‘Dat komt wol klear,’ anderet master, ‘ik rêd my der wol mei.’
‘En hwa moat dy auto ha,’ giet Yfke fierder, ‘heit of Tseard?’ ‘Tseard fansels,’ seit master, ‘hy hat it aei foun.’ ‘En jimme ha it wurk der fan hawn,’ ornearret Tseard, ‘sûnder briedmesjine hie 't neat wurden.’ Mar hy sjocht dy auto al by him thús foar de doar stean. Hwat sille heit en mem raer guod spuije en hwat sille se greatsk op him wêze...
‘Hé Tseard, hwer tinkst oan?’ Yfke jowt him in triuw. ‘Tseard wie al út to riden,’ laket master, ‘nou Tseard?’ Tseard kriget in kaem. ‘Nou ja,’ seit er.
‘Hast ek alris tsientûzen goune ha sillen,’ seit Yfke, ‘dat draeide ek op neat út.’
‘Mar dit wurdt al hwat, oars hjit ik net fan Hoekstra,’ ûnthjit master. ‘Ik wol dy professor ien kear to slim ôfwêze. Dy tinkt fansels ek al dat dy auto sines is, mar wy ride der yn nei hûs.’
‘Heit hat net iens in rydbiwiis,’ laket Yfke.
‘Dan helje ik dat noch even,’ seit master, ‘ik jow nearne mear om.’ Dan sjogge se noch even by de fûgel. It bist is sa fleurich as in bij, mar moai... hou mar! Hwat dit wurde moat!
‘Moai is er net,’ seit Yfke, ‘mar sjonge kin er wol. Ik haw him fan 'e moarn heard.’
‘Silst wol dreamd ha,’ seit har heit, ‘sokke lytse fûgeltsjes sjonge noch net.’
‘Miskien hat er hoannebloed,’ laket Tseard, ‘en hat er bisocht om dy wekker to meitsjen.’
‘Leau it dan net,’ seit Yfke hwat pûkelich. En oft it bist