‘Ik kom,’ is 't andert.
In greate doek oer de kouwe, sa komt master by de trep del. ‘Hwerom sit dy doek der oer?’ freget Yfke.
‘Foar de kjeld,’ is 't andert, ‘ik wol net mei in biferzen fûgel oansetten komme.’ ‘Dan hiene wy alteast hwat bisûnders,’ seit Tseard, ‘dêr komt eltsenien net mei.’ Master jowt gjin andert mar hy sjocht... oft er de auto al woun hat. Tseard kin der net by... nou ja ... master syn namme komt skielk net yn 'e krante...
‘Hé, Tseard... giest ek mei?’ Master en Yfke steane al klear. ‘Leaver net,’ tinkt er. ‘Ja... ik kom!’ ropt er. Master hat de kouwe efter op 'e fyts en floitet it heechste liet. Tseard en Yfke sjonge de wurden mei en in fleurich ploechje komt sa by kafé Borrelsma.
‘Hwer moatte wy wêze,’ freget master de kastlein.
‘Komme jo foar de fûgeltotoanstelling?’
‘Ja, hwat tochten jo dan dat hjir yn sit,’ en master wiist op de kouwe, ‘in oaljefant?’
‘Dat kin ik sa net sjen,’ is 't andert, ‘mar jo moatte boppe wêze.’
Op de boppeseal fan kafé Borrelsma is 't in drokte fan komsa. Hinnen, douwen, papegaeijen, kanarjes... en minsken.
‘Sjochst de professor ek?’ freget Yfke Tseard. Dy skodhollet. ‘Hy sil wol let komme,’ seit er, ‘deftige lju binne ornaris let.’ ‘Dêrom binne wy ek sa op 'e tiid,’ seit master. ‘Kom mar mei, ik leau dat de jury dêr sit,’ en hy set op in greate tafel ta dêr't fiif manlju wichtich sitte to dwaen.
‘Moatte wy hjir wêze,’ freget master jitris, ‘ik ha hjir