De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 134]
| |
1.Nee, it barde gjinien fan beiden. Ik hie ynienen aardich de pest yn oer de hastige, hast ymmorele wize wêrop dy âld gek fan in Tom syn affeksjes fan my op in oarenien oerplante hie, en dat boppedat ek noch troch myn eigen nuvere opstigingen, ja op myn inisjatyf, mei 'k wol sizze. En ik nim oan, dat Jip ek net sa bare gelokkich is mei it feit dat syn mem har no ynienen, as troch tsjoendershannen, yn syn eigen stêd, binnen hânberik, nei wenjen set hat - en mei de mooglike konsekwinsjes fan dat feit. Wàt bart der as, as, mei of sûnder yngripen fan de Hege Famyljeried, dizze dame, de ûntaarde mem bedoel ik, him opeasket, him ûnder de hoedzjende hannen fan Bram de Boer weiroppet en ûnder dy fan Tom bringt - de namme ‘Tommy’ wol my net mear út 'e pinne? Wêr bliuw ik dan? No ja, goedbesjoen soe 't miskien net iens in gekke oplossing wêze, want op 'e ien of oare nuvere wize is de jonge dochs noch oan syn mem bûn. Dat fiel ik, al praat er selden oer har. En it spoek dat ik sels oproppen haw - dat plan fan in CDA-lid om my fan gemeentebestjoerswegen skorse te litten op grûn fan iepenbier ymmoreel hâlden en dragen, sels it CDA sil wol wizer wêze, mei al dy âld-ministers dy't it hâlde mei âld-t.v.-omropsters! - dat spoek út myn oerstjoer brein ferdwynt dan fansèls yn it neat. Ik nim oan, Tom hie ek wol sketten dat it in bytsje bluf fan my wie. It CDA hat wol oare soargen oan 'e kop. In bûtensteander/ster sil licht sizze: Ek moai: dy woe doktor C.A. Thomson net, mar gunt him ek net oan in oar. Myn antwurd haw ik nyskes al jûn: de man wikselt my te gau fan affeksjes om, as ik de Hollânse moade-útdrukking brûke mei, ‘geloofwaardig’ te bliuwen. Sok in opportunisme is moreel net ferantwurde, fier ûnder it peil fan in ‘hear’. Antwurd Twa: hy is oan in eksploat begûn dat er lang net wiermeitsje kin: sa'n manljusferslynster te sêdzjen. Antwurd Trije: hy giet syn ûnder- | |
[pagina 135]
| |
gong temjitte. Dat lêste is fansels in taljochting by nedich. Sjuhjir: Dy frou sil him útsûgje, finânsjeel, psychys en moai wis ek seksueel foarsafier't dêr noch wat te sûgjen falt - dêr is gjin skriuwstersferbylding foar nedich. Hy is gewoan te goed foar sa'n njirre. Mar hat er better fertsjinne? En bin ik jaloers? Wat wol ik dan? As er hjir moarn wer op 'e drompel stean soe en syn leed kleie oer syn ûnbeantwurde leafde foar Janneke Brouwer, soe dy him krektallyk wer de woastyn ynjeie as de foarige kears. Se soe him wer har macht fiele litte en him fannijs yn de depressy stoarte. Se hòecht dy man net en wol him ek net. En se wol èk net dat er syn siel of syn lichem of beide skramt of kniest oan in oar frommes - en grif net oan sà'nien. Se wol noch altyd it goede foar him! Sa gek is se dus. Ik moat hjir mei Jip oer prate, wàt de útkomst fan sa'n petear ek wêze mei. Mar Jip is fierder fan my ôf as ea tefoaren. Hy falt net te beroppen, as ik him moarn net yn skoalle tref en dy kâns is lyts. Ik moat myn maatregels nimme, koel en berekkene, want as ik net oppas wurdt ek dy earme Jip it slachtoffer fan dizze hiele idioate gong fan saken. Hoe rêd ik him út 'e kloeren fan it nije duo Tom en Thea? It ‘komise duo’, soe ik sizze, as it net sa yntreurich wie. Komt it ta in toulûkerij tusken de firma's Tom-Thea en Bram-Jet om de geunst fan in njoggentjinjierrige gymnasiast? Lit der dan in tredde partij wêze dy't mei de bút op 'e rin giet: Janneke Brouwer. Letterlik op 'e rin: it is mei gauwens Krystfakânsje. Yn La Tamarissière stiet in ferfallen lânhûs leech. Miskien it Hûs fan De Ynspiraasje! Mei gauwens? Noch in goed moanne, en wat kin der yn dy tuskentiid net allegear barre? Boppedat: stiet dat hûs wol leech? Hat se it net ûnderferhierd oan in pleatslik artyst dy't har fûgeltsjegriemerij oernimt en fuortset? Alles op in rychje lein: rin ik no echt net te fier op 'e dingen foarút? Is Janneke Brouwer net op 'e grins fan de oerspanning? It liket der op. Fan 'e moarn yn skoalle heidens lilk om in ding fan neat: om dy sleauwe Hjerre Jongstra út IIIA, dy't it ferdomde om syn húswurk yn syn aginda op te skriuwen. Hie syn | |
[pagina 136]
| |
aginda fergetten. Ik seach it ding ûnder syn rjochtermouwe lizzen, en skuorde it foar 't ljocht, alhiel opsternaat. Grutte heisa. De famkes kjel en gichelich, de jonges brommend en gnyskjend. Juffer Brouwer hie it mâle fel wer ris oan. Soe 't út wêze mei dy lange sloarm út VIB? Is se hystearys oan 't wurden? Moat mar mei sykteferlof, de Baas efternei. Ik ferstie it net, ik skriuw mar op wat ik tink dàt se tochten, omdat ik it sels betocht hawwe soe as sa'n sêne him foar myn eagen ôfspile. Ik sette it breinroere folkje oan 't wurk, skreau grutmoedich sels, mei reade pinne, it húswurk yn Hjerre syn aginda en hie der lijen mei myn triennen yn te hâlden om dizze nederlaach-oer-alle-boegen, want sa fielde ik it. Yn it middeisskoft nei hûs mei razende pineholle. Twa tabletsjes paracetamol. In oerke op bêd, doe koe 'k der wer tsjinoan, miende 'k. Alle stopljochten foar myn noas op read, in stik Stasjonsstrjitte opbruisen: omlieding. Tsien minuten te let op skoalle. Bram hie de boel opheind en ûnder de kwint hâlden. Seach prot en wrantelich. Mar hy wit, hy kìn witte, dat soks myn gewoante net is: plicht giet my boppe alles, en hy sei der neat fan, mar ik seach him tinken: no net àl te fier mear, famke! Ik wie al wer oer myn toeren. Ik moast efkes oan de reboeljes ûnder Justine tinke, doe't ik dy fjirde klasse yn strûsde. Delslaan dy boel, tocht ik. Mar ik koe de toan net fine, bleau senuwachtich en de literatuerles yn dy dochs al net sa letterleavjende klasse gyng in stikhinne de mist yn. ‘Wat is der mei dy oan 'e hân?’ frege Lyn Alsema, doe't ik in kop tee helle yn 'e dosintekeamer. Ik hie gjin sin om tekst en útlis te dwaan. Wàt tekst, wàt útlis? Der wie ommers niks te rêden. Jip hie ik yn 'e fierte op 'e ûndergong by it Natuerkundelokaal stean sjoen, fleurich en wol, hy seach my net. Bram woe wol yn goedens. De jonge dêr't ik it de moarns mei yn 't jern hân hie, groete my freonlik en tagedien. Ik meitsje my soargen om neat, tocht ik. Mar dat ìs 't him no krekt: jin soargen oer neat meitsje is slimmer en teheisterjender as jin soargen oer wat reëels te meitsjen. Is dat net in teken fan oer jins toeren wêzen: soargen om neat? En dy rotbern rûke it, as men soks hat. Mei | |
[pagina 137]
| |
de oars sa froede earste-klasB rekke ik suver slaande deilis, doe't ik in groep in ymprovisaasje opjoech, neffens ôfspraak, dêr't se har op tariede kind (en moatten) hiene: in ynwenner fan Moskou komt samar yn 'e westerse wrâld te stean (hy praat en ferstiet de taal fan dat lân), hoe ferrint sa'n petear fan dy man mei foarbygongers? It wie fansels ryklik heech grypt foar sa'n earste klasse, wat wit dy noch fan kommunistise kommunikaasje-metoaden, mar myn ûnderfining hie altyd west, dat sijen fan soks gjin probleem makken: dat redenearret en lult der dan mar danich op los, roai of gjin roai, ek oer de slimste ûnderwerpen as in soarte fan playback-show, dêr't je sûnder muoite alle grutten fan it byldskerm fan Michael Jackson en Bruce Springsteen oant en mei Jos Brink en Ron Brandsteder yn weromkenne. Bekfeardich besjoen is sa'n opdracht altyd raak, al roait de ynhâld igge noch seam. En no?... stomme fragen, dy't nearne op sloegen (‘Hoe is it waar yn Moskou optheden?’, ‘Hokker fuotbalklup stiet boppe-oan yn Kazakstan?’, en fan de Moskouse kant: ‘Hoe lang duorret hjir de simmer?’ en ‘Hawwe jim ek lêst fan alkoholisme?’), stompsinnich gnyskjen, op 't lêst ‘dolle pret’. Ik stie der as in wanhopige regisseuse by mei de earms te swaaien, rôp der sa no en dan wat tuskentroch om in bytsje stjoer te krijen. Ik wie myn rie tenein en deawurch, doe't de skoalbelle my fan dy oankommende hel ferloste. Ik seach it my oan en tocht: Sykteferlof, wêr biste? Sûnder noch húswurk op te jaan makke ik dat ik by myn Mini'tsje kaam. Mar Bram helle my noch fan efteren yn, ear't ik it portier goed en wol loshie: ‘Thomson komt moandei werom. Ik woe him efkes ferwolkomje, om healwei njoggenen yn 'e dosintekeamer, mei in blomke. Soesto dat blomke keapje en him út namme fan ús allegear oerlangje wolle?’ De brave Bram hime der oer, sa hurd hied er draafd om my noch te berikken. ‘Thomson kin om my de keleare krije,’ sei ik en sloech it portier mei in klets ticht, de earme Bram yn de grutste fersleinens, moai wis mei gauwens omslaand yn woede, efterlittend. | |
[pagina 138]
| |
2.Ja, wat moat dy Bram tocht hawwe? No, dat waard my gau-eftich dúdlik makke. Troch Jip. De goede jonge wie folslein oeral, omdat Bram him by syn thúskomst útfûtere hie yn it bywêzen fan Jet en Fokje. ‘Do hast dat frommes de mansljochte kop gek makke,’ hied er roppen. ‘Se rint oer fan de âldfammesenuwen en moat aansens ek mei sykteferlof. Noch te beroerd om in blomke te keapjen! Komt tsien minuten te let op skoalle, mei in ûnnoazel gesicht. Lit in grutte rotsoai yn 'e klasse efter. Sjit as in skeet (hy sil wol in oar wurd brûkt hawwe) ta de skoaldoar út en riidt my sûnder ba of boe hast fan 'e sokken.’ Sa sawat. It begrutte de earme ûnskuldige Jip om my, en it begrutte my om him, sa't er dêr yn myn festibúltsje stie en syn ûntdiene holle tsjin myn boarst oanfalle liet, as soed er sa yn gûlen útbrekke. Mar doe't er wer wat ta rêst kommen wie, kaam der noch wat oars los. Hy sei: ‘Ik kin dêr net bliuwe. Omke Bram wol my oerdwaan oan ús mem en dy har nije amant. Ik net ûnder dàt dak, mei alle earbied foar dyn freon Thompy en syn putain respectueuse. En dêre bliuwe wol ik ek net. Gjin dei langer.’ ‘Ja, mar Jippy,’ bêde ik him wat del, him oer it hier streakjend (hy hie it diskear net wosken, mar it steurde my net, it hearde by syn tastân). ‘Dat kin samar net. Dyn omke kin yn mỳn wize fan bestean gjin inkelde reden fine om dỳ de hier op te sizzen. En hy kin dy ek net samar nei Thomson syn hûs oerpleatse sûnder dat der in behoarlik oerlis oer west hat. Mar ôfsjoen dêrfan - it is fansels net folslein ûnnatuerlik, dat it idee opkomt om dy... om lit ik sizze, de natuerlike bân dy't der no ienkear tusken dy en dyn mem is, wer te... wer oan te knoopjen, no't dat kin.’ It praten gyng my net maklik ôf, want ik moast folslein oare gedachten iderkear mei geweld ûnder de kwint hâlde. Al die ridlik gau bliken dat Jip mei presiis dyselde gedachten omtyspele. Doe't wy oan 'e kofje sieten, it wie yn 'e middei tsjin healwei sei- | |
[pagina 139]
| |
zen en al moai tsjuster, sei er: ûDer is wol in oplossing, Janneke. Lit my by dy ûnderdûke. Ik bin tefreden mei dyn útfanhûzersbêd en sil my hâlde en drage lykas in echte hear foeget.’ ‘No, dat kin fansels gjin kant út,’ sei ik, dwers tsjin myn eigen ideeën yn. ‘As jim omke Bram nò al fan betinken is datsto my (of ik dy, hoe wie 't ek al wer, nee do my) de âldfammige kop gek makke hast, dan bewiist soks allinne mar it rjochtlike fan syn fermoedens. It soe koarn op syn mole wêze en him in wapen te mear tsjin my yn 'e hannen spylje.’ ‘Mar se kinne dy dochs net ûntslaan of skorse asto in dakleaze útfanhûzer bêdest? Dat hawwe se dochs earder ek net dien, doe mei dy... Justine...?’ ‘Dêr no leaver net oer, Jip. Letter wolris. Mar der binne útfanhûzers èn útfanhûzers. Dêr komt by, ik wit net oft ik dêr wol oer kinne soe: oanienwei yn elkoars omsittend laach. Dat hat dy eardere histoarje my wol leard. Ik bin de frijheid wend.’ ‘En dy frijheid hâldst, ek as ik hjir wolris omspoekje. Ik sil my as dat nedich is sa goed as ûnsichtber en alhiel ûnhearber meitsje. In bêd en in stoel en in taffeltsje foar myn boeketroep is genôch. En yn dyn húshâlding kin ik bêst it ien en oar dwaan. Dat haw ik by ús heit yn Amsterdam wol leard, dêr oan 'e Vinckeleskade. Ik kin itensiede, skûdelwaskje en bin sa beskieden as in butler. En dan, Dappertje, moatst ris hearre - do hast dochs lak oan wat de minsken sizze? En der falt dochs neat tsjin dy te bewizen? Ik sykje ús mem sa no en dan wolris op yn hàr hol, om dij hàr besites te besparjen.’ Hawar, hy pleite as Brugman. Der bleau foar my eins mar ien probleem oer: Bram. Mar ik betocht dat dy Bram fan de earstfolgjende skoaldei ôf net mear myn baas wie, al bleau er ûnderbaas èn de omke fan Jip. De namme ‘Dappertje’, dy't er no wer ynienen brûkte, makke my weak en him ûnwjersteanber. Hy sei ek noch: ‘De sfear dêre by omke Bram is om te snijen fan krintekakkerige lytsboargerlikheid en fan in soarte fan wrok. It jout de yndruk, dat er it net sette kin dat de baas wer de macht oernimt. En it soe my gjin nij dwaan, as dy solsitaasjeprose- | |
[pagina 140]
| |
duere net nei syn winsk ferrûn. Ik hearde sokssawat fan Fokje. Dy liet har út, har heit hie nochal wat rivalen en guon mei goede papieren - ‘kapers op 'e kust’ hied er it sels neamd. As de skoalle selsstannich bliuwe soe, hied er in grutter kâns, mar de Gemeente woe fan dy skoalle ôf en it Ryk...’ ‘...hoecht gjin rekken te hâlden mei lokale grutheden en prestiizjesaken,’ folde ik oan. It ferbaasde my fansels net dat Bram, nettsjinsteande syn partijgenoat-boargemaster, nochal tûkelteammen op syn paad nei omheech fûn. Wat my al nij die, wie dat er soks yn it bywêzen fan Fokje skine liet. It wie gjin geheim, dat de ferhâlding tusken him en syn eachapel soms te winskjen oerliet. Trijedielich pak en punkhier, dat akkordearret net bot. Bram hie syn dochter net nuet krije kinnen, lykas er it mei my likemin kind hie. Ik sei: ‘As der mei dyn omke in deal te meitsjen is, yn goedens en sûnder kweatinken, dan soene wy it besykje kinne. Bûtert it dan by neier ynsjen net tusken dy en my, dan hast altyd noch dyn mem achter de hân - foar in pear moanne moat dat, mei help fan Tommy, wol te fiksen wêze. Mar ien betingst, ik wol dy frou, dyn mem bedoel ik, hjir hyn ofte nei net oer de flier hawwe, mar dat hiesto ek al foar 't ferstân. Ik haw dêr myn reden foar.’ ‘Dyn grutte geheim,’ rette er. Dêr't ik net op yngie. ‘Hast it begrepen? Gjin pottekikers. En it spul iepen spylje. Glasnost, it nije moadewurd. Ek tsjinoer dyn omke en foaral dyn muoike.’ ‘O, dy hat yn dit soarte fan dingen niks yn te bringen,’ sei Jip. ‘Mar ik bepraat it mei har en sij moat it dan mar mei Bram regelje. Moarn kom ik mei de ferhúswein.’ ‘Ferhúswein?!’ ‘Ja, Auke Aukema hat it rydbewiis en syn heit hat in Folksweinbuske. Dêr kwak ik myn boeltsje yn. Klean, boeken en sa, en...’ ‘Moat soks op snein?’ ‘Ja, dan is sa'n snein dochs noch ergens goed foar.’ |
|