IV De greate bileanning.
‘Fiifhûndert meter fierderop moat er op in pealtsje sitte,’ flústeret master. Tseard hat net iens fornommen dat de professor de mesjine wer brûkt hat. Dy syn lilke bui is ek wer bikommen.
Master sjocht de fûgel it earst en hy kloppet de professor op 'e rêch. De mesjine wurdt súntsjes delset en wer bisykje se mei it net tichterby to slûpen.
‘Hast kâlde hannen Tseard?’ flústeret master, ‘meist se beide wol brûke.’ Hy moast ris witte, tinkt Tseard, hwer't ik dy oare hân foar brûke moat. Se binne al tichteby it pealtsje. ‘Ien, twa, trije,’ telt de professor, en dêr fljocht it net oer it fûgeltsje hinne. Se ha him! Se ha him! Se ha him! Fan blidens dounset de professor om it pealtsje. Dan hellet er hoeden it fûgeltsje ûnder it net wei. It bist koe wol bliid wêze dat it wer yn fortroude hannen is, it hâldt him alteast rêstich.
‘Gau nei de auto,’ hyt de professor, ‘nimme jo de mesjine master?’
‘Nou, nou, in hiele ear,’ seit dy, ‘ik wurd der suver eigenwiis fan.’
De weromreis giet gâns flotter as de hinnereis, se kinne mar oanrinne. De professor hellet in greate kouwe út 'e auto en se binne allegearre bliid as er it doarke efter de fûgel ticht docht.
‘Sa,’ seit de professor, ‘dan gean ik mar wer.’
‘Soene jo ús earst net even thúsbringe,’ seit master, ‘dat ha wy wol fortsjinne, tinkt my.’
‘It sil wol net oars kinne,’ is 't andert, ‘ik haw oars mar in bytsje tiid.’
‘En dy greate bileanning, hoe sit dat? Jo hiene soks