Nei 't er alles goed yn him opnommen en it wichtichste opskreaun hat, seit er: ‘Dan moat ik earst mar ris by master Hoekstra sjen. Dêr sille se ek wol sitte to wachtsjen.’ ‘Mei ik mei?’ freget Tseard.
‘Bist net wiis,’ seit mem, ‘witst wol hoe let it is? Fiif ûre.’ ‘Ik kin dochs net mear sliepe.’
‘Om my mei er mei,’ seit Pakstra. Tseard sjocht heit oan. Hwat seit dy. Heit knikt: ‘Toe dan mar, ik hie sels ek wol sin om mei.’
‘Né,’ ropt mem, ‘litst my hjir net allinne. As dy dief wer komt!’ Gau lûkt Tseard de klean oan. It sit allegear bryk en nuver mar dat is neat net slim, 't is nacht. De femylje Hoekstra is drok dwaende it spul wer toplak to setten. ‘Ik hie oars earst al efkes sjen moatten,’ seit Pakstra, ‘mar ja, nou't jimme neat misse...’
‘Nimme jo gjin fingerôfdrukken?’ freget Yfke.
‘Né,’ is 't andert, ‘ik soe net witte hokfoar finger ik nimme moat. Dy man hat tsien en miskien hat er ek wol wanten oan hawn.’
‘Hwat soe dy man socht ha,’ prakkesearret master.
‘Hwat hawwe wy dat jimme ek ha kinne.’
‘De fûgel!’ ropt Tseard.
‘De fûgel! Fansels!!’ ropt master.
‘Dat tocht ik ek al,’ seit Pakstra. ‘De fûgel!’
‘Mar dy stiet hjir,’ seit Yfke. ‘Hwerom hawwe se him dan net meinommen?’
‘Se ha fansels net sjoen, dat er dat is,’ ornearret master. Mear seit er net, mar se bigripe it allegear wol. Nimmen kin sjen, dat dit de moaije fûgel fan de totoanstelling is. Pakstra snapt it rjochte der net fan, mar dat wol er net