| |
| |
| |
| |
5. Jikke wurdt in gewoan wiif
Sneintomoarn, healwei njoggenen. Sjirk leit noflik op'e rêch op bêd en hy tinkt noch hwat nei oer de wûnderbaerlike sneon. Acht ûre is oars sneins syn tiid, mar it leit hjir fiersten to moai. Hwat wie it in dei! Hwat in wûnder dat sy dêr alle fjouwer by it húske sieten. Stel je foar dat Aldert it jaske sjoen hie doe't hy op it trijehoekje kaem. Doe wie it der noch net, fansels. Né, mar as it doe krekt fallen wie en Aldert hie it ynpikt! Dan hie Aldert alle eare krige en sy neat. Hy moat der net om tinke....
Dêr komt ien by de trep op! Mem fansels.... Gau der ôf springe! Mem hat wer in hiel oar sin as Sjirk. It liket der net op. Sjirk sjocht it wol sadré't de sliepkeamersdoar iepen giet. Trije tearen yn de foarholle, de mouwen wit hoe heech opstrûpt - né, it is gjin sneinsk sin. Mem en soan fiele faek beide itselde, seit men wolris. Mar dat
| |
| |
kloppet altyd net, tinkt Sjirk. In bytsje kalmoan dwaen en mar net to folle sizze...
‘Soa, soest der ek in kear ôf,’ bigjint frou Douma. ‘It sil tiid wurde. Kom earst mar ûnder en yt dyn iten op. Moatst my helpe mei it ôfwaskjen, kinst dy letter wol waskje en oanklaeije.’
‘Ofwaskje?’ Sjirk sjocht har oan as hearde hy it tongerjen. Ofwaskje! Is dat nou de ynset fan in moaije snein? Is dat wurk foar in jonge dy't juster seistûzen goune foun hat?
‘Ja, ôfwaskje,’ snibbet syn mem. ‘Jim heit giet mei de Folksbus nei tsjerke, omke is it fjild yn en ik sit mei de hiele brot fan justerjoun. Feestfiere is moai, der moast allinne net in “oare deis” wêze. Kom mar gau ûnder.’
Efkes letter stiet Sjirk to ôfdroegjen. It giet net hurd, mar moai. Fammen binne der yn it smidshûs net, Sjirk en omke Jaep hantlangje as it frou Douma al ris oer de hege skuon rint. Douma is ûngeskikt bifoun foar dat wurk, to greate hannen en gjin ûnthâld. Hy wit net hwer't it skjinne spul hinne moat en hy kin de deiske en de sneinske théleppeltsjes net ienris útmekoar hâlde.
As alles oan'e kant is wasket Sjirk him gau en efkes letter stiet er yn in kreaze oerstrûper op'e stoepe.
Hwat nou? It fjild yn? Né, hjoed net. Rêstich thús bliuwe, lekker kofjedrinke, ite en dan mar ris wer sjen. Efkes nei de oare ein. Sjirk is noch mar krekt op stap of hy rint tsjin lytse Tsjalling oan. Tsjalling, in lyts proastich mantsje, bliuwt gau stean.
‘Hwat hearde ik, jonge. Hawwe jimme in soad jild foun?’
‘Ja,’ anderet Sjirk fatsoenlik, ‘mar it is bûtenlânsk jild, hear! In jaske, in bril en hwat papieren. Boppe op de transformator.’
Tsjalling slacht de hannen yninoar. ‘Alle segen komt
| |
| |
fan boppen! En jim witte hwa't it takomt? Sit der ek hwat oan foar jimme?’
Sjirk lûkt oan de skouders. ‘Stil ôfwachtsje, Tsjalling!’
‘Wy stiene justerjoun by jimmes op'e dyk. It wie allegearre minsken dêrre, it wie dúdlik en klear dat der hwat to rêdden wie. Ik kin dy sizze Sjirk - myn wiif en ik hawwe der spul om hawn. Jantsje sei dat jimme heit en mem fyftjin jier troud wiene en ik sei dat it noch lang sa fier net wie.’
Tsjalling eamelet mar troch oer hwat Jantsje allegearre tocht, oer hwat hysels allegearre tocht en oer lju dy't mei de sinten oan binne. Sjirk hat al lang syn nocht, mar hy doar ek net fuortrinne. Men moat fatsoenlik wêze tsjin greate minsken.... Mar is Tsjalling wol in great minske? Sjirk sjocht op him del.
‘Hoe gieit nou krekt,’ bigjint Tsjalling open nij. ‘Seagen jimme it út de loft fallen?’
Sjirk fortelt wer it hiele forhael. Hwat de boargemaster der fan sei, dat de man in Sweed wie en hwer't it jild nou is.
‘En nou moat ik nei Blom,’ bislút er dan hastich. ‘Dei Tsjalling!’
Hy set fuort de gong der yn en Tsjalling bliuwt skodholjend stean. It wierret Sjirk net mei op dizze sneintomoarn. As er hast by Blom syn winkel is komt Aldert syn mem om'e hoeke. Frou de Boer! De greatste kweak fan Heskampen.... Sjirk syn motorke draeit op heechspanning. As er nou net handich is, dan stiet er hjir mei in healûre noch. Hwat sil er sizze....
Frou de Boer bliuwt al midden op'e dyk stean, breedút, de hannen yn'e side. Nou komt se dan dochs ris to witten hwat der wier is fan al dy forhalen. Soks treft Aldert nou noait ris, dy hat noch nea hwat goeds thúsbrocht. Oars net as stikkene klompen.
| |
| |
‘Houris Sjirk!’ Hast grimmitich komt it der út. ‘Se sizze dat jimme in brievetas fol jild foun hawwe en ek dat it foar it radio west hat. Is dat allegearre wier?’
Sjirk sjocht har mei ôfgriis oan. ‘It is wier, frou de Boer,’ seit er dan heas, ‘mar ik kin der net fierder oer prate. As dy man yn dy masine him net goed fêsthâlden hie, dan hie er boppe op ús fallen....’
Frou de Boer wit net hwat se der oan hat. Dy jonge hat in klap hawn! Syn eagen steane as soe er bigjinne to gûlen. Hy sjocht mar skrutel om him hinne.
‘Mar hy libbet dochs noch, jonge,’ seit se bihelpsum. ‘Dou moatst....’
‘De fammen en ik - wy hiene alle fjouwer wol dea wêze kinnen,’ praet Sjirk mei in grêfstimme. ‘Ik moat der net om tinke, frou de Boer. Ik haw de hiele nacht gjin wink yn'e eagen hawn....’
Mei de hannen foar de eagen is Sjirk fuortsketten en hy fordwynt by Blom om de hoeke.
Frou de Boer krige gjin káns mear om hwat to sizzen. Hwat nou! Nou wit se noch neat. Oars net as dat Sjirk der net better fan wurden is. De jonge is alhiel fan de kaert.
Sjoch, dêr komt Tsjalling oan. Faeks wit dy hwat mear....
Tsjalling hat syn moarnskuijerke dien en sil wer op hûs oan. Hy is in willige proai foar de nijsgjirrige frou de Boer.
Sjirk is by Blom de hoeke omgien en stiet nou foar it finster fan de wenkeamer. Hwat soe er hjir? Neat ommers. Hy wie hjir allinne mar hinne strûsd om frou de Boer kwyt to reitsjen. Hy kin Martsje efkes deisizze. Of sil er trochrinne en dan om Pasma hinne wer op hûs oan? Hoe liket it by Blom.... Leave stumper, de hiele keamer
| |
| |
sit fol minsken en der stiet ek in brommer! Gau trochrinne....
Blom hat him al sjoen en winkt. Hjir komme! Sjirk docht de doar op en dan stiet Martsje al yn de gong om him op to heinen.
‘Ik soe dy hast ophelje! Hekstra sit hjir, it komt yn de krante!’
Hekstra is de man dy't alle dagen de krante yn Heskampen bringt en hy hat ek it agintskip. Hy soarget foar advertinsjes en as der in krûm ûngemak yn it greate doarp of yn Heskampen foarfallen is, kin men der mar op oan dat it de oare deis yn de krante stiet.
Martsje is út'e skroeven, mar Sjirk ropt net sa lûd.
‘Ik haw myn nocht hast fan dy forhalen, ik kin de dyk hast net ienris mear lânsrinne.’ Hy fortelt hoe't Tsjalling alles witte moast en hoe moai hy frou de Boer to fiter hawn hat.
‘Hoechst nou net folle mear to fortellen,’ seit Martsje. ‘Hekstra sil bisykje om hjir in fotograef hinne to krijen! Stel it dy foar, jonge. Wy yn de krante!’
‘My bêst,’ laket Sjirk. ‘Ik sil wol efter jimme krûpe..’
Se stappe de keamer yn en ja, dêr sit Hekstra. Mar hy is net allinne, hy hat syn dochter Geartsje meinommen, in jongfaem fan sawntjin jier.
‘Ha, wer ien fan de helden!’ ropt Hekstra, as er Sjirk sjocht. ‘Dit wurdt in heal blêd fan de krante, Sjirk! Moatst ris sjen, ik haw myn siktaresse meinommen.’
‘Ik sjoch it,’ seit Sjirk droech en hy groetet Geartsje en de famylje Blom. ‘Hjir moat hiel hwat útrôlje, net? Jo wurde hjir fêst wol fyftich goune better fan. Mar wy! Hwat krije wy!’
‘Krekt,’ laket Blom. ‘Hy komt hjir al mei in jongfaem en greate stikken papier, mar hwat bringt it op! Siz it him mar goed, hear Sjirk!’
| |
| |
Hekstra is net sa gau forslein en hy kin syn wurdtsje wol dwaen.
‘Sjirk jonge, dou bist noch sa jong,’ seit er dan meilydsum, ‘en nou hat it jild dy al yn'e macht. Seit de eare dy dan neat? Dat Heskampen dit bilibje mocht en datstou de eare hiest om it mei to finen - seit dy dat neat?’
‘Net in sprút,’ gnysket Sjirk. ‘Jow my dy fyftich goune mar en dan krije jo de eare....’
‘Fyftich goune,’ skodhollet Hekstra. ‘Astou ris wiste hwat ik hjir fan krij, dan seist neat mear. Op syn heechst in pear ryksdaelders en dêr moatte wy hjir ek noch foar hinne.’
‘Sjirk, hy slacht jild út jimme sinten,’ seit frou Blom snoad.
Dêr moatte se allegearre om laitsje. Jild slaen út sinten!
‘Hast al kofje hawn, Sjirk?’ freget frou Blom.
Né, Sjirk hat noch neat hawn. Hy hat oars neat dien as prate oer jild. Der wurdt gau ien foar him yngetten. In sneintomoarn sûnder kofje bistiet net.
Geartsje, dy't oars noch net folle dien hat as laitsjen, nimt nou it wurd. ‘Sjirk, ik haw it hiele forhael al op papier. Mar nou de namme fan dy man, Olsson, moat dat mei ien s of mei twa?’
‘Mei twa. Ik haw der goed om tocht, it stie yn syn pas.’
‘Moai. It moat der al in bytsje knap yn, netwier?’
‘Dêr haw ik har foar meinommen, sjoch!’ seit Hekstra fornoege. ‘Ik kin hiel wol prate, mar Geartsje skriuwt better. Dy fine puntsjes, dat hawwe wy net leard, sjoch!’
‘Wy sille wol sjen hwat der yn komt,’ ornearret Blom. ‘Meitsje it mar net al to moai.’
‘Blom, it is al sa'n great wûnder - dêr hoecht neat by,’ seit Hekstra mei klam. ‘Hast neat mear Geartsje? Dan stappe wy wer op.’
| |
| |
‘Ja,’ anderet Geartsje, ‘ik haw noch al hwat. As der nou in fotograef komt, hwat moat hy dan nimme? Heit wol hawwe dat der in plaetsje fan makke wurdt, mar de bern moatte nei skoalle! Hwannear moat dy man hjir dan komme?’
‘Ja, dêr seist hwat fanke.’ Hekstra poetst syn bril op en tinkt nei. ‘Ik hie tocht fan de fjouwer bern foar de transformator, dêr is de jas op fallen. Hoe let komme jimme út skoalle?’
‘Fjouwer ûre,’ seit Martsje. ‘Wy geane acht ûre al fuort en middeis bliuwe wy oer.’
‘Tweintich minuten oer fjouweren binne se hjir sahwat wer,’ helpt frou Blom. ‘Jo kinne hjir foar achten ek net bêst ien komme litte.’
‘Né, dat giet min,’ jowt Hekstra har ta, ‘dan binne dy lju ek noch net to sprekken. Wy sjogge wol hoe't it komt. Ik bitankje jimme foar de meiwurking en nou sille wy jim net langer pleagje.’
Geartsje bitanket foar de lekkere kofje en pakt har papieren yn de tas. Blom lit harren út en se fordwine togearre op de brommer.
Sjirk bliuwt noch efkes hingjen en sjocht dan ris oft der ek minsken op'e dyk binne. Hy wol net wer oan it forhael. As nearne immen to sjen is, giet er nei hûs. Fan'e middei mar op de fyts fuort, in goed ein.
De snein forrint fierder sûnder bûtenwenstichheden. Sjirk bilânnet twa doarpen fan Heskampen ôf by in kuorbal-searjekriich en wurdt dêr wei yn al it jongfolk.
De fammen moatte op jierdeibisite nei in skoallekammeraetske. Dêr wurdt it forhael ien kear forteld en fierder giet de middei om mei spultsjes dwaen, iten en drinken.
Jouns, wer thús, hearre se fan de heiten en memmen dat der noch nea safolle minsken op in sneintomiddei yn Heskampen west hawwe. It hat ien lange rige fan fytsen
| |
| |
en brommers west, allegearre nijsgjirrigen dy't hwat heard hiene en nou sjen woene oft der hwat fan oerbleaun wie.
De moandei bigjint mei útsocht moai waer. It stekt alle boeren oan en moarns bitiid rattelje oeral yn it roun de meanmasinen. Foar de smid is dit ien fan de drokste skoften. Omke Jaep sit hast de hiele dei efter de slypstien to messkerpjen en Douma sels fljocht mei de Folksbus fan de iene boer nei de oare. Hjir is in lager brutsen en dêr stiet in swylmasine mei stikkene tinen.
Sjirk en de fammen binne taktysk net sa ier fan hûs gien en se kine it sa út dat se krekt healwei njoggenen op it skoalleplein oanlânje. It komt goed út, foardat se de foet op'e groun hawwe stiet de hiele skoalle al om harren hinne. Tagelyk warskôget de bel en de goed ôfrjochte ploech moat wol yn it rigeltsje stean gean.
Master sjocht syn trije klassen ris oer as se allegearre sitte. Hwat binne se drok fan'e moarn. Soe dat nou allinne komme fan it Heskamper foarfal? Fuort de punt der mar ôfbite.
‘Jonges,’ bigjint er dan, ‘wy hawwe allegearre heard dat ús Heskamper ploechje sneon wûnderbaerlik hwat bilibbe hat. De iene seit dit en de oare wer hiel hwat oars. Wy binne sa ryk dat wy alle fjouwer goudsikers yn ús formidden hawwe. Ja, oars wiene it aisikers - mar nou binne it goudsikers wurden. Foardat wy harren it wurd jowe, woe ik nou earst wol ris hearre hwat de bûtenwacht hjir fan makke hat. Ytsje fanke, gean dou ris stean en fortel ús mei koarte wurden hwat der foarfallen is.’
Ytsje giet oerein. ‘Der is in fleanmasine forûngelokke en doe is dêr in stik fan op Heskampen fallen. En dat hawwe Sjirk en de fammen foun.’
De hiele keppel ropt fan né en se sitte allegearre to skodholjen. Ytsje giet mei in fjûrreade kleur wer sitten.
| |
| |
‘Willem,’ seit master, ‘fortel de wierheit en neat as de wierheit.’
Willem fielt hwat er op syn noed hat en brimt dêrneffens. ‘Der is neat forûngelokke,’ seit er dan. ‘Foar de radio is sein wurden dat der in jas út de fleanmasine fallen is en dy jas is yn Heskampen tolânne kommen. Yn dy jas siet in kaptael jild.’
‘Hoefolle?’ freget master.
Willem lûkt oan de smelle skouders. ‘Ik wit it net, master. Ik haw heard fan fyftichtûzen goune en dy hat de boargemaster yn bislach nommen.’
Willem giet foarsichtich sitten en eaget skean nei Sjirk twa banken efter him. Sjirk knikt him freonlik ta, mient er. Hy hat fêst in goede beurt makke. Yn alle gefallen better as Ytsje.
Master sjocht glimkjend nei Sjirk en Jikke, dy't efterinoar sitte.
‘Hwa fan jimmes sil efkes fortelle hoe't it krekt gien is? Fimke?’
Ja, Fimke moat it dwaen. Dy kin fierwei it moaiste fortelle.
‘Kom mar efkes foar de klasse,’ seit master.
Fimke fortelt rêstich en mei de nedige koartswyl it hiele forhael. Hoe't se fjouweresom by it húske sieten, hoe kjel as Martsje en sy wurden wiene doe't se de mouwe hingjen seagen, hoe kreas as Sjirk wie mei jaske en bril en ek hoe't it Martsje yn de nekke sketten wie. Ien kear ûnderbrekt master har. ‘Sieten jimme dêr nou tafallich of wie it mear in ynjowing, Fimke....’
Hwat moat Fimke dêr op sizze? Se sjocht nei de oare trije, mar dêr kriget se net folle stipe fan. Sjirk kin it laitsjen net litte en leit to skodzjen op'e bank. Martsje sit mei de hân foar de mûle en Jikke is alhiel wei wurden efter Sjirk. Gau hwat bitinke! Se kin dochs net bêst sizze
| |
| |
dat se Aldert dêr hinne lokke hiene om him mei frjemde kunstkes lytsman to krijen?
‘Dat plakje master,’ anderet se mei in stielen antlit, ‘dêr meitsje wy altyd ús plannen foar de hiele wike.’
‘Just,’ seit master, ‘in soart klubhûs yn de iepen loft. Gean fierder.’
Fimke bigjint mei nije moed oan it lêste diel. De gearkomste yn it smidshûs, de boargemaster syn petear mei de ambassade, dat se joun allegearre mar ris om de krante tinke moatte en dat der fan in bileanning noch neat to sizzen is. Alles hiel ienfâldich en sûnder it ek mar in lyts krûmke op to sieren.
‘Dat hast kreas en dúdlik útlein,’ ornearret master. ‘Dêr krigest in moaije acht foar. En nou oan it wurk, jonges! De sechste en de fyfte klasse meitsje hjir in opstel oer, net minder as twa bledsiden en net mear as trije. De fjirde klasse makket in moaije tekening fan in fleanmasine dêr't in jas útfalt. In doar dy't iepen stiet en yn it doarsgat in man dy't it gûlen neijer stiet as it laitsjen. Mûle ticht en meitsje der hwat moais fan.’
Efkes letter is it deastil yn it lokael. Master rint tusken de banken troch en hy glimket. Sa'n moai ûnderwerp hat er yn gjin tiden hawn. Efkes kypje, hwat stiet der boppe? ‘De domme Olsson.’ De man moast it sjen kinne! En hwat hat Willem der boppe? ‘It wûnder fan Heskampen!’ Dat liket ek goed. In goede ploech, tinkt master. Se hawwe gelyk. Olsson wie dom en it is ek in wûnder. In great wûnder....
As Sjirk en de fammen middeis út skoalle komme, sjogge se fan fierren al in auto stean by de smidte. En hwat foar in auto! It liket mear op in raket. Sjirk floitet as se tichteby komme.
‘In sportwein,’ seit er mei djip ûntsach. ‘In djûr merk, jonges!’
| |
| |
Omke Jaep heint it spul op. ‘Der binne twa mannen fan de krante. Se hawwe al in skoftke op jim wachte, se wolle graech in plaetsje meitsje. Kin dat nou daliks efkes? Sjoch, as de fammen earst nei hûs geane om thé, duorret it wer safolsto langer.’
‘Nou, dan moat dat mar,’ ornearret Martsje. ‘Wy hawwe de baljurk wol net oan en Sjirk hat him ek net hwat skeard....’
‘Ik wol der net ienris op mei dy,’ laket Sjirk. ‘Kinst ommers net ienris laitsje mei dyn stive nekke. Giest mar efter de transformator stean, hear!’
‘Hwer binne dy mannen?’ freget Jikke. ‘Kom op! Wy hawwe sin oan thé.’
De mannen komme mei frou Douma út it smidshûs setten. De iene is lang en hat in lyts snorke, de oare mei in bril is fêst de fotograef, hy tôget in great tastel en hat ek noch hwat om de hals hingjen.
‘Kamstra,’ stelt de greate him foar, ‘en dit is Onnes, in fotograef fan kwizekwânsje. Hy hat keningen en keningshuzen op de plaet forivige en it sil him in eare wêze as hy syn lins op jimme ynstelle mei.’
Onnes bûcht, hy teart suver dûbeld en de bern laitsje. As alle krantelju sa binne, is der wol mei om to gean.
‘Wy sille dan mar sa goed wêze,’ seit Fimke en se smyt har fyts tsjin de hage oan. ‘Krije wy dan ek in foto, mynhear?’
Kamstra giet kearsrjocht stean en leit de hân op it boarst. ‘Dat is wol it minste en tagelyk ek it iennichste dat wy oanbiede kinne, juffer. Alle fjouwer in glânzjende ôfdruk! Allinne in list hoege jo der mar by to keapjen.’
‘Nou, dan giet it oan,’ seit Sjirk. Hy set de fyts ek tsjin de hage en sil mei greate trêdden nei de transformator ta. De fammen forgrieme ek gjin wurden mear en sette efter him oan.
| |
| |
‘Hou ris,’ ropt Kamstra. ‘Hwer sille jim hinne?’
‘Nei de transformator,’ seit Sjirk. ‘Dêr moatte wy der dochs op?’
‘Hiene jim dat al ôfpraet?’ freget Kamstra. ‘En hwerom dêrre?’
Sjirk komt wer in stap werom. ‘Dêr is it jaske dochs op fallen. Of hawwe jo dat noch net heard?’
‘Ja wis. Frou Douma hat ús it forhael al forteld. Ik wol jim aenst ek noch wol hwat freegje, hear! Dus, jim woene dat húske der by op hawwe.’
‘Dy transformator heart der by, dat is foar har fanselssprekkend,’ seit frou Douma glimkjend. ‘Se hiene it al lang klear, sjogge jo wol?’
‘It is ek lang net gek,’ tinkt Onnes. ‘Hawwe wy tagelyk in eftergroun.’
De hiele optocht giet nei it griene húske ta en dêr wurdt de bêste stand útsocht. Frou Douma strykt noch in hierlokke nei efteren, Sjirk syn oerstrûper wurdt rjocht lutsen en Onnes makket gymnastykoefeningen mei syn kyktastel. Kamstra slacht himsels de hoed oer de eagen om it spul oan it laitsjen to krijen. Klik - it is foarmekoar!
Onnes kipet omheech. ‘Hoe hawwe jim dat ding dêr ôf krige?’
‘O, dat wie neat,’ swetst Jikke. ‘Gean mar ris stean, Sjirk.’
Sjirk giet nochris to bûch stean en Jikke stiet him yn in pear tellen op 'e skouders.
‘Nou, sa!’ ljochtet Fimke ta. ‘En dat lêste stikje mei myn stôk.’
‘Just,’ knikt Kamstra. ‘Jimme wenje hjir wol op it fuottenein, mar stive ruters binne jim om de deale net!’
‘Sjirk is sterk,’ seit Martsje kalm. ‘Hy kin ús alle trije wol tille.’
| |
| |
‘Lit ris sjen,’ glimket Onnes. ‘Dan meitsje ik dêr ek in plaet fan.’
Jikke komt wer del en nou moat Martsje omheech. It giet har sa linich net ôf as Jikke, mar se komt der. Fimke en Jikke rinne in meter of fiif tobek en foardat frou Douma en de beide mannen de kâns krije om in pear wurden to sizzen fljogge se tagelyk by Sjirk op, sette him in foet op'e heup en pakke tagelyk in hân fan Martsje beet. Dêr steane se, Sjirk skuort wol hwat raer mei de eagen, mar de trije fammen glimkje as trochlearde sirkusartysten en se wiuwe mei de frije earm as hiene se oars nea dien.
Onnes hat syn tastel noch net ienris klear. ‘Efkes noch, jonges!’ Hy skrept mei in plaet en dan hat syn fêste hân it tastel ek fuort goed to plak. Klik - de piramide is ek forivige.
Kamstra draeit him om nei frou Douma. ‘Ik hie net forwachte dat jimme bern hjir sokke akrobaten wiene,’ seit er mei respekt, ‘hwant dit is dochs wrychtich “hegere” gymnastyk.’
‘Ik wist net ienris dat se soks koene,’ is frou Douma har earlik biskie. In bytsje greatsk is se wol op har ploechje. It is wolris goed dat sokke stedlju witte dat se hjirre meidwaen kinne. Litte se it mar fierder fortelle!
De bern steane ûnderwilens al lang wer op'e groun. Hiel rêstich, krekt as wie hwat se sjen lieten de muoite net ienris wurdich. It is ek neat foar harren, dit kunstke hawwe se wol tritich kear yn de lege golle dien en as it moast koene se it wol mei de blyndoek foar.
Fimke krijt sin oan har thé. ‘Moat mynhear it forhael ek noch hearre, of kinne wy nou wol nei hûs gean?’
Kamstra sjocht mei nocht nei it proastige ding. ‘It forhael stiet joun al yn de krante,’ seit er dan glimkjend, ‘dat hawwe wy al fan ús agint Hekstra trochkrige. Boppedat
| |
| |
hat frou Douma sa goed west om ús noch it ien en oar to fortellen. Né, dêr sille wy jimme nou net mear mei pleagje. Mar ik moat jim nammen noch efkes hawwe om dy ûnder de foto's to setten. Gean noch ris stean lyk as niis.’
De bern dogge it en Kamstra skriuwt de nammen yn syn boekje.
‘Klear! En nou Sjirk - hwat wolstou letter wurde?’
‘Direkteur,’ anderet Sjirk, sûnder him in amerij to bitinken.
‘Ja, ja! Direkteur!’ Kamstra knikt. ‘Dat is in hiele moaije baen!’
‘Ja,’ seit Onnes kâld, ‘dat bisykje wy ek al jierren, mar it wol ús noch net slagje. Hoe woest dat dan hawwe? En fan hokker saek?’
‘Ik bou hjir in fabryk,’ seit Sjirk deakalm. ‘Ik wit noch net hwat foar fabryk. Masines, healûkers of platte weinen - och, dat sjogge wy letter wol. Earst goed it fak leare, laskjen en tekenjen. It is noch lang sa fier net.’
‘Astou dy fabryk iepenest, meitsje Onnes en ik der in moai forslach fan,’ ûnthjit Kamstra. ‘En dou, fanke!’ Hy wiist op Martsje.
‘Forpleechster,’ seit Martsje ienfâldich. ‘Ik kin net sa bêst leare.’
‘In moai birop,’ ornearret Kamstra. Dat drege kalme fanke sil it fier bringe, tinkt hy by himsels. Dêr sil elts sikehûs bliid mei wêze. ‘En dou komst by ús op de krante, tocht my,’ praet er dan tsjin Fimke. ‘Dou bist knipt foar de teleks. Sil ik in plakje foar dy frijhâlde?’
Fimke skodhollet mispriizgjend. ‘Né, ik wurd ûnderwizeres! Ik wol net in hiele dei mei in tillefoan oan it ear sitte. Op sa' drok kantoar mei al dy mannen - né, dat liket my op neat.’
‘Bern binne ek drok,’ glimket Onnes.
‘Dêr rêd ik my wol mei. Hwat seistou, Martsje?’
| |
| |
‘Se binne net lokkich, as se by dy de waffel iepen dogge,’ seit Martsje. ‘Astou se net stil krigest, dan gjin ien.’
‘Tocht ik ek,’ en Fimke sjocht tofreden nei de beide mannen.
‘Nou hearen, jimme hearre it - se witte allegearre hwat se letter wolle,’ seit frou Douma. ‘It sil wol oars útkomme, mar it sit yn de holle.’
‘Ja, ik harkje der raer fan op,’ seit Kamstra. ‘Dat is hjir gjin fraechstik mear. O ja, jufferke Span is der noch. Hwat is dyn ropping?’
‘Ikke?’ Jikke lukt oan de skouders. ‘Gewoan wiif, tink ik.’
‘Gewoan wiif?’ freget Kamstra. ‘Hwat is dat foar in birop....’
‘Nou, hiel gewoan.’ Jikke wurdt hwat nidich. ‘Witte jo net hwat in gewoan wiif is? Lyk as ús mem en frou Douma!’
‘Se bidoelt: trouwe as it sa fier is,’ helpt frou Douma. ‘Húsfrou! En mear net!’
‘Ja wis,’ snibbet Jikke. ‘Dy moatte der dochs ek wêze?’
‘Hwat oars fanke,’ forguodliket Kamstra. ‘Oars wie it net sa bêst. Ik koe it allinne sa gau net fetsje.’
‘Nou wol,’ seit Jikke. ‘Kom jonges, wy geane nei hûs.’
Mei in koarte groet stappe de fammen op de fyts en fuort binne se.
‘Dy krantelju binne dochs net sa snoad as ik tocht,’ skamperet Jikke as se in lyts eintsje fuort binne.
‘Och ju, it binne stedlju,’ seit Martsje meilijich. ‘Se binne oars as wy....’
|
|