III Ek in master stroffelet wolris.
Einlings bliuwt der in greate bistelauto foar de doar stean. In man yn pearse jas, mei in greate swarte bril op 't puntsje fan 'e noas, stapt út. Mei greate stappen rint er om 't hûs hinne en ear't mem de foardoar iepenmeitsje kin, komt er al efterom.
‘Professor Oegel,’ seit er, ‘hwer is myn fûgel?’
‘Dat rymt,’ seit master. ‘Jo koene wol in dichter wêze ynsté fan in professor.’
‘Hwer is myn fûgel,’ ropt de professor jitris. Oan praetsjes hat er neat.
‘Wisten wy dat mar. Tseard hat him hawn, mar hy is fuortflein.’
‘Hoe kinne jimme yn 'e goedichheit sa'n djûre fûgel fleane litte,’ en de professor stampt fan lilkens op 'e groun. ‘Witte jimme wol hoefolle sa'n fûgel wurdich is. Der bistiet mar ien fan op 'e hiele wrâld. Nei jierren fan ûndersyk en krusingen haw ik einlings sa'n fûgel kweke en nou is er juster, doe't ik him iten jaen soe, fuortflein.’
‘Hoe kinne jo yn 'e goedichheit sa'n djûre fûgel fleane litte,’ seit master, wilens er nei Tseard knypeaget.
‘Hwer hawwe jimme him it lêst sjoen?’ wol de professor witte, ‘dan bigjinne wy dêr to sykjen.’
‘Kom mar mei, ik sjoch der net folle heil yn, mar jo binne geleard, jo sille it wol better witte.’
De professor start de auto al. ‘Fyts mar fuort,’ ropt er, ‘ik folgje wol.’
‘Wolle jo noch thé... of kofje,’ ropt mem him noch efternei... of in segaer...’
De professor is al withoefier fuort en heart it net mear. By master-en-dy wiist Tseard op de beam. ‘Dêr siet er.’