It robotsje stiet noch krekt sa as se him juster delset ha. Sa lang nimmen him oan't wurk set, bliuwt er wol rêstich.
‘Moat er net iten ha?’ freget Yfke.
‘Hahaha... in robot yt net,’ laket Tseard, ‘hy hat net iens in mûle.’
‘Hwat sille wy him ris freegje,’ seit master.
‘Oft er iten mei,’ seit Tseard, ‘dan wit Yfke it.’
‘Meist wol iten?’ freget Yfke fuort. It mantsje seit en docht neat. ‘Hy kin net ja of né sizze,’ seit master, ‘hy kin allinne mar hwat dwaen.’
‘Yt ris,’ seit Yfke nou.
‘Hy hat ommers neat to iten,’ seit Tseard, ‘hoe moat er dat dan ha?’
Mar it mantsje docht al hwat. Hy draeit oan in greate knop dy't him op 'e rêch sit.
‘Soe er stikken wêze?’ freget Yfke, ‘dit is dochs gjin iten?’ ‘Dat wit ik noch sa krekt net,’ ornearret master, ‘hy yt miskien sa. Miskien laedt er wol ien of oar apparaet op en kriget sa wer nije krêften.’
‘Dus Yfke,’ seit Tseard, ‘hy mei gjin brune beantsjes, dat witst nou.’
‘En dou bist eigenwiis, dat wit ik ek,’ is't andert. Dan ropt masters juffer: ‘Kom hjir ris... in brief út Nesthuzen.’ ‘Fan de professor,’ seit master. ‘Kom mei.’
En 't is sa. Afz. professor Oegel, Nesthuizen, stiet efter op it slúfke.
‘Geachte meester Hoekstra,’ lêst master.
‘Ik was zeer verbaasd u zaterdag op de vogeltentoon-