‘Wy koene wol oan't pânforbarren wêze,’ laket se, ‘mar ik soe sizze, hy moat Yfke mar in tútsje jaen.’ It mantsje docht neat.
‘Se is him to jong, moatst tinke,’ laket omke, ‘hy tutet muoike Martsje leaver.’ Mar dat docht er likemin.
‘Né,’ seit master, ‘jimme sizze it net goed. Jimme moatte net sizze: ‘Hy moat dit of dat, jimme moatte sizze: ‘Dou moatst,’ of ‘Jo moatte, dan docht er it wol.’ En master hat gelyk. Muoike Martsje hat noch mar amper sein fan: ‘Jo moatte Yfke in tútsje jaen,’ of Yfke fielt al in kâld stikje izer tsjin har wang. Dat sil dan wol in robottút wêze.
Masters juffer lit him de keamer oprêdde, fan master moat er de stikkene klok meitsje en gean sa mar troch. Alles is yn in omsjoch klear.
‘'t Is in merakel,’ seit master nei alles hwat er docht.
‘Wy moatte der nou mar in punt efter sette,’ wol omke ha, ‘aenst is syn benzine op.’
‘Hahaha,’ laket Anema, ‘benzine... hwer hast it oer, dat is âlderwetsk. Soks giet mei atomen... hoe, wit ik ek net... mar sok spul is't al.’
‘Der sil moarn wol wer in advertinsje yn 'e krante stean,’ seit Tseard. ‘Robot weggelopen. Tegen grote beloning terug te bezorgen bij...’
‘Krij ik in goune,’ ropt Yfke, ‘moai sa!’
‘Mar ik bring him net werom,’ seit Tseard.
‘Miskien fynst wol in robotaei,’ pleaget omke Douwe.
‘Sille wy ris freegje, oft er in aei lizze wol?’
‘Hâld op,’ ropt masters juffer, ‘hwa wit hwat der út komt! Sa'n ding is gefaerlik,’ en se wiist op it robotsje.