‘Ik wit hwat,’ seit master dy't it bigreatet om Tseard en Yfke, ‘Douwe en ik geane togearre yn Douwe syn auto en Anema nimt de beide bern mei. Yn Nesthuzen sil ik wol op 'e bern passe en Anema en Douwe moatte de saek mar ris ûndersykje.’
‘Of bist bang,’ pleaget omke Douwe.
‘Heit is net bang,’ ropt Yfke, ‘heit is in skat.’
‘Hy bidjert jimme,’ suchtet masters juffer. ‘Muoike Martsje moat dan fannacht mar op Yfke har bêd sliepe, dan hoech ik ek gjin bêd op to meitsjen.’
‘Kinst my hjir ek wol sitte litte,’ seit muoike, ‘ik krij dochs gjin wink yn 'e eagen.’
‘Mei ik hjir ek komme?’ freget frou Anema, ‘ik doar net heal allinne to bliuwen.’ It mei!
Jouns om acht ûre sette se ôf. Earst ride omke en master fuort, fuort dêrnei Anema mei Tseard en Yfke.
De bern prate as alken. ‘Ik tocht dat jimme wol slûch wêze soene,’ seit heit.
‘Slûch!!’ ropt Tseard, ‘hwa is nou slûch!’
In pear huzen foar it hûs fan de Oegels bliuwe se stean. Master bliuwt by de bern en de twa oare manij u sille de saek ris ûndersykje.
‘As jimme hjir mei in healûre net wer binne,’ seit master, ‘gean ik nei de plysje. Stom, wy hiene Pakstra meinimme moatten.’
‘Dy hie my grif oppakt,’ laket omke Douwe, ‘ik ha ommers in kaei stellen.’
‘Kom nou mar mei,’ seit heit.
‘Foarsichtich hen!’ ropt master noch.
‘Tink dou mar om 'e bern,’ ropt omke werom.