochst it, hy wol nèt (Jip hie ferheftich fan “nee” skodde) en oars silst him mei dyn helpers, de sterke earm, helje litte moatte, mei in arrestaasje-team fan fjouwer of fiif man. Want ik sil foar him fjochtsje as in liuwinne. En do kinst foar my fierder en foar ivich en altyd yn 'e hel brâne. Rot op!’ Ik hie it skom op 'e mûle stean, fielde ik, en op dat stuit sakke ik alhiel yn elkoar. Letter haw ik fan Jip heard, dat er mei hingjende skouders en in rûne rêch en in hûdfol skamte ôfdript wie nei syn B.M.W. |
|