| |
| |
| |
| |
10. It doarpshûs
Sjirk en de fammen hawwe in simmer dy't harren lang bybliuwe sil. It is de lêste simmer dat se meiïnoar op skoalle binne. Mei koarten, nei de greate fakânsje, komt it hiel oars. Sjirk sil nei de technyske skoalle yn Ljouwert, Fimke nei de brêgeskoalle yn deselde stêd en Martsje wit it noch net.
Span en de frou wolle Jikke nei de M.U.L.U.-skoalle yn Burgum hawwe. Dokkum en Ljouwert kinne ek, mar dat is hwat fierder. Jikke sil nochris bisykje om yn in gaedlik kertierke de foardielen fan Ljouwert goed breed út to mjitten. As Martsje dan ek noch meisleept wurdt, kinne se dochs meiïnoar reizgje. Ja, Martsje moat dochs it ien of it oar! Se mient mar dat se de M.U.L.U. net helje sil, mar dat kin ommers wol genôch tafalle. Sjoch nou ris hwa't der út it doarp hinne geane. Gerke fan Wearen!
| |
| |
Hjirsa, hy koe net ienris goed Nederlânsk prate. Hy flybke op syn boekje as er lêze moast, it wie altyd wiet. En dy giet nei de M.U.L.U.
En Froukje Kistmakker! Dom as in ûle. Mar se sit yn de bus mei de krol yn it hier en se draeit mar hwat mei de eagen. Se sil wol sitten bliuwe, mar dat is har likefolle. Se giet op de M.U.L.U.! Ja, Froukje doar wol! En dat is it krekt, Martsje doar net! Se kin in net to swiere learaer wol oer de banken smite, sa sterk is se. Mar fan in lyts algebra-boekje is se bang. Och och, hwat is it hwat.
Sa sitte de oare trije Martsje mar oan to hysjen. Om har mar mei to krijen nei de stêd, om mar bymekoar to bliuwen en om it fjouwerspan mar sa lang as it kin yn stân to hâlden.
Sa lang as it kin, hwant se fiele alle fjouwer wol dat it sa net altyd bliuwe sil. De skoalletiden sille fêst net gelyk wêze en dan komt it húswurk om de hoeke kypjen. Der sil fêst net folle tiid oerbliuwe foar boartsjen en fiskjen. Noch wol in bytsje! Houhou, se litte alles sa mar net fleane. Né, hear! Dizze simmer moat út helle wurde hwat der yn sit, sa is it al.
En it wurdt der út helle. Hiene se foarhinne wol ris in lyts en hiel inkeld in hwat greater forskil fan miening, fan 't simmer binne se ienriediger as ea. Dizze simmer wurde se ek in hiel stik wizer en greater. Aenst binne se ek net lyts mear, as men fan de legere skoalle ôf giet is men great en dan wurdt men foar fol oansjoen. Dêrom - gjin spul as it net hoecht. En hwerom soene se ek spul meitsje? Hawwe se net alles hwat mar to bitinken is? Se binne soun en sterk en se hawwe alle fjouwer heit en mem noch. Is men dan net ryk?
Hawwe se alle fjouwer net in prachtich horloazje dêr't de hiele skoalle oergunstich op is? Omke Jaep skat elts horloazje op twahûndert goune! It kin in bytsje minder
| |
| |
wêze, mar ek wol mear. En hwat hawwe se allegearre noch net yn 't fet! Omke Jaep sil trouwe! Net dat dêr in great feest fan komt, né, dat net. Se hawwe beide al in kear troud west en dan jowt men net in greate brulloft mei slingers en in djûre wite breidsjurk, dat bigripe se alle fjouwer hiel goed.
Mar it bliuwt in bûtengewoan harren foar it fjouwerspan en ek net ien fan de ploech hie der ea oer prakkesearre. Hy hat harren moai foar de kroade hawn, dy glimkjende omke Jaep. Nou krije se der in muoike by, muoike Sjouk!
En dan hawwe se noch it doarpshûs....
Fyftjin july bigjint de greate fakânsje en dan stiet yn Heskampen al it treddepart fan in nij hûs en in lyts eintsje fierder, op it lêste stik fan de kamp, is de fondearring to sjen fan in lytser hûs, it doarpshûs.
De earste moandeis fan de fakânsje steane Sjirk en de fammen by de timmerlju op de kamp. De overalls binne oan, de bannen sitte los yn de bûsen - klear om oan to pakken. Net ien hat yn 'e holle om yn de fakânsje hjir of dêr hinne to gean. Hwer soene se ek keare? De âlden geane net mei, dy hawwe it net oan tiid. Neffens de wet binne Douma en Blom in wike ticht, mar net ien fan beiden giet fuort. Dat is nou krekt in wike om hwat oan it hûs to dwaen. Takomme jier mar wer ris nei Skylge, nei Parys, of de Ryn op.
Martsje hat har moed net oer de stiennen rânne dêr't it doarpshûs op stean moat. ‘It liket mar lyts, tinkt jim ek net? It liket mar in hokje, as ik dy rânne sa sjoch.’
Ja, Martsje hat gelyk. By dat fan omke Jaep liket it krekt in hok. It soe net in skouboarch wurde, mar dit - né, dit is neat. Keimpe, de timmerbaes, giet efkes nei it fjouwerspan ta.
‘Nou jonges? Al moai bigjin, net?’
| |
| |
‘It is sa lyts,’ seit Jikke. ‘Wy woene it hwat greater hawwe.’
‘Dat falt jimme aenst mei,’ foarseit Keimpe. ‘As it de hichte mar yn giet, dan liket it hiel oars.’
‘Wy koene wol hwat dwaen,’ seit Sjirk dan. ‘Witte jo ek hwat foar ús? Wy hawwe it de hiele moarn oan tiid.’
Keimpe klaut efter it ear en sjocht harren oan. Dêr steane fjouwer dy't hwat dwaen wolle en sokken moat men helpe.
‘Modderkroadzje,’ seit er dan. ‘Sjoch, dêr yn de daem kinne noch wol tsien kroadfollen by. Ik haw wol skeppen en jim meije myn kroade wol hawwe. As Sjirk nou kroadet, dan kinne twa fan jim wol lade. En dou,’ hy wiist op Martsje, ‘dou kinst moai sljochtsje yn de daem. Dou weachst der aerdich yn! Earst dy bult mei de stiennen, dy rommel moat ûnderyn. En dan hwat moai guod der oerhinne. Soe it kinne?’
Fansels, it moat! It doarpshûs moat dochs klear? Jikke en Fimke skeppe de kroade fol en as Sjirk dan it spul nei de daem bringt, hawwe se efkes tiid om to bikommen. Martsje dounset as in lyts oaljefantsje op de kluten en de stikken stien, it sil der nou ek goed yn.
As Douma en omke Jaep in healûre letter mei in karfol izerwurk by de kamp komme, sjogge se dêr de fjouwer grounwurkers skreppen en se kinne mei de karre oer de nije daem.
‘Dit liket der op,’ priizget Douma. ‘It is ek kofjetiid, jimme hawwe wol hwat fortsjinne. Komme jim by ús?’
Né, net oan tiid. Se wolle wol kofje hawwe, mar it wurk moat net stilstean. Se hawwe nou krekt de gong der yn. Né, se komme net.
‘Dan sil ik it helje,’ seit omke Jaep. ‘Sok wurk moat hwat by, oars hâldt men it net út. It is it swierste wurk
| |
| |
dat der is.’ Jaep giet nei hûs en komt werom mei in tsjetteltsje kofje, fjouwer bekers en in pear sûkerlatten.
Keimpe en syn beide feinten krije kofje fan lytse Tsjalling syn frou en se geane allegearre bymekoar sitten.
Hwat smakket dat lekker! Dat is nou it moaije fan de fakânsje, kofjedrinke yn de frije natuer. Op in stegerplanke sitte, yn de sinne mei de frisse wyn troch it hier en prate oer groun en stien, reade meny en in doarpshûs mei in toanielflierke der yn. Wis, dat moat der yn. En ek in lytse koken mei in goatstien. Leave stumper, hwat komt der hwat to forhakstûkjen. Wetterlieding moat der hinne, dy goatte moat ek noch groeven wurde. Dat kinne se moarn wol dwaen, as se dan tominsten noch gjin greate blierren yn de bannen hawwe.
Keimpe giet oerein, it pypskoft is om. Hy biedt Sjirk in prûmke tabak oan, dat heart by in goede grounwurker, seit er. Sjirk hat dochs leaver in toffé fan Martsje, dy fize prûmtabak mei Keimpe wol hâlde. En dan wer oan it wurk....
Jouns, as de trije timmerlju nei hûs binne, komt in nije ploech op it kampke. Douma, Jaep, Blom, lytse Tsjalling en it fjouwerspan is ek wer presint. Letter foeget Dykstra him der ek noch by. Hy hat de tekening, de sinten en it taforsjoch. Men soe him de oannimmer neame kinne en dan omke Jaep de útfierder. Al de oaren binne hantlangers en trijeklezoaren.
Mar it doarpshûs sjit op! Twa healen foar in hielen, seit Jaep. En as der mar genôch healen binne, komt it likegoed klear. Njoggen ûre steane de beide sydsketten oerein. Nou sjogge de bern ek wol dat it mei de greatens hwat tafalt. En it wurdt ek goed sterk, ûnder de flier lizze swiere balkjes en alle wanden binne dûbel.
It fjouwerspan is drok oan it fervjen as Dykstra efkes by harren stean bliuwt.
| |
| |
‘Hawwe jimme al ris oer in namme tocht?’ freget er. ‘Ja, in namme foar ús doarpshûs,’ forfettet er as de fjouwer fervers him freegjend oansjogge.
‘Moatte wy dy dan bitinke?’ seit Fimke.
‘Ja,’ knikt Dykstra. ‘As jimme nou fjouweresom ris in moaije namme bitinke koene, hoegden wy net in priisfraech foar alle Heskampers út to skriuwen. Jimme binne de foarnaemste persoanen yn de skiednis fan dit hûs, jim binne om sa mar to sizzen de heit en de trije memmen. De eare om it bern in namme to jaen komt jimme earlik ta.’
Dat is in goede mop! De heit en de trije memmen....
‘Ja,’ laket Jikke. ‘Mar is it nou in jonge of in famke?’
Nou is Dykstra oan bar om to laitsjen. ‘Dat wit ik ek net! Sjoch, it sit sa,’ en hy wiist op Sjirk, ‘jimme heit wol fan moai smeiwurk letters meitsje en dy foar op 'e gevel fêstsette. Mar hy moat earst Witte hokfoar letters! It sjit hurd op, wy moatte it moarn einliks witte. Hâld nou mar op mei fervjen, gean nei hûs en bitink in moaije namme, bygelyks: ús thús, ús honk, it bargehok - ik neam sa mar in pear. It moat koart wêze, koart en krêftich. En dan - mei nimmen der oer prate!’
‘Wy sille ús bêst dwaen,’ seit Sjirk. ‘Jo krije joun noch in list mei nammen en de moaiste sette wy boppeoan.’
Se hâlde op mei fervjen, rinne nei Blom en geane dêr op de bank sitten. Soks moat men rêstich by sitte, dit giet net foar in blaumoandei, mar foar ivich.
Martsje hellet papier en pinnen. ‘Neat sizze, allegearre trije nammen opskriuwe.’
Se sitte swier to tinken. It is in earfolle opdracht, mar it falt om de deale net ta! Se jowe harren sels in kertier tiid.
Martsje is earst klear. ‘Ik haw trije. Sjirk, byt net op dy pin!’
| |
| |
Sjirk hâldt op mei sobkjen en krast ek hwat op syn papier.
Nei in kertier suchtsjen en stinnen moat it moai wêze. Oplêze! Martsje hat ‘De Bijekoer’, ‘It Eameldersnêst’ en ‘It Jounssintsje’.
Sjirk hat twa. ‘Meiïnoar ien’ en ‘De Stjer’.
Jikke lêst op. ‘Doarpsnocht’. ‘It Kninehok’. ‘Nea Tocht’.
Nou Fimke noch. ‘Ik haw mar ien,’ seit Fimke, ‘mar it is neffens my in hiele bêsten - “It Jaske”. Hoe liket dat?’
It Jaske! Dat is it.... It jaske hawwe se alles oan to tankjen.
‘It hat einliks in dûbele bitsjutting,’ seit Fimke dreamerich. ‘It jaske fan Olsson, mar ek in jaske dat ús allegearre past en dat ús droech hâlde sil, in waerm jaske foar it hiele doarp’.
Fimke is it wûnderbern fan Heskampen, wolle de trije oaren op út. Se sil it fêst fier bringe yn de wrâld en dan sil se har trije boartersmaten forjitte. Net troch har greatskens, né, troch har geleardheit.
‘It Jaske’ komt boppe op de list, dan mei algemiene stimmen ‘It Jounssintsje’ en as tredde nimme se ‘It Kninehok’.
Fimke giet nei hûs, Martsje is thús en Sjirk en Jikke sille it stikje papier noch efkes by Dykstra oanbringe. En dan - op bêd!
Op in sneon yn augustus stiet it fjouwerspan by it doarpshûs, alle fjouwer mei in rôlle papier yn de hân. Joun, healwei achten, sil it offisiëel iepene wurde en nou moatte de tekeningen dy't se yn de fakânsje makke hawwe ophongen wurde. It wachtsjen is op omke Jaep mei de kaei.
Omke Jaep is noch net troud, syn hûs giet sa hurd net
| |
| |
as it doarpshûs. Né, it wurdt mei omke wol Alderheljen, dêr koe it doarpshûs net op wachtsje. It is ek noch wol sa goed, tinkt it fjouwerspan. Dan is it wer feest en men kin better twa lytse feesten hawwe as ien greaten. Mar, hwer bliuwt dy man nou! Kin er it spul net fine? Hy soe spikers en in hammer helje.
Se stappe nei it hûs om to sjen, hwer't Jaep bliuwt. Hwat wurdt it in moai hûs! It is net sa great, mar wol nijmoadrich. Platte finsterbanken, in rûme koken en ek in brûs. Muoike Sjouk treft it! Mar se gunne it muoike Sjouk, altyd fuort to húshimmeljen en to bitsjinjen is ek neat oan.
‘Se hat mar in lyts pensioen,’ seit Fimke, ‘se kriget it folle better.’
Dêr is Jaep! ‘Stiet myn hûs jimme oan?’ freget er glimkjend.
‘Wy hiene it der krekt oer,’ seit Jikke skodholjend, ‘it is to moai! It is fiersten to deftich foar Heskampen.’
‘Ja, it rint der út,’ seit Martsje. ‘Wy hawwe heard dat it ek noch net bitelle is! It moat wer ôfbrutsen wurde...’
‘Jim gunne in earme keardel net in bytsje gelok yn syn earmoedich bistean. Boppedat - ik haw dit oan Sjirk to tankjen.’
‘Oan my?’ seit Sjirk forheard.
‘Ja,’ knikt Jaep. ‘Hy soe in horloazje fan my hawwe, mar dat hoecht nou net mear. Dat stik jild koe it tsjin myn hûs oan smite! Dy brûs hat hy bitelle!’
Laitsjend geane se nei it doarpshûs.
De tekeningen wurde op de moaiste plakken ophongen en dan moat de koken noch ris bisjoen wurde, dy koken is en bliuwt it wichtichste stikje fan it doarpshûs, de fammen binne der net wei to slaen. Krekt as Jaep de doarkes efkes iepen hat om sjen to litten hwat foar hearliks der allegearre efter sit, giet de doar iepen en in frou
| |
| |
komt der yn, in great bosk blommen yn de iene hân en in pakje yn de oare. Frou Meines! De nije muoike!
‘Wolstou nou al trouwe?’ seit Jaep en hy wiist op de blommen.
‘Ja,’ laket syn oansteande, ‘ik wie bang datstou fuortrinne soest! Wy hawwe hjir tsjûgen, in moai sealtsje en Sjirk kin ús wol efkes trouwe. Hy kin in moaije oanspraek hâlde, dat hawwe wy doe yn it gemeentehûs wol heard.’
De bern hawwe wille en se binne daliks thús mei de nije muoike Sjouk. Se kriget fuortynienen twa earenammen, opperhaed fan It Jaske en frou Douma de twadde fan Heskampen.
‘Pak dit mar ris út,’ seit Sjouk en se jowt Jaep it pakje.
Jaep hellet der fjouwer stiif strutsen wite skelkjes út. De fammen krije elts ien fan him en se wurde gau efkes foar dien. Joun sille se mei bitsjinje, allegearre mei sa'n moai skelkje foar!
‘Sjoch, dit is hwat greater,’ seit omke Jaep en hy hâldt Sjirk it fjirde skelkje foar.
‘Moat ik dan ek sa'n ding foar hawwe?’ freget Sjirk forheard.
‘Dat sei ik net,’ seit omke Jaep smout. ‘Ik sei allinne mar dat dit hwat greater wie! En dou rounst der moai yn....’
‘Né jonge,’ seit muoike Sjouk, ‘dou hoechst net in skelkje foar, hear! Sa slim is it nou noch net. Hy soe dy myn eigen skelk jaen.’
Se laitsje noch om Sjirk syn fiis antlit as Dykstra der yn komt. Dykstra hat it fleanende drok en se moatte nou alles noch efkes hurd neigean, joun moat it glêd rinne.
Dykstra sil iepenje mei in koart wurdtsje bûtendoar. Dan sil er âlde Hylkje, mei har twa-en-njoggentich jier de âldste fan Heskampen, útnoegje om it kleed foar de namme wei to lûken.
| |
| |
‘Us heit sei dat Hylkje al drok oan it oefenjen wie mei it tou fan de baksaker,’ seit Jikke.
‘Fanke, dat hat er út de gek sein,’ ornearret Dykstra.
Jikke miende dat it earnstich bidoeld wie, mar nou't se der goed oer neitinkt - né, it is ek to gek.
Se geane wer fierder. Boargemaster Jongma sil dan de doar iependwaen mei in forsierde kaei. Hat Martsje alles klear?
Martsje hat de kaei in lintsje oanboun en joun sil se him meinimme en him dan de hear Jongma oanbiede op in moai lyts kjessen.
De blommen! Jikke sil frou Jongma in boskje blommen oanbiede en Fimke sil Hylkje foar har rekken nimme. Wis, Hylkje moat ek in boskje hawwe. Binne de blommen by Span?
Se steane by Span yn it lege bûthús en Jikke sil se meinimme.
Moai! Jongma docht de doar iepen en dan sil er yn it hûs in taspraek hâlde. Efkes der om tinke dat syn frou in goed plak kriget, se moat mar hwat tusken frou Dykstra en frou Span yn.
It sil wol groatfol wurde as alle Heskampers komme. Earst de greaten der yn en - as der plak oer is - dan de bern. De bern moatte al hwat hawwe, hwa sil dêr om tinke?
Jaep soarget foar de bern en Sjirk is der wol om by to springen. Dykstra sil dan de lieding wer oernimme en it muzyk oan it wurk sette. Dat kin in ûre de stimming der yn hâlde mei sjongen en spyljen. Dykstra hat der sels hinne west en de nûmerkes sjoen dy't it dwaen sil. Hiel aerdich, it kin bêst.
Dan binne se al in hiel ein. Faeks is der noch ien dy't hwat sizze wol en oars hat Fimke har mem noch wol in foardracht efter de hân.
| |
| |
Tofreden stekt Dykstra wer ôf. It komt wol klear, mar hy sil ek wer bliid wêze as alles efter de rêch is.
De fammen sette mei muoike Sjouk op elts tafeltsje in faeske mei blommen en Sjirk helpt omke om sigaren en sigaretten yn bekerkes to dwaen.
‘Wy nimme in glês sitroenlimonade,’ seit omke Jaep. ‘Ik bin hjir de kantinebaes en wy moatte ek sjen oft se ús gjin rommel yn 'e hannen treaun hawwe.’
Sjirk is der flak foar. Jaep sil bihindich in koark spatte litte, mar hy kin it sa bihindich net dwaen of de fammen hearre it. Fansels, nou moatte se alle seis in glês hawwe. Se geane der efkes rêstich by sitten en se binne it der oer iens dat it gjin rommel is. Dat kin ek net oars, hwant Blom hat it levere!
Dan giet elts in kant út. Joun, healwei achten! Dan is it feest!
Healwei achten stiet hiel Heskampen op Pasma's kamp. Great en lyts, allegearre mei in goed sin en yn de bêste pronk! Feest! Elts moat in slach om it doarpshûs hinne en der hwat fan sizze. Der omhinne rinne duorret net lang, it doarpshûs is en bliuwt fan biskieden ôfmjittingen. Mar hwat is it in leaf ding wurden!
As Sjirk en de fammen op de kamp komme is it dêr al in hiele drokte en it is de muoite wurdich om de krityk oan to hearren. Aldert hat de goatten opferve en hy is der net by wei to slaen. Hy hat al oan in man of tsien forteld hoefolle lagen ferve hy der op strutsen en hoe bêst it spul is dat hy der opsmard hat, it kin jierren sitte neffens him, fêst wol fiif jier.
Dan merkbyt er ynienen in keal plak oan de side nei de dyk.... Dat hat er forgetten! Hoe bistiet it, wol grounferve mar gjin glânsferve.... As oaren dat nou mar net sjogge. Hwat sneu.... Hy rint gau nei de foarein en tinkt djip nei. It sit oan de ûnderkant, mar in tûke baes
| |
| |
sil it samar sjen. Hy moat der op in joun mar hinne mei in bytsje ferve. Hiel let, as der gjin ien mear op de dyk is...
Alde Hylkje forskynt oan de earm fan har dochter en elts makket romte. Hylkje is hjoed ien fan de earegasten en Dykstra nimt har efkes fan siden.
‘Hoe is it Hylkje, noch net senuweftich?’
‘Né hear,’ seit Hylkje. ‘Ik haw in rôlle pipermunt yn de tas en dan kin my neat oerkomme. Is dat it tou?’ en se wiist op de koarde dy't by de gevel del hinget.
‘Ja,’ seit Dykstra, ‘is it net in moaijen ien? Hy kostet wol in daelder de meter.’
Hylkje kin noch krekt har goedkarring útsprekke en dan moat Dykstra gau nei de daem. De boargemaster is der!
Nou is it dan sa fier. Dykstra klimt op in bankje en nimt syn hoed ôf. De huodden fan Douma, Span en Blom fordwine ek op de rêch en Klaes en omke Jaep binne frij, dy hiene sa snoad west om neat op de holle to setten.
‘Achte hear boargemaster, frou Jongma en ynwenners fan Heskampen, allegearre wolkom op dizze dei, ik soe it hast neame wolle - de dei fan Heskampen,’ bigjint Dykstra dan. ‘Hwat yn it iene doarp faeks jierren duorret en yn it oare hielendal noait ré komt, dat hawwe wy hjir yn Heskampen yn in fearnsjier klear krige - in doarpshûs! Mei it jild fan in Sweedske fabrikant en mei de stipe fan al it doarpsfolk hawwe wy hjir in leaf doarpshûs op de kamp stean sa't men it selden sjocht. Fan bûten is it in lust om to sjen en ik doar wol sizze dat it joun in hiele toer wurde sil om eltsenien der wer út to krijen, sa moai is it fan binnen. As ús boargemaster aenst de doar iepen dien hat sil eltsenien sjen kinne dat ik net to folle sein haw.
Us hûs moast ek in namme hawwe en wy hawwe dêr in fjouwertal deskundigen oer gear hawn. Jild hat it net koste, se wenje hjir yn Heskampen en jimme kenne se
| |
| |
allegearre wol, it binne Sjirk en syn trije fammen. Ik sil nou neat fan de namme sizze - it hoecht ek net, dy namme sprekt foar himsels - mar ik soe nou ús âldste ynwenster, frou Bonnema, útnoegje wolle om dy namme iepenbier to meitsjen.’
Hylkje - frou Bonnema is har sneinske namme - jowt har dochter de stôk en de tas en stapt op de koarde ta.
Dykstra knikt har ta en se lûkt mei ien hael de âlde oergerdinen fan frou Span iepen.
Yn moaije krolletters stiet dêr de namme, ‘It Jaske’.
De boargemaster klapt yn de hannen en eltsenien nimt it oer. It Jaske! In moaije namme. En ek apart. Ja, en ek net sa'n mûlfol om it út to sprekken. Koart en krêftich.
Sjirk en de fammen hearre wol dat it der ynfalt en it jowt harren in foldien gefoel.
Jikke en Fimke steane al klear mei de blommen en mei in bûging wurde se frou Jongma en Hylkje oanbean. Frou Douma en frou Span jowe mekoar in triuwke as se sjogge hoe't Hylkje it bosk anjelieren soarchsum yn har earmen nimt, krekt as wie it in lyts berntsje. Hwa wit, soe se wol ea earder in bosk blommen hawn hawwe fan immen?
Martsje hat it lytse kjessen en de kaei mei it lintsje út har tas helle en de hear Jongma mei nou bisykje oft de doar iepen wol. It slagget fuortdaliks en eltsenien kin der mar yn gean. It doarpshûs is iepen!
Oardel ûre letter stiet Sjirk efkes bûtendoar om in luchtsje to skeppen. It giet wol moai, it is allinne mar smoarhyt yn it lytse sealtsje. Boppedat is lytse Tsjalling oan it wurd en Sjirk mei Tsjalling nou ienkear net sjen en net hearre.
Dêr komt noch ien oan dy't it binaud hat. Tsjonge, omke Jaep! Togearre steane se stil nei de stjerren to sjen en se snuve de koele lucht djip yn de longen.
| |
| |
Binnen út wei komt in orkaen fan hantsjeklappen en stompen mei de fuotten.
‘Soe Tsjalling it sa moai sein hawwe?’ seit Sjirk.
‘Dat bistiet net,’ tinkt omke Jaep, ‘ik leau earder dat hy fan it toanieltsje ôfknoffele en by âlde Hylkje op de skurte tolânne kommen is. Harkje mar ris hoe't se laitsje.’
‘Olsson kin it hast hearre, sa giet it der om wei,’ ornearret Sjirk.
Jaep knikt. ‘Ja, as er hjir nou wer oerhinne fleach - dan koe er it hearre!’
‘Nuver is it,’ mimeret Sjirk. ‘Earst hiene wy neat en nou - in horloazje en in juwiel fan in doarpshûs! It kaem samar fan boppen!’
‘Ja jonge,’ seit omke Jaep, ‘it foel út de loft....’
Dan geane se wer troch de doar, reek en wâlm tomjitte.
|
|