De fûgel sliept. Hy hat syn wurk dien.
Professor Oegel set sûnder dei to sizzen ôf. Mei syn fûgel, syn frou en syn bern. Nimmen lit him út.
Fan de foarsitter krije master-en-dy de kaikes fan de auto. ‘Jimme kinne him yn de garaezje helje,’ seit er. Master fûstket freonlik mei de jury en ek Tseard en Yfke jowe in hân. ‘Dizz' jongkeardel hat de auto woun,’ seit master en triuwt Tseard nei foaren. Alle lju hantsjeklappe en sjonge: ‘Lang zal hij leven.’ Tseard wit net hoe't er it hat.
Op 'e gong is 't earste hwat Yfke freget: ‘Hoe kaem ús fûgel sa moai?’
‘Sstt,’ flústeret master, ‘dat fortel ik jimme aenst wol. Earst krije jimme noch in fleske prik fan my.’ ‘Twa prik en in pilske,’ seit er tsjin de kastlein, ‘en ik woe graech even skilje.’ ‘Hwer hinne,’ wol Yfke witte. ‘Nei Futsje finne,’ is 't andert. Mear komme se net to hearren.
‘Sa,’ seit master efkes letter as er út de telefoansel fan kafé Borrelsma komt, ‘dat is dat! De frachtrider hellet ús fytsen aenst op.’
‘En wy dan?’ freegje Yfke en Tseard tagelyk.
‘Wy ride yn Tseard syn auto nei hûs.’
‘Heit moat net sa flau dwaen,’ akselet Yfke tsjin, ‘heit kin net iens ride.’ ‘Dêr wurdt foar soarge,’ laket master, ‘wachtsje mar ôf.’
As de kastlein der efkes út giet, freget Tseard gau: ‘Hat master de fûgel opferve?’ Master moat laitsje. ‘Dou hast it troch,’ seit er, ‘ik ha juster de hiele joun mei him dwaende west. Is er net moai wurden?’
‘Wie heit net bang dat de jury it sjen soe?’ freget Yfke.