| |
| |
| |
| |
9. Klaes Tromp wurdt in kamiel
De freedtojouns sitte de fjouwer heiten by boer Dykstra yn de keamer. Foar Dykstra lizze hwat stikken papier en fierder stiet de tafel fol mei jiskebakjes yn soarten, in houten doaze mei pyptabak en twa glêzen mei sigaren.
De Heskamper kommisje is mei har wichtich wurk bigoun.
‘Ja,’ seit Dykstra en hy giet noflik efteroer hingjen, ‘wy kinne twa dingen dwaen. It iene is: alle Heskampers yn in gearkomste freegje oft sy ek hwat yn de holle hawwe dat seis-en-in-heal-tûzen goune kostje mei en dat nuttich is foar it algemien bilang. It oare is: harren itselde freegje, mar dan op in stik papier. Dan hoege wy harren net op in bult to slepen en dan kinne se thús mar ynfolje
| |
| |
hwat se it leafst hawwe wolle. Ik wol wol sizze dat dat lêste my it bêste taliket. Earst graech jimme miening. Hwat seit Tromp?’
Klaes bisjocht syn finger dy't noch net alhiel de âlde wer is.
‘In list docht hwat great oan,’ seit er dan, ‘mar it is better as dat earste. As wy it hiele spul hjir helje wurdt it in gepraet yninoar om en lang om let komt der noch neat út de bus. De iene wol dit en de oare wol dat. En wy sitte efter de tafel mei pine yn 'e holle.’
‘Krekt,’ laket Dykstra. ‘Span! Hwat sizze jo.’
‘Hwat wolle jo dan op dat papier sette,’ freget Span. ‘Hawwe jo sels ek hwat yn de holle?’
‘Ik wol,’ knikt Dykstra, ‘mar lit se allegearre mar ris mei hwat komme. Sjoch, ik woe it sa dwaen: alle húshâldingen in list bringe mei al dy dingen derop dy't wy mar bintinke kinne. Se kinne dan mar in krúske sette efter hwat sy winsklik achtsje. Witte se hwat betters? Goed, wy litte ûnder in stikje iepen en se kinne harren idé dêr mar del sette.’
‘Dêr is net in spjeld tusken to krijen,’ ornearret Blom. ‘Sa dogge wy it. Us bern kinne dy listen wol rounbringe en wer ophelje.’
‘Hie ik ek freegje wollen,’ seit Dykstra. ‘Dy listen kinne se op de siktarij wol foar ús meitsje en as de bern se bringe en helje kostet it net in sint. Hwat seit Douma der fan?’
‘Foar,’ seit Douma, ‘der flak foar! Dan kinne se letter ek net sizze: Douma woe dit of dat, Dykstra hat syn sin trochset of Klaes woe mei alle gewelt in iisbaen foar syn ruten hawwe.’
‘Just,’ seit Dykstra tofreden. ‘Ik bin bliid dat jimme it ek sa sjogge. De measte stimmen jilde, hwat it dan ek mar wurdt.’
| |
| |
Frou Dykstra bringt thé en se giet der efkes by sitten.
‘Hoe liket it mannen, wurdt it in skouboarch of in dounstinte?’
‘Né,’ skodhollet Klaes Tromp. ‘In dieretún!’
‘Neat wurdich,’ forklearret frou Dykstra, ‘dy hawwe wy ommers wol, it binne hjir allegearre bisten. Wy hawwe in wyld hynder en Blom hat fjouwer hinnen dy't er noait binei komme kin. As wy Douma en jo der ek noch ris by sette, nou - dan hawwe wy ek in aep en in kamiel....’
Klaes wurdt sa wyld dat hy frou Dykstra fuort pakke sil, mar hy kriget gjin kâns, se fljocht laitsjend wer nei har koken.
‘Ik sit yn in hege kommisje,’ grommet Klaes, ‘en dêr moat men jin dan ek neffens hâlde en drage. Mar oars hie ik har efternei set.’
‘It wie moai,’ laket Dykstra. ‘Nou geane wy wer fierder. Ik haw oan it optellen west en kom op meiïnoar njoggen en tritich húshâldingen. Hjir tritich, fjouwer yn de mieden en fiif efter Klaes út, by de feart lâns. Dy moatte net oerslein wurde.’
‘Moai,’ seit Blom. ‘Elts kriget in list, Dykstra set der in forhaeltsje boppe, mar nou komt it - hwat sille wy foarslaen!’
‘Dat falt ek net ta,’ stimt Dykstra him mei. ‘Klaes! Siz ris hwat!’
‘Jim sille my wol útlaitsje,’ seit Klaes. ‘Ik tocht oan in soart paviljoentsje by it wetter, in houten tint op in stiennen ûndergroun. By't simmer boatsjeforhiere oan fiskers en by't winter in kacheltsje der yn en dan brûke as lokaeltsje foar A.O.W.-mannen en oaren dy't mei de tiid oan binne.’
Dykstra slacht mei de hân op de tafel. ‘Dat is nou krekt hwat ik ek yn de holle hie, in lyts doarpshûs. Dy boatsjes
| |
| |
hie ik der net by en ik woe it hjir oan de dyk hawwe.’
‘It is in goed plan, mar it wurdt to djûr,’ tinkt Span. ‘It falt ús raer ôf, yn dizze tiid docht men neat mei seis tûzen goune.’
‘Dochs soe it kinne,’ biprakkesearret de smid, ‘mar dan moatte wy it wurk sels dwaen. Wy hawwe yn Heskampen in mitselder en twa timmerlju. Ik soargje foar alle izerwurk en set der in kachel yn. Jaep kin moai fervje, Span en Klaes kinne it grounwurk wol dwaen - mannen, as wy it meiïnoar oanpakke dan komt it der!’
Ja, it kin. It materiael keapje en dan meiïnoar it wurk dwaen. In stikje groun is der wol, dat komt altyd klear. Klaes lit syn boatsjes falle, dat sil hjir dochs wol neat wurde.
Nei noch in ûre praten is de list klear. Der stiet in klok op, in iisbaentsje, in sportfjild en in parkje mei in karperfiver. En dan ûnderoan in lyts doarpshûs. Fielt ien foar dat lêste, dan ek ynfolje oft er meihelpe kin en wol om it to bouwen. Hat ien hwat to missen? Alles is wolkom, stuollen, diggelguod - alles!
In wike letter binne de listen klear en it fjouwerspan sil der mei by de streek lâns. By Dykstra krije se de lêste ynstruksjes.
‘Sjoch,’ seit Dykstra, ‘se binne allegearre op namme. En net ynsmite, mar persoanlik oerlangje. Is de man der net - dan oan de frou jaen. En oars krekt sa lang sykje oant jimme ien fan beiden foun hawwe, dy dingen meije net wei wurde. Se moatte it mar ris bisjen en nije wike komme jimme om se wer op to heljen. Dan moat efter ien fan de plannen in krúske set wêze of der moat in nij idé op stean. Goed yn de holle?’
Se hawwe it foar 't forstân en de listen komme yn de fytstas. Sjirk en Martsje nimme de rjochtse kant en geane dan by Blom om 'e hoeke de mieden yn. Fimke en Jikke
| |
| |
nimme alles hwat lofts wennet en dan moatte se de polderdyk lâns nei de fiif boeren oan de feart.
It hat net folle om 'e hakken, hjir in praetsje en dêr in hwat langer forhael, nei oardel ûre is it klear en steane se wer by Blom op 'e hoeke.
Dan wurdt der dagen en dagen allinne binnendoarren oer de plannen fan de kommisje praet. It is ûngetiid en der wurdt wrot fan moarns ier oant jouns let. It hea is haedsaek en al it oare bysaek, sels it iten en drinken giet faek mei de frânske slach. De manlju binne gauris koart en rimpen, se krije to min sliep en dat hat syn wjerslach op de froulju en de bern.
Op in woansdeitomiddei sette Sjirk en de fammen der wer mei de fyts op út en se binne nijsgjirrich hwat it oplever je sil. It opheljen is fêst mear oan as oan it bringen.
Alle fjouwer hoopje se op in doarpshûs. Der soe in nij hûs by komme yn Heskampen en dat is op himsels al in wûnder. It meiïnoar bouwen en ynrjochtsjen liket harren ek moai ta, dat kin in gesellige boel wurde. Sy kinne dochs ek wol meihelpe? Fan binnen moat it ommers ek hwat kreas? Se kinne wol moaije tekeningen meitsje en dy oan de wand hingje! Of de hiele wand opfervje! Ja, en dan goed healwiis!
Dan stappe se op de fyts. Earst de fiersten mar, de Heskampers kinne se letter wol nimme.
Sjirk en Martsje bigjinne by Hofman, de earste boer yn de mieden. Frou Hofman skarrelet yn de blikke om.
‘Wy soene de list wer ophelje, frou Hofman,’ seit Sjirk. ‘Hat Sjerp der al mei dwaende west?’
‘Né bern,’ seit frou Hofman spitich, ‘wy hawwe it der wol oer hawn, mar hy hat der noch neat op set. It soe en it soe, hen? Hoe moat dat nou....’
‘Jo meije de namme der ek wol op sette,’ helpt Martsje. ‘As de kommisje mar wit hwat jimme it leafst hawwe.’
| |
| |
‘Ja, in lokael,’ knikt frou Hofman. ‘Ik sil de list gau helje.’ Se fordwynt yn 'e hûs en komt mei de list werom.
‘Moat ik de namme nou sette? Hastou in pinne, Sjirk?’
Sjirk hat wol in pinne en hy wiist oan hwer't de namme stean moat. Frou Hofman strûpt de mouwe fan de jumper hwat omheech en set dan, mei de tonge út de mûle en mei de reinwettersbak as muorrefêste ûndergroun, har eigen namme op de list.
‘Sa! It is net moai, mar ik bin ek al yn myn twa-en-sechstichste!’
‘Jo skriuwe noch goed, hear,’ priizget Martsje. ‘Wy kinne it bêst lêze. R. Hofman-Regnerus! Sjogge jo wol?’
Frou Hofman knikt greatsk. ‘Myn eagen binne noch goed.’
‘Yn oarder,’ seit Sjirk. ‘Sil ik dan efter “in lyts doarpshûs” mar in krúske sette?’
‘Ja mar. En - dat meihelpen fan Sjerp, dat wurdt net folle. Dêr moatte jimme mar neat foar rekkenje.’
‘Och, dat is net sa slim,’ ornearret Sjirk. ‘Der bliuwe genôch oer.’
‘Né,’ skodhollet frou Hofman, ‘Sjerp is in goede wrotter, mar hy kin net moai timmerje. Ik kin noch better in kninehok meitsje as hy.’
Dêr sjogge de bern dochs fan op. Asjebleaft! In kninehok....
De boerinne wiist greatsk nei de ein fan de blikke. ‘Dat haw ik makke! Kom mar ris mei,’ en se strûst foar de bern út.
Tsjin de hage oan stiet in kreas grien en wyt opferve hokje, mei in stikje daklear der oer foar it ynreinen en de flaemske reus dy't der yn sit hie it wol minder treffe kinnen.
Sjirk knikt fol respekt. ‘In moai hok! En dêr krûpt gjin knyn út.’
| |
| |
‘As ien fan beiden it mar kin,’ is frou Hofman fan bitinken, ‘dan komt it altyd klear.’
Dan moatte de bern wer fierder, dit wie noch mar it earste hûs.
‘As it sa giet, wurdt it wol sawn ûre,’ seit Martsje as se wer op de fyts sitte. ‘Dit is dreger as it rounbringen.’
Sjirk is it mei har iens en se fytse mar goed oan. Se kinne dochs ek net hurd fuortfleane as se de list yn 'e hân hawwe. Né, dat soe ûnfatsoenlik wêze. Tominsten as de minsken dan hwat sjen litte wolle. Nûmer twa hat de list klear lizzen en dêr binne se gau wer fan it hiem. By de tredde krije se in reep sûkelarje. Der is neat mear to drinken en se sille dochs hwat hawwe. De reep wurdt fytsendewei opiten en nou giet it nei de lêste oan de mieddyk, hinneboer De Jong.
By de Jong stiet alles op 'e kop. Hounen keffe tusken de hokken, hinnen keakelje en frou De Jong draeft om it hûs hinne mei har twa lytse bern.
‘Och heden, binne jimme dêr,’ is it earste dat se seit. ‘Martsje fanke - kom der gau yn en doch de doar goed ticht. Ja, dou meist der ek wol yn Sjirk, mar kinst noch better Jehannes helpe. Wy hawwe rotten, bern!’
Rotten! Martsje is net sa gau binaud, in mûs jowt se neat om. Mar rotten! Is der nou minder guod as rotten?
‘Ik gean der yn,’ bislút Martsje. ‘En dou, Sjirk?’
Sjirk heart it net ienris mear, hy draeft al nei efteren.
‘Hu,’ seit frou De Jong mei ôfgriis, ‘ik haw alle doarren en gatsjes ticht treaun. Stel je foar dat dy dingen yn 'e hûs komme!’
‘De hounen pakke se wol,’ treastget Martsje. ‘Hwer sitte se?’
‘Under in barte fan it âlde hok. Wy hawwe der in moai nij hok by krige, de hinnen binne al forhuze, der sit in betonflier ûnder, sa kreas as hwat. Nou soe Jehannes
| |
| |
it âlde soadtsje opromje en dêr komt my in rôt ûnderwei fanke - sa!’ en frou De Jong jowt mei de hannen in bist oan dat like great is as in lytse houn.
‘En Jehannes wurdt dan sa mâl, hen! Hy is gewoan net to brûken, it skûm stiet him hast op de mûle....’
‘Wy moatte der mar net mear oer prate,’ seit Martsje. ‘Is de list al klear?’
Sjirk komt efterhûs en dêr leit Jehannes op 'e knibbels, pet efter op de holle, in foarke en in biezem neist him.
‘Wolkom op it slachfjild,’ gniist er en hy wiist op in deade rôt rjocht foar him op in plankje. ‘Dêr leit er en neat seit er! Smoarge aeifretter, ik sil dy opbaerne.’
Sjirk sjocht mei ûntsach nei it griis-grauwe bist op it plankje. ‘Hwat in knaep, net?’
‘Mei de sturt in heale meter,’ seit Jehannes ûnforskillich. ‘It is de heit, dy komt altyd earst.’ Hy wiist nei it sté fan it âlde hok. ‘En dêr sit it âld minske noch mei de berntsjes.’
‘Wy moatte se mar pakke, net?’ freget Sjirk.
Jehannes riist oerein en de beide hounen komme fuort op him ta, krekt as hiene se dêr op wachte.
‘Wy sille ús kriichsplan opmeitsje,’ seit Jehannes en hy aeit it lytste hountsje oer de rêch. ‘Dizze haw ik liend fan myn sweager. Fûl as in foarke, hy hat der nocht oan. Wy sille se pakke, nou?’
It brune hountsje wurdt mâl, it fljocht as in raket hinne en wer.
‘Dou nimst de biezem en ik de foarke,’ seit Jehannes driigjend. ‘Hjir moatst stean gean, foar dit bultsje rûchte. Se moatte net by it hûs komme kinne, dit is it iennichste paedtsje. Net fuortrinne, allinne der om tinke dat der net ien yn de rûchte sjit.’ Hy giet nei de barte en set syn eigen Bijkehoun by de rânne del. ‘Klear?’
| |
| |
‘Ja,’ seit Sjirk biret en hy knypt syn hannen wyt om de biezem.
‘Dêr dan,’ raest Jehannes, hy set de foarke ûnder de barte en smyt it hiele gefal oer de kop.
Earst bart der neat. Dan dûkt it lytse hountsje yn de kûle en bigjint dêr yn de strierommel to graven.
Ynienen strûpt der in grouwe rôt oer de rânne en sil op de greate sleat ta, skean nei efteren. Hy komt net fier, healwei de sleat hat it hountsje him al to pakken. In draei mei de kop, de rôt fljocht in eintsje de loft yn en bliuwt dan stil lizzen.
‘Stean bliuwe,’ warskôget Jehannes, ‘der komme mear!’ Fjouwer lytse rotten sykje nou in hinnekommen. Ien komt op Sjirk ta en fynt de biezem op syn wei. Sjirk jowt it bist sa'n reis dat it wer by de kûle tolânne komt en dêr wurdt it, heal yn de sûs, ôfmakke troch it lytse hountsje.
Jehannes groeit nei in fantastyske foarm. Hy skelt en racht, springt oer de kûle en forwinsket syn eigen Bijkehoun dy't to fet en to dea is foar dit wurk.
Sjirk stiet laitsjend nei it skouspul to sjen, hy hie nea tocht dat in greate man him sa oanstelle koe.
It is ôfroun. Jehannes hat mei de foarke twa jonge rotten deamakke en it lytse hountsje hat de oare trije op syn namme.
‘It rjocht hat triomfearre,’ seit Jehannes plechtich en hy fandelet de deade bisten byinoar op it plankje. ‘Dou hast dyn post goed skjin makke. Froulju binne neat wurdich by dit regaed meitsjen. Jantsje soe my helpe, mar it wie ien stik earmoede. Gjin stûr wurdich, Sjirk. Dit is manljuswurk.’
Dêr is Sjirk it mei iens. ‘It binne ek fize bisten, ik kin de froulju ek gjin ûngelyk jaen.’
‘En dou moatst dy skamje,’ seit Jehannes dan tsjin syn
| |
| |
eigen houn, ‘djip skamje! Hwat hastou nou prestearre, gjin grevel!’
It hountsje sjocht him bliid oan en slacht mei de sturt. It brúntsje skuort noch altyd as in duveltsje yn it rottenêst om. Sjirk moat nedich wer fierderop en nimt ôfskie fan de hinneboer. Frou De Jong doar har feilige festing wer forlitte en de beide listophellers sette op nei Heskampen. It libben fan in hinneboer giet ek net altyd oer roazen, dêr binne se it oer iens. Martsje is nou al fan doel om letter net mei in hinneboer to trouwen.
Yn it doarpke binne se gau klear en se hawwe al in skoftsje by Martsje thús sitten as Jikke en Fimke dêr ek oanwaeije. Dy beide hawwe ek it nedige bilibbe. By de iene moasten se mei kouforweidzje en by in oarenien wie de hiele list wei. Nearne to finen en doe hawwe se mar op in stikje papier set dat it in lyts doarpshûs wurde moast en dêr de namme ûnder skreaun. Sjirk makket, dat de fammen de grize oer de grouwe rint troch it forhael oer de rotten en dan wolle se sjen hokfoar nuvere dingen op de listen steane. Der binne fêst moaije forhaeltsjes by.
Mar Blom strykt dêr in skoatteltsje foar. ‘Dat soe ik nou net dwaen,’ seit er. ‘Der binne faeks in pear by dêr't jimme om laitsje soene, mar dat jowt gjin pas. It binne allegearre gjin gelearde minsken, der binne by de âlderein guods dy't mar krekt harren namme sette kinne. Net om in oar syn flaters laitsje, jonges. Jow my dy listen mar, joun by Douma sille wy wol sjen hwat it oplevere hat en jimme hearre it dan fansels.’
Blom hat gelyk. It wurdt dochs in doarpshûs, safolle hawwe se wol sjoen en heard.
Al hoe drok de manlju it ek hawwe, in pear ûre tiid foar it algemien bilang kinne en moatte der ôf en sa sit de foltallige kommisje om healwei njoggenen by de smid om de tafel.
| |
| |
Earst de listen neisjen. Omke Jaep wurdt bineamd ta bûtengewoan siktaris, der moat in hiele bulte opskreaun wurde.
Twa en tritich hawwe harren útsprutsen foar in doarpshûs, ien is der by dy't der wol yn wenje en dêr de boel foar skjin hâlde wol.
‘Hat it net goed lêzen,’ ornearret Dykstra. ‘It stiet der goed yn, der is gjin sprake fan in wenning, allinne fan in soart Sweedske barak, in lokael.’
‘Der sil dochs wol in soart húswarder komme moatte,’ tinkt Span. ‘Ien dy't de kaei hat en om de kachel tinkt.’
Ja, dat fêst. It plak, dat spilet hjir in danich wurdtsje mei. Hwer moat it stean! Dat it der komt, dêr binne se it oer iens. Dykstra hat hjir en dêr syn ljocht al ris opstutsen. Der binne ek loadsen to keap, kant en klear, foar fjouwer tûzen goune. Sels bouwe is dochs folle better, it moat ek in sterk ding wurde. Mar de groun! Groun keapje kin net, dan soe der to min oerbliuwe. Se moasten in stikje hiere kinne.
De smid sjocht syn broer ris oan en dy knikt.
‘Foardat wy fierder geane,’ seit er dan, ‘der sit in man by ús dy't net in list krige hat om syn bitinken der op to setten. Hy wol der nou dochs wol hwat fan sizze. Jaep, kom op!’
Jaep brimt. ‘Ik haw net in list krige en dat hoecht ek net. Mar dat foroaret aenst. Mannen - ik haw juster de kamp fan Pasma koft, dêr bou ik in hûs op en fan 't hjerst trou ik.’
Asjebleaft! Jaep trouwe, dat is great nijs. En hwa is dat ûngelokkige frommeske dat har libben hjir slite moat?
‘Klaes wit it wol,’ seit Jaep. ‘It is syn nicht en se hat lokkich oars net fan him as de namme....’
‘Barst,’ seit Klaes. ‘Ik sil it ûnthâlde en ik kom net op dyn brulloft!’
| |
| |
‘Ik haw de hiele kamp net nedich,’ forfettet Jaep. ‘De kommisje kin de skeane punt foar in bytsje fan my hiere en myn oansteande frou en ik wolle ek wol it taforsjoch hâlde op - hwat wy dan mar neame sille - ús doarpshûs.’
De kommisje kin it hast sa hurd net forarbeidzje. Der moat thé komme en in nije sigaer. De nicht fan Klaes kenne se wol, Jaep hat it goed útsocht en se sil der wol by passe yn Heskampen. Hoewol - Span en Blom wolle der hinne om to sjen oft se wol de nedige talinten hat foar doarpshûsfrou. It kin ek wol ris in rûch soadtsje wêze en se hoege nou alles ek net oan to heljen! Jaep giet dêr wer tsjin yn. Se meije bliid wêze, dat sa'n bêste frou harren smoarge kofjekoppen omhimmelje wol.
Se hawwe der in protte wille om, mar it liket harren allegearre mar tige goed ta. Jaep wol it hûs foar de winter klear hawwe en it soe moai wêze as it doarpshûs dan tagelyk omheech gie. Dan koe it dizze winter al tsjinst dwaen as soas foar âlde manlju en útferzen arbeiders. It soe moai wêze as it iepene waerd mei Jaep syn brulloft!
Mar sa fier is it noch net, de forgunningen moatte der earst wêze en der is noch safolle to dwaen. Se moatte nou earst mar ris sjen hwa't allegearre meihelpe wolle by it bouwen en ynrjochtsjen.
It wurdt in hiele list en it docht de kommisje suver goed om to hearren hoe great de meiwurking is.
Boer Pasma biedt oan om mei trekker en wein alles forgees op to heljen út it greate doarp. Stiennen, hout, platen of dakpannen - alles dat mar to bitinken is.
Frou de Boer, Aldert syn mem, hat in greate naeimasine en wol alle naeiwurk op har nimme. Gerdinemeitsje, kleedtsje-omseamje en hwat der fierder foar in skroar mar to dwaen is.
Kok, de mitselder, wol it mitselwurk dwaen. De kom- | |
| |
misje moat der al mei rekkenje dat hy faek op kerwei is en dan allinne sneons mar helpe kin.
Dêr binne se wiis mei! Kok moat der by, hy moat it fondemint mitselje. Sûnder Kok soe it net klear komme.
Geardink, ien fan de boeren oan de feart, hat in hiel forhael skreaun. Hy komt mei in greate tafel, in kast en fjouwer knappe stuollen. Sels kin hy der min ôfsjen, mar de frou is der op útsjoen en wol nij spul hawwe. De frou is baes en dêrom - foar it goede doel, forgees!
Dykstra sil de gemeente ek efter de boksen om stuollen. Dêr komme ek acht nije en de âlde moatte net fuort.
Span lêst mar op en Dykstra en Jaep sette alles op in list. Twa skaekspullen, in wynbuks en in piperakje mei in hiel apart Bulgaersk kleed derefter.
De kommisje wit hielendal net oft dat wol earne hingje kin yn it doarpshûs dat nou noch in berch yn'e loft is, mar it wurdt opskreaun. Piperak mei frjemd kleed! It stiet der op.
Oan al it goede komt in ein en Span pakt de lêste list.
‘Doarpshûs! Oan to bieden: in bêst spyljend radio, allinne in bytsje skurf yn it lakwurk. Oarsaek fan dy skansearring: it wiif wie sa dom om der in gleone strykbout boppeöp to setten.’
‘Hwa yn Heskampen hat hjir sa'n wiif,’ seit de smid. ‘Dat kin sels ek net folle wêze, oars wie er net mei sa'n apparaet troud.’
Span draeit hwat mei de list om. ‘Moat it der perfoarst by sein wurde, foarsitter?’
‘Né,’ antwurdet dy. ‘It giet om it oanbieden en net om in frou dy't in radio strike woe. En dêrby - it minske hat der wol genôch lêst fan hawn, leau dat mar.’
Douma stekt syn hân omheech. ‘Ik woe it dochs graech witte, foarsitter. Sjoch, ik wol dy earme keardel in nij
| |
| |
radio leverje mei tsien persint koarting. As ik him lije mei - hjirsa, dan kriget er ek fyftjin!’
‘Span, lês mar op,’ laket Dykstra. ‘Jo witte it sels ek al. Lês op!’
Span skodhollet drôvich. ‘Goed, mar it giet net neffens myn moed.’ En dan lêst er fan de list, hiel stadich en mei in grêfstimme: ‘De achte hear S. Blom....’
‘Fordeald,’ snúft de smid, ‘as ik dat witten hie....’
Blom stekt him deakalm de hân ta. ‘Wol bitanke! Dou bist in waermfielend minske. Mar wurdt it nou tsien of fyftjin persint?’
Hwat de smid dan seit kin net ien fan de kommisjeleden forstean. It is praten mei de mûle ticht en der binne mar inkelden dy't dat goed kinne. Yn alle gefallen it is gjin tael dy't men forwachtsje kin fan in troch de boargemaster oansteld kommisjelid. De koarting wurdt dan fêststeld op tolve en in heal persint.
Fjouwer stimmen foar en ien blanko.
Dan giet de kommisje oer nei it folgjende punt, thé mei in pennywafel. Alles út de winkel fan de achte hear S. Blom.
|
|