De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 122]
| |
1.Dat brief fan Tommy hat noch dagenlang yn myn kop omspoeke. It nuvere is, dat ik my mar net losmeitsje koe fan in fielen fan jaloersens oer syn frijmoedich-naturistise omgong mei dat wiif dat har, sa't skynt, de lúkse permittearje kin, fansels op oarmans kosten, har dêrjinsen yn in ferfallen mar romantise filla op te hâlden mei wat skilder- en tekenwurk, dêr't ik de Keunst net oan ôfsjoen haw doe't se in jier of trije fjouwer ferlyn in útstalling yn ús Stedhûs hâlde, dêr't ik stikem en út klearebare nijsgjirrigens ek efkes omnoaske haw. Dat wiif, skriuw ik, en sok in wurdkar liicht der net om. Mar der moat earlik tajûn wurde: a) ik haw him sels op dat spek bûn; b) de man is, as ik it sa sizze mei, my troubleaun en hat neat dien dat net troch de mesken kin; korrekt as altyd, al hat er miskien efkes knipereage doe't se har dêr oan en yn it mediterranike wetter priisjoech. Bleatjoech, bedoel ik. Wat wol ik dan eins? Haw ik dan dochs in fûgel oer it net fleane litten? Ei nee, want ik hoech, as er moarn of begjin nije wike útrêst, fris en fol moed wer ta syn skoalle ynstapt, mar mei de finger te knippen of hy leit wer oan myn knibbels. Mar dat is ommers ek net wat ik wol! Ik soe him opkrije en fannijs ta de oarder roppe. Dat mins - lit ik it ‘wiif’ justjes fersêftsje - hat my ek nea wat misdien, oars as meidat se der wie en dat se it my, op in stuit dat ik noch net ta geastlike folwoeksenens kommen wie, ôfwûn hat, mei har moaie eagen en lea, har bravoer en har patrisise ôfkomst. In ding dêr't ik eins allinnich mar wiis mei wêze kin, want wat hie it mei him en my wurde moatten? Ik net op dy Goaise matras! Nee, it iennichste probleem is Jip. De Oidipous fan de ferkearde mem, sûnder dat er it sels wit. Fansels is er wakker dwaande my myn geheim te ûntkloarkjen en fansels sil er dat de ien of oare kear klearspylje. Ik bin no ienkear net in frou om | |
[pagina 123]
| |
al sokke dingen oan 'e ein ta yn mysels besmoard te hâlden. Myn hert is gjin moardkûle. Mar hy hat de situaasje goed sketten en raak typearre: oan 'e iene kant ‘geil’ op elkoar, oan 'e oare kant gefoelens fan freonskip en sympaty - mar it probleem bliuwt: wat dêr tuskenyn sit. Wat sìt dêr tuskenyn? Dêr hat hy him net oer útlitten. Mar it moat sokssawat wêze as de reeëns ta, de langst nei elkoars duorjend bywêzen, dei en nacht, wike nei wike, jier nei jier, dat foarútsicht net allinne ferneare, mar ek lit ús sizze fijn fine, nof-lik, hearlik. Kin ik dat en kin hy dat? As ik tink oan de benearjende altydoanwêzichheid fan Justine yn dy roerige dagen, no hast twa jier lyn, dan slacht de benaudens my om it hert. No is dit wol wat oars. Dit is in hetero-relaasje, dy't my net it fielen jout dat ik dwaande bin mei wat dat yn djipste wêzen tsjin myn natuer yngiet, - dit mei alle earbied foar dyjingen dy't fan in oare natuer binne. Dat lêste klinkt fansels as sil dit oantekenboek ienris oan de ie-penbierheid priisjûn wurde: dat de oansteande lêzer benammen net tinke sil dat ik... Duorjende oanwêzichheid dan, ivich yn elkoars selskip. Nee, duorjend kin net sein en net ferûndersteld wurde: Jip docht aanst syn eineksamen en reizget dan, frijwillich of ûnder de twang fan syn heit, nei Delft. Dat plan fan him om skriuwer te wurden sjoch ik fansels neat yn, al is er ferbaal bejeftige. En dan noch - in ingenieurskip is like goed mei skriuwen te ferienigjen as it learerskip, miskien sels better noch, omdat dy twa dingen elkoar net foar de fuotten rinne. Ik haw Jip oardel wike net sjoen. Op 'e ôfsprutsen lesjûn lei er mei in fikse gryp op bêd, nei't syn omke my fernijde. Fansels is in gryp net sa aardich, mar it kaam my net al te min út. As ik net oppas rint it mei dy jonge en my út 'e klau. Ik moat tiid winne om ta klearrichheid te kommen hoe't ik no mei him - èn mei Tommy! - oanmoat. Dy lêste, dat is sa foar 't each it maklikst: dy is en bliuwt hear en sil it my net lestich meitsje, as ik de boat ôfhâld. It mei net útsletten achte wurde, dat er noch by my oanskillet eardat er syn amt wer op 'e nekke nimt. Bygelyks om | |
[pagina 124]
| |
oer dat ferhaal fan Thea te praten - dat fansels foar my net nij is, mar dêr't ik wol benijd nei bin hoe't Thea it optarre hat, of, minder haatlik sein, hoe't sij der, njoggentjin jier nei dato, op werom- of ‘tsjinoan’ sjocht. | |
2.Haw ik dochs echtwier foarsizzende gaven? Noch gjin oere nei't ik it foargeande opskreaun haw, stie Tommy yndied libbensliif by my op 'e doarmatte. Sportyf klaaid, yn in gloednij ljocht-bêzje jopper, brún ferbarnd fan de súdlike sinne, sûn en feardich: ja, suver in nij berne minske, tocht my. Hy hie ek syn rûge wynbrauwen kreas byknippe litten. Hy ûntskuldige him dat er my net earst even opskille hie (syn telefoan docht it ek al net, tocht ik efkes, tinkend oan syn eks-sydsulver) - op in toan as hied er dêrmei foar my in grutte ferrassing yn 't fet. Mar it makke my nochal nerveus, ik sei net folle en moast sa te sjen alhiel oan syn nije ‘persoanlikheid’ wenne. Doe't er goed en wol siet, sei er: ‘Ik moast dy de groetnis dwaan fan Joop syn mem. Fan Thea dus.’ ‘O soa,’ antwurde ik, nochal knûkerich. Hy koe dochs better witte? Wêrom altyd dy âlde dingen fan alear? Mar hy sloech myn toan gjin acht en ferfette: ‘De dingen kinne soms hurd feroarje.’ Ik seach him benijd oan, mar frege neat. Do bist oan slach, tocht ik. Kom mar op. Ik stean ree. Hy stiek in sigaret op, tocht in skoftke nei, seach om him hinne de keamer rûn en stiek lang om let fan wâl: ‘Ik haw dy al skreaun dat ik nei trije dagen mei Thea op en út west te hawwen, nei Nîmes en Avignon reizge bin. Ik woe dêr noch wat arena's, akwadukten en oare Romeinse âldheden besjen en my rêstich reemeitsje op myn weromreis nei it hege Noarden. Nei twa dagen siet Thea yn 'e lounge fan myn hotel. En do bist skriuwster genôch om te rieden en te witten hoe't de saken har | |
[pagina 125]
| |
doe ûntjûn hawwe. Ik...’ ‘Se gunde dy net oan my,’ ûnderbriek ik him haatlik. ‘Mar mei myn skriuwerskip hat dat neat te krijen, allinne mei myn minskekennis.’ ‘Se wie efterôf fan my nochal ûnder de yndruk,’ sei er neitinkend, ‘faaks kin ik it sa it bêst sizze. Se hie my mist. It gyng my allegear hastich genôch. Mar in man is mar in man, en ik fal spitigernôch ek noch altyd under dy kategory.’ Hy seach my tantsjend oan, mei wat fan skamte en tagelyk ek fan nocht by it weromtinken. Ynienen lôge in ûnberoaide hate tsjin dizze man yn my op, dy't my trou swarde en noch gjin wike letter foel foar de earste de bêste eksotise blom út de wynfjilden fan La Tamarissière. Ik sei: ‘Do hoechst my niks te fertellen. Sa'n okkebyld kin ik fansels net tsjin opbiede.’ Ik waard kjel fan myn wurd ‘okkebyld’ - wêr hie ik dat wei en wat betsjutte it krekt? ‘Wat is dat, in okkebyld?’ frege er. ‘In frou fan glitter en glamour, mei in soad oppen en oanen,’ sei ik, heechstwierskynlik yn striid mei it Wurdboek èn mei de wierheid. Sokke moaie froulju binne faak de ienfâld sels. Hawwe oan harsels genôch. ‘Thea is in frou dy't in soad meimakke hat. Ek in soad drôve dingen.’ ‘Ik wit der alles fan. De iene fint nei de oare nei har nêst slepe en der nei twa of trije wike wer útkwakke, lykas se har bern út har libben kwakt hat. Sa'nien falt elke man foar. Ik begryp dat en haw der frede mei. It is allinne myn panne mei iten net.’ Dat lêste ferrette ik mysels mei, teminsten dat moast wol sa lykje. Hy sette in pear grille eagen op en sei stadich: ‘Mar Janneke... op dy... foet hawwe wy dochs net praat? Do hast my geduldich oanheard doe't ik dy dy pynlike fraach stelde, mar... do hast my resolút ôfwiisd. Moat ik dêr de dupe fan wurde?’ ‘Dupe... wa is hjir eins de dupe?’ It ûntfoel my ear't ik it ynhâlde koe. En nochris: ‘Wa praat hjir fan dupe?’ ‘No brekt my de...’ Hy liet de sprekwurdlike klompe mar farre en seach my ferbjustere oan. Hjir hied er net op rekkene, en ik- | |
[pagina 126]
| |
sels ek net. Dúdlik ommers: ik hie him ôfwiisd en hy hie syn rjochtlike frijheid nommen. Gjin inkelde reden ta wranteligens. Alles folslein korrekt. Mar ik koe it net litte. Ik spile in fynynlein spultsje, oan myn skriuwstersbrein ûntspruten, want as ik earlik wie: wat hie ik oan dizze man? Wat koe ik mei him? It wie myn type net, myn jiertal net, myn wize fan libjen net. Mar ik woe him fernederje, him oan myn fuotten krôljen sjen. Hy soe lytsman wurde ûnder de swypslaggen fan myn wurd. Ik sei: ‘Ik bin bliid datsto no lang om let it grutte lok fûn hast dêrst rjocht op hiest en dat ik dy net jaan koe, al hie 'k it faaks wolbesykje wold.’ Hy die ferbûke it swijen derta, tyspele in skoft mei syn útknypte sigaret yn it jiskepantsje om. Ik die der noch in skepke boppe-op: ‘It is spitich, mar it hat sa wêze moatten.’ Swiere sucht. Hy stammere: ‘Dus... dus... do hiest it faaks wol besykje wollen. Wat betsjut dat wurdsje “faaks” yn dy sin?’ ‘Mooglik,’ sei ik strang, ‘eventueel, asto wat geduld hân hiest en my tiid fan neitinken jûn. Ik bin gjin jongfaam fan njoggen-tjin. Mar dat hast net...’ ‘Mar leave,’ hy bûgde him nei my oer mei in gesicht fol piniging, ‘hasto it net sels west dy't my op it spoar fan dat wyld setten hat, as ik efkes dichterlik wêze mei...?’ ‘Wyld is hjir net dichterlik,’ batste ik derut. ‘Presiis de rauwe wurklikheid...’ ‘Hasto my net sels... nei har tastjoerd? Mei dy ekspressebrief?’ ‘Ja, dat haw ik. Om Jip.’ Ik snokkere it hast út. Der is in grut tragedienne oan my ferlern gien. En ik foege der oan ta: ‘Miskien ek in bytsje om dy op 'e proef te stellen.’ ‘Om..Jip...Op'e...proef...?’ Myn grouwélige leagens hiene wol fiergeande konsekwinsjes. Dat ik no myn oannommen bern brûke moast om syn oansteande twadde-heitwêzen ûnbarmhertich oan 'e kaak te stellen, en de ûntaarde mem, dy't ik suver hate, om dy man op 'e proef te stellen. Te gek om los te rinnen. Hy ferfette, justjes ta | |
[pagina 127]
| |
himsels kommen: ‘Wolsto noch witte wat der fierder bard is?’ Ik sei: ‘Do moatst mar kwyt watst tinkst datst kwyt moatst. De oere fan de wierheid hat no dochs ienkear slein. Skuor do it lid mar fan de jarrekolk...’ Der wie wer drôvens yn syn lud, dat er my, sa't er miende, sa'n ûnminsklik grut fertriet dwaan moast: ‘Thea is mei my en har skilderark hjirhinne reizge en... hat har yntrek by my nommen, sa lang as se gjin eigen home fûn hat, en dat is net sa maklik.’ ‘O, dus dat ferfallen kastiel stiet leech.’ ‘Ja, ik tink it wol, mar it is gjin kastiel. En fan 't simmer...’ ‘No, dat is dan allegear mar moai regele,’ sei ik. ‘Foar ien ding wol ik dy noch warskôgje. Trou net mei har. Se hat it faaks ek noch op dyn jild fersjoen, en dat kinst better oan dyn eigen bernneilitte.’ Hy glimke ris en sei: ‘Sa fier is 't noch net,’ yn 'e midden littend oft er op dat trouwen doelde of op it erflitterskip. ‘It libben sit grôtfol ferrassingen,’ sei ik. En wer stiigde der in pylk fan dwylsin yn myn brein omheech: ‘En omdat no dochs de oere fan de wierheid slein hat, moat ik dy ek wat fertelle. En wol dit, dat ik in waarmbloedige leafdesrelaasje haw mei dyn oansteande styfsoan. Neat mear en neat minder. Aanst hat dy goede jonge net allinnich twa heiten, mar ek twa memmen, en by ien dêrfan sliept er ek noch. Oidipous Rex is der niks by!’ Thompy wie mei stommens slein, alhiel wyt weilutsen. Syn kaken mealden oer elkoar hinne en hy sei gâns in skoft neat. Al syn nijwûne mediterranike fleur en brany wie fuortraand, en dat begrutte my fansels wol in bytsje, mar it makke my net mylder: hy soe krije wat er fertsjinne. Hy moast in fury yn my sjen, woe ik hawwe. Mar dat died er net. Hy skodholle stadich, mei drôvens en wat fan meilijen en sei doe lang om let: ‘Ik hoopje dat syn omke Bram der net fan op 'e hichte is. En sels hie ik it ek leaver net witten. Ik bin noch altyd rektor en sil as rektor oardielje en hannelje moatte, mocht soks yn 'e iepenbierheid komme.’ ‘Dat is it al,’ sei ik, ‘de hiele stêd wit der fan, ek it Gemeente- | |
[pagina 128]
| |
bestjoer. Se wachtsje op dyn weromkear foar in advys, oer in CDA-plan om my te skorsen. Mar wy hawwe in liberale boargemaster, in baasman fan de VVD en dy fynt moai wis ek dat twa folwoeksen persoanen yn frijheid en demokrasy oer har eigen libben en lot kedize meie. Sa haw ik it alteast fan dyn VVD altyd begrepen.’ Op dat stuit gyng de skille. Trije koarte tynkjes. It wie by njoggenen. Ik seach dat Tommy risselwaasje makke om oerein te gean. Ik sei strang: ‘Bliuw sitten. Dêr is de libbene by de deade. Dat heart ek sa op 'e oere fan de wierheid. Wês in man en stean foar dyn dingen.’ ‘Net kjelwurde,’ sei ik tsjin Jip, dy't mei in sjaal om 'e mûle en noch wat bleek en snuverich fan de gryp yn myn festibule stie. ‘Der binne yngripende dingen oan 'e gong. Mar wês gerêst. Hy bytnet.’ Hy loek syn jack út, hinge it neist dat fan Tommy en ik troaide him de keamer yn, de earm om syn skouder slein. Jip seach him de eagen út 'e holle en stammere: ‘Menhear... Th...omson..!’ ‘Dy is it! Libbensliif. Dach, Joop of... hjir bist Jip, leau ik.’ Dy Tommy, hy hie himsels al wer moai arich yn 'e macht! Hy stiek Jip de hân ta en hie dúdlik foar him nommen him tenei oer neat mear te fernuverjen. De slûzen fan de gekkichheid wiene no ienris iepen brutsen, en dan moasten je sels ek mar beare dat je gek wiene. Mar de earme Jip, oars sa'n toanbyld fan wize evenredichheid, hie it no dochs aardich krap. Hy fielde him oan legerwâl dreaun. Hy seach fan de iene nei de oare. Mar Tommy gyng ûnferfeard fierder: ‘Ik moat dy de hertlike groetnis fan dyn mem dwaan. Dy wennet op it stuit tydlik by my yn.’ ‘M..ar.. mar,’ stammere Jip, ‘hoe... hoe koene jo witte dat jo my hjir treffe soene?’ ‘Ik wit mear as de minsken tinke,’ sei Tommy. ‘En soms ek mear as my leaf is,’ foege er der mei in wurch glimke oan ta. ‘Mar dyn freondinne Janneke sil dy wol neiere útlis fan ien en oar dwaan. Kom, it wurdt myn tiid. Sil ik de groetnis werom dwaan?’ Jip knikte, mar sei neat. Der wie even in pynlike stilte. Doe sei | |
[pagina 129]
| |
ik: ‘Hast de gryp wer oerwûn, Jippy?’ Hy knikte wer. Underwilens wie Tommy oereingien en nei de doar rûn, justjes rûnrêgich en oars as er ynkommen wie. Hy seach noch in kear om. Ik folge him, mar liet de doar efter my iepen stean. Jip mocht alles gerêst hearre. Ik sei, wylst er syn nij jack oanloek: ‘Ik kin dy allinne mar lokwinskje mei dizze ferovering. It is in frou om ja tsjin te sizzen en, net te ferjitten, in greut keunstneresse. Jim fine elkoar wrychtsjes ek noch op it mêd fan de ornitology, as it oars alris minder flot rinne mocht. Fûgels binne oeral goed foar. Sels klysters. En de nije kiker is al ûnderweis...!’ Hy die noch ûnhandich war om my in freonetutsje ta te parten, mar dat warde ik knaphandich ôf. No gjin slikkerij mear. Doe't ik wer yn 'e keamer kaam hie Jip yn myn earms falle moatten of ik yn sines, mar it barde gjinien fan beiden. |
|