IX In auto partsje?
Dan giet de doar iepen en hwa steane dêr?... Heit en mem Anema, mei masters juffer.
‘Dêr wiene wy al,’ seit Anema, ‘man, hwat hawwe jo ús kjel makke. Fuortdaliks mei in taksy nei Nesthuzen komme... ik tocht dat der hwat bard wie.’
‘Ik sei jo dochs al, dat der neat gjin slims wie,’ seit masters juffer.
‘Mar mear wisten jo ek net.’
‘Ik mocht net mear sizze.’
‘Mar hwat is der dan? Jo hawwe ús dochs net om 'e nocht hjir komme litten.’
‘Ik haw in auto woun,’ raest Tseard nou, hy kin it net langer stil hâlde. Mem falt op de earste de bêste stoel del. ‘Hwat seit dy jonge?’ freget se heit.
‘Ik ha 't net rjocht forstien,’ seit dy. ‘Hy seit dat hy in auto woun hat, mar dêr sil ik wol mis mei wêze.’
‘Né,’ raest Tseard wer, ‘hjir binne de kaikes.’
Dan fortelt master alles. Fan de professor, fan it aei en fan de fûgel, dy't sa moai wurden is. Heit en mem binne der stil fan. Dan seit mem: ‘En wy tochten dat dy jonge siik wie... en ik mar op him fûterje... o, as ik dit witten hie...’
‘Hwer stiet de auto,’ freget heit, ‘ik moat him earst sjen, ear't ik it leau.’
En hy kin it leauwe, hwant de auto is in mearke. Read mei in swart dak en wite tsjillen. Tseard stompt master oan. ‘Hy koe wol opferve wêze,’ flústeret er. Master anderet net, sa moat er laitsje. Heit efter it stjûr, sa ride se nei Boskgea. Dêr is it nijs al gau de buorren oer: ‘Tseard Anema hat in auto woun.’ En dy't it net leaut,