| |
| |
| |
| |
6. Sjirk rûkt de dinnebosken
De wike forroun fierder hwat nuver, hiel oars as de bern tocht hiene. It stikje fan it jaske wie de moandeitojouns yn alle kranten to finen. Hekstra en Geartsje hiene it kreas trochjown, der stie neat to folle yn en ek neat to min. Eltsenien wist der nou fan en mei de opskroefde forhalen fan fyftichtûzen goune wie it nou út. Sahwat seistûzen goune oan frjemd jild, dêr bleau it by. Der waerd noch wol efkes oer praet hjir en dêr. Neffens de measte minsken wie it fanselssprekkend dat de man syn djûr jaske wer krige. Mar forskate oaren forgunden it him. Né, dan hie er mar better oppasse moatten! As it ea in man meiwierre hie, nou, dan dizze keardel. Faeks hie er in stik yn de kraech hawn, dit soart lju libbet der ornaris mar op ta. Miljonair! In fint dy't net ienris it forskil tusken de húskedoar en de bûtendoar wit! En sa'n ien is
| |
| |
twa kear miljonair.... Se moasten him in boete fan in miljoen oplizze, it hiele tastel hie wol nei de barrebysjes gean kinnen.
Dat wiene sa de forhalen op de hoeke en yn de skearwinkel. Blom krige ek hiel hwat to hearren as hy mei syn bôlleguod by de froulju kaem. Hwa soe it nou better witte as Blom, syn eigen fanke hie der ommers by west!
Yn Heskampen hiene se oare dingen oan de holle. It wie de tiid fan it gersdroegjen en de boeren hiene it smoardrok. Tiid om to praten wie der hast net, elts wie yn't spier.
De tiisdei bigoun mei krûme ûngemakken. Klaes Tromp biknypte in finger tusken twa molkbussen, it wie allegearre bloed en Klaes rekke mei frou Pasma yn de auto nei de dokter. Dokter doarst it net kramje en stjûrde him nei it sikehûs. De bus wie krekt troch en frou Pasma moast wol mei Klaes nei de stêd.
It like mâller as it wie, Klaes syn finger bleau der oan en mei in great wynsel en in draechforbân mocht hy wer nei hûs.
It hie al acht ûre slein doe't Klaes wer by frou Pasma yn de auto siet. Hoe kaem it nou mei de skoalletsjinst! It soe wol yn't hûndert rinne, frou Pasma koe en woe der net tsjinoan jeije. It moast him dan mar rêdde.
Krekt efter it doarp komme se de ploech yn'e mjitte. Sjirk en de trije fammen hawwe elts in lytske efterop en Froukje, de faem fan Span, hat nûmer fiif foar har rekken nommen. Frou Pasma bliuwt efkes stean en heart dan dat Douma mei de Folksbus djip yn de mieden siet en dat se him net bisette koene.
Fimke kin fuort ek sjen hoe't it mei har heit is. It liket wol in bytsje raer mei al dat forbân, mar heit is goed fleurich. It komt wer klear, hat de sikehúsdokter sein en dat is in hiele treast.
| |
| |
Frou Tromp hat it kofjewetter al op stean, se hat de auto al fan fierrens oankommen sjoen. Frou Pasma moat ien mei opdrinke, dat kin noait oars. Se hat it wrychtich wol fortsjinne.
Ja, dêr sit Klaes. De kofje smakket bêst, mar hoe moat it mei syn wurk.
‘Meist wol hwat dwaen?’ freget syn frou.
‘Ja, mar hwat sil men mei ien hân. It biroerde is dat de iel ek bigjint to rinnen. Ik moat oan it fiskjen, wy kinne dy sinten net misse.’
‘It treft altyd raer, hen!’ seit frou Tromp tsjin de boerinne. ‘Krekt nou't de iel der is, hawwe wy dit. En it fiskjen bringt mear op as it molkfarren, moatte jo tinke.’
‘As Aldert nou moarns en jouns hwat byspringe koe,’ slacht frou Pasma foar, ‘dan koe it molkfarren trochgean.’
Klaes libbet op. ‘As jou man him misse kin, ja - dan wie dat klear! Fimke kin de fûken wol mei sette en ophelje. En Sjirk is der ek noch! Dy komt fêst om to helpen.’
De wrâld wurdt ynienen wer hwat ljochter foar Klaes. Frou Pasma sil mei har man prate. Sjoch, Aldert kin earst wol mei melke. Mar dan, nei melken, moat er as it kin in oardel ûre mei Klaes op de molkboat om de folle bussen der yn en der út to setten. Dat is mei ien hân net to dwaen.
Frou Pasma giet oerein, se moat ek wer ris thús sjen. Krekt as se de doar út sil, komt Blom it reedtsje opdraven.
‘Frou Pasma, kinne jo myn frou ek nei dokter bringe? Se hat hyt wetter oer 'e hannen krige! Ik haw al opbelle, mar dokter is de polder yn.’
‘Dat is nûmer twa,’ seit frou Pasma skodholjend. ‘Hwat soe ús nou noch mear oer de holle hingje?’
Dan draeft se nei de auto. Blom is der mei syn lange skonken noch efkes earder en hy hat de doar al foar har iepen.
| |
| |
Frou Blom sit machteleas op in stoel yn de wenkeamer en de triennen rôlje har by de wangen del. In panne mei hyt wetter stie op it butagasstel en krekt doe't se dy panne der ôf krije soe, kaem de hiele saek op har ta gliden. Ja, hy stie der net goed op, fansels. De panne wie to great, oars hie se him altyd op de greate pit en dan koe it altyd krekt. Nou kaem it sa út dat er op de lytse pit moast en ja....
‘Ja, dat koe net,’ seit frou Pasma. ‘It jowt ek neat mear, hy komt net wer op dy pit en wy moatte mar gau nei it doarp. Kinne jo rinne? Is it ek oer de fuotten gien?’
‘In hiel lyts bytsje,’ anderet frou Blom, ‘de muoite net wurdich. Mar ik kin sa de doar net út, ik moat in oare rôk oan hawwe.’
‘Gjin sprake fan, dêr sjocht dokter neat fan,’ seit frou Pasma biret. ‘Earst dy hannen forsoargje, fan'e middei is der wol wer tiid om oare klean oan to dwaen.’
‘Gau yn de auto,’ fiteret Blom. ‘Dou hoechst net mei dy rôk troch de tsjerke!’
Hoeden wurdt frou Blom yn de auto plakt en dan giet it foar de twadde kear nei de dokter.
As de bern middeis út skoalle komme, is der net folle tiid om to praten. Sjirk moat masinemessen fuortbringe, de boeren sitte der om to springen. Hy kriget twa heakken dêr't it hout mei de messen yn hingje kin oan'e fyts en fuort giet it, de mieden yn. Martsje hat op it skoalleplein al heard hoe't it mei har mem stiet. Durk, har bruorke fan sawn, is ien fan de skoalleäutoklanten. As se thúskomt sjocht se har mem mei twa wite stompkes ynpleats fan hannen by de tafel sitten. It ôfwaskjen stiet der noch, heit is noch by de streek lâns en der binne twa doazen mei moal en tabak kommen, dy moatte noch útpakt wurde. Martsje fordocht gjin tiid mei praten, de skelk komt foar en der wurdt oanpakt. Durk moat mar sjen dat er de
| |
| |
doazen leech kriget. De winkelbel rinkelet noch, folle faker as oars, it binne allegearre nijsgjirrige klanten dy't ris hearre wolle hoe't it mei mem giet.
Fimke moat har mem helpe om de fûken nei to sjen. Joun moatte se wer yn it wetter en der binne in pear âlde by dy't net ticht binne.
Jikke bigjint fan de weromstuit mar to gersswyljen. Allinne op'e dyk omrinne as elts it drok hat is ek neat wurdich. De greide mar yn en in riuwe yn de hannen. It is ek noch in goede gymnastyk!
Healwei seizen komt Hekstra mei de kranten en by alle doarren en foar elts rút ropt er: ‘In moaije krante, minsken! Jimme moatte mar gau ris sjen!’
Hy hat gelyk. Net allinne de foto fan Sjirk en de fammen stiet der yn, mar ek noch in hiel stik oer Heskampen. It jaske wurdt mar efkes neamd, dat forhael wie juster al opnommen. Né, dit giet oer it doarpke, oer de minsken dy't dêr harren brea fortsjinje moatte en oer de bern.
Kamstra hat der hwat moais fan makke en Onnes hat bûten de foto's fan de bern noch trije oare nommen, ien fan it smidshûs, ien mei trije pleatsen der op en dan noch ien fan in âld arbeidershúske oan it Heskamper djip.
De krante giet ûnder it breaïten fan de iene nei de oare, elts wol it forhael lêze en de plaetsjes sjen. De lju dy't twadde lezers binne, hawwe in strop. Sy moatte wachtsje oant buorman of freon de krante út hat en dan is it meastal ek hast acht ûre.
Sjirk seit net folle as er it forhael lêst, mar ynwindich is er sa greatsk as in pau. Hjirsa!
‘De bern fan Heskampen binne by de stedsbern yn in bulte dingen earder foar as efter. Gjin sprake fan forlegenheit, foaral de fammen kinne har wurdtsje tige dwaen.’
| |
| |
Haha! Dat slacht op Fimke en Jikke fansels. Dy Kamstra is dochs in geskikte fint! Gau fierder lêze....
‘Se prate op it stik oan, se forgrieme gjin wurden. Sûnder omhalen kinne se alles dúdlik meitsje en sadwaende lykje se faek âlder en wizer as se binne. Wurden as “leuk” en “miters” binne der net by. Foar ús, dy't dêr alle dagen en alle ûren mei bigetten wurde, wie dat as in koele drank yn de simmer.’
Sjirk gnysket yn himsels. In koele drank yn de simmer! Hwer hellet sa'n man de wurden wei! Hiel hurd fierder...
‘De fjouwer bern op it plaetsje hawwe ús ek in staeltsje sjen litten fan harren “sportiviteit” of hwat wy yn de regel biflappe ûnder de wurden “lichamelijke ontwikkeling”. Dy fjouwer soene foar eltse gymnastykforiening in greate oanwinst wêze. Wy witte net oft it nou fan de bûtenlucht komt of fan de lange einen dy't hja fytse moatte nei skoalle ta, mar dy tolvejierrigen binne hurder en dreger as ús stedsbern. It is spitich foar harren dat der net in foriening tichteby is, ûnder bitûfte lieding wie fan dat materiael hwat to meitsjen.’
‘Sjirk, dou moatst nei Tromp!’ warskôget syn mem. ‘Dou soest helpe to setten, hawwe wy Klaes ûnthjitten.’
‘Ja, mar ik moast efkes dit stikje lêze,’ anderet Sjirk. ‘It is moai!’
‘Dy krante bliuwt der wol,’ seit Douma. ‘Ik moat it allegearre noch ris rêstich trochnoaskje. Us Heskampen yn de krante! Hwa hie dat tinke kinnen. Tink der ris om, aenst komt hjir in heap frjemd folk om it forneamde Heskampen to sjen!’
‘Ja,’ laket omke Jaep, ‘wy moatte der by wêze, minsken! Gau in herberch meitsje fan ús smidshûs. Hwat sitte wy hjir gaedlik op'e hoeke. Wy sette de blikke fol tafeltsjes en stuoltsjes en dan moat der noch sa'n wite bak
| |
| |
mei iis by.’ Hy sjocht skean nei frou Douma. ‘In geskikte forkeapster hawwe wy wol....’
‘Dou soest my wol efter de iisbak hawwe wolle,’ knikt frou Douma, ‘mar dan moatst lang wachtsje!’
‘Dat koene de fammen en ik wol forkeapje,’ ornearret Sjirk. Sels iis forkeapje! Dat soe hwat wêze....
‘Dan soe der hwat fan oerbliuwe,’ laket Douma. ‘Jimme sels de bêste klanten! Hwa soe hjir yn Heskampen om iis komme! Mar wy sille noch hwat dwaen jonges, der steane noch twa stikkene brommers.’
Douma en omke Jaep sette ôf, yn dizze drokke tiid moat der nei seizen ek noch hwat út'e wei set wurde.
Sjirk hat de stikjes yn de krante oer Heskampen út, letter alles noch mar ris goed oerlêze. Nou earst nei Klaes!
Fimke is al drok dwaende mei de fûken. Klaes is noch net werom mei de molkboat, mar yn de fierte hearre se de motor al poffen, it duorret net lang mear. Sjirk springt yn de greate aek en Fimke rikt him de fûken oan. Alles moai op steapels, dan de oanhingmotor der noch oanhingje - klear!
‘Hast de krante al lêzen?’ freget Sjirk.
‘Jonge, ik bin wol twa poun groeid,’ laket Fimke. ‘Kinst it net oan my sjen?’
Sjirk sjocht der neat fan. ‘Bist noch krekt deselde wynhoun as altyd. Mar it wie in moai stikje!’
‘Ik stie der wer sa slop by, op de foto,’ ornearret Fimke. ‘Jimme steane der alle trije better op. Ik haw de holle wer skean en de eagen heal ticht, lyk as altyd. Ik kom der nea goed op.’
‘Fanke, elts komt der op sa't er is,’ treastget Sjirk. ‘Ik sjoch altyd swart, seit ús mem. En Jikke dan, dy gniist ivich as in foks.’
‘Ik hoopje dat wy moarn de echte krije fan de krante.
| |
| |
Ik doch der in listke om en dan set ik him op myn keammerke. Dochstou dat ek?’
‘Ik liz him ûnder myn holkjessen,’ seit Sjirk plechtich.
‘Dou bist net wiis.’ Fimke jowt him in triuw en ek in goedenien, hy bidarret hast op de fûken yn de aek.
De molkboat komt yn't sicht. Aldert stiet greatsk oan it roer, mei de pet skean op de holle draeit hy oan de speaken as soe er mei de molkboat by de Niagara-wetterfallen del. Dit is krekt hwat foar him, Klaes hie him gjin greater deugd dwaen kinnen.
Nou komt it swierste karwei noch, de boat moat draeid wurde. Klaes set de motor hwat suniger en Aldert syn tonge komt der by út'e mûle. Hy wol it moai dwaen, foaral nou't Sjirk en Fimke op'e wâl taskôgje.
It slagget, de boat komt kreas mei de efterein by de steger to lizzen, de motor hâldt mei in foarse klap op en de beide molkfarders stappe oan wâl.
‘As ik letter pensioen krij, moat Aldert de boat hawwe,’ seit Klaes priizgjend. ‘Dy jonge is foar skipper yn de widze lein, hy kin mei de eagen ticht wol stjûre! Nou moatte jimme sjen hoe't dy boat der by leit, net to foarlik, net to efterlik - krekt goed! En dat foar de earste kear....’
Sjirk docht der noch in skepke by. ‘Ik hie it him net neidien,’ seit er, sa earlik as er mar kin. ‘Ek dat draeijen, ik nim der myn petsje foar ôf.’
‘Jonges,’ seit Klaes en hy stekt syn goede hân foarút, ‘men hat it yn de hannen, of men hat it net. It is in jefte en net oars!’
Aldert groeit. Hy sjocht nochris goedkarrend nei de boat mei lege molkbussen en dan rôllet er in sigaretsje.
‘Ik wol it letter graech dwaen,’ seit er dan. ‘It handiget my wol. Eh - moatte de fûken der nou noch yn?’
‘Ja, mar dêr helpt Sjirk my foar,’ seit Klaes. ‘Dou
| |
| |
moatst nou ite, jonge! Moarnier moatst der ek wer bitiid ôf.’
It liket Aldert oars moai ta en hy kin mar min fuortkomme. ‘Hwa moat se der dan wer mei úthelje?’
‘Fimke,’ seit Klaes, ‘Fimke - dou giest aenst op bêd, hear!’
‘Och, mei ik dan net ienris mei?’ seit Fimke spitich.
‘Né. Dou moatst der fjouwer ûre al ôf en dan krigest to min rêst.’
Klaes is baes. Aldert set nei hûs, moarnier nei melken komt er wer. Klaes moat in bakje drinken hawwe en Fimke giet mei him yn'e hûs. Sûnde om nou al op bêd to gean, mar it kin net oars.
Efkes letter wurdt de oanhingmotor oanslein en yn in kertierke binne se yn it Heskamper djip. De molkboat moat dêr it soal hâlde, mar mei de aek kinne se tichter ûnder de wâl komme. Klaes stjûrt en seit hwer't de stokken stean moatte en Sjirk triuwt se yn de spounzige groun, net to licht en net to djip. Sa farre se sûnder folle to sizzen it hiele djip del en werom nimme se de oare kant. Om njoggen ûre steane de sechstich fûken, âlde en nije, greate en lytse, op de iel to wachtsjen.
As Sjirk thúskomt, heart hy dat de boargemaster opbelle hat. De ambassade yn De Haech hie trochjown dat der in tillegram nei Stockholm gien wie. Yn de rin fan'e wike soe der wol birjocht werom komme en sadré as De Haech antwurde hie soe it de boargemaster to witten dien wurde. Neat opstjûre, alles mar goed biwarje, it wie yn fortroude hannen. Olsson wie hast altyd ûnderweis, it soe ek noch bêst mooglik wêze kinne dat hy sels komme woe om syn spullen op to heljen. Sa'n ien koe men alles fan forwachtsje.
‘Jaep, meitsje dy klear, jonge!’ seit de smid, as er Sjirk it forhael dien hat. ‘Skerpje dyn Ingelsk op, as dy greate
| |
| |
man hjir komt moatstou him to reden stean. Ja, wy kinne it net! Dou bist dêr krekt de man foar.’
‘Frou Pasma ken ek Ingelsk,’ seit omke Jaep fleurich. ‘Faeks ek noch better as ik, dy hat foarhinne skoallejuf west.’
‘Nou, dan hellest har der mar by,’ helpt frou Douma har man. ‘Gean der mar hinne, dan kinne jim togearre hwat oefenje.’
‘De man is hjir noch net,’ smyt Jaep op. ‘Hy moat hjir earst mar ris wêze.’
‘Né Jaep - dan is it to let,’ hâldt de smid oan, ‘dan moatst der klear foar wêze. Wy sille ús wol goed earmoedich klaeije, hen Sjirk? Us âldste boesgroentsjes dogge wy oan.’
Sjirk snapt it net rjocht. ‘Hwerom âlde rommel oan?’
‘Nou, dan skout hy mear ôf! Bigrypst dat dan net? As wy hjir yn de sneinske klean omstappe tinkt dy man: Hjir is neat brek! Ik jow se alle fjouwer in ryksdaelder en dan is it moai! Hast it nou yn'e gaten?’
Sjirk boarst út fan laitsjen. ‘Ja! En ek goed! Wy moatte hjir tige suterich omhingje en dan seit omke Jaep: Sjoch nou ris mynhear Olsson - dat binne nou de earlike fynders! Se hawwe hast gjin klean om it gat, de honger stiet harren yn'e eagen to lêzen - mar likegoed hawwe se jou jild thúsbrocht en der mankearret net in sint.’
‘Just,’ ropt de smid. ‘Net in Sweedske stûr en gjin Amearikaenske sint, mynhear! Hast it heard Jaep? Iksels hie it net better sizze kinnen. En dan moatst der goed by skrieme Jaep, de triennen moatte dy by de wangen del rôlje. Dat slacht altyd yn.’
‘Dat fan dy “honger yn de eagen” kin der net op troch,’ laket frou Douma en se sjocht har trije goed trochfuorre manlju ris op en del oan. ‘It soe al kinne, mar dan moatte jimme fan'e wike net mear ite en drinke.’
| |
| |
‘Dat haw ik der net foar oer,’ akselet har man tsjin, ‘né, dat wurdt neat. It wie oars sa'n moaije foarslach. Sjirk de fammen gau ophelje en dy hjir dan ek komme mei raffelige rokjes en stikkene klompkes...’
‘Dy't se net ienris hawwe,’ follet syn frou oan. ‘Dy tiid is oer, jonge! En dat is ek mar goed. Dou sjochst gjin raffelige rokjes mear, elts is like kreas. En nou moat ien fan uzes nedich op bêd.’
‘It gie krekt sa moai,’ seit Sjirk. ‘Ik woe de krante ek noch sjen.’
‘Komt neat fan,’ bislút syn heit. ‘Wy geane ek. Moarn stiet der wer fan alles op de wurklist.’
Omke sit noch mei Olsson yn de mage. ‘Ik leau der neat fan dat dy man hjir komt,’ mimeret er. ‘Hy sil wol wizer wêze. Hjir yn dizze efterôfhoeke, hy kin it net ienris fine!’
‘Hy komt!’ seit syn broer driigjend. ‘En hy nimt syn frou mei, in hiele moaije en djûre frou. Meitsje dy klear.’
‘Ik kin altyd noch fuort to aisykjen,’ grommelet omke Jaep.
Efkes letter leit it hiele smidshûs yn djippe rêst.
Sjirk dreamt dat der in mânske auto it hiem opstouwen komt, in djûre slide mei in greate S der op. Olsson stapt der út mei syn frou en syn dochter. It famke set fuortdaliks op Sjirk ta en fûstket mei him. Se hat hiel lang ljocht hier, it is wyt lyk as sulver! It hier waeit him yn 'e eagen, sa lang is it. In nuvere rook slacht him yn de noas, it is it sâlt fan de sé en it hars fan de dinnebeammen.
Se seit hwat, it binne frjemde ûnforsteanbere klanken. Hy sil de mûle iepen dwaen mar dat wol net, der sit in pleister op. Hwerom hat mem dat ding der op dien? Nou kin er ommers neat sizze! It famke laket en triuwt him de finger yn it kûltsje fan it wang. Hwer is Fimke nou, dy hat altyd wol wurden! Hwer is Martsje.... Hy sjocht
| |
| |
om. Dêr rinne se! Dy kringen, se litte him gewoan stikke! Se gnize ek noch en se stekke de hân omheech. Dat binne nou jins boarters.... Geane se to aisykjen en hy kin him mar rêdde mei dat frjemde fanke. Hy skammet him dea en de triennen rôlje him oer de wangen. It famke seit hwat en nou sjocht se de pleister! Lûk der mar oan fanke, dat ding moat der ôf! Hwer hat mem dat plakkaet weihelle, hy is folle greater en tsjûker as in gewoanenien. Jammele, nou hat er it sâlte hier fan it famke yn 'e mûle....
Puolkjend oan 'e tonge en mei it klamme swit op de foarholle wurdt Sjirk wekker. Hy sobbet op de triedden fan syn wollen tekken, it is allegearre like wiet en fiis. Hy skout foarsichtich fan it bêd ôf en wasket him holle en hannen by de wasktafel. Sa, dat is lekker fris. Nou mar ris wer bisykje en net wer op 'e rêch lizzen gean. Op 'e side is better....
De tiisdeis brocht de post de foto's. As de bern middeis út skoalle komme is it by de smid greate omdieling, de piramidefoto's binne der ek by en elts fan harren kin twa mei nei hûs krije.
Se wurde bisjoen en nochris bisjoen. Onnes is in goed fakman, de echte foto's binne stikken moaijer as it kranteprintsje. En dat se dat nou sa mar forgees krije!
Tankber en bliid sjogge de fammen dat se thús komme. Dêr wachtet it wurk al wer, mar in kertierke moat oan de foto's spansearre wurde. En it is nuver, it wurk flottet nou folle better. Oft it nou fan de foto's komt of fan it moaije waer - it fljocht troch de hannen.
Martsje moat oan 'e wask, har mem mei noch net mei de hannen yn it wetter. Jikke komt om har to helpen en togearre hawwe se der gau regaed yn makke. As alles hinget geane se foldien yn de sinne sitten.
Fimke moat wer by de fûken lâns, joun moat alles wer foar't krijen lizze. Fjouwer ûre fan 'e moarn is se fan 't
| |
| |
bêd ôf rôlle en se huveret noch as se der om tinkt. Hu, hwat is it dan moarns kâld. Dy dize giet jin troch alles hinne, moarnier docht se noch in waerm fest ûnder de mantel. Mar it fong moai! Heit hie in goed sin, se hiene grif tusken de tritich en de fjirtich poun, der sit al moai hwat yn de kear. Sa rêdde se it skoan, Sjirk jouns mei sette en sy moarns mei lichte. Heit syn finger komt wol wer klear, dizze earste wike moatte se sa troch avensearje. Rikje dogge se nou net, dat is tofolle wurk.
Freed komt de handeler mei de auto. Freed, dat is noch ien - twa - trije dagen. As der nou nochris hûndert poun by kaem. As it tafalt kriget se nije simmerskuon! Hwat soe de priis fan de iel wêze, in goune? It binne net sokke grouwe....
Tofreden mei it libben en mei nije ynstappers yn it foarútsicht sjocht Fimke de fûken nei. Gjin gatsjes? Moai, dat moat ek net. De iel moat der net wer útglûpe kinne. In bulte iel moat der yn komme. Tsien poun yn dizze fûke! Né, dat is to folle. Fiif poun, dat is al in soad. Fiif poun is hast ien skoech. Hwat kostje dy mei dy gatsjes ek wer? Fjirtjin-fyftich....
Twa dagen forrounen sûnderdat der bûtengewoane dingen barden. Sjirk gie alle jounen mei Klaes it wetter op en Fimke wist al net better of se moast der fjouwer ûre ôf. De ielkear sit al moai hwat yn, de lêste slach moat it nou noch goed meitsje.
Freed set yn mei rein en hurde wyn. Kâld en trochwiet komme Klaes en Fimke thús mei de aek en it hat ek hast noch neat oplevere. Klaes sjocht der net oars om, hy hat wol dagen oanien neat fongen. ‘Dou krigest dyn skuon, hear!’ seit er tsjin Fimke as se oan it forklaeijen binne yn de koken. ‘Dou hast it wrychtich wol fortsjinne.’ Fimke sjocht greatsk nei har mem en de thé hat noch nea sa goed smakke as fan 'e moarn.
| |
| |
Douma en omke Jaep hawwe in moaije dei om de putsjes op to knappen dêr't se oars net oan ta komme. It reint oanienwei en de boeren kinne neat útheve, allinne de kij moatte molken wurde.
Efkes foar fjouweren komt boargemaster Jongma it hiem opriden.
‘Ik haw in brief út De Haech krige,’ seit er tsjin Douma en griist fan de swarte hannen fan de smid. ‘Kinne wy der togearre efkes oer prate?’
‘Jawis mynhear! En jo hoege my net in hân to jaen,’ laket Douma. ‘Us fak is in tankber fak, mar men kin der net skjin by bliuwe.’ Hy giet de boargemaster foar nei de wenkeamer en wylst hy it rûchste hwat fan syn hannen ôfhellet, hâldt syn frou it petear geande.
‘De frou kin der wol by bliuwe,’ seit de heechste boarger as Douma wer forskynt, ‘sa heimsinnich is it nou ek wer net.’
‘Nou, wy binne binijd,’ komt frou Douma út 'e hoeke.
‘Der stiet net ienris sa folle yn en earlik sein bin ik der in bytsje mei oan.’ Jongma hellet in greate slúf út 'e tas. ‘It komt hjir op del. Se wolle fan my as boargemaster graech witte hoe't it der by jimmes yn Heskampen hinne leit. Hokfoar bern as it binne, ryk of earm, út hwat foar formidden.’
Hy hâldt efkes op en glimket. ‘Dat is it slimste net, dêr bin ik gau mei klear.’
‘Ja, dat tinkt my ek,’ seit de smid. ‘Net ryk en ek net earm, soe ik sizze. Hiel gewoane bern, lyk as der hûnderten omrinne.’
‘Krekt,’ knikt Jongma, ‘dat sil ik ek skriuwe. Mar dan komt it noch! Se wolle ek graech witte hwer't it doarp forlet fan hat. Oft ik ek ien of mear dingen opjaen kin dêr't hiel Heskampen hwat oan hat.’ Hy lûkt in djûr útsjend stik papier út de greate slúf en siket nochris hwat
| |
| |
der stiet. ‘Se tinke bygelyks oan nije oanklaeijing foar in skoaltsje as dat der is, in bibliotheek, in lyts swimbad, in klokje, in parkje oanlizze, in lantearne of in klubhús foar de jongerein.’
Frou Douma sakket de mûle iepen. ‘Wolle se dat hjir delsette?’
‘Dêr liket it in bulte op,’ seit de boargemaster kalm. ‘De earste fraech slacht fansels op in oantinken foar de fjouwer bern. Mar dat is fêst noch net moaijernôch en dêrom moat ik nou in foarslach dwaen oer hwat bliuwends foar it hiele doarp.’
‘It is to raer,’ seit Douma. ‘Jow de bern in fototastel of in beurs en dan is it ommers moai. Tafallich hawwe ús bern dat jaske nou foun, mar eltse Heskamper hie it werombrocht! It is hielendal gjin prestaesje, gewoan in staeltsje fan plicht. As se dy man nou ris út it wetter helle hiene, ja - dan hie it noch hiel hwat oars west!’
‘Ik bin it alhiel mei jo iens,’ seit de boargemaster, ‘mar nou moatte jimme it ek fan dy man syn kant bisjen. Hy is troch in wûnder oan de dea ûntkommen en nou wol er troch in rejale jefte oan ús en oan eltsenien sjen litte hoe tankber hy dêrfoar is. It soe in greate mislediging foar de man wêze as wy nou sizze: Man, hâld jou jild mar, wy rêdde ús sa wol! En net allinne in mislediging foar him, mar ek foar de hiele ambassade, foar alle konneksjes dy't wy mei Sweden hawwe.’
‘Ja, dêr is neat tsjin yn to bringen,’ suchtet frou Douma. ‘Ik bin der forslein fan. Hjir in parkje oanlizze....’
De boargemaster glimket. ‘Ja minsken, dêr bin ik hjir nou krekt foar kommen! Sjoch, dit is in fortroulik skriuwen. Praet der mei nimmen oer, ek net mei de bern. Mar ik wit yn de goedichheit net hwer't jimme nou forlet fan hawwe. Siz dat nou ris....’
‘Dit is min, mynhear,’ anderet Douma. ‘Ik soe it sa
| |
| |
net witte en dêr soe ik earst ek mei Blom en de oaren oer prate moatte. Ek mei Dykstra, dit is dochs in saek foar it hiele doarp.’
‘Dat hie ik nou krekt yn de holle,’ seit Jongma. ‘Sjoch, om in parkje sitte jimme net forlegen. In skoaltsje is hjir net en it is to healwiis om hjir ien del to setten, it soe net bistean kinne. In lantearne? Jimme hawwe foar de winter krekt twa nije strjitlampen krige. In klok? Dan soene wy earst in toer bouwe moatte. Ik woe mar skriuwe dat wy in kommisje ynsteld hawwe om dizze saek to ûndersykjen, ek al om it aparte lizzen en wêzen fan dit lytse doarp. En it jild moat hjir bliuwe, ik soe dat nou net graech foar in oar doarp brûke wolle, al wie der faeks wol tige forlet fan. Dy kommisje woe ik dan de fjouwer heiten yn hawwe en dan Dykstra der by as foarsitter. Hy is riedslid, neutrael yn dizze saek en hy soe dan sahwat de fortsjintwurdiger fan it hiele doarp neamd wurde kinne. Hwat tinkt jimme dêrfan?’
‘It kin net better,’ is de smid fan bitinken. ‘Der sitte allinne gjin froulju yn dy kommisje.’
Dêr wol frou Douma neat fan witte. ‘Astou dêr nou yn sitste of ik, dat is dochs likefolle!’
De boargemaster giet oerein. ‘Dat moatte jimme nou ûnderinoar mar útmeitsje! O ja, dit stiet der ek noch yn,’ en hy tikket op it brief. ‘Ik moat de jas, de oanstekker, de pas en alles mar opstjûre nei De Haech. Allinne it jild net.’
‘Nuver, it jild net,’ seit Douma. ‘Soene se dat dan brûke wolle foar eh - it goede doel, sil ik mar sizze?’
‘Ik haw itselde tocht,’ knikt de boargemaster. ‘Wy hawwe noch gjin wissichheit, mar it liket der in bulte op.’
‘Dy hiele seistûzen goune?’ freget frou Douma forheard. ‘Kinne wy dat hiele kaptael dan brûke om hjir hwat to bouwen?’
| |
| |
Jongma lûkt oan de skouders. ‘Frou Douma - hwat is nou yn dizze tiid seistûzen goune. Foar jo en foar eltse húsfrou is it in greate rykdom, ik wit it mar al to goed. Mar foar ús? Wy hawwe in nij masyntsje krige foar de kaerten fan ús archyf, in ding net greater as jou naeimasine. Seistûzen goune! Ien fan ús tsjerken hat in nije klok krige, net ienris in greatenien. Fiif en in heal, mei it ophingjen ek seistûzen goune!’
Douma en syn frou sjogge mekoar oan. Mynhear hat gelyk, as men mei sokke dingen bigjint dan is tûzen goune neat.
‘Ik moat nou fuort, minsken. Ik wit hwat ik skriuwe moat en jimme hearre wol fan my.’ De boargemaster nimt ôfskie en fordwynt mei syn auto yn de stadich delfallende rein.
As Douma yn de smidte komt steane dêr fjouwer wiete en forwaeide swabbers by it fjûr fan omke Jaep om in bytsje op to droegjen. Se stouwe alle fjouwer op de smid ta en hy wurdt hast ûnder de wiete jassen bidobbe.
‘Hwat sei de boargemaster, Douma?’
‘Hie er ek hwat nijs, heit?’
‘Komt dy rike man nou hast, Douma?’
Ja, hwat moat de smid nou antwurdzje. Dit is in minne boel....
‘It liket net bêst, jonges,’ seit er mei in earmoedich antlit. ‘Us boargemaster hat it hiele spul opstjûrd nei De Haech. De bril wie bidoarn, dêr hat in forkeardenien troch sjoen. It jild wie neat mear wurdich, âlde rommel út de oarloch, de jas siet in fetplak yn en de oanstekker woe net mear barne. It liket pûrmin jonges, aenst moat der jild by....’
De swabbers leauwe it net en se wurde mâl. De smid kriget nou fan lofts en fan rjochts reinjassen om de earen en hy krûpt efter in âld fyts.
| |
| |
‘Jo hawwe de sinten sels opstrutsen! Kom op!’
‘Heit is in liichbist! Ik sjoch it wol oan heit syn eagen,’ ropt Sjirk. ‘Ik sil it hiele hûs ris trochsykje!’
‘Kom mei jonges,’ seit Martsje hymjend. ‘Wy geane fuortynienen nei de boargemaster. Dizze man is in oplichter.’
‘Ja! Nei it gemeentehûs!’ seit Jikke. ‘Wiet binne wy dochs al!’
Douma riist oerein, mar hy hâldt foar de wissichheit de âld fyts as in skyld foar him út.
‘Né jonges, it wie mar in grapke. Dat de boargemaster it spul opstjûrd hat, is wier. Mar fierders kin en mei ik jimme neat fortelle. Der stiet hwat foar jimme op it fjûr, mar hwat it is wit ik net. Wachtsje mar rêstich ôf, it duorret fêst net lang mear. En nou nei hûs om hwat waerm drinken. Mars!’
‘It is dochs in moai fjouwerspan,’ seit omke Jaep. Hy hat sûnder hwat to sizzen stil mei syn wurk trochpield en sjocht nou glimkjend de fammen efternei dy't hurd meitsje dat se thús komme. Sjirk is binnentroch nei de koken gien.
‘In moai span,’ seit er dan nochris en yn syn lûd skimeret de spitigens fan in man dy't sels gjin bern hat en dizze fjouwer wol graech syn eigen neame woe. ‘Ik hoopje sa dat se hwat krije....’
De smid fielt de ûndergroun yn de stim fan syn broer.
‘Se binne ek in bytsje fan dy, Jaep,’ seit er dan myld. ‘En wy sille der beide goed op passe. It is in rykdom, jonge....’
Dan bigjinne se wer mei âlde fytskeatlingen to skuorren, rimpen en mei in bulte leven. Krekt as skammen se harren foar de lêste pear minuten, it ramaeijen yn de keatlingen om moat dat, hwat se sein hawwe, nou wer oerstimme.
|
|