hoe't syn mem is. Aenst komt der in buorfrou to kofjedrinken en dan forjit juffer it hiele aei. Mar 't sil sa wol moatte...
Master en Tseard komme to let op skoalle. De juf fan de earste klasse docht de doar iepen en seit: ‘Foar straf aenst beide neibliuwe.’ ‘Dat kin net, nou master?’ ropt Tseard. ‘Né, dat kin hjoed net,’ anderet master, ‘letter mar ris juf.’
‘Mei ik dan witte hwat der geande is?’ freget juf.
‘Letter ek mar ris,’ seit master. Juf slacht de doar ticht, lilk! ‘Dat is ien,’ seit master, ‘nou de bern.’ Mei de earms oer inoar sitte se to wachtsjen. Sa stil binne se oars nea, mar der is nou fansels great nijs. It falt tige ôf! ‘Neem de rekenboekjes maar,’ seit master, en of se wolle of net, op de bledkant dêr't se oan ta binne, steane 5 greate breuksommen, dy kinne se mar meitsje.
Tseard kladdet mar hwat del. Master hat wel yn 'e rekken dat it hjoed mei Tseard net folle wurdt, mar hy kin der ynkomme, sels moat er ek iderkear nei bûten sjen, soe de frou der ek oankomme?
Om 12 ûre is 't suver in wedstriid hwa 't earst by master-en-dy's is. Tseard en Yfke winne it, master moat wachtsje oant alle bern út skoalle binne en se skine hjoed allegear lang wurk hawwe to moatten.
‘Kalm mar,’ seit masters juffer, ‘der is noch neat. 't Gatsje is allinne hwat greater wurden.’
‘Hwat hat dat ding lang wurk,’ fûteret Tseard. ‘As ik dy fûgel wie, sette ik ta. Hwat is der nou oan om sa lang om to wrotten.’
‘Alles moat syn tiid ha,’ seit master, ‘gean mar gau nei hûs om iten, namsto gauwer bist hjir wer.’