| |
| |
| |
| |
7. Hege persoanen krije greate brieven
Wer giet in wike foarby en Heskampen draeit op folle toeren. De boeren kinne mar meane en ynkûlje, it is allegearre gers. De bou komt der ek noch by, de helte fan de Heskamper boeren hat ek noch in pear stikken boulân en dêr is it nou de tiid ek foar.
Sjirk moat nei skoalletiid helpe om de tún yn it sied to bringen. Omke Jaep is sahwat de túnman fan de famylje, mar ek faek steane se der alle fjouwer yn, mem likegoed as de trije manlju.
It is in hiele lape groun en se bouwe der fan alles yn. Grientekarren komme net yn Heskampen, elts hat in stik tún by hûs en hwat men sels boppe de groun kriget hoecht men net to keapjen. Yn de tiid fan de parren en de apels sutelet der ris in auto, mar it bliuwt by in pear kear, it
| |
| |
hiele jier troch is der foar in grientekeapman yn Heskampen gjin droech brea to fortsjinjen.
De smid hat gjin wurk fan it omhakjen, dêr is it stik ek to great foar. Dykstra hat noch twa hynders en maityds komt ien fan de arbeiders mei in greate kipploege de dyk del en set de swiere izers yn de smidstún. Yn in pear ûre is er klear, mar dan bigjint it wurk foar de Douma's. De groun moat fyn, de fuorgen moatte moai rjocht útskept wurde en dan kin it setten en siedzjen oangean. Mem is de opsichter, sy hat ek de skets makke hoe't alles stean moat. Dêr't forline jier beantsjes woechsen komme nou de ierappels en op it plak fan de ierappels nou de woarteltsjes, de koalsplanten en de kropkes slaed.
Mem is krekt. De smid slacht der wolris mei de pet nei, mar as mem der by is kriget hy gjin kâns.
It stekt oan, dat túntsjen. As de iene bigjint, komt de oare ek al gau mei in túnklauwer en in lep oanrinnen. Elts hat hwat to fortellen en de kwinkslaggen geane oer sleatsjes en hagen. Blomkoalsplanten wurde forruile oan readekoalsplanten en dy't to min woartelsied hat, kin altyd noch wol syn ekerke fol krije, der is fêst wol immen dy't der rûm yn sit.
Op in moandeitomiddei stiet de hiele famylje Douma wer yn de tún. In ein fierder binne Blom en Martsje ek yn aksje, de boeren komme earst nei de kofje op de tún.
‘Wy krije heech bisyk,’ seit omke Jaep en hy wiist nei de smidte.
‘Dat liket Mulder wol. Né, it is de boade!’
Ja, it is Tammes, de gemeenteboade. Hy hat wol hwat fan Mulder, hast itselde postuer, allinne syn jas is oars en hy hat gjin riem mei in revolvertaske.
Se steane alle fjouwer efkes mei de rjochte rêch. Hwat soe Tammes bringe? Wichtich nijs út De Haech? Hy hat de jas oan mei it wapen fan de gemeente op de kraech.
| |
| |
Dan is er offisiëel yn funksje! In great brief hat er yn de hân....
Tammes rint kalm de foareker del en komt op de túnders ta.
‘Middei, meiïnoar.’ Hy rikt Douma de giele slúf oer. ‘Oan de eale hear K. Douma stiet der op. En dat binne jo!’
‘Ja, dat bin ik,’ seit de smid en hy set syn breed boarst noch in bytsje mear út. ‘Mynhear wurdt bitanke foar it bringen en ik sil myn eale eagen der joun wolris oer gean litte.’
‘Heit, doch net sa flau,’ ropt Sjirk en hy bisiket om de slúf út heite hannen to krijen. ‘Earst lêze!’
Douma hâldt it brief heech boppe de holle. ‘Soks moat men rêstich by sitte! Hwat sizze jo, Tammes, dit is in offisiëel stik!’
‘Ik soe it dochs mar lêze,’ laket Tammes. ‘Ik moat antwurd mei werom hawwe en dan moat ik nei de eale hear Span en nei mear hege piten.’
‘Nou, omdat jim sa oanhâlde,’ suchtet Douma en hy sil mei syn greate hannen bigjin meitsje.
‘Hjir hast myn mes,’ seit omke Jaep. ‘Dou skuorst sa alles fyn. Pak oan, dou brievemoardner.’
Douma laket en makket mei it greate dolkmes de slúf iepen. Hy hellet der in great stik papier út en bigjint to lêzen.
‘Oan de eale hear K. Douma! Hjirby hawwe wy de eare om jo út to noegjen ta it bywenjen fan in bûtengewoane riedsgearkomste dy't hâlden wurdt op woansdei 10 maeije, middeis om fjouwer ûre, nei ôfrin fan de gewoane riedsgearkomste, yn de riedsseal fan it gemeentehûs. Dy útnoeging giet yn it foarste plak jou soan Sjirk oan. Foar it finen en toplakbringen fan de eigendommen fan in Sweedske steatsboarger sil oan Sjirk Douma foar- | |
| |
neamd en tagelyk oan Jitske Span, Martsje Blom en Fimke Tromp in oantinken útrikt wurde. De siktaris fan de Sweedske ambassade, de rju learde hear Dr. B.A. Tydken, sil oerkomme om de bileanningen út to rikken.
Yn forbân mei in biskieden jefte dêr't hiel Heskampen bilang by hat, leit it yn ús foarnimmen om in kommisje fan fiif Heskamper ynwenners to bineamen. Us riedslid A. Dykstra sil jo noch persoanlik útnoegje om in sit yn dy kommisje to nimmen.
Wy sille it tige op priis stelle as jo mei jou húsgenoaten boppeneamde gearkomste bywenje.
Mei it each op de biskikbere rûmte soene wy graech op it bygeande kaertsje de nammen hawwe wolle fan dyjingen op hwa't wy rekkenje kinne. Ut namme fan it gemeentebistjûr: Jongma, boargemaster. Fan der Mear, siktaris.’
Douma lit it papier sakje en sjocht Sjirk mei bigreatsjen oan. ‘Asjebleaft! Nou sjochst ris hwat jimme ús op'e hals helle hawwe....’
Sjirk hat mei greate eagen it forhael fan syn heit yn him opnommen. De lêste wurden hat er net ienris heard. Hy sjocht himsels al stean yn de riedsseal, flak foar in hiel espel minsken. As de fammen dan mar neist him steane! Stel je foar dat se ien foar ien oproppen wurde... Wol Sjirk Douma efkes nei foaren komme? Hy is fêst earst oan bar om't er de iennichste jonge is. En dan stiet er dêr mei de eagen fan heit en mem en Joast-mei-it-witte hwa mear, op 'e rêch. Hwat soe it wurde? In sparbankboekje?
‘Hwer bist mei dyn tinzen,’ seit omke Jaep en jowt him in triuw. ‘Woansdei wurdstou ridderslein. Moatst to hierknippen!’
‘Omke giet dochs ek mei?’ Sjirk sjocht freegjend nei syn heit. ‘Omke heart dochs ek by ús húshâlding?’
| |
| |
‘Hwat oars jonge,’ ornearret syn mem. ‘Wy litte omke hjir net sitte.’
‘Ik wit net oft ik wol wolkom bin,’ seit Jaep biskieden. ‘Ik bin einliks mar in byrinder, in soart oanhingsel.’
‘Sjoch mar ris op it kaertsje,’ seit Tammes, ‘dêr steane de nammen wol op.’
Douma fisket in kaertsje út de slúf. ‘Ja hear! Wy steane der alle fjouwer op. Oanstreekje ja of né. Hawwe jo in pinne, Tammes?’
Tammes hat in pinne. Ek wol twa. Hwat soe in boade sûnder pinne wêze?
‘Alle fjouwer, hear,’ seit frou Douma. ‘Dat wurdt in great feest jonges! Sjirk ridder yn de Sweedske liuw en heit yn in kommisje. Wy komme wol yn oansjen!’
‘Ja,’ seit de smid, ‘ik haw altyd graech yn in kommisje sitte wollen. Thús haw ik neat to fortellen, mar nou komt myn kâns! Och Tammes, folje jo dat efkes yn. Ik haw sokke smoarge hannen.’
Tammes streket it ‘né’ troch en stekt de kaert yn 'e bûse. ‘Minsken - ik sjoch jimme woansdei wol. Ik moat nou nei Span.’
‘Mei ik efkes mei?’ freget Sjirk. ‘Efkes hearre hwat de fammen der fan sizze.’
‘Ja, gean mar,’ seit syn heit rejael. ‘Dou dochst nou dochs neat mear.’
Sjirk en Tammes sette ôf nei Span syn pleats.
‘Hé, Tammes,’ ropt de smid harren noch efternei. ‘Krije wy ek in miel iten?’
‘Ja,’ raest Tammes. ‘Allegearre in heale hin!!’
‘Dou tinkst altyd oan iten,’ prottelet frou Douma.
De smid gnysket en bigjint dan wer mei nije moed to skeppen.
Span komt krekt út de jister as Tammes en Sjirk it hiem opstappe.
| |
| |
‘Hwat hawwe wy nou oan 'e fyts. Bistou yn de lear foar boade, Sjirk?’
‘Great nijs! Jo moatte mar gau ris lêze. Is Jikke yn 'e hûs?’
Span knikt en Sjirk draeft om de skuorre hinne. Jikke helpt har mem mei it útklopjen fan de gongslopers.
‘Wy krije in bileanning,’ ropt Sjirk bliid. ‘Hiel deftich fanke, yn it gemeentehûs!’
Jikke lit har ein fan de loper falle. ‘Hwa sei dat? En hwat krije wy?’
‘Dat wit ik net,’ anderet Sjirk. ‘Tammes is by jim heit mei in great brief. Kom gau mei, dan kinst it ek lêze.’
Togearre fleane se wer nei efteren en frou Span bliuwt glimkjend stean mei har ein loper yn de hân. Dat jaske bringt hwat to weech. Ek mar ris nei efteren om to sjen hwat der geande is.
‘Woansdei nei it gemeentehûs!’ ropt Jikke har al tomjitte. ‘Wy allegearre! Der komt in hiele hege mynhear!’
‘Krije wy dan ek hwat?’ glimket frou Span.
‘Nou, it sit sa - Heskampen kriget hwat,’ leit Tammes út. ‘Jo moatte it ek mar ris ynsjen.’
It brief wurdt frou Span yn de hannen treaun en wylst sy lêst, wachtsje de oaren rêstich op har reäksjes.
‘Ja, dêr sille wy wol hinne moatte,’ seit se as it forhael út is.
‘Wy kinne ek thús bliuwe,’ merkt Span op, knypeagjend nei syn frou. ‘Der stiet neat yn fan hwat wy dêr krije sille. In kop thé kinne wy sels wol sette. Ja, tinkt dy ek net? Hwat sille wy dêr dwaen. It is nou woansdei al en wy hawwe wurk genôch!’
‘Dêr mient heit neat fan,’ protestearret Jikke. ‘Men heart der dochs by to wêzen as jins dochter hwat moais kriget? Hwat sizze jo, Tammes, se moatte der wol hinne, netwier?’
| |
| |
‘It soe hiel sneu wêze as men fan sa'n útnoeging gjin gebrûk makke,’ seit Tammes foarmlik. ‘Boppedat wurdt jim heit de eare oandien om sit yn in kommisje to nimmen. Mar hy sjocht it hegere net fanke, hy is mar in ienfâldige boer, netwier?’
Span laket. ‘It wurdt net sa'n great feest, wol?’
‘O né,’ seit Tammes, ‘en it sil fêst gjin ûren duorje. Dy hege man út De Haech komt en nou moat de boargemaster der dochs hwat fan meitsje. Ik tocht fan in kopke kofje mei hwat der by en in pear taspraekjes. De riedsleden en jimme, mear sille der ek net komme. In ienfâldige gearkomste, ik tocht dat it yn oardel ûre bisljochte wie.’
‘Nou hawar, dan moat de hege hoed mar op,’ bislút Span. ‘Ik sil wol sjen hoe't it mei it melken komt.’
‘Hoera!’ dounset Jikke. ‘Kom mei Sjirk! Wy geane nei Martsje!’
‘Sille wy Blom syn brief meinimme?’ freget Sjirk oan Tammes.
‘Ik moat it him sels oerjaen,’ seit Tammes. ‘Siz mar dat ik der oan kom, ik kin op de fyts dochs hurder as jimme.’
Fuort binne se al. As twa jonge inters drave se de dyk del nei Martsje dy't noch op de tún dwaende is mei har heit.
‘Woansdeitomiddei fjouwer ûre op it gemeentehûs wêze,’ himet Jikke. ‘Dou en jim heit en mem en Durk - allegearre! Tammes komt der oan mei in hiel great brief. Wy krije hwat en jim heit komt yn in kommisje.’
‘Ik net,’ seit Blom mei ôfgriis. ‘Leaver oarsom, ik hwat krije en Martsje yn in kommisje....’
‘Ja, mar Martsje hat it jaske dochs mei foun,’ laket Sjirk. ‘Jo hawwe der neat oan dien.’
‘Jimme wol,’ hunet Blom. ‘Der falt in jaske út de loft, Sjirk lûkt it oan en stapt der mei nei hûs. Jimme hoegden
| |
| |
neat to sjouwen, neat to tôgjen - allinne mar moai nei hûs to gean. De muoite wurdich. Ik doarst dêr net ienris in bileanning foar oannimme. Ik soe my....’
Fierder komt er net. Ien springt him op de rêch en de beide oaren pakke syn earms beet. Hy sakket stadich as in omhakke dinnebeam nei de groun en leit dan langút yn syn moai útskepte fuorge.
‘Neat foar dien,’ seit Jikke fûl, ‘en ik haw my de nekke hast brutsen om it to pakken to krijen.’
‘Ik haw der in stive nekke fan oerhâlden,’ forwyt Martsje. ‘Lizzen bliuwe! Oars goaije wy heit ûnder de modder!’
‘Ja, sa'n man moast men libben bidobje,’ ornearret Sjirk. ‘Bah! Hwat in heit is dat! Kom mei jonges, wy geane nei Fimke....’
Se sette de sokken der yn en stouwe it túntsje ôf.
As Tammes hast oan de winkel ta is, sjocht er de lange Blom laitsjende en sûnder pet út de fuorge oprizen. Nuver folk, tinkt Tammes en hy bisjocht tof reden syn goudskjin boadejaske. Se lizze hjir gewoan yn de modder. Nuver doarp en nuvere minsken....
Fimke stiet mei har mem by de fûken. Se hat fuortdaliks yn de gaten dat der hwat nijs is, oars kaem de ploech der net sa gysten oansetten. Se is gau op 'e hichte. Sjirk en Jikke fortelle trochinoar en efterinoar it greate nijs.
‘Hwer is Klaes,’ freget Sjirk oan frou Tromp, ‘noch mei de boat ûnderweis?’
‘Ja, dat duorret ek noch wol in ûre. Hoe sa?’
‘Tammes komt mei in brief,’ seit Sjirk, ‘en dêr sit in kaert yn dy't hy wer mei hawwe moat. Dan moatte jo it mar ynfolje!’
‘Fjouwer ûre? In minne tiid foar Klaes,’ seit frou Tromp soargelik.
Ja, dat is ek sa. De molke moat fuort, der sil in oarenien
| |
| |
farre moatte. En der moat ien foun wurde, dêr binne se it oer iens. Klaes heart der by, hy moat dochs ek yn de kommisje.
‘Hwat dochstou oan ju,’ seit Jikke tsjin Fimke. ‘Ik gean yn myn reade jurk. En dou Martsje?’
‘Myn oergoaijer, tink,’ anderet Martsje. ‘It is feest! Ik doch de nijlons oan. En myn hier! Dêr moat ek noch hwat oan dien wurde!’
Ja, it hier! En oaremoarn is it al woansdei. Fimke fljocht yn 'e hûs, komt werom mei in skuonnedoas en lit greatsk sjen hwat der yn sit. Nije skuon! Ynstappers! En der sit ek noch in lyts hakje ûnder. Hoe bistiet it! Hwat binne dy moai op 'e tiid kommen.
Martsje moat se efkes passe. Fierstento lyts. Jikke passe se fêst wol. Dy hat folle lytser fuotten.
Sjirk stiet der mar hwat ûnwennich by. Hy hat trije bêste kammeraten, it soe wier net better kinne. Mar as se oer klean en oer skuon bigjinne! Dan bliuwe it fammen, se kinne skoften prate oer in lokke hier en oer de hoazzen sûnder naed dy't se letter hawwe wolle.
Frou Tromp sjocht Sjirk spytgnyskjen. ‘It is hwat, Sjirk! Se freegje dy net ienris hwatstou oanlûke silst. Fammen binne idelteuten, jonge! En dat sil wol ivich sa bliuwe.’
Och heden, Sjirk is der ommers ek noch! De fammen hiene him hast forgetten. It bêste keal út it hok.... Sjoch him dêr stean!
‘En hwat docht ús Sjirk oan,’ freget Martsje leaf, ‘syn blau pak?’
‘Ja, hwat soe ik nou oars oanlûke,’ anderet Sjirk koart. ‘Ik haw ommers mar ien pak! En ik gean ek mei itselde hier dat ik nou op 'e holle haw. Jimme mei jim hier en jim skuon....’
‘Nou moatst dochs ris hwat fan myn nije skuon sizze,’
| |
| |
seit Fimke en se draeit skiteldeftich foar Sjirk lâns. ‘Wolst sa wol mei my fuort?’
‘De skuon binne goed,’ bromt Sjirk, ‘mar dy hakken dat is neat wurdich. Kinst de fuotten wol brekke.’
‘En dat is nou krekt it aparte,’ seit Martsje. ‘De nijste moade en it makket har ek noch in bytsje greater. Mar dêr hawwe jonges gjin each foar, fansels.’
‘Dou moatst wol kreas foar it ljocht komme,’ stelt Jikke fêst en Sjirk hie it ljochtsje yn har eagen sjen moatten, mar dat die er net. ‘Dou moatst ús oan dy hege mynhear foarstelle.’
‘Ikke?’ freget Sjirk forheard. ‘Jimme foarstelle?’
‘Ja,’ seit Jikke en de oare beide knikke earnstich. ‘Dou bist ús lieder. Dou jowst dy mynhear in hân en dan komme wy in bytsje tichterby. Nou, dan seist: Mijnheer, mag ik U voorstellen - mejuffrouw Jitske Span. Dan meitsje ik in lytse knyks en dan mei dy man my in hân jaen.’
‘Soa,’ seit Sjirk húnsk. ‘Mei hy dy dan in hân jaen...’
‘Ja! Hwant ik bin in dame.’
‘Moaije dame,’ gniist Sjirk.
‘Ja, mar dou hearst wol - it giet samar net,’ helpt frou Tromp de fammen. ‘Dit is gjin aisykjen, jonge! Jim meije dit wol ris in bytsje oefenje.’
‘En dan krigest ek noch in grouwe tút fan ús alle trije,’ seit Fimke. ‘Dat heart der ek noch by.’
Sjirk wit net hwat er der oan hat. Binne se nou hielendal gek?
‘Dêrre - dêr yn de riedsseale?’ stammeret er dan.
‘Ja,’ knikt Martsje. ‘Dat hast dochs wolris op 'e tillevisy sjoen? Dan komt sa'n fytsheld healdea en biswit oer de streek rôljen en dêr stiet in hiel moai frommeske mei blommen en in beker op him to wachtsjen en dan kriget er in grouwe tút....’
| |
| |
‘Mar ik bin net in fytsheld,’ akselet Sjirk tsjin. ‘En ik kom ek net healdea oer de streek!’
‘Né, mar dou krigest wol in beker,’ pleaget Martsje. ‘Of in medalje, in nije fyts miskien. Dat sjogge wy dêr wol. Mar dy tút heart der by.’
‘Hat er noch nea in tút fan jimme hawn?’ freget frou Tromp.
‘Né.’ De fammen skodholje plechtich.
‘Dan soe ik dat ek mar ris oefen je,’ stelt frou Tromp út. ‘Jimme moatte dêr net in raer figuer slaen.’
Sa tinke de fammen der nou ek krekt oer. As men hwat docht moat men it ek goed dwaen. Deaëarnstich stappe se alle trije op Sjirk ta en bliuwe lyk foar him stean.
‘Dou bist de âldste, Jikke,’ trunet Martsje.
‘Ja,’ seit Jikke. ‘Hy kriget wrychtich al in lyts snorke. Meist dy wol in bytsje skeare foar woansdei. Of hwat biknippe. Nou, dan sil ik mar bigjinne,’ en se sil Sjirk de earm om 'e hals slaen. Nou wurdt it Sjirk dochs to mâl. Mei in gjalp as fan in wyld bist triuwt er Jikke oan 'e kant en fljocht as in hazze om de hoeke fan it hûs. Yn in sucht is er it reedtsje del en de dyk in ein út.
Tammes komt by Blom wei fytsen en sil nou nei syn lêste húske ta, nei de eale hear K. Tromp. Underweis komt er Sjirk tomjitte en hy set de foet efkes op 'e groun.
‘Hwat nou jonge, bist al útpraet? Of hawwe se dy fuortjage?’
Sjirk sjocht nidich oer it skouder. Fuortjage! It liket der wier wol hwat op. ‘Se binne dêr net wiis,’ bromt er dan noartsk.
‘Dat is net sa bêst,’ seit Tammes kjel, ‘dan gean ik dêr net hinne. Ik moat forstandige minsken hawwe. Sprekke se yn it wyld? Of rinne se mei messen?’
‘Jo moatte der al hinne,’ seit Sjirk hastich. ‘Klaes is
| |
| |
net thús, mar Sytske is der wol. Dy aeklike fammen dogge sa klierich.’
Tammes skodhollet. ‘In nuvere mienskip is dat hjir. Yn 'e regel binne de manlju klierich en dan sette de froulju ôf. En hjir is it krekt oarsom! Kom nou gau mei! Lit dy net op 'e kop sitte troch in pear fammen. Kom mei!’
Sjirk grommet noch hwat, mar hy giet dochs mei Tammes it reedtsje wer op. Frou Tromp sit noch mei de fammen op 'e bank by de feart en se dogge krekt as wie der neat to rêdden.
‘Nou, jo hawwe it al heard fansels,’ seit Tammes. ‘Ik bin feitlik in boade mei in foarboade, ik kom mei âld nijs. Hjir is it brief en jo moatte it mar ris ynsjen.’
‘Klaes is noch net thús, mar ik bin wol nijsgjirrich,’ seit frou Tromp.
‘Man en frou is ien,’ ornearret Tammes. ‘Meitsje mar iepen.’
Frou Tromp lêst brief en kaert en Fimke lêst mei oer mem har skouder.
‘Ja, fjouwer ûre,’ seit frou Tromp dan. ‘Wy sille ús bêst dwaen.’
‘Wy hawwe it sa dien omdat de bern dan frij fan skoalle binne,’ leit Tammes út. ‘En it draeit dochs yn haedsaek om de fjouwer bern. Blom kin wol op 'e tiid klear mei de karre en Span hat in melker. Klaes moat der altyd hinne, molke of gjin molke. Hwa docht it oars wolris?’
‘Ien fan it fabryk. Ien fan de tsiismakkers, dy kin fan alles. Wy sette de namme der op, hear! Hjir mar ûnder?’
‘Ja, hjir ûnder,’ wiist Tammes. ‘En dat “né” streekje wy troch.’
Klear! Allegearre komme se woansdei op it gemeentehûs. Ja, Tammes is der wol om harren op to heinen. Se
| |
| |
krije de moaiste plakken en ek noch jild ta. It wurdt in dei om nea to forjitten!
Tammes moat wer fuort en Martsje en Jikke rinne mei Sjirk del. Se dogge nou wer hiel gewoan. Sjirk seit neat, de fammen moatte earst mar wer bigjinne.
‘Soene wy net mei de auto kinne?’ freget Martsje. ‘It wie in bytsje deftiger. Hoefolle kinne yn de Folksbus, Sjirk?’
Sjirk libbet op. Dit past better yn syn strjitsje as skuon, hier en jurken. ‘Efkes sjen. Foaryn trije, de beide banken elts fjouwer en dan jitris trije yn 'e midden. Dat is fjirtjin en dan moatte dy fjouwer net al to swier wêze. Fjirtjin, lyts en great trochinoar.’
Jikke telt de feestgongers op. ‘Douma fjouwer, Span trije, Blom fjouwer en Tromp trije. Ek krekt fjirtjin! Hoe bistiet it!’
It soe kinne. Echt feestlik is de Folksbus nou ek net, mar it liket altyd better as in slinger fytsers efterinoar.
‘Ik sil ús heit hifkje,’ seit Sjirk. ‘It ding moat earst wol skjinmakke wurde, it liket sa op neat. Kinne jim moarntojoun helpe?’
Jikke kin fêst wol en Martsje altyd wol in skoftsje. Fimke wurdt neat.
‘En dan forsiere wy him moai,’ ropt Martsje út. ‘Ja, in flagge der op! En hwat slingers fan peaskeblommen!’
In fantastysk foarnimmen, de Folksbus wurdt in feestbus. De fammen geane fol plannen en útfynsels nei hûs en Sjirk stiet efkes letter yn de koken fan it smidshûs.
Omke Jaep griemt hwat mei kopkes en skûtels by de kraen om.
‘Hwat seine de fammen,’ is syn earste wurd. ‘Alhiel op ien ein?’
‘Och ja,’ seit Sjirk en hy kipet gau efkes yn de spegel oft der wierlik hwat fan in snor op 'e lippen sit, ‘healwiis
| |
| |
en frjemd. Ofwaeide praetsjes en nuvere útfynsels. Se hiene hurde wyn yn de holle.’
Jaep sjocht him ris oan. ‘Ja, it is gjin feest by dy, leau ik. Ik tocht dat se dy om de hals fleane soene.’
Sjirk draeit him om. ‘Ja, se wiene net wiis. Oars gjin praet as klean en skuon, hier en kralen. Net ien sei: hwat soene wy krije. Oars net as: hwat sille wy oandwaen.’
Omke Jaep glimket. ‘Is it dat! Ja, dêr binne it fammen foar.’ Hy sjocht skean nei de keamersdoar en leit de finger op 'e lippe. ‘Kom ris mei! Hiel foarsichtich en neat sizze. Allinne harkje.’
Togearre slûpe se de gong del oan de keamersdoar ta. Omke Jaep bliuwt stean en wiist op syn ear. Harkje!
De doar sit net stiif ticht en se kinne alles forstean hwat yn de keamer sein wurdt.
‘Hjir is er twa kear útskuord,’ heart Sjirk syn mem sizzen op in toan dy't hy mar al to goed ken, ‘dat haw ik wer hwat byholpen, mar eltsenien kin it wol sjen. Sa'n jurk kin ik dochs net mei oankomme? Ik kin dochs net de hiele middei mei de earm stiif tsjin my oanrinne?’
‘Né, dat falt net ta,’ anderet de smid earmoedich.
‘Frou Span sil wol in nij dinkje hawwe, tink der mar ris om!’
‘Nou, dan is der altyd ien fan uzes kreas,’ ornearret de smid. ‘Dan moat dy mar in bytsje foaroan sitte....’
Omke Jaep triuwt Sjirk oan en skodhollet. Mis! Dêr hie de smid net mei oankomme moatten....
‘Dou kinst it moai sizze,’ seit frou Douma nidich, ‘mar hwer helje ik nou sa gau in oare jurk wei! Siz dat nou ris!’
‘Dou hast ek noch sa'n grienenien. Dy mei dat rútsje, griengriis.’
‘Dy? Dat is in winterjurk, jonge! Dêr kin ik nou net
| |
| |
mei komme, wol? In winterjurk! Né, dan moat it mantelpakje mar wer oan.’
‘Dat stiet dy altyd moai,’ seit de smid hastich. ‘Dêr sjoch ik dy noch it alderleafst yn.’
‘It mantelpakje! Dat haw ik nou al sa faek oan hawn....’
Omke Jaep lûkt Sjirk súntsjes wer mei nei de koken, ‘Hearst it nou wol? Se binne allegearre gelyk, jonge. Ald of jong - allegearre gelyk. Stil bisakje litte. Net der tsjinyn gean.’
Sjirk glimket. ‘Ik bin bliid dat ik in jonge bin.’
Omke Jaep knikt. ‘Ik ek. Mar se binne der en wy moatte der mei oanpiele. In kwestje fan taktyk, Sjirk. Hast dat nou wol yn 'e gaten?’
‘Ja, mar ik moat noch wol hwat leare,’ bikent Sjirk earlik.
‘Ik sil dy wol helpe,’ seit omke Jaep. ‘Ik haw it dy wol faker sein, kom mar op mei dyn swierrichheden, al hoe lyts se faeks ek binne.’
‘Se woene my in tút jaen,’ fortelt Sjirk oatmoedich.
‘Nou! En hwerom net. Ik woe dat se dat tsjin my sein hiene!’
‘Ja, mar dêrre! Woansdei! Yn de riedsseal....’
Omke Jaep giet mei de rêch tsjin it oanrjocht oan hingjen en slacht de hannen oerinoar. ‘Krekt! En dan moatstou in kleur krije en dy skamje. Ja wis! En dan seit Heskampen letter: och, och! Sjirk wist net hwer't er krûpe soe. Hwat wie it moai. En Sjirk is in omkoal.’ Hy leit him de hân op it skouder. ‘Dou moatst efkes earst wêze.’
‘Earst wêze?’ Sjirk sjocht him skean oan. ‘Moat ik dêr dan....’
‘Dou moatst harren dêr ien jaen,’ seit omke iiskâld. ‘Sadré as jimme it presintsje fan dy mynhear of fan de boargemaster krige hawwe en jim steane dermei yn 'e
| |
| |
hannen - dan pakstou ta! Net mâl en healwiis, né, biskaefd en netsjes. Alle trije in goed grouwenien. By wize fan lokwinsk.’
Sjirk sjocht noch neat net bigearich. ‘Dêr mei al dy minsken der omhinne? Dat wurdt noch wol hwat.’
‘Astou it net dochst, dan doch ik it,’ seit omke Jaep ûnforskillich. ‘Dou hast gjin lef genôch. Men kin tofolle lef hawwe, mar ek wol to min. Foar wêze, dat is de hiele saek. Se steane dêr mei it presintsje yn 'e hannen en se kinne net in kant út. Dou hast al sokke greate hannen, dou kinst it wol yn ien hân hâlde. Safolle sil it ek net wêze. Nou, dan pakst ta. En hwat seit Heskampen dan letter? Tsjonge, dy Sjirk wit hoe't it moat, hear! Dat is in hear. Ja, lit Sjirk mar rinne!’
‘En binne de fammen dan gjin omkoallen,’ seit Sjirk mei de mûle iepen.
‘Dat kin net,’ oardielet omke mei gesach. ‘In fanke is net gau in omkoal en in frou ek net. Allinne jonges en mannen dy't gjin lef hawwe.’
‘Ik doch it,’ seit Sjirk biret. ‘It kin in moaije film wurde.’
‘Dan geane wy nei punt twa,’ forfettet omke. ‘De klean. Sjoch, woansdeitomiddei komme se hjir yn fol ornaet oansetten, oardel ûre wurk hawn om sa fier to kommen en skoften foar de spegel stien. Deanijsgjirrich hwatstou en wy der fan sizze sille. Astou nou hwat spytgnyskest en dou soest bygelyks sizze: Och heden! Hwat hawwe jimme jim nou optakele - dan wie it mis! Foargoed mis, de hiele moaije middei wie bidoarn.’
‘Ik bigjin it to snappen,’ laket Sjirk. ‘Dat soe hiel stom wêze.’
‘Nou binne wy der,’ omke Jaep wer. ‘Taktyk jonge, oars neat. Dou moatst sizze: Asjebleaft! Ik miende dat ik kreas wie, mar by jimme fal ik gewoan wei! Mei ik wol
| |
| |
by jimme sitte? En dan is it goed, dan hawwe se net forgees sa lang foar de spegel stien.’
‘Bitanke foar de les, master!’
‘Moai. Dan bringst nou mei in fleurich antlit dy kopkes nei de keamer. En as jim mem freget: Hwat sil ik nou woansdei oandwaen, Sjirk - hwat silst dan sizze?’
‘It mantelpakje,’ anderet Sjirk ûnsteurber, ‘Dat stiet mem altyd pico-bello!’
‘In tsien mei in griffel,’ glimket omke Jaep. ‘Fuort, wy moatte ite.’
Goed sawn ûre, as se wer op 'e tún steane, komt boer Dykstra oer de dyk.
‘En?’ freget er. ‘It moaije brief al lêzen?’
‘Ja wis,’ seit de smid. ‘It liket mar goed, net?’
‘It liket pûrbêst,’ seit Dykstra tofreden. ‘En dat ús doarpke ek noch hwat kriget! Hwat kin it nuver draeije yn de wrâld.’
‘Hwat moatte wy nou winliks yn dy kommisje,’ freget Douma.
‘Dêr bin ik hjir krekt foar kommen. Sjoch, wy kinne net sa gau hwat bitinke, lit stean fan klearkrije, dêr't it hiele doarp hwat oan hat. As dy ambassade-siktaris ús nou aenst in chèque of in pear tûzen goune oerrikt, dan kinne wy as kommisje dat jild oannimme en sa gau as wy hwat útdoktere hawwe, krije se fan ús birjocht. Wy kinne nou oan alle Heskampers wol in pear tientsjes útkeare, mar dat is de bidoeling net. It moat hwat bliuwends wêze. En wy kinne wol gau sizze: fan in kampke greide meitsje wy in sportfjild - mar dat is ek neat. Earst sjen hwat wy woansdei krije en dan moat de kommisje mei plannen komme. Net gleonhastich, earst goed biprate. Wy kinne it mar ienkear útjaen.’
‘Jo wolle it wol oannimme en der foar bitankje, net?’
‘Komt wol klear,’ knikt Dykstra.
| |
| |
‘Ja, mar ek foar dat fan de bern. Sjoch, as jo dan dochs it wurd hawwe. Jo kinne it better as ik. Is dat net to folle frege?’
‘Wel né,’ laket Dykstra. ‘As it Blom en de oaren goed is, wol ik dat mei alle leafde dwaen. Sille wy nou efkes nei dy oaren ta? Dy witte noch sa goed net hwat it krekt yn hat.’
Wis, de smid makket wol tiid. It giet foar it algemien bilang net? De beide mannen sette ôf.
‘De kommisje bigjint mei har tariedend wurk,’ seit omke Jaep dy't mei Sjirk oan it sparbeantsjelizzen is.
‘En wy mar wrotte,’ suchtet Sjirk. ‘Is dy pûde hast leech?’
‘Moed hâlde,’ treastget omke. ‘Moartojoun de Folksbus op knappe! Tink dêr mar oan, dan is de tiid samar om!’
|
|