De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 41]
| |
1.Hy seach my oan mei it gesicht fan syn heit en mei de eagen fan syn mem. De folsleine tsjinstridichheid. It brocht my eefkes út myn lykwicht, doe't ik him dêr mei syn noch langer wurden mannelichem tusken de meast lytseren troch skowen seach. Noch altyd min of mear mei syn bestek ferlegen. Hy meunstere my mei wat fan benijdens, dat yn in foech glimke teraande. Hy wie yndied folwoeksen wurden en ik makke in opmerking dy kant út. Wat my lykwols ûnder dat koarte praatsje op 'e gong it meast kjel makke, wiene dy eagen fan syn mem. Ik haw har mar ien of twa kear libbensliif sjoen. Se wie yn it stedsje dêr't ik op skoalle gyng in opfallende ferskining. In notarisdochter fan útsûnderlike graasje, al wie dy foto op syn nachtkastke en letter op 'e fleugel justjes flattearre, foarsafier't ik my dat tebinnenbringe kin. Mar har eagen binne yn my slomjen bleaun en waarden no yn dy fan har soan wekker, mei wat op 'e grins fan fijannigens. Wannear hat it west dat de eagen fan dy mem sa troch my hinne boarren, wie it foar- of neitiid? Ik wit it al wer: It wie by in taf allige moeting yn 'e stêd, yn 'e boekwinkel fan Jansonides, sa tsjin Sinteklazetiid, mistich waar. Hy wie oan 't sneupen yn 'e ôfdieling neislachboeken en bysûndere útjeften: floara en fauna, architektuer, skilderijereproduksjes. Sy stie der by te sjen mei wat fan ûngeduld. Woe se alhiel neat fan boeken witte of woe se nei in oare ôfdieling, dy fan de bellettry of de kastielromans? Se wie in kastielfrouwe, en dat hie se fan har mem, èk in notarisdochter, dy't de bynamme hie fan Pola Negri, in no al lang fergetten en doe ek al oer har hichtepunt hinne groeide filmstjer, ta leginde ferwurden. Doe skeaten dy eagen as pylken sa hookstrooks yn mines. It joech my in skok, it wie as in skot midden yn 'e roas fan myn wêzen. Der wie ferwyt yn, en it moat dus de winter neitiid west hawwe - doe't se al yn ferwachting fan Jip wie -, oars hie ik dat fielen fan in ferwyt, in beskuldiging | |
[pagina 42]
| |
net hawwe kinnen, al hie ik faaks earder fereale op him west as sij. Ik kin it net krekt mear efterhelje, mar wol koe ik nò ynienen dy eagen wer. De soan fan de ferkearde mem, tocht ik no ek. Fansels soe ik de man haatsje moatte dy't my dat doe oandie: it bern dat mines wêze moatten hie oansette yn 'e skurte fan sa'n notariële diva. Mar ik koe gjin haat yn my fine, grif net tsjinoer dizze jonge, dy't it ek net helpe koe en moai wis alhiel net wist wa't er misrûn wie... Oan 'e ein fan ús koart gesprekje haw ik him frege om ris lâns te kommen en gesellich by te praten. Ik freegje my no ôf oft it mear wie as in beleefheidsfraach, oft ik echt wol ferlet hie fan bypraten. Hy sei ja mei in gesicht fan: Dat kin wol, mar dan net wer lykas doe. Ik bin oars wol benijd nei syn wjerfarren yn dy trije jier en ek wol in bytsje nei dy fan syn heit. Mar ik bin ek bang, dat de konfrontaasje emoasjes oproppe kin dy't ik leaver net wer oer my hinne helje. It komt gewoan net op in geunstich momint. Der rint optheden fan alles út 'e hân en yn 'e hobbel, der kin net folle mear by. Hjoed by de post in aansichtkaart fan Justine - dat se fan doel is dit wykein te kommen. As ik net nee sis - en ik soe net goed witte om hokker reden ik nee sizze soe - wurdt it: in soad ûnrêst, sielsproblemen, it wer oprekkeljen fan fertrietlikheden dy't ik oars moai aardich kwyt wie. Triennen faaks en dingen, tastânen dy't ik net wol, en ek net keare kin. As ik no weromlês mei hoefolle lit ik mar sizze: libbenstier ik oan dit relaas begûn bin, moat ik dochs al fêststelle, dat de fleur yn in pear wike aardich ôftakke is. Foar in echte midlife-krisis liket it my noch wat oan 'e iere kant, mar it soe kinne. Guon lju binne dêr slim foarlik mei. En der fret earne hjir of dêr ûnderyn in gemis oan my, dat ik net ûnder wurden bringe en ek net goed mear ûnder de kwint hâlde kin. Det is wat dat der út moat, en dat ik leaver net bedobje wol ûnder de tranquillizers dêr't dokter Hulsman my wol wer mei opknappe wolle soe. It nijste enervearjende nijs is, dat de FUT-plannnen fan rektor Tommy net allinnich reële foarmen oannimme - mei yngong fan ien jannewaris of ien maart, nei't der grute wurdt - mar dat | |
[pagina 43]
| |
de gemeente ek yn bestân stiet om de hiele skoalle ôf te stjitten en oer te heveljen yn de Ryksskoallemienskip, dy't sûnt koart yn in gloednij gebou oare kant de stêd huzet en de macht fan it grutte getal hat. Se soene it fuortgean fan Tommy oangripe wolle as it gaadlik momint om in finânsjele lêstpost kwyt te reitsjen. Ek oan dy RSM skynt in rektorsfakatuere op kommendewei te wêzen, en dat soe dan de Grutte Kâns fan Bram de Boer wurde kinne. Hy hat de earsucht net allinnich, mar earne ek wol beskate kapasiteiten, suver objektyf sjoen: de strakke hân, de koele eachopslach, it organisaasjetalint; der wurdt sels grute dat er managerskursussen folge hat en in grut man wurde sil op it stik fan de kommunikaasje-techniken en de kompjûteraasje. Bram wurket yn alle stilte oan syn karriêre en dêrby spilet, wurdt der sein, syn oarehelte net swak by Polityk leit Bram as WD-er ek net sa min, tsjinoer it CDA-bolwurk dat nei de histoarise namme ‘Petrus Dathenus-kolleezje’ harket, en dêr't dus de kâlde asem fan Kalvyn silger jitte rûnwaret... Mar ik wit net oft sokke oerwegings in rol spylje sille. Ik persoanlik moat der net oan tinke om ûnder syn lieding yn 'e Ryksgrutskalichheid te fersûpen, en sokken binne der mear. Mar dêr wurdt fansels gjin rekken mei hâlden. Der sille faaks ek noch wachtjilders by falle moatte, as dy operaasje op koarte termyn pleats hat. Dus noch al it ien en oar om my soargen oer te meitsjen. Dat is myn aard oars net, sizze lju dy't my miene te kennen: myn reputaasje is no ienkear dy fan in sieltsje-sûnder-soarch. En dat roltsje spylje ik ek mar wat, no't de lessen wer begûn binne. Gewoan beare dat je gek binne. | |
2.Dat wie it wykein mei Justine Blaauw. Se like aardich op weide nei dy minne tiid dy't se hjir op skoalle hân hie. Mar se wie noch like oanhinklik en eins ek ôfhinklik. Ik wist net goed hoe't ik op har oansjitskens reagearje moast. Ik woe net wer fan | |
[pagina 44]
| |
dy emoasjonele tastânen hawwe en ha, mei in soad heinen en kearen, de distânsje moai arichjes bewarje kinnen. Sûnder dat der mei safolle wurden oer dat fan earder praat is. Ik hie der gjin nocht oan en praat dat nochris oer en út. Mar sadwaande bleau it ek allegear wat flodderich en oan 'e oerflakte. Myn eardere waarme gefoelens foar har moatte earne dochs op in misferstân berêst hawwe. Of ken ik mysels net goed genôch? Ik hie it oer in gemis. De gedachte waard yn my wekker, fansels, troch dy moeting mei Jip, dy't ûnderdehân in ‘man’ wurden is. Is in frou dan perfoarst pas echt frou of sels überhaupt minske, a't se in man hat of as der in man yn har libben omspaant? De feministyk ynteressearret my net it measte, mar guon fan dy fragen kin in mins gewoan net foarwei. Is in minske, homo of hetero of beide byneed, dan perfoarst tsjinstber oan in rollepatroan? Justine hie yn dit stik, sei se, har kar dien. Se hat har plak fûn yn de frouljusbeweging, wurket sneons as frijwillichster yn in frouljusboekhannel mei in lesbys kleurke. In frouljusboekhannel, kin, moàt soks bestean? Der binne dochs ek gjin mânljusboekhannels? Gjin mânljussupermerken en frouljusdrankhannels? Mar dat sjoch ik fansels te simpel, neffens Justine. Dy hat harsels yn it sirkwy foege en fielt har dêr op har plak, kin der mei fjoer oer prate en net sûnder in bewyske fan bekearingsdrift. Frege my om in lêzing te hâlden foar dat kollektyf, oer skriuwsters en frouljusboeken, dy't dus yn dat sirkwy passe of der byneed just net yn passe, mar der mei konfrontearre wurde kinne. It eksklusive fan dat soarte fan saken leit my net sa tige. It is in mearderheid dy't harsels op dy wize transformearret ta in ‘Minderheid’. Ik haw dus net ja sein, mar it op berie hâlden. Ik mocht ek wol oer myn eigen wurk prate, mar dan wol yn 't bysûnder oer dat wurk as dat fan in frou. Oer de frouske aspekten derfan, om sa te sizzen - ik hie noait witten dat dy der yn sieten. Ik sei: ‘As skriuwster fiel ik my net yn 't earste plak en yn 't bysûnder frou.’ ‘Mar der sit dochs in frou ỳn dat wurk,’ sei Justine, ‘en dy komt der by it skriuwen èn by de lêzer dochs út! De minske kin syn identiteit net ferleagenje.’ | |
[pagina 45]
| |
‘Nee,’ sei ik, ‘mar as er him dan yn in striidposysje opstelle moat, dan pas ik der foar.’ ‘It frou-wêzen is dochs by útstek in kreatyf momint?’ ‘It kin bêst sa wêze,’ sei ik, ‘mar ik lis dat der net mei opset sin yn en ik wegerje my as sadanich te affisjearjen. Gjin etiketsjes, asjebleaft. As it der yn sit, en dat sil 't dan wol, moat in oar it der mar úthelje, dat is dan foar dy oar syn ferantwurdlikheid. En trouwens, wat ferbyldzje ik my mei oardel dichtbundel, in boekje mei aforismen en twa tinne ferhale-boekjes? Boppedat noch skreaun yn in taal dy't de measte tahearders, hoe froú dan ek, net of amper fersteane?’ ‘Dy't èk in part fan dyn identiteit is!’ ‘It is nuver,’ sei ik, ‘mar de minske liket der namste better oan ta te wêzen neigeraden dat er ta mear minderheden tagelyk heart. Witst wol: de loftshandige, kealhollige, homofile neger mei joads bloed.’ Justine seach my oan mei eagen fan: dy is net mear te rêden. Mar se besocht it dochs noch in kear: ‘Gean ris mei my nei in frouljusjûn yn it frouljuskafee. Silst sjen dat it hiel oars om en ta giet asto tinkst. Hertlikheid en kammeraatskip. En net dy ivige kompetysje.’ Dat gepraat wie sneintemoarns ûnder it kofjedrinken. De middels hawwe wy nei in tentoanstelling west fan in skilderes dêr't Justine fia de frouljusbeweging kunde oan hie. Ien út har sirkwy dus, mar ik koe yn dy net ûnaardige en ek net alhiel tradisjonele lânskips- en doarpsgesichten gjin typys froulike trekken ûntdekke. Gjin feminine identiteit. Wy wiene de iennichste besikers en it wie stil yn it sealtsje. Doe't wy foar it skilderij fan Hartwert-by-'t-winter stiene, socht Justine har hân mines. Harres fielde koel oan, hast kâld, mar trille sêftkes. Ik wist dat it by har net oer wie, ek al hiene wy oer it ferline - no ja, ferline... - net praat. De jûns, foar't se op 'e bus soe, begûn se der dochs noch oer: ‘Ik hie graach by dy bliuwe wollen,’ sei se. ‘Mar ik haw wol field dat it dy gjin tinken wie. Do soest leaver de oare kant op wolle.’ ‘Wat bedoelste?’ frege ik. | |
[pagina 46]
| |
‘In man hawwe wolle.’ It klonk as hie se it oer in njirre of krokodil. ‘It is myn drekt probleem net,’ sei ik. ‘In frou sûnder in man is niks minder as in frou mei in man. Lykas in frou mei in frou niks mear as in frou sûnder frou. It binne foar de waardebepaling fan de minske gjin relevante gegevens.’ ‘Dat bin ik mei dy iens,’ sei Justine. ‘Krekt dêrom.’ Mar by de bushalte waard it har oermânsk: ‘Lit my by dy weromkomme, ik jou myn baantsje oer en doch dyn húshâlding. It is my genôch om by dy te wêzen. Fierder hoecht der neat.’ Triennen en in holle tsjin myn skouder. Doe't der minsken oanrinnen kamen, kearde se har fan my ôf en fermanne har, dêr't ik sa'n nuver wurd om sis. De bus hâlde piipjend. In ôfskiedstút en doe hiene wy dat wer hân. Ik rûn justjes ferromme nei hûs. Ek mei wat fan kwea gewisse? |
|