| |
| |
| |
| |
8. De bileanning
Woansdeitomiddei trije ûre stiet de bus klear op it hiem. Sjirk en omke Jaep lizze noch in mannich kjessens op de banken en dêr fleuret it ynwindige noch hwat fan op. Fan bûten liket it aerdich op in feestbus, it boskje blommen docht it goed op it foarrút en boppe oan it rek sitte twa lytse flaggen fêstboun, in Frysken en in read-wyt-blauwenien. De dûken yn de spatskerms is neat oan to dwaen, it moat sa mar moai wêze.
‘Nou geane wy sa by de doar stean, elts oan in kant,’ biöarderet omke Jaep. ‘Sjoch sa, de hannen op 'e rêch en it boarst foarút.’
‘Wy moatte in blom yn it knoopsgat hawwe,’ seit Sjirk. ‘Sil ik sjen hwat der is? Feitlik moasten wy allegearre ien hawwe.’
| |
| |
‘Ja! In goed idé! Helje earst mar twa peaskeblommen foar ús.’
Sjirk docht it, se wurde to plak set en dan geane se stean by de efterdoar fan de bus, Sjirk yn it blauwe pak mei in gloednij flinterstrikje foar en omke Jaep ek yn it blau, mar mei in gewoane strik en dêr it moaiste op dat er hat, in diamanten spjeld.
‘Dat flinterstrikje docht it fordealde goed,’ seit omke Jaep goedkarrend. ‘Dou stiest der by as ien fan fyftjin, dy man leaut aenst noait datstou tolve bist.’
Sjirk glimket. Alles sit wûnderbaerlike goed om him hinne, net to stiif, net to slop - krekt fan pas. Hy fielt him noflik en klear foar de saek. It hier sit kreas, hy hat him goed wosken - der mankearret neat oan. Nuver, as hy wit dat de klean yn oarder binne, hat er selsbitrouwen.
‘Dêr komme se oan,’ seit er ynienen. ‘Sjoch, Fimke en Martsje helje Jikke op. Tink der om omke, Fimke hat nije skuon, hear! Siz dêr efkes hwat fan.’
Omke Jaep stekt syn tûme omheech en glimket. ‘Wy sille harren efkes op 't stuoltsje sette! As se hjir tominsten earst hinnegeane.’
Ja! Dêr komme se by Span út 'e hûs! Sjoch hoe't se stappe en hwat hawwe se in wille.
‘Nou, dêr binne wy!’ Skjin as sulver en mei in kleur op 'e wangen bliuwe se foar Sjirk en omke Jaep stean. Dêr binne wy! Hwat sizze jimme der fan.... Jikke yn de reade jurk mei in gouden keatlinkje om 'e hals. Martsje mei it hier wit-hoe-heech en Fimke mei de nije skuon oan.
Omke en Sjirk steane stom mei de hân oan it kin. Sjirk sjocht by him del, skodhollet en seit: ‘Ik miende dat ik kreas wie omke, mar hjir fal ik by wei!’
‘Nou, dou bist ek goed kreas, hear!’ tinkt Martsje. ‘Hwat stiet dat strikje dy goed. En dat blomke! Hawwe jim ek ien foar ús?’
| |
| |
‘Né,’ seit omke Jaep. ‘Gjin blomke. Dan wurde jimme to moai. Né, nou sille jim sizze dat ik it liich, mar it is wier hear! Ik sjoch jim hast net oars as yn in overall en mei striekes yn it hier - nou steane jim hjir sa! Fimke - dou bist wol twa tûme greater wurden! Hoe kin dat bistean?’
‘Dat komt fan myn nije skuon,’ seit Fimke greatsk. ‘Se sizze allegearre dat ik nou greater bin. It komt troch dy hakjes.’
Omke Jaep wiist nei Martsje har hier. ‘Dat hier! Witst wol hwerstou nou op likest? Op ien fan ús prinsessen! Op dy tredde....’
‘Ja! Op Margryt! Dat haw ik ek sein!’ ropt Jikke út.
Omke sil der noch in skep op dwaen, mar dêr is gjin tiid mear foar. Douma komt der by en de oaren binne ek net fier mear ôf.
Klaes Tromp hat in lefdoek yn it bûske en hy liket yn de sneinske klean wol tsien jier jonger. Hy hat in skjinne slúf om 'e seare finger en frou Blom hat noch twa wite mansjetten om har polsen. Douma sjocht skodholjend nei de beide wynseldragers. ‘Dat sokke minsken nou sels net sa forstannich binne om thûs to bliuwen,’ seit er dan tsjin Span, ‘se skeine de hiele ploech.’
‘Ja, dat hiest wol wollen, hen?’ feecht frou Blom fan har ôf. ‘En jimme al dat lekkere spul opite. Sa gek binne wy net!’
Healwei fjouweren! Ynstappe! Hoe moat dat nou? Douma moat it mar sizze. De smid hat de hoed efter op de holle stean en sjocht it hear oer.
‘Jaep en Sjirk by my foar. Blom mei de soan, Span en Klaes oan de rjochterkant, de fammen yn 'e midden en it djûre spul lofts.’
‘Wy binne it djûre spul,’ seit frou Span. ‘Hwat binne se wiis mei ús.’ Se dûkt de bus yn en de oare froulju sykje ek in plakje.
| |
| |
‘Tink om jimme hoazzen,’ warskôget de smid. ‘De bus is forsekere, mar de hoazzen net. Nou de manlju en Durk.’
De fammen komme der lêst yn en de doar wurdt tichtslein. Douma wrot efter it stjûr, Sjirk en omke Jaep skouwe der by en it giet oan. Yn de bus bisiket elts der it bêste fan to meitsjen. Blom sit net noflik, hy is lang en hat net rjocht plak foar syn skonken. De fammen sitte skonkje-oer op de bank yn 'e midden.
As se in eintsje riden hawwe, minderet de gong ynienen.
‘Hwat hawwe wy nou?’ freget frou Douma. ‘Hy stiet hast stil. Binne wy hjir op de draeibrêge?’
‘Ja,’ seit Martsje, ‘en krekt oer de draei sit in hiele kûle. Freed, mei it reinen is dêr samar in gat fallen. Hy kin it hast net misride.’
‘Wy lizze fan it jild in nije dyk,’ stelt Klaes rejael út. ‘Dit is in spultsje foar de kommisje.’
‘Stil sitte en om de kunstgebitten tinke,’ ropt omke Jaep fan foaren. Boem! De bus sjit yn de kûle en klimt der hiel stadich wer út. Durk, it jonkje fan Blom, is efkes stean gien om to sjen hwer't dy kûle nou wie. Hy sjocht neat fansels en by de knik ploft hy wer del, skean tsjin syn heit oan. Blom forstivet. ‘Fordeald....’
Syn frou sit rjocht foar him oer. ‘Hwat nou wer,’ freget se eangstich. ‘Dyn mage?’
‘Né,’ bringt Blom út. ‘De rumbeane! Oan alle moster....’
‘Och stumper,’ earmoedet syn frou. ‘Hoe hast dat nou wer hawn!’
‘Hwat is der stikken,’ seit Klaes. ‘Net skrieme op sa'n dei.’
‘Ik hie in pûdtsje rumbeane meijown om ûnderweis to forpartsjen. Jammele noch ta, nou hat er dy brij fansels yn
| |
| |
'e klean. Syn alderbêste pak.... Hoe kaem dat nou!’
‘Durk foel der boppe op,’ seit Blom lyts. ‘Ik hearde se kreakjen.’
Durk makket him noch lytser as er al is en skout hwat fierder fan syn heit ôf.
‘Hie Martsje se mar yn it taske dien,’ klaget frou Blom, ‘ik hie al sa'n foargefoel. Der is altyd hwat mei dy man.’
‘Aenst mar stome litte op kosten fan de gemeente,’ ornearret frou Tromp. ‘Triuw Tammes de jas mar yn de hannen.’
‘Ja, mar dy rommel moat der earst út,’ snibbet frou Blom. ‘Helje it der dan út, man! Oars rint it noch fierder! Ik kin dêr sels ek hast net komme....’
Blom sjocht fiis yn syn tsjustere bûse. ‘Hwer moat ik der mei hinne! Dy't se der út hellet mei se hâlde.’
‘Ik haw by tafal in greate plastik-pûde yn 'e tas,’ seit frou Span kalm. ‘Hjirsa, liz it dêr mar op. Foarsichtich, it is raer guod.’
‘Martsje, help dou dy man ris,’ hyt frou Blom. ‘Oars wurdt it neat.’
Blom giet birêstend mei de earmen omheech sitten en Martsje lûkt earst in protte brune pudding út de bûse en mei de twadde hael komt in trochwiet lúsjefersdoaske boppe wetter.
‘Der sit noch mear yn! Wy moasten feitlik in lape of in doek hawwe.’
‘Jaep,’ raest frou Douma nei foaren, ‘hast dêr ek in skjinne doek?’
Omke dûkt yn de geheime berchplakken fan de feestbus. ‘Né, gjin lape. Mar wol in stik poetskatoen!’
Ek bêst! As it mar skjin is. It stik poetskatoen fljocht oer de hollen hinne en nou wurdt de jasbûse útdweile. It
| |
| |
blykt ek noch in bytsje ta to fallen, fan bûten is der hast neat oan de jas to sjen.
‘Nou steane wy wer hast stil,’ seit frou Douma. ‘It sjit net hurd op.’
‘Twa hokkelingen op 'e dyk,’ ropt Sjirk nei efteren. ‘En se geane noait oan 'e kant!’
‘Fan hwa binne dy,’ seit Span.
‘Fan Pukke! Pukke Hiemstra!’
‘Jei se dan mar dea,’ raest Span. ‘Dy fint is noch to biroerd om in goede hikke foar syn lân to setten!’
‘'k Sil wizer wêze,’ seit de smid. ‘Dy dingen kostje in grien briefke.’ Hy toetet noch ris in pear kear en jowt ûnforwachts gas. Op 'e hoeke stouwe de hokkelingen mei de sturt omheech yn in stik lân dat braek leit.
Nou giet it hurder en yn in omsjoch binne se yn it doarp.
Tammes stiet mei in slach yn it hier en mei syn bêste jaske oan yn de greate doar fan it gemeentehûs. De feestbus bliuwt op it pleintsje stean en Sjirk en omke Jaep rinne gau nei efteren om de froulju to helpen by it útstappen.
Douma rydt de bus ûnder de beammen, de ploech wachtet efkes op him en dan rinne se by de hurdstiennen trep op.
‘Moai op 'e tiid en allegearre tagelyk,’ seit Tammes tofreden. ‘Kom mar mei minsken, de hege gast is der al en hy hat syn frou meinommen.’
‘Se binne net al to heech, wol?’ freget Span. ‘Wy kinne nou noch werom gean!’
‘Né,’ seit Tammes, ‘hiel gewoan. Aerdige minsken en se prate Nederlânsk. Wy hawwe hjir wol oare portretten hawn!’
De huodden wurde ophongen, de froulju moatte noch hwat oan it hier dwaen en dan geane se, Douma foarop, de riedsseal yn.
| |
| |
Dy sjocht der feestlik út. Op de tafeltsjes steane wol seis bosken blommen, it greate portret fan de Keningin hinget steatlik boppe de stuollen mei de hege rêgen en de sinnestrielen boartsje oer it âlde ikenhout.
Deftich en steatlik is ek de âldste wethâlder, dy't nou mei Fan der Mear, de gemeente-siktaris, op harren takomt en it hiele selskip bigroetet.
Rjochts sitte alle riedsleden, de measten hawwe de frou meinommen en de Heskampers kenne se hast allegearre wol.
Lofts is alles noch leech en dêr wurde de gasten nou hinne brocht. Sjirk sil mei de fammen efter de greaten oanrinne, mar Fan der Mear hâldt harren tsjin.
‘Wy woene de jongelju hjir yn 'e midden hawwe,’ seit er. ‘Sjoch, nou sitte jimme moai foar it front. Dêrre komme de gasten en de boargemaster. Jimme hawwe earste rang.’
It falt Sjirk ta dat der net mear minsken binne. Hy giet op 'e ein fan it rigeltsje moai neist Jikke sitten.
Efter harren giet de doar wer op en de bern sjogge om. In pear feinten en fammen komme der yn en sykje hiel biskieden in plakje op de efterste stuollen. It binne de klerken fan de siktarij, se meije dit bûtenwenstige barren ek bywenje.
Dan folget Geartsje Hekstra. Foar de krante, fansels. En sjoch - dêr is Onnes! De fotograef! Nou komme se al wer op de foto.
Douma winkt Sjirk by him. ‘Moatst him efkes bitankje foar de moaije foto's! Gean der mar efkes hinne!’
Sjirk giet nei efteren, jowt Onnes de hân en bitanket mei in pear wurden foar de foto's en foar it opstjûren. Ek út namme fan de fammen. It stiet Onnes wol oan. Hy seit al dat alle eare oan de krante takomt, mar Sjirk fielt wol dat hy it tige op priis stelt.
| |
| |
De fammen hawwe Sjirk goed yn de gaten hâlden en sadré as hy wer sit, freget Jikke: ‘Hwat hast by him dien?’
‘Bitanke foar de foto's,’ leit Sjirk út. ‘Ik haw it tagelyk ek mar efkes foar jimme dien.’
‘Moai,’ seit Martsje. ‘Dan hoege wy der net hinne, wol?’
‘Welné,’ anderet Sjirk rêstich. ‘Ien is genôch.’
De fammen hawwe noch nea sa wiis mei Sjirk west. Hwat hawwe se him foar de tiid pleage, se diene in steil wurd en se soene in hiele bulte. Hwat binne se nou bliid dat er dêr sit, it fielt harren sadwaende suver waerm en feilich oan. Jikke jowt him in foech klapke op it skouder en yn dat biwyske fan tagedienens leit winliks bisletten hwat se alle trije tinke, Sjirk jonge - wy sille dy net wer pleagje.
En Sjirk? Sjirk is klear foar alles. Se kinne om him wol bigjinne. Tammes moat mar ris hwat op dy tafel sette! Tolve ûre hawwe se iten en nou is it sa njonkenlytsen al wer healwei fiven. Se hawwe net ienris thé hawn! Né, hielendal neat! Omke Jaep hat der oer praet, mar mem wie dôf oan dat ear, dy hie it fiersten to drok. Hwat sil heit in toarst hawwe....
Syn eagen glide by it rigeltsje Heskampers lâns. Heit sjocht tige fleurich, hy smookt as in ridder en sit drok mei Span en Blom to praten. Ha! Omke Jaep! Sjirk knikt en omke Jaep knypt ien each ticht. Klaes stekt in sigaret op fan Onnes dy't neist him sit. Hwat soe er Onnes allegearre fortelle, it sille wol moaije forhalen wêze.
Mem is dochs kreas mei har mantelpakje, tinkt Sjirk as syn eagen by de froulju bilânje. It liket allinne hwat nau, hy is altyd bang dat it nochris knappe sil. Ien fan beiden, mem is to grou of it pakje is to krap.
Boer Dykstra stekt it paed oer en giet by de Hes- | |
| |
kampers sitten. ‘Sa,’ seit er, ‘hjoed sit ik by jimme, hear! Dy oare gelearde mannen haw ik sa faek al sjoen.’
‘Dat liket my goed ta,’ ornearret de smid. ‘Jo kinne der krekt by.’
Dan giet de syddoar op. De boargemaster komt der troch, dan in hiele tsjeppe frou, in lange man mei in gouden briltsje en de boargemaster syn frou slút de rige.
De riedsleden geane stean, Heskampen brûst ek oerein en it fjouwerspan allyk sa. De frou fan de âldste wethâlder bigjint mei in biskieden hantsjeklappen en de hiele skare nimt dat oer. De fjouwer efter de griene tafel bitankje glimkjend en dan geane se sitten, de hear Tydken en de frou lyk foar Sjirk en de fammen oer, en de boargemaster en de frou oan wjerskanten.
It falt Sjirk neat ôf, it binne grif aerdige minsken. Ek net ienris sa deftich, Tydken liket mear op in gelearde as op in hege funksjeönaris lyk as Sjirk him dy tocht hie. Syn frou is tige kreas, se hat net allinne djûre klean oan, mar ek in pear moaije eagen. Se koe bêst filmstjer west hawwe foardat se mei dy man troude. Se liket ek folle jonger as hy. It is suver as laitsje har eagen hieltyd sa'n bytsje as se dy oer de seal gean lit, it is krekt as sjocht se hjir in hiele moaije film. Ja, sa sjocht se!
Tydken hat in swarte tas yn de hân en set dy nou neist him op de flier. Sjirk kin ûnder de greate tafel troch it ding krekt stean sjen. It is in hiel gewoane tas, miskien in slachje greater as in skoalletas. Dêr moat it nou yn sitte! It kin noait hwat greats wêze. Dat kin ek neat skele, in lyts ding kin wol folle djûrder wêze as in great ding.
Sjirk draeit de eagen nei Jikke. Dy stoarret foar har út, in bytsje skean nei ûnderen. Fansels, ek nei de tas. Sy kin him likegoed stean sjen.
Syn eagen glide ek wer ûnder de tafel troch. Dy tas lûkt as in magneet, wolle of net - hy moat der nei sjen.
| |
| |
Boargemaster Jongma giet oerein. Hy bigjint yn it Nederlânsk allegearre wolkom ta to roppen, yn it foarste plak de gasten út De Haech. Heskampen, hysels en it hiele gemeentebistjûr hawwe fuortdaliks dizze middei frij hâlden en it gemeentehûs biskikber steld foar dizze wûnderbaerlike útdieling, útfoun en opset troch in tankber man, in man dy't de klamme hân fan de dea yn 'e nekke field hat.
De boargemaster sprekt goed, tinkt Sjirk. It giet net hurd, mar wol moai. Hy sels soe nea sa gau sokke moaije wurden bitinke kinne.
Jongma hâldt op. Hy sil it geduld fan fjouwer jonge taharkers net langer hifkje en hy jowt it wurd oan doktor Tydken.
Tydken giet stean, langet syn frou de tas oer en poetst syn bril op. Hy bigjint mei in ekskús foar syn Nederlânsk dat net hûndert persint is, mar dat elts nei't hy hopet dochs folgje kinne sil. Syn Hollânske frou - en tagelyk syn learares Nederlânsk - hat him permisje jown om dizze oanspraek to hâlden, ek al om't hy it sa bittere graech woe.
De bern laitsje en frou Tydken docht as in juf de hân efter it ear om alle flaters goed op to nimmen. Mar it giet bêst mei har man, hy slokt allinne wolris hwat nuver.
Tydken sketst figuer en libben fan Olsson. Hoe't er berne is yn in lyts doarpke en dêr as earme houtkappersfeint bigoun is mei it kapjen fan beammen, beammen dêr't er letter goud út helje soe, en dat by kleare tafal syn jas nou ek krekt yn in lyts doarpke tolânne kaem. De lytsens fan dat doarpke docht dat fan dat finen en bileanjen in bytsje mear makke wurdt as trochstrings it gefal is. Hy, Tydken, doar wol sizze dat it, as it jaske bygelyks op Amsterdam delsaeid wie, hiel oars draeid hie. Syn lyts doarp, sûnder lúkse en mei earmoed winterdeis, is Olsson
| |
| |
altyd bybleaun en dat hat it him ek ynjown om nou rejael út de hoeke to kommen.
Tydken kin dat wurdearje en hy hopet dat de Heskampers it ek sa oanfiele. Hy wit wol dat der yn Heskampen gjin earmoed is, lokkich net, mar hy hopet dat se oannimme sille hwat hy oanbiede kin.
Hy seit noch folle mear. De bern harkje mei sawn pear earen, it is in spannend en learsum forhael. Se wurde hast kjel as Tydken seit: ‘Mag ik nu de vier jongelui verzoeken om even naar voren te komen?’
Sjirk giet oerein en sjocht útnoegjend nei de fammen. De taskes wurde op de stuollen lein en dan stappe se nei de griene tafel. Rjochtop en mei in earnstich antlit steane se dêr, de hannen op 'e rêch.
Yn de seal is it nou mûsstil. Tydken sjocht efkes op it papier dat foar him leit.
‘Zo,’ seit er dan freonlik, ‘daar staan ze dan! Eén jongen en drie meisjes. Sierk Douma - jou zal ik de leider maar noemen - ik heb van jullie burgemeester gehoord dat dit geen toeval is. Jullie vormen samen een soort klub, nietwaar?’
‘Ja mijnheer,’ seit Sjirk. ‘Ons dorp is zó klein dat er geen andere jongens van twaalf jaar zijn. Die anderen zijn zowat zo,’ en hy hâldt de hân krekt heger as de tafel om sjen to litten hoe lyts dy oaren binne.
‘Juist,’ seit mynhear Tydken. ‘En toen heb je maar een gemengde klub opgericht. Gaat het wat? Zijn het goede kameraden?’
‘Prima mijnheer,’ anderet Sjirk. ‘Ze kunnen alles! Vissen en vechten....’
‘Oók vechten,’ seit mynhear Tydken forheard en syn frou lûkt glimkjend har swartoanstrutsen wynbrauwen omheech.
‘Nou ja - als het zo uitkomt,’ seit Sjirk foarsichtich.
| |
| |
Tydken knikt. ‘Ik begrijp het. Als het werkelijk nodig is staan zij hun mannetje.’
‘Juist mijnheer!’ antwurdet Sjirk en de fammen knikke alle trije mei klam. As it nedich is. Oars net.
‘Ik neem het direct aan,’ seit Tydken en syn eagen geane goedkarrend oer de trije kante en tagelyk ek taeije fammen. ‘Weet je, jullie doen mij denken aan onze Zweedse kinderen. Rustig, blond, groot voor hun leeftijd en sportief. Jullie kunnen zó op het plein van een Zweedse school gaan staan, niemand zou er iets van merken.’
De fjouwer hawwe der neat gjin forlet fan om op in Sweedsk skoalleplein to stean. Né, hwat hellet frou Tydken dêr út de tas....
Frou Tydken hellet fjouwer plastik-kokerkes foar it ljocht en leit dy foar har man del. De bern kinne mei gjin mooglikheit sizze hwat der yn sit. It is blau en it soe in soart truike of in sporthimd wêze kinne, mar dêr is it ek wer lyts genôch foar. Nuver....
Tydken sjocht dat de oandacht oergien is op de hannen fan syn frou en hy glimket myld. Hy sil avensearje.
‘Wij van de ambassade willen jullie óók wat geven,’ seit er dan, ‘en jullie krijgen dus van mij twee dingen, eerst het “kleine” van ons en dan het “grote” van Olsson. Over dat “kleine” hebben wij lang nagedacht en het was mijn echtgenote die met een goed idee kwam. Wij hebben zelf twee jongens. Mijn beroep brengt mee dat wij nog al eens worden overgeplaatst en nu brengen onze zoons, uit elk land dat wij kort of lang bewonen, de vlag van dat land mee in de vorm van een vaantje. Zij hangen dit op in hun kamer en ik verzeker jullie dat het een aardig gezicht is. Véél mooier nog dan een wand met filmsterren!’
De bern laitsje en Tydken hellet út ien fan de kokerkes it blauwe roltsje en lit dat útrôlje. It is in sierlik lang
| |
| |
faentsje, blau mei giel en it hat de foarm fan in swellesturt. De Sweedske flagge....
‘Vinden jullie het mooi?’
‘Ja mijnheer! Heel mooi!’ komt der noch efteroan.
‘Hang het ook in jullie kamertjes,’ seit Tydken. ‘Het spreekt meer dan een getuigschrift en er komen vast nog wel eens andere vlaggen naast hangen. Sierk - alsjeblieft.’
Tydken jowt Sjirk de hân en rikt it faentsje en it kokerke oer.
‘Dank U wel, mijnheer,’ seit Sjirk fatsoenlik en dan jowt er Jikke in lyts triuwke. ‘Dit is Jitske Span, mijnheer!’
Jikke kriget in hân en in kokerke, dan is Martsje oan bar en Fimke slút de rige. Sjirk bliuwt op syn plak stean en stelt foar.
De frou fan de boargemaster klapt yn 'e hannen en dat is wer it sein foar in daverjend hantsjeklappen. Fimke hellet har faentsje út de koker, smyt it boppestik oer it skouder en lûkt it oare as in skeane sjerp oer har donkergiele jurk. It stiet alderivichste moai.
Martsje en Jikke dogge it ek sa en dan steane se dêr suver as trije prinseskes.
Sjirk hâldt it faentsje yn de hân, oer it skouder smite liket him net goed ta. De fammen dogge it moai, dat moat er sizze. Se bûge deftich nei alle kanten, net oerdreaun - krekt goed. Sil er se nou in tút jaen? Né, aenst nei it greate presintsje, it is nou to let. Hy sjocht nei Tydken. Hea, Tydken is suver hwat fan 'e wize. Hy wriuwt mar op syn briltsje en hy kin it each net fan de fammen ôfhâlde. Hwat soe er sjen efter dy faentsjes? De bosken en de hichten fan syn eigen great lân, fan Sweden?
It is in goede man, tinkt Sjirk. Sa'n man moat men aerdich tsjin wêze. Frou Tydken leit har man de hân op 'e
| |
| |
earm en dat bringt him wer by de wurklikheit. Sy lústeret him hwat yn it ear en hy glimket.
‘We komen nu bij punt twee,’ seit er, ‘het geschenk van Olsson!’
Syn frou hellet in platte swarte doaze út de tas, klapt it deksel omheech en hâldt de doaze sa dat de hiele seal sjen kin hwat der yn sit. In gjalp fan biwûndering giet omheech. Yn de doaze hingje op swart fluwiel fjouwer prachtige horloazjes, moai grif fan goud, trije lytse en ien dat hast twa kear sa great is.
‘Sierk - jij mag kiezen,’ seit Tydken en syn eagen laitsje efter de bril.
It is nou deastil yn de seal. Sjirk syn harsens draeije op folle toeren. Dat hat frou Tydken him niis ynlústere, sjoch har mar ris gnyskjen. Dat greate is foar him fansels, de fammen kinne dochs net mei sa'n raep op 'e earm rinne. Mar hwat sil er nou sizze....
Hy giet noch in stap nei foaren. ‘Mevrouw,’ seit er dan kalm, ‘ik heb geleerd om nóóit het grootste te nemen. Als U nu zegt dat het voor deze keer wél mag - dan neem ik het grote!’
Heskampen klapt yn de hannen en yn de hoeke fan de riedsleden wurdt roppen: ‘Moai sein!’ Frou Douma barst hast út de naden fan it mantelpakje, sa greatsk is se op har jonge.
‘Het mag!’ laket frou Tydken en Sjirk nimt it greate foarsichtich út de doas en docht it om 'e pols. Hy kriget nou fan beide in hân en docht in stap tobek.
‘De dameshorloges zijn alle drie gelijk,’ forfettet Tydken dan, ‘maar de bandjes zijn verschillend. Wij hebben dit gedaan omdat jullie drieën anders altijd met hetzelfde zouden lopen. Zal mijn vrouw ze jullie maar op de rij af geven?’
De fammen is it bêst. Jikke kriget ien mei in brede
| |
| |
frissele bân, Martsje ien mei in dûbel koard en it bantsje fan Fimke hat mear fan in keatling.
‘Pas er goed op,’ warskôget Tydken, ‘het is van dat dure metaal, jullie weten wel wat ik bedoel en draag het nog vele lange jaren. Wel gefeliciteerd!’
Nou sjocht Sjirk syn kâns! It kokerke hat er yn de bûse treaun en it horloazje sit om 'e pols, hy hat beide hannen frij. Jikke stiet dêr mei yn de iene hân it horloazje en mei de oare hân hâldt se it faentsje to plak.
Hy swilet al syn moed bymekoar, pakt Jikke mei de lofter hân by de rjochter pols en slacht har de frije earm om 'e hals. ‘Wol gefelisiteard,’ seit er hastich en meiïens jowt er har in fikse tút op it wang. Dan sjit er nei Martsje en foar Fimke nimt er efkes mear tiid, hy wie deabinaud dat se hurd nei har plak gean soe, mar Fimke sjocht him oankommen en bliuwt stean dêr't se stiet.
Sa! Dat swiere krewei sit der op. Fordeald, hy himet der fan. Dochs foel it him stikken ta en it wie yn in sucht dien. Jikke rûkte nei fioeltsje-sjippe, Fimke nei hierwaskersguod en Martsje - dat wit er net mear. Nei fan alles en noch hwat.
Heskampen brekt los yn in hulde mei hannen en fuotten. De smid slacht syn broer sa op it skouder dat dy hast bryk hingjen bliuwt.
‘Hwat seist der fan, âld man!’
‘Dat hat er fan my,’ seit omke Jaep pynlik. ‘Net fan dy! Dou hiest alles smoard....’
Klaes molkfarder jowt Onnes in triuw. ‘Knap wurk, net?’
‘Ik woe dat er it nochris die,’ seit Onnes. ‘It hie in moai plaetsje west....’
Klaes riist oerein en ropt boppe alles út: ‘Sjirk! Noch in kear! Foar de foto!’
| |
| |
Sjirk stekt earmoedich syn hannen foarút. ‘Klaes - ik bin gjin masine!’
Algemien jûchhei! Mar Fimke helpt har heit út de niten.
‘Knip mar, hear! Hy kriget nou ien fan ús,’ en se krûpt Sjirk goed oan. Sjirk rûkt foar de twadde kear de sjampo, de fioeltsjes en it net-to-plak-to-bringen luchtsje. En Onnes makket syn foto's.
Mocht it earst in bytsje stiif like hawwe, it is nou in flotte boel yn de seal. Alles praet trochinoar en de bern litte greatsk de horloazjes sjen oan heiten en memmen. Gouden horloazjes! En de bantsjes sille ek wol fan goud wêze!
De boargemaster giet stean en tikket op de tafel. ‘Waarde feestgenoten, ik vind dat het nu tijd is om ons wat op te frissen. We zullen een korte pauze houden om enige verversingen te gebruiken. Vooral onze vriend Sierk heeft wel iets verdiend, meen ik.’
Tammes komt troch de doar mei syn frou en in bitsjinster. De froulju hawwe in wyt skelkje foar en in krânske yn it hier, beide gelyk. En hwat se yn de hannen hawwe liket ek goed, koppen kofje en taertpunten! De gasten wurde earst bitsjinne, dan de Heskampers en dan de riedshoeke. De bern wachtsje rêstich ôf. Se sille fêst net forgetten wurde.
As Tammes syn blêd leech is, komt er op it fjouwerspan ta. ‘Ik haw noch hwat iis yn de koelkast,’ seit er dan súntsjes. ‘Hawwe jimme dat ek leaver?’
Jaaa! Alle fjouwer wol graech! Iis - dat is trewis!
‘Hâld de hân der aenst mar hwat oerhinne,’ seit Tammes. ‘Ik haw net safolle, sjoch! En oars sangerje dy oaren der ek noch om....’
Ha-ha! Se hearre de boargemaster al om iis seuren. Dy Tammes!
Tammes komt werom mei fiif hege glêsfollen iis en
| |
| |
stikjes fruchten. Hy hâldt syn earm der sabeare oerhinne, de oaren hoege net to sjen hwat de bern krije. Hy set mei in knypeach foar alle fjouwer in glês del en it fyfte bringt hy nei Durk.
Hwat sjogge se blier! Fan frou Tammes har blêd meije se noch in stik taert útsykje en dan kinne se tataeste. Hwat in dei!
Tydken en syn frou sjogge mei nocht nei it taferiel yn de seal. Hwat is dit tankber wurk. It wie in hiel ein riden, mar it is de muoite wurdich. Hwat in forskil mei de deftige resepsjes yn De Haech. Sjoch dy bern dêr dy iisglêzen úthimmeljen!
De boargemaster giet wer efkes stean. ‘Ik wil nog even iets in het midden brengen. Ik heb gezien dat sommigen van U moeite hebben om het gebak door de keel te krijgen. Het feit dat onze begroting niet sluitend is, zit hun misschien dwars. Ik kan deze groep dan als stimulans mededelen dat deze tractatie is aangeboden en betaald door ons aller weldoener - de heer Olsson!’
De net-oanwêzige Olsson kriget in daverend hantsjeklappen. De famylje Tammes komt nochris mei kofje en dan nimt Tydken it wurd. Hy fortelt noch mear oer de persoan fan Olsson, oer syn dwaen en litten en fan syn hout dat de hiele wrâld oergiet. Skipfollen hout geane alle wynstreken út en Olsson sels fljocht der mei de fleanmasine oerhinne. In drok en jachterich libben, mear fuort as thús, faker yn in hotel sliepe as op syn eigen bêd. Tydken soe net graech mei him ruilje wolle.
Hy sil nou út namme fan Olsson de Heskampers in bidrach oanbiede yn de foarm fan in chèque, in bidrach like great as de wearde fan it jild dat yn de jas siet. Hy wol graech op ien ding noch efkes komme. Fan de boargemaster hat hy wol heard dat hjir minsken binne dy't sein hawwe: dit wurdt to mâl, de man kriget syn jas wer, syn
| |
| |
oanstekker en syn bril - en it foarnaemste, de sinten, jowt hy wei.
Se hawwe dêr ien ding by oer de holle sjoen, seit Tydken. Yn de jas siet ek in chèqueboekje. As dat boekje nou ris yn forkearde bannen fallen wie, yn de hannen fan in pear glêdde jonges dy't witte hwat men mei in chèqueboekje dwaen kin, dan hie dat Olsson hiel hwat skea en lêst bringe kinnen. Lokkich is it boekje yn goede hannen kommen en it bidrach fan de chèque is dêr in biskieden forgoeding foar. Dan freget hy hwa fan de Heskampers de chèque oannimme sil. Dykstra stapt nei foaren en stelt him foar.
‘Mijnheer Dijkstra,’ seit Tydken dan plechtich, ‘hier is een chèque van zes en een half duizend gulden. Doe er mee wat U wilt, haal er met Uw mensen uit wat U kunt en wij zullen gaarne nog eens horen wat er mee gedaan is. Als'tublieft!’
Dykstra hâldt it griene stikje papier heech boppe de holle en de hiele seal hantsjeklapt dat de ruten trilje.
Dan kriget Dykstra it wurd om foar alle goede jeften to bitankjen. Hy docht dat op in wize dy't gjin Heskamper en gjin boargemaster him forbetterje soe. Rêstich en earnstich, sa nou en dan ek mei in stikje koartswyl der troch, seit hy yn in bytsje wurden in hiele bulte.
Hy komt noch efkes werom op de oarlochstiid. Doe fleagen der ek fleanmasines oer Heskampen en dy lieten ek wolris hwat falle. Heskampen waerd der net better fan, faek minder. Né, jow ús mar Sweedske masines, seit Dykstra. Dêr hawwe wy noch hwat oan! En hokfoar Sweed nou ek noch ris yn Heskampen bilânje sil, út de loft, mei in auto of mei in kroade - hy of sy kin der steat op meitsje dat der in goed miel iten klear stean sil en - as it nedich is - ek in goed fearren bêd om der op to sliepen.
Ut namme fan de fjouwer bern en harren âlden wol er
| |
| |
apart noch efkes bitankje foar de prachtige horloazjes. Se hiene net better to plak komme kinnen, ornearret Dykstra. Dy fjouwer bern - hy woe wol dat er sizze koe: se binne fan my! En dat seit men net gau fan in oar syn bern, wier of net.
As hy meikoarten fiifensechstich jier is en hy kin dan hast net mear út 'e wurden komme - giet er nei Sjirk Douma! Dan sil er sizze: Sjirk jonge, hjir hast myn swart jaske en myn stoel yn de riedsseal is de tredde fan lofts, gean dou dêr mar sitten! Hwant Sjirk hat hjoed sjen en hearre litten dat er hiel hwat yn de marse hat, hy kin it net allinne moai sizze - hy docht ek hwat!
Dykstra is útpraet en de boargemaster slút mei in koart wurd. De gasten groetsje alle oanwêzigen troch de hannen yninoar to slaen en dan forlitte se de seal mei de boargemaster en syn frou. De bûtengewoane gearkomste is ôfroun.
Sjirk is bliid dat it dien is. Doe't Dykstra him yn it sintsje sette krige hy dochs efkes in kleur en hy doarst de fammen net oansjen.
As se út de seal wei geane rint omke Jaep efkes mei him op en jowt him in triuw. ‘In tsien en trije griffels!’
Sjirk gnysket. ‘Och, earst wêze, hen?’ seit er smout. ‘Dat is alles!’
As se wer yn de bus sitte rydt de smid net op nei hûs, mar fierder de buorren yn. By de grientesaek fan de Jager trapet hy op de rem en Span, dy't nou by him foaryn sit, stapt út en giet de winkel yn. Hy komt werom mei twa greate wite doazen dy't ûnder yn in laed fan de bus fordwine.
‘Hwat hat heit nou ophelle,’ freget Jikke har mem.
Mem laket heimsinnich. ‘Meist trije kear riede.’
Martsje lústeret Jikke hwat yn it ear en dy springt oer- | |
| |
ein. ‘Iistaert! Oars hat De Jager neat yn wite doazen! Ja, dat is 't!’
Span draeit him om en sjocht it selskip oer. ‘Ik haw twa greate iistaerten helle en ik noegje alle greate minsken út om dy joun by uzes soldaet to meitsjen. De famylje Span traktearret. Joun om acht ûre!’
‘En de lytse minsken dan,’ seit Jikke spitich. ‘Meije dy net komme? En krije dy der neat fan?’
‘Se meije wol komme,’ seit Span falsk gnizend, ‘mar dan krije se kofje! Dy hawwe al iis hawn....’
Span wurdt troch de iene helte fan de bus yn 'e hichte stutsen as in goederjowsk man, in man út ien stik en in woldogger.
De oare helte wol him bifrieze litte yn syn eigen iiskast en him dan opsmûzje. Earst ek noch in skoft yn hyt wetter lizze, oars is er dochs net to iten.
‘Jimme komme mar,’ seit Jikke tsjin de oare trije, ‘en dan sille wy wolris sjen hwa't der hwat fan krije.’
‘Hy seit mar hwat,’ tinkt Martsje. ‘Hwat seistou, Sjirk?’
Sjirk skodhollet drôvich. ‘Hy mient dat hy in hiel man is, mar hy is in deagewoane parasyt. Hat hy in jaske foun? Hat hy seis-en-in heal tûzen goune fortsjinne foar Heskampen?’
‘Né,’ raze de fammen. ‘Wy! Hy hat der neat oan dien!’
Se roppe nou allegearre trochinoar, it giet der heidensk omwei.
Span draeit him om. ‘Hwat is dat dêrre! Hwa moat Span hawwe....’
‘Sjirk wol jo letter net as skoanheit hawwe,’ seit frou Tromp.
‘Ha-ha! Dy is goed,’ laket Span. Dat moat de smid ek
| |
| |
nochris yn it ear tettere wurde, hwant dy hie it mar heal forstien.
As se op de Heskamperdyk binne seit Blom ynienen: ‘Hwer is Jaep!’
Ja, hwer is er! Net ien hat him mist en hy sit net yn de bus. Sjirk is de lêste dy't him sjoen hat, neitiid is er forsweefd.
‘Hy komt der wol wer,’ ornearret frou Douma. ‘Hy is âld en wiis genôch.’
De bus hellet Heskampen en rydt by Span it hiem op. De iistaerten moatte gau yn de koelkast, oars is der joun neat mear fan oer.
Acht ûre allegearre komme! Dan sil der oer neipraet wurde. Hwat wie it in moaije middei. Dêr reitsje se nea oer útpraet!
Healwei achten komt omke Jaep it hiem fan de smid opfytsen.
‘Nou, dêr is er,’ seit de smid. ‘Op in âld frouljusfyts....’
Ja, it is Jaep en hy is bêst by de tiid. Né, hy hat al kofje hawn, sa sêd as in mûs. De blom hinget him noch yn it knoopsgat en hy is sa mooglik noch fleuriger as ornaris.
De smid sjocht him ûndersykjend oan, mar Jaep seit oars neat as ‘moai waer’ en ‘hwat-wie-it-in-moaije-middei’. Hy is wol hwat drokker as oars, tinkt Sjirk.
‘Nou,’ seit de smid dan forwitend, ‘dou bist in moai printeboek. Wy mar sykje en sykje - gjin Jaep. Wy binne mar sûnder dy fuortgien.’
Omke knikt tofreden. ‘Jaja, dat lêste is wier. Mar jimme hawwe net om my socht.’
‘Hoe kinstou dat nou witte,’ seit frou Douma forwûndere.
‘Hiel gewoan,’ anderet omke Jaep rêstich. ‘Der siet ien yn de bus dy't wol wist hwer't ik wie. Sjoch, as jimme
| |
| |
nou socht hiene, dan hie hy wol sein dat ik in goed plak hie.’ Hy lukt oan de skouders. ‘Mar jimme hawwe net socht! Nou, doe hoegde hy ek neat to sizzen.’
Sjirk snapt der neat fan en syn heit en mem ek net, sjocht er wol.
‘Hwer hast sitten,’ seit frou Douma nijsgjirrich. ‘Dou hoechst it net to sizzen hear, mar ik woe it dochs wol witte.’
‘Och, hwerom soe ik it net fortelle,’ ornearret Jaep. ‘Ik haw ôfwosken by Tammes.’
‘Ofwosken!’ seit Douma. ‘By Tammes....,’ seit syn frou. En dan knikke se mekoar bigripend ta. Sit it sa! De loft klearret op!
Sjirk is der noch net efter. ‘Koe Tammes it dan net rêdde, omke?’
‘Sjirk jonge, astou dat sjoen hiest! Hwat in koppen, hwat in koppen. En dan dy iisglêzen fan jimmes, it wie der net út to krijen! Ik tocht: lit my dy minsken nou hwat helpe, oars komme se der hast net troch. Hjir moat ik ek al faek mei ôfwaskje, netwier? En nou sil ik my hwat forklaeije....’
Jaep fordwynt as in hazze en Sjirk is noch like wiis.
‘Bigrypst it net?’ glimket syn heit.
‘Né,’ seit Sjirk earlik. ‘Hy kin wol hiel handich ôfwaskje....’
Dêr moat mem om laitsje. ‘Jaja, foar in man is Jaep tige handich!’
‘Hast dat frommeske wol sjoen dat mei bitsjinne?’ freget syn heit.
‘Jawol, dat wie frou Meines en dat is hwat famylje fan Fimke.’
‘Krekt, dat is in widdou en se hyt fan harsels Sjouk Tromp, it is in nicht fan Klaes molkfarder. Nou, dêr hat omke mei ôfwosken! Sjoch, Tammes en syn frou spiele en
| |
| |
Jaep en Sjouk ôfdroegje, sa yn twa ploechjes fan twa. Snapst it nou?’
‘Hiel goed!’ laket Sjirk. ‘Dy omke Jaep! It is in aerdich minske.’
‘Sa tinke wy der ek oer. En hwa wie nou de neatsizzer yn de bus?’
‘Klaes Tromp,’ seit Sjirk. ‘It wie in moai komplot.’
‘Tige moai,’ laket mem. ‘En dan moatte wy nou mar ris ôfwaskje!’
|
|