‘Ik wit der neat fan. Sjogge jimme ek hwat?’
‘Se ride grif de kant fan Nesthuzen út,’ seit master.
‘Dat wit ik noch sa krekt net,’ anderet heit, ‘se sille ús wol op in dwaelspoar bringe wolle.’
‘Dêr riidt er,’ ropt Yfke, en se hat it by 't rjochte ein. Hiel yn 'e fierte sjogge se de bistelwein.
‘Dy fint riidt wol hûndert,’ ropt heit.
‘Heit kin wol hûnderttweintich.’ Tseard sit to springen op 'e bank. ‘Toe heit hurder!’
‘Ik wol net dea,’ is 't andert, ‘sjogge jimme him noch?’
‘Ja,’ ropt Yfke, dy't nei't it skynt goede eagen hat, ‘hy giet rjochts ôf.’
‘Hy stiet stil,’ ropt Tseard fuort dernei, ‘miskien is syn benzine wol op.’ Heit bliuwt ek stean. ‘Hwat sille wy?’ freget er. ‘Der hinne, of wachtsje oant se wer fuort ride?’ ‘Men wit nea hwat se wolle,’ anderet master, ‘se kinne wol in revolver ha. Wy moatte gjin risiko nimme.’
‘Dan mar wachtsje,’ is heit fan bitinken, ‘Yfke sjochstou hwat?’
‘Se stappe út, in man en in frou.’
‘Professor Oegel en de frou fansels,’ seit master, ‘binne der ek bern by?’
‘Né, ik sjoch se net. Dou Tseard?’
‘Se geane yn 't gers sitten,’ ropt Tseard, ‘sjochst wol!’ ‘Spitich dat myn eagen net sa goed mear binne,’ seit master, ‘ik sjoch de auto mar amper, lit stean fan dy lju.’ ‘Fan mines hoech ik ek net to swetsen,’ seit heit, ‘as ik myn bril net hie... Hawar, wy hawwe de bern by ús.’ ‘De man sil fiskje,’ seit Tseard, ‘sjochst wol Yfke?’ ‘Fiskje?’ Master skodhollet. ‘Dat sil dy wol misse,