‘Hwat moat ik... hwat moat ik... hwat moat ik,’ freget er oan-ien-wei, mei in heech stimke.
‘Bek hâlde!!’ naest omke. Hy trillet der oer, sa kjel is er wurden. Anema stiet ek mei iepen mûle to sjen. It mantsje seit neat mear.
‘Toe,’ wiist omke, ‘wer yn dyn hok.’ It mantsje draeit him om en stapt wer yn 'e mesjine.
‘Hy docht it ek noch,’ stammeret omke, ‘man, it swit rint my by de rêch del. Ik druk net wer. Hwa wit hwat der dan út komt.’
‘Wy moatte earst mar nei master en de bern,’ ornearret Anema, ‘de healûre is binei om.’
‘Hwerom hat heit dat robotsje net meinommen?’ seit Tseard, as er alles heard hat, ‘ik woe him sa graech ris sjen.’ ‘Ik ek,’ suchtet Yfke.
‘En ik ek,’ seit master, ‘ik helje him.’
‘Dat kin net,’ seit Anema, ‘dan binne jo in dief. It is uzes net.’ ‘Dy lju sette by ús de boel ek op 'e kop,’ anderet master, ‘mei dat wol?’ Ear't de oaren hwat sizze kinne, is master al fuort.
‘Ik moat der mar efteroan,’ seit omke, ‘hy wit net iens hokfoar knopke it is.’
Efkes letter binne se mei it robotsje werom. ‘'t Is in merakel,’ ropt master al fan fierren, ‘hy docht alles hwat ik siz. Dat is hwat oars as de bern yn skoalle. Ik sei dêr: “Meitsje dy doar, en efkes letter koe nimmen mear sjen dat wy der west ha. 't Is in merakel.”
“Docht er ek hwat ik siz?” freget Yfke. Prebearje it ris,’ seit master, ‘mar moatst gjin gekke dingen sizze.’
‘Eh... eh... spring ris hiel heech.’ It mantsje docht