De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 146]
| |
1.Dyselde neimiddeis noch dat Jip himsels by my ynstallearre, krige ik 'dat mins' oan 'e telefoan. Jip syn trúk waard my dúdlik en, alhoewol net alhiel neffens wat hy neamt it Grutte Boek fan de Noarmen, handich en slûchslim wie it sûnder mis: Bram wysmeitsje dat it Folksweinbuske nei de Thorbeckeleane soe, mar it belânje litte oan it Dondersplein. Se frege op it fluenske ôf oft ik ek wist wêr't Joop bleau. Se hie him yn 'e middei ferwachte, nei in telefoantsje fan direkteur (!) Bram de Boer. Ik frege brutaalwei en ek om tiid te winnen: ‘Mei wa haw ik de eare te sprekken?’ ‘Mei de mem fan Joop Koster,’ sei se. ‘O... mei mefrou... Thomson,’ - ik koe it niteljen net litte. Mar stike der ek net in lyts angeltsje fan jaloersens djip yn my? ‘Mei de húsgenoate fan doktor Thomson,’ ferbettere se, noch altyd freonlik, mar wol mei wat fan skoaljufferichheid yn har lûd. En fan ûngeduld. En doe ik wer: ‘Jo hoege oer Joop net yn noed te sitten. Hy hjit no Jip en der sil hjir yn myn hûs poerbêst op him past wurde. Ek wat syn húswurk en stúdzje oanbelanget.’ It wie efkes stil oan 'e oare kant de lijn. Doe hearde ik: ‘Ik sil jo menhear Thomson even jaan.’ It duorre gâns in skoft, der wie fierôf wat mûskopjen, doe it kreakjen fan in stoel of sa, wat geskufel en dêr wied er wer, Tommy, myn grutte freon fan alear, myn fersmiten oansteande libbenskammeraat. Ik wit net oft er him om 'e ien of oare reden skuldich fielde, de earbiedweardige rotsak, mar hy iet út 'e hân. Hy sei: ‘Ja, mei Kees. Ju, ik hear niiskrekt datsto Joop leafdefol opfandele hast. Ik nim oan dat syn omke Bram dêr net al te wyld entûsjast oer wêze sil as er it heart, mar dat moat er dan mar leare. Ik ha begryp foar Joop syn wikseltrúk. Wat ik my lykwols al ôffreegje is: snijsto hjirmei net yn dyn eigen fleis? En | |
[pagina 147]
| |
dan bedoel ik net wat it praat fan de minsken oanbelanget, lit dat mar rêstich by dy delglide, mar wol: Wat bart der mei dysels yn sa'n situaasje, kinst dat wol oan, om ûnder ien dak te libjen mei in jonge dy't safolle jonger is as do en moai wis oare easken oan it libben stelt asto dochst? Wurdsto net oan 'e ein de dupe fan dyn eigen emoasjes, Janneke?’ Der gyng in weach fan waarmte troch my hinne, doe't ik de stim dy't ik sa goed koe, sokke lit my sizze nommele en begrypfolle dingen sizze hearde. Gjin wurd fan wrok of seedlike ôfkarring. Ien fan beiden: of hy wie mei syn nijkeap Thea tefreden en lokkich, òf hy tilde himsels boppe alle lytsminsklike gefoelens hinne op ta de hichte fan de al-begripende heit-figuer, dy't er ek - yn hegere sin - foar Jip is. Hy is de wiere heit fan Joop en ik bin de wiere mem fan Jip, dat is wat dat sels ús nuvere wankele relaasjes, dy tusken Tommy en my en dy tusken Jip en my, ta universele greatens ophevet... Fansels tocht ik dat allegear net sa kreas op in rychje. Ik wie om it moai te sizzen de grutte betizing ta bút en stammere: ‘Tommy ... wat fyn ik dat ... geweldich sympatyk om sa te oardieljen oer wat dêr't sommige lju wol wer skoof en skande fan sprekke sille. Sympatyk is in wurd... Ik bedoel: bewûndering, tankberheid. Mar wês net ûngerêst en lit ek de mem, de... echte mem, de fleislike mem, dêr gjin noed mei hawwe. Ik stean yn foar Jip, ik behoedzje him foar aile kwea en sil soargje dat er hielhûds... ik bedoel einliks dat er hielsiels troch dit ferfelende jier hinnekomt. Ek troch dat lullige eineksamen.’ Hy swijde efkes, as woed er myn wurden goed yn syn siel te plak falle litte, en sei doe: ‘Sa'st witst bin ik fan moarn ôf dyn baas wer. Neat mear en neat minder. Ast yn 'e problemen komst, bin ik der om dy te helpen dy op te lossen. En... it is in suggesty fan myn foargonger en oansteande opfolger Bram de Boer, mocht it wêze datsto efkes mei ferlof wolle soest om wat út te pûsten fan al dyn wederwarichheden, dan kinst op myn help en myn geunstich advys rekkenje.’ Ik tocht efkes: hjir sprekt de ferljochte despoat, de minsklike potentaat en hy praat himsels en syn gewisse gerêst omdat er | |
[pagina 148]
| |
my, koartlyn noch it objekt fan syn ivige en ûndylgbere leafde, sa hookstrooks ynroale hat foar in moai-eagjende non-valeuse (is dat wol in goed Frâns wurd?), mar ik tocht fuort dêroerhinne ek wer: it is net moai fan my om soks sa te tinken, want de man hat nei myn ôfwizing folslein it rjocht om syn eigen wei yn it libben te kiezen, al wurdt it mooglik in wei dy't dearint. Mar men kin nea witte: faaks wurdt it yndied goed mei dy Thea fan him en mei harren fûgeltsje-leafde. Wa bin ik om sa'n oardiel út te sprekken? Ik sei: ‘Tommy, ik hoech net nei Súd-Frankryk, ik bliuw gewoan thús, ik pas op Jip en sleep him troch it eksamen en as it nedich is oan syn hier nei Delft. Mar ik tankje dy foar dyn... ik haw mar ien wurd, Tommy, dyn “noblesse”. En sis tsjin Thea dat ik har net mear haatsje en dat ik wolris by har oanwip, mei of sûnder Jip. Moarnier bin ik wer op myn post, krekt lyk as do. En wy sette ús striid foar in freedsume, skjinne en seedlik ferantwurde wrâld fuort, elk op syn eigen wize. Oant moarn.’ ‘Oant moarn, Janneke.’ De waarmte fan syn lûd ferrette in ferromme minske. | |
2.De blommen kamen der dochs noch. Myn benzine-pomp hie in bosk kleurige krisanten troch it wykein hinnesleept en der kaam sels noch in moai feestpapier om te sitten. Bram syn taspraak wie krekt sa droechkloaterich as hy it allinne mar kin, mar ferrette gjin rankune, al seach er my tusken syn wite eachteisters troch in momint wat noartlich en tagelyk ûnwis oan. Doe't er by syn lêste sin Lyn Alsema in seintsje joech, skeat ik mei myn bosk blommen nei foaren, foel Tommy spontaan om 'e hals en tute him sa lûd dat elkenien der stil fan waard. En doe kaam Lyn Alsema fanwegen, dy die soks wat kalmeroan, en se hie ek in wat representativer boeket, echt fan in blommist. En Tommy koe der no net foar wei, hy moast ek om har, dy wat tanige en bonkige Lyn, syn earms hinne slaan en har tútsje. Dêr | |
[pagina 149]
| |
stiene wy mei ús trijen - it like even op dy gekke fertoaningen dêr't t.v.-kakmadam Mys Bouwman sa goed, of leaver beroerd yn is: it universele tutersfeest. Doe kaam Jânsma de konsjerzje, mei gebak en kofje, en de begjinskille wie in kertier opsteld: as regisseur fan soks is Bram tige op syn plak. En dat der mei dy blommen in lytse regy-fout makke wie, is mooglik allinne himsels, Lyn en my opfallen. De oaren moatte tocht hawwe, dat ik wer ris foar myn beurt west hie, mar dan ek à titre personnel. Myn oanpak wie spontaan genôch om elk offisjeel spoar út te wiskjen. En sa begûn de lêste etappe fan myn libben-mei-Tommy. En myn libben mei Jip. Jip en ik ûnder ien dak. In haadstik apart. Trije wike no al, en der hat noch gjin wanklank west. Allinne prate wy sa fan en ta oer myn fertriet om Justine. En oer myn skuldgefoel. Hàw ik skuld? Jip seit fan net: it siet yn hàr en net yn mij. Dan suchtsje ik en dip myn triennen ôf. Jip wurket hurd, op myn útfanhûzerskeammerke. Hy kuiert soms in oerke yn 'e frisse lucht en hy hat ek al in pear kear by syn mem sjoen, as Tommy op skoalle wie. In ménage à trois like him ynearsten noch net sa gaadlik ta. Hy hat der gjin lijen mei, sa't skynt, om ‘hear’ te bliuwen. Ik soms àl om ‘dame’ te bliuwen. Dan wâlet de âlde, hast fleislike ûnrêst wer yn my omheech en moat ik my behearskje om him net as in mem op myn skurte en as in minnares oan myn knibbels te krijen - beide dingen tagelyk eins, al kin dat anatomys besjoen net en bart it dus gjinien fan beiden. Mar der is in grutte frede en iensens tusken him en my - dêr kin it (figuerlik) skodholjen fan takke-tebekbaas Bram neat oan feroarje. Ik bin Jip syn mem en Jip is myn heit, by al syn jeugd. Wy begroetsje elkoar moarns oan tafel mei ‘Sjaloom’ en in tútmannich. Wy sjogge in inkelde kear op 'e bank nei de televisy, as der by ûngelok ris in aardich toanielstik of goede film te sjen is, en dan hantsje-en-knibbeltsje-frije wy ek wol in bytsje, yn it ûnskuldige en op 'e grins fan it ôfgliden nei djipper regioanen, | |
[pagina 150]
| |
as de smiles fan bygelyks Hâns van der Togt of Ivo Niehe ús it sjen ynienen ûnmooglik meitsje. Ik tútsje him jûns goenacht en hy bliuwt dan noch wolris in skoftke sitten te sjen nei Studio Sport of mei in boek. Hy hâldt fan lézen, mar net te folle - dat soe him te sterk beynfloedzje en syn takomstige skriuwerskarriêre yn 'e wei stean, seit er dan mei in wat skeef glimke, dat my earne oan tinken docht, wat pynlik, eat fan earder. It is in bytsje in idille en ik moat faak tinke oan de rigels fan Slauerhoff:
Argloos te leven als zeehonden, lammren
Die op de strandwei soms elkaar ontmoeten,
Elkaar besnufflen met arglooze snoeten.
Jip hat syn ûnthjit wiermakke: hy is bytiden yndied hast ûnsichtber en folslein ûnhearber. Ik haw it Grutte Siferboek op 'e dosintekeamer der op neislein, en der út opmakke dat er in reedlik ta goed krystrapport kriget - it lêste, want in peaskerapport hat sa flak foar it eksamen gjin sin mear. Ek yn de tuskenlizzende, fan Bram de Boer sa kreas fersoarge bulletins-fan-ûntspoaringen komt syn namme net foar. Gjin klachten dus. Hy giet fleurich nei skoalle, op myn fytske, en komt fleurich thús. Bram de Boer swijt tsjin him - en as er it rêde kin ek tsjin my - yn alle talen, al fljocht en draaft er yn funksje hiel wat ôf. Der is noch altyd gjin rektorsbeneaming, en sa lang as der libben is, is der hope. De Gemeente hat it mei it Ryk yn 't jern oer de oansteande fúzje. Op net al te heech, net-ministerjeel nivo mei Bram ek meiprate, want wàt er ek wurde mei, hy bliuwt op syn minst konrektor oan it nije lesfabryk, en hy mei dus de ‘Grutte Sprong nei Foaren’, sa't Tommy it ironys neamt, mei tariede, dêr't Tommy sels net folle boadskip mear oan hat, mei syn FUT flak foar de noas (handich besjoen!). En troch al dy saken stige myn papieren ek wer wat, kom ik wer wat tichter by de top: per 1 jannewaris stjit ik fjouwer lesoeren ôf en krij der taakoeren foar yn 't plak, om in part fan Bram syn dingen oer te nimmen. Mooglik dòchs | |
[pagina 151]
| |
noch in konrektriks-plakje yn it nije bestel? Miskien. Mar net ûnder Bram, op syn heechsten neist him, as syn gelikense. Brêgeklas-koördinator mooglik, of wat yn 'e dekanesektor? Soks soe my faaks wol lizze, al moatte der kursussen foar folge wurde, want hjoeddedei leart nimmen mear wat út himsels wei, der binne altyd oare lju nedich dy't leard hawwe hoe't se jin leare kinne wat men mient leare te moatten. No komt der al in probleem yn 't sicht: de krystfakânsje. Jip en ik nei de wintersport? Allegear al folboekt fansels, en fan him hoecht it net. En wat mysels oanbelanget, ik sjoch my ek noch net oan 'e Langlauf. Mar wat dàn? Thússitte, lêze, televisy, krystbeam, krystsankjes en op âldjiersjûn dy freeslike Seth Gaaikema op 'e byldbuis? Doe kaam dan it ûnsinnige plan fan Tommy binnen om Thea en Jip mei te nimmen nei in hoteltsje yn 'e Ardinnen. Sy har memme- en hy syn styfheitsplichten dwaan. En ikke dan? ‘Do giest mei,’ sei Jip. ‘En oars giet it feest prinshearlik oer, geane se mar tegearre te... hoe neamsto dat ek al wer, te hoalle...’ ‘Te hoallefoaljen yn 'e snaabsnobbersfinne,’ sei ik. ‘Mar dy moaie formule is net fan my, mar fan in al lang ferstoarn Frysk skriuwer.’ En hy, op myn fyts, nei it haadkertier oan de Thorbeckeleane, op in tydstip dat Tommy ek thús achte waard. Ik hâld fansels net fan dit soarte toulûkerij, en dochs ek wol wer in bytsje, om't ik fan nuvere dingen hâld, mar ik liet it oan Jip oer om te sjen wat der fan te bakken wie. Nei oardel oere kaam er teloarsteld en in bytsje grimmitich werom. ‘It like Thompy net goed ta. En hàr wol nei fleanen. Wat moat ik ek yn it selskip fan dat rotfrommes, rot dat ik it sis. Mar it soe moard en deaslach wurde.’ ‘Tusken wa en wa?’ frege ik noch. ‘Tusken elkenien en elkenien, miskien sels tusken dy en my.’ Ik frege ek noch oft en yn hoefier't Tom syn nije oanwinst ynljochte hawwe soe oer syn noch sa resinte affeksje foar my. Nef- | |
[pagina 152]
| |
fens Jip wist se niks, mar rette se alles en wie har ôfwizing en har opwining ynjûn troch har konkurrinsjeposysje. Unsin fansels, mar alles koe net sein wurde, om't net bekend wie wat der tusken dy twa earder al of net sein wie. By neier ynsjen like Jip syn plan my ek net sa goed ta. Ik sei: ‘Gean do mar mei harren, ik bliuw wol lekker gewoan thús. Ik haw noch fan alles te dwaan en dat boek is ek noch lang net klear.’ ‘Do hjir mei de feestdagen iensum en allinne? Gjin tinken oan.’ ‘O, ik bin it allinne-wêzen wol wend, hear. En it soe ek net ferkeard wêze en wen der fannijs wat oan. Do bliuwst hjir net ivich, Jippy. Alles hjir op ierde is mar tydlik.’ Hy lei syn koele hannen - sels by 't winter ferdomt er it om wanten te dragen, al friest it tsien of tolf graden oerdei - om myn gesicht hinne, tute my op 'e mûle en flústere: ‘Wy bliuwe lekker tegearre thús. Krystbeam en kearsen, Stille Nacht en de herdertjes dêr mar lizze yn 'e kjeld. Wy lêze wat en skriuwe ús de fingers blau. En dy Geth Saaikema nimme wy dan wol op 'e keap ta. En as 't moai waar is, geane wy der op út yn dyn Mini en do learst my hjir of dêr op in boskleane de keunst fan it autoriden. Dêr bin ik no al hast oan ta, as foarrinner fan de Yuppies, al haw ik it smoar oan dy útlitgassen. En miskien tuffe wy dan noch efkes hinne en werom nei dat Ardinne-doarp om te sjen hoe't se it dêr meitsje en om sjen te litten dat wy de hiele wrâld yn 'e eagen sjen doarre.’ Ik koe 't net helpe. It fleis wie te swak. En sines ek. Hy klaaide my, yn in bedaard tempo, net dat gystene dat by it jongfolk heart, út, en lei my langút op 'e bank. Radio Fjouwer spile sêft in symfony fan Sibelius. Syn slank jongeslichem flijde him oer my hinne. En nei wat oerstjoere, mar behearske ynlieding dreau er syn krêftige pylk djip yn my binnen. De wrâld styng yn fjoer en flam. De wrâld fergyng. |
|