De frou yn 'e flesse
(1988)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdRoman fan Janneke en Jip
[pagina 23]
| |
1.Gjin panyk no fuortdaliks. Mar doch wol wat in frjemd kribelich fielen fan binnen en in ûnrêstige slach fan it hert of is dat ferbylding, doe't Tom my mei in geheimsinnich gesicht meidielde, Jip (hy sei fansels Joop) soe weromkomme, om syn mislearre eineksamen bêta by ús en ûnder de strange hoede fan syn omke Bram de Boer oer te dwaan. Iderkear dy fraach: wat wit er no fan my en wat wit er net, dy ûndogense Tommy? Mar syn wurden en syn gesicht ferretten neat. It frjemde wie feitliks allinne, dat er my dy meidieling persoanlik, ûnder fjouwer eagen die en my der spesjaal foar yn 'e rektorskeamer roppe liet. No ja, hy hie ek noch wol in oar ferhaaltsje, mar dat kaam mear op my oer as in ferlechje: de datum fan de kommisje Kulturele Aktiviteiten moast opsteld wurde nei ein septimber mei it each op de kommisje Polityk-maatskiplike Foarming. Dat ferhaal kaam earst en nonsjalant-wei en hy hie it my ek yn 'e rin wei op 'e gong dwaan kind, dêr't ik him dyselde moarns wol trije kear tsjinkaam. En doe dus oer de komst fan Jip. Trije jier is it lyn, hy siet doe yn trije C. In lange, wat bleke jonge, mei bewegingen as wies er wat mei syn lichem ferlegen. Dúdlike gesichtstrekken fan T., mar justjes dreameriger, net dat enerzjy útstrieljende en oerrompeljende, hast brutale. In jonge mei learproblemen, dy't ek by my terjochte kaam foar help oangeande syn breklik ynsjoch yn 'e grammatika; in fak dat ik meastal en leaver net jou, mar dêr't ik foar myn kandidaats dochs aardich wat oan dien hie. Hy kaam fan in skoalle dêr't de Fernijing mei sêfte hân taslein hie, dêr't alles mocht, alles koe en neat hoegde, en de demokratisearring fan de jierren sechstich, om it yn Tom syn taal te formulearjen, de bile oan 'e woartels fan de kennis lein hie. No, wat as grammatika begûn einige yn literatuer en yn noch wat oars. Ik haw dêr ôfstân fan nommen - en hy sil ek wol efkes wizer | |
[pagina 24]
| |
wurden wêze yn dy trije jier. Doe wied er hjir omdat it houlik fan syn heit en mem oan diggels rekke wie - dat mins mei oare kjirls de hort op - en no herhelle de histoarje har omdat dy heit in wrâldtoernee meitsje soe mei syn strykkwartet, dat almar mear namme makket, en hy gjin oar, alteast gjin better plak foar de jonge wist as ús skoalle en it superboargerlik dak fan Bram de Boer en frou, T. syn suster. Alhiel gjin reden ta panyk dus. Gjin skuldgefoel. De fioele hinget noch oan 'e muorre, sûnder kaam en mei oardel snaar. In tryst oerbliuwsel út in fier ferline, as lewantfersiersel noch sa'n bytsje yn eare hâlden. Of moat ik sizze: as oantinken oan better dagen? Symboal fan in mistribele bestean? Oerdreaun, heite! Wês wizer, sis ik tsjin mysels. Mar bin ik wol wizer? It liket net te kearen, dat ferline, njoggentjin jier lyn no. Hy stie foar my, neist my, efter my en late stok en fingers oer de snaren. Lang en mei in heas, hast flústerjend lûd. De geheimen fan ‘Hoffmanns Praktische Violinschule’, in doe al lang ferâldere metoade, mar dêr't hy by swarde: hy moast neat fan sokke moderne jonges as Louis Metz hawwe. Hy fertelde my mear as ienris, dat ik fia him noch in fiere neiteam fan de grutte Joseph Joachim wie en dat soks ferplichtingen joech. Hy ferwachte gâns fan my, want muzikaal wie ik: ik song graach èn suver en hie in tige goed muzikaal ûnthâld. En hy ynspirearre my. Mar hy adorearre my ek - en ik moat tajaan: ik him nèt minder. Foar my wie hy doe al de grutte artyst dy't er pas letter, ûntslein fan it lesjouwersamt, wurden is. En ik trille fan 'e senuwen, fan 'e ferealens, as ik mei de kiste en de tas muzykboeken syn keamer ynkaam en him syn strange ynstruksjes jaan hearde oan de lytse bliere jonge dy't foàr my les hie, it soantsje fan in boargemaster. En dan jage er dat jonkje hastich de doar út, om him oan my te wijen. De earste tiid bleau er aardich op in ôfstân, dat wol. In korrekte hear, mei in foar my ûnwjersteanbere útstrieling. Letter spile er spesjaal foar my. Fan in echte les kaam dan net folle, mar ik makke mysels wiis, dat ik fan syn foarbyld mear learde as fan syn rimpene en soms ûnbegryplike útlizzingen. Hy spile | |
[pagina 25]
| |
dingen dy't er yn syn konservatoariumtiid ynstudearre hie: dielen út bekende sonates en konserten, benammen it stadige diel út Bruch syn konsert makke djippe oandwaningen yn my wekker. Mar hy spile ek wolris in sigeunerwize of in parfumearre Frâns walske fan Popy of Drigo: hy hie as grutjonge yn kafeestrijkjes spile en him, ôfkomstich út in ienfâldich fermidden sûnder kultuer, mei izeren wil oparbeide ta de status fan diplomearre fioele-learaar yn it stedsje dêr't ik hikke en tein bin. Ik frege mar: Mozart, Beethoven, Sibelius (De ‘False tryste’, sei er dan altyd), ‘Roses of Picardy’, en de triennen stieken my yn 'e kiel. Je koene it sa gek net betinke, oant wyskes fan de Beatles ta, of hy spile it, mei syn hiele waarmbloedige siel dy't er yn mines besocht leech te jitten. It wie in ûnkearber proses en ik wegerje in skuldige oan te wizen. It barde sa't it barre moàst, al rûn it net ôf sa't it ôfrinne moast. Skuld? Wat is skuld? Der kaam gjin skuld oan te pas. Mooglik haw ik wol wat oanlieding jûn, de kat op it spek bûn. En hy wie hast twa kear sa âld as ik, hy hie de wiiste wêze moatten. Kom no - wat ìs wiis? Ik wie sechstjin, en wist dealiske goed wat neffens de itige modellen mocht en net mocht. Hy wie de earste. It die my amper sear, bêde as ik my fielde yn syn waarmte, syn hertstocht, syn artyst-wêzen. Ik wie ynienen in oarenien wurden, in nije minske. In folwoeksene. It wie yn 'e iere simmer, en de wrâld wie fol swiete blommerook en fûgellûden yn it tún efter syn wurk- en stúdzjekeamer oan in stille grêft. In soele wyn út it suden strûsde ta de neistlizzende sliepkeamer yn. Hy, lang en brún, lei neaken neist myn lichem, ûnder it tinne lekken, doe't it barde. It gyng my troch alles hinne. Mar ynienen foel myn each op de foto op syn nachtkastke: dy fan in donkere, súdlik eagjende frou mei grutte eachteisters en in wat skeadlik glimke om de moaie mûle. Ik koe har, notarisdochter, út 'e fierte. Ik begriep it. Hy seach dat ik it seach en begriep en rikte oer my hinne om de foto mei in brúsk gebeart om te draaien, it moaie gesicht nei de muorre ta. Ik frege neat, mar begriep alles. Dy moast hjir bûten bliuwe, mocht it net witte, neat sjen. Ik wist no ynienen, dat er it earder wolris oer syn | |
[pagina 26]
| |
ferloofde hân hie, sa achteleaswei. Triennen wâlen yn my op, mar wat rjocht fan kliemen hie ik? Doe't ik mei de fioele yn de kiste nei hûs ta fytste, tocht ik noch: faaks betinkt er him en lit er dy oare farre, dat hear ik dan nije wike wol. En sa bleau der by alle drôvens dy't my befong - mar hie ik it sels ek net wollen? - ek de hoop, dat er by trochtinken my útkieze soe boppe dy oare, as de oanfolling op syn keunstnersbestean. In artyst wie yn myn each in suver boppe-ierdsk wêzen. In famkesdream dêr't ik no om laitsje, ik bedoel om glimkje kin. De folgjende les wie der neat mear fan oer by him. Hy wie saaklik, op it batske ôf, prate nearne mear oer en bekibbe my sels om't ik syn toanljedderoefeningen net goed dien hie. En midden ûnder de les seach ik dat de foto fan it nachtkastke no op 'e fleugel stie. In warskoging! Sa docht in man dat dus, tocht ik djip teloarsteld. Der kamen doe in pear ellindige wiken. Ik wie oer de tiid en bang dat ik yn ferwachting wie. De wanhope gniisde my oan - by myn âlden thús koe ik mei sokke dingen net oankomme, dy hiene my altyd allinne stean litten. En by him? Ek in tichte doar, as ik tocht oan dy foto en oan de feninige tikjes dy't er my by it spyljen fan de ferkearde passaazjes op 'e fingers jûn hie. Us húisdokter holp my út 'e need. Prate en kikkertproef. Der wie neat oan 'e hân, allinne de spanningen. Mar koe ik net better oan 'e pil gean? Dy wie doe noch nij en ús dokter wie in jong en modern man. Mar ik hie gjin pil mear fanneden de earste jierren. Ik wie totaal takocht. Koart dêrnei is er mei dy oare troud. En acht moanne letter waard Jip berne. Ik wie doe al net mear op les en hy stie op it punt om mei frou en bern nei it Westen te ferhúzjen, dêr't er in plak krige as fioelist yn ien fan de omroporkesten, mei gauwens wied er pleatsferfangend konsertmaster. It begjin fan syn steile wei omheech. Ik haw wolris tocht, dat Jip eins mỳn bern wêze moatten hie en dat it troch in nuvere gril fan it needlot krekt oars beteard is. Ferkeard beteard. Ik hie ek sûnder him doe wol in bern ha wold, mar dat besleat ik pas doe't ik wist dat der gjin bern fan him yn my groeide. Ik hie mar ien treast, folle letter: | |
[pagina 27]
| |
Jip, hoewol minder kreas, like op him en net op har. Doe't ik dat oan 'e weet kaam, flamme de wrok dy't ik miende yn myn stúdzje en myn leararessebaan fertard te hawwen, dochs wer efkes op. Dat wie sechtsjin jier letter. | |
2.Hjoed in fikse oanfarring mei Bram de Boer. Hat my in rot-roaster op 'e lea skood en my dêrby myn tradisjonele frije freed ôfnommen. Sels twa middeisoeren yn 2B. Hy koe net oars, sei er, hy hie it mei de kompjûter útfigelearre. Hy is yn 'e simmerfakânsje alhiel p.c.-gek wurden, praat suver oer oars neat mear. Ik fertink him der wolris fan dat er syn minderweardichheidsgefoel fan geograaf bestride wol troch him op te arbeidzjen ta de Grutte Kommunikaasje-en-Informatika-deskundige, en dêrútwei de oerstap meitsje wol nei in oare baan. Hy wurket oan in dissertaasje dy't ek in foar in geograaf frjemde kant op liket te gean. De rûzje gyng nochal heech, it wie nei ôfrin fan de earste stêf-gearkomste. Dy frije freed wie al sunt jierren myn privileezje. Ik sei, dat ik by de baas oanklopje soe om myn ferkrigen rjochten. Hy poerrazend: ‘Yn sommige dingen bin ik hjir de baas,’ rôp er. ‘En dysto de baas neamst, is oan 't ôfbouwen, dy hat wol oare dingen oan 'e holle.’ Ik waard kjel: Tommy oan 't ôfbouwen? Noch yn de folle krêft fan syn kinnen, no mei de FUT? Ik wit dat er nei de trije-ensechstich rint en der mei syn sechstichste al útkind hie. Mar hoe soe Tommy soks dwaan kinne sûnder my te rieplachtsjen, sels sûnder dat ik it wit? ‘Ofbouwe of net - sa lang as er der noch is, as rektor oer ús allegearre, sil ik gebrûk fan him meitsje!’ De wurdkar wie fansels net botte taktys. ‘Ja,’ grânzge Bram, ‘do hast him altyd al yn 'e kont krûpt. Mar dat koe wolris gau útwêze. Sorry, dat ik dat wurd brûk, mar sa hjit soks no ienkear yn de taal dêrsto dyn literêre masterwurken yn skriuwst.’ | |
[pagina 28]
| |
Ik sei: ‘Smoarge wurden of net, do kinst barste mei dyn roaster. Mar ik sykje it hegerop. Do bist ek mar in ûndergeskikte. En behalve in rektor hawwe wy ek noch in gemeentebestjoer, in ynspeksje en in departemint. Der giet niks boppe de heechste.’ ‘Do moatst mar dwaan watst net litte kinst. Mar dit roaster is troch him goedkard en elke feroaring dêryn betsjut in lawine, dêr't de gefolgen net fan oer te sjen binne, foar oaren, en dy binne der ek noch. It soe betsjutte dat Karel Koops hjir trije dagen út Grins wei hinne reizgje moat foar seis of sân lesoeren.’ ‘As it om yn 'e kont krûpen giet, wit ik folle better foarbyld,’ sei ik noch. Mar ik fielde dat myn ferwar ryklik swak wie. De meidieling oer Tom syn mooglik oansteand fuortgean (ik betocht dat syn jierdei ein febrewaris falt, faaks soed er de Peaskefakânsje ôfwachtsje) hie my alhiel fan myn stik brocht. Myn dei wie bedoarn en myn skerp bekje liet my aardich yn 'e steek. ‘En wêrom haw ik de eineksamenklasse net krige?’ frege ik noch. Ik tocht dêrby oan Bram syn omkesizzer Jip, dy't ik no dus net ûnder myn hoed en noed krije soe. Sa goed sa kwea, fansels. ‘Dat is al in ôfspraak fan in healjier ferlyn,’ sei Bram noartlich, ‘dat witsto bêst. En doe haw ik dy der net oer heard.’ Hy hie gelyk, ik wist it ek en ik hie my dêr by de besprekkings fan maart of april sûnder protteljen by deljûn, ja, sels mei in gefoel fan ferromming: it besparre in heap rompslomp, altyd dy ivich lange opstellen en tekstmishannelingen. Hawar, ik hie myn dei net en romme it fjild, Bram mei in bewyske fan in oerwinnersglim om syn smelle lippen efterlittend. It bart net faak, dat ik net werom ha. Yn 'e dosintekeamer siet allinnich ús wittenskiplik pronkstikje Dr. Fredericus Karstens syn pypke te roken en wat oantekeningen te meitsjen út in wittenskiplik tydskrift. Gongen en lokalen wiene leech, roeken nei skjinmakkersguod en wachten op 'e kommende populaasje. Noch fjouwer dagen en it geweld briek wer los. Dan gûnze it hjir wer fan wat Tommy neamt: ‘lear- en libbensaktiviteiten’. Jo moasten der net oan tinke dat dy droechkloat Bram de Boer hjirsa no de skepter swaaie soe en it | |
[pagina 29]
| |
near lizze op in soad aardige dingen foar de minsken yn de kulturele sektor. ‘Geen tijd voor jolijt,’ hied er ris sein, doe't it neffens him wer ris oer de hege skuon rûn, fanwegens in projekt dat alle earnstige learderij slim yn 'e wei stie. Neffens hìm altyd, want Tommy wit (mei myn help) altyd de goede balâns te hâlden tusken de lear- en de libbensaktiviteiten. Wy binne hjir gjin fernijingswylden. Wy - Tommy en ik dus - binne lju fan it wize midden. Myn lilkens boaze oan. Ik ergere my, dat ik in skoaljier noch noait mei sa'n inerlike wjeraksel begûn wie. Ik plichte altyd oerrinnende fol enerzjy, plannen en wurknocht te wêzen by it opsetten fan de nije kursus. Wat mocht de oarsaak wêze? Dat akkefytsje mei Bram wie fansels allinne de oanlieding. It stiek djipper. Siet it weromkommen fan de jonge dy't ik ienris ‘ferlaat’ hie, as men sa'n grut wurd brûke mocht, my dwers, of hie ik djip yn mysels al witten dat Tom ús mei gauwens farwol sizze soe? Ik wist it ynienen: hy hie my wol roppen foar in ding fan neat oer dy kommisje kulturele warberheden, en foar dat ferhaaltsje oer Jip. Hy hie my nèt komme litten om syn plan om mei de FUT te gean te bepraten. Hy hie myn advys net nedich hân, hy hie my as in bern behannele en my foar in fait accompli steld. Ik wie in nul foar syn sifer. Ik stie dêr foar it rút fan de dosintekeamer te sjen oer de lege strjitte yn 'e bedelte en op dakken en dakfinsterkes fan de omlizzende huzen dêr't in skraal reintsje oer hinne miggele. Karstens syn pipereek folle de keamer mei de mjitske rook fan in bekend soarte swieteftige (Skotse?) tabak, dêr't ik net oer kin. Ik draaide my nei him om en sei skerp: ‘Ik miende oars, dat wy ôfpraat hiene, yn dizze romte soe net rookt wurde. In biolooch, sels ien fan wrâldnamme, mei ek wol wat fan miljeuproblemen ôfwitte!’ Karstens seach my oan mei wat fan: Wat-hawwe-wy-no?, loek tearen yn 'e foarholle, kloppe syn pipe út en sei stadich en neitinkend: ‘Letterlik nommen hawwe jo gelyk, juffer Brouwer. Mar ik wie yn de blykber ûnkrekte ûnderstelling, dat soks gou foar de skoaldagen en de normale gelegenheden. By myn wit- | |
[pagina 30]
| |
ten is it hjoed gjin wurkdei, mar noch in soarte fan fakânsjedei. Mar ik wol my graach stipt oan de regels hâlde en jo gjin lêst oandwaan. Want letterlik nommen hawwe jo it by de goede ein. Ik ûnthjit betterskip, ek as miljeu-hoeder en warber stiper fan Greenpeace. Ik hie in swak momint, ik wie noch wat yn 'e fakânsjestimming, sjoch.’ Ik hie der al lang wer spyt fan, dat ik sa skerp útfallen wie, en sei: ‘Sorry, Fred, ik wie efkes yn 'e ferbylding dat it skoaljier al begûn wie. Mar dat is sa net. Stopje mar wer, en neam my wer gewoan Janneke. Want in juffer bin ik net. En ik bliuw hjir ek net omhingjen, want ik haw hjir neat te dwaan. Ik wie lilk om hiel wat oars, en dat reagearre ik op dy ôf. Sorry.’ ‘Neat n't slim,’ sei er. ‘As de lilkens dan no mar saksearre is. Dan hat ús ynsidint dochs earne goed ta west.’ Ik ferfette: ‘Gjin spoen fan lilkens mear. Hast in goede fakânsje hân?’ Hy wachte in skoftke, lei syn pipe del en sei: ‘Ja, krekt as altyd. Yn de bungalow op 'e Feluwe. Fytst en kuiere. Ik bin alhiel wer bytenkt. En do?’ Hy seit oars altyd ‘jo’ tsjin my, want Fred Karstens is in man fan foarmen en distânsje. Dit ‘do’ wie dus in reaksje op myn opsetlik dookjen fan him, dat ik oars nea die. Mar it wie ek sawat de earste kear dat ik mei him allinnich wie, en in soad praat hie der nea tusken ús west. ‘Mei my kin 't gjin sprekken lije,’ sei ik. ‘Miskien komt it dêrfan dat ik wat koartkearich wie. De simmer is my tusken de fingers trochrûtst. En dat reisselskip nei Noarwegen wie ek net om optein oer te wêzen. In klub fan meastepart âldere echtpearen út 'e AOW-sektor, en wat los jongfolk fan beiderlei kunne, dat mear oandacht foar elkoar hie as foar de bergen en de fjorden. En it wie ek noch min waar en ik bin op in haar nei stroffele en yn in ravyn dondere. Soks bringt jin it breklike fan de minsklike eksistinsje yn 't sin. Hoe sei ik dat?’ Hy kaam oerein, wat stiifrêgich, want in sportman is er net, lei my in hân op 't skouder en sei: ‘Moai sein. Mar do en ik binne op dizze ierde net foar de fa- | |
[pagina 31]
| |
kânsjes. Yn wêzen is dat fakânsjehâlden ek in soarte fan terreur. Men giet omdat it moat, mar ik fiel my einliks lekkerder thús yn myn túntsje, by myn akwarium en myn fiskfiver en yn myn studearkeamer. Der giet neat boppe it gewoane wurk. Ik haw wol sin oan it nije jier. En do soest itselde dwaan kinne.’ Hy sei dus hjoed foar it earst ‘do’ yn 'e acht jier dat ik him koe. In man fan betrouwen, tocht ik, in hear fan standing, mar dan fan èchte standing. In keamergelearde wol, in man fan djipgeande biologys-wittenskiplike skôgingen, hast op 'e grins fan de filosofy, mar hy is in rots yn 'e brâning. Gek, dat ik him altiten as in soarte fan fakidioat beskôge haw Ik wist amper dat der ek in mins efter dat wat toarre, flakke, bebrille gesicht skûl gean koe. En ik krige ynienen oanstriid om myn oerstjoere holle tsjin dat breed, goed-bewarre en goed-beklaaid boarst oan te lizzen en wat út te snokkerjen dêr't ik net fan wist wat it krekt wie. Fansels die ik it net. Wat moast de man wol tinke. Dat er in bakfisk út syn fiver helle hie? Hy koe myn heit hast wêze mei syn - rûsde ik - fiif-seisenfyftich. Ynienen sei er: ‘Hoe is it eins fierder gien mei dat famke dat hjir in blaumoandei les yn ik mien skiednis jûn hat en dat by dy yn 'e hûs wenne, dat freondintsje fan dy, dat net sa bêst oarder hâlde koe?’ Ik waard kjel en stammere: ‘Jo bedoele... Justine Blaauw?’ ‘Ja, dy bedoel ik. Ik wie de namme kwyt. It begrutte my altyd sa foar dat bern dat sa wreed foar de liuwen smiten waard.’ ‘Wol goed, leau ik. Se jout no les oan in memme-mavo.’ ‘Jimme hiene nochal in bysûndere relaasje, as ik it goed sjoch. Se dweepte mei dy, like my ta, it striele har ta de eagen út. In bysûnder frommeske, mar net sa bysûnder tagonklik, tige yn harsels besletten. Ik siet wolris yn it lokaal njonken har en haw soms besocht de tastân foar har te ferbetterjen, troch mei de klas te praten, as se der yn triennen út rûn wie.’ ‘Justine wie tige kwetsber,’ sei ik. ‘En idealistys. Se gyng der fan út, dat skoalbern presiis itselde wolle as de lju dy't harren wat bybringe moatte. En dat hat fansels oant no ta noait op dizze ierde sa west. It binne gjin lamkes en in tastân fan wapene frede | |
[pagina 32]
| |
is faaks te ferkiezen boppe al dy útstreamende leafde. Ik haw myn learjild fan datoangeande ek betelje moatten.’ ‘Wa nét?’ sei er, en naam syn hân fan myn skouder ôf. ‘It is in hurd bedriuw, mar ek wol wer tankber. En it lit my gelokkich wat tiid oer foar myn hobby's. En do skriuwst noch mar altyd fierder yn dy moaie âlde taal dy't op stjerren nei dea leit?’ Ik knikte. Ik hie de hiele simmer yn in langer ferhaal, in lytse roman om sitten te wrotten, mar it woe net, der kaam gjin feart yn en gjin glâns oer. Better geskikt foar it koartere wurk, tocht ik. ‘Wy dogge ús bêst,’ sei ik. ‘En faaks is in fikse rûzje, lykas niis mei ús ûnderbaas Bram, nedich en nuttich om ris wer op skerp te reitsjen.’ Hy glimke, sammele syn papieren by elkoar, stiek de piip yn 'e bûse fan syn kreas kolbêr, en sei: ‘Ik winskje dy folle sukses ta. Yn 'e striid tsjin Bram Bijboer èn yn dyn skriuwerij. Fan dat lêste ferwachtsje ik it measte. Bram koe wolris in greep nei de macht dwaan wolle. En de Heare hoedzje ús yn dat gefal.’ It klonk mear as wie it tsjin himsels bedoeld as tsjin my. Hy stiek de hân op en rûn nei de doar. Ik bleau efter yn de rook fan syn pipe, dy't my ynienen lang sa ûnsympatyk net mear wie as earst. Ik gyng nei myn laadsje en helle der de in simmer lang opgarre stikken út. Prospektussen, printwurkjes en wat presinteksemplaren. Der binne altyd wer nije idioaten dy't har yn 'e fuotleasten fan H.J.M.F. Lodewick blau skriuwe en ryk hoopje te skriuwen oan altyd wer nije skoalboekjes, mei altyd wer mear fan 't selde. |
|