| |
| |
| |
| |
3. Aldert sjocht stjerren
Sjirk draeft de wei del nei de pleats fan Boer Span. Trije ûre soe er der wêze. En hoe let is it nou? Aenst, by it klokje fan Blom, dan kin er it sjen. Rinnendewei giet it noch ris troch him hinne hoe lyts it doarpke is. Net ienris in toer mei in fatsoenlike klok om de tiid oan to jaen. As Blom dat reklame-klokje net oan de winkel hingjen hie, wist men hielendal fan neat.
Hy fielt nei syn lofter pols. As er yn de maert-moanne trettjin jier wurdt, komt dêr om dy pols in horloazje to sitten. Fan omke Jaep!
Tsjonge, dêr is Aldert mei it melkerskarke. Dan is it fêst trije ûre. Sloppe Aldert! Neat sizze, dan seit Aldert ek neat.
Mar Aldert bliuwt midden op'e dyk stean mei de hân omheech.
| |
| |
‘Sjirk jonge, hwat in haest! Hwer is de brân?’
Sjirk moat wol efkes ynhâlde. ‘Hwat wie der oan?’ Koart komt it der út.
Aldert gniist en lit dêr al syn giele tosken by sjen.
‘Moatst efkes by ús mem oanrinne. Dy hat noch in moai rokje foar dy! Kinst it foar in bytsje krije... Ha-ha!’
Sjirk sil him oanfleane, mar hy is krekt to let. Aldert draeit handich it karke om, dat it stiet krekt tusken him en Sjirk yn.
Sjirk wifket oft er in molkbus fan it karke krije sil en dy Aldert nei de holle smite, mar hy biret him ek wer. It karke, mei alles hwat der op stiet, soe wolris yn de sleat tolânne komme kinne. Boer Pasma krige de skea en dat moat net. Aldert moat hy hawwe, Pasma net. Hy is net bang fan Aldert, al is dy dan ek twa jier âlder. Noch efkes wachtsje, Aldert! Noch in pear ûre....
Uterlik kalm rint hy it karke foarby, de hannen yn de bûse. ‘Ik sil dy neat dwaen, hear Aldert! Dou moatst melke en ik sil noch efkes Judo leare. En pas dan mar op, jonkje!’
Aldert wit net hwat hy der oan hat. Judo leare? Hwat mient dat baeske. ‘Lytse opskepper,’ ropt er Sjirk noch efternei. Mar Sjirk beart, dat er neat heart. Hy rint noch efkes goed oan en stiet in skoftsje letter yn de skuorre fan Span. De trije fammen wachtsje al op him.
‘Hwat bist let en hwat sjochst mâl,’ seit Jikke. ‘Is der hwat mei dy? Bist net goed soun?’
‘Och, Aldert hie wer praetsjes. Lyk as altyd,’ anderet Sjirk noartsk.
‘Dat moatte wy dy jonge ris goed ôfleare,’ oppenearret Martsje har. ‘Hy hie niis tsjin my ek al sa'n forhael.’
Sjirk sjocht har forheard oan. ‘Tsjin dy ek?’
‘Tsjin ús ek wol,’ seit Fimke. ‘Hwat sei er nou tsjin dy?’
| |
| |
‘Syn mem hie noch in guodkeap rokje foar my!’
Fimke knikt. ‘Just. En tsjin my sei er: ús mem hat noch in kreaze broek lizzen. Dy soe dy krekt passe, Fimke!’
‘Ik leau dat hy it net rjocht forneare kin datstou altyd by ús bist,’ tinkt Jikke. ‘Sels hat er gjin kammeraten en nou bisiket hy om dy by ús wei to krijen. Lit him mar swetse.’
‘Doch ik ek,’ seit Sjirk. ‘Mar joun sil ik it him yndruije. As wy noch efkes goed oefenje, kin ik him smite dêr't ik mar wol. Hy sil dy praetsjes wol ôfleare!’
Fimke hâldt him in boekje foar. ‘Moatst ris sjen hwat ik hjir haw!’
Sjirk libbet op. ‘Hoe lear ik Judo.... Hwer hast dat wei?’
‘Us heit hat it juster meinommen út de stêd,’ seit Fimke greatsk. ‘It is net nij, mar der stiet fan alles yn!’
Dat wie hwat! Dêr sieten se nou krekt om forlegen. In echt Judoboek! Och, se diene sa sneontomiddeis yn de maityd hwat oan Judo. Tominsten - sa neamden se it. It wie gjin echt Judo, it wie mar hwat wrakseljen. It bigoun mei hwat gymnastyk en dat draeide út op sirkuskunstkes. Sjirk wie de sterke man, hy koe Fimke in hiel set boppe de holle hâlde. Jikke, it slangeminske, lei harsels yn in knoop. Fimke fleach op har eigen stôk, goed fêstboun oan twa efterbinen, oer de lege heagolle. Spesialiste oan de trapeze! Martsje koe fan alles in bytsje, klown en sterk frommes leine har it bêste. Har greatste prestaesje hie dit west: sitten gean en dan wer oerein komme mei acht lege ierappelbakjes op 'e holle.
Doe seagen se Judo op de tillevisy! De greate man út Utert en de lytse Japannezen. Dat wie hwat!
De lege golle fan Span syn pleats wie foar dit soarte fan dingen noch gaedliker as in earste klas gymnastykseal.
| |
| |
It koe allinne mar yn de maityd, skielik kaem alles wer fol hea to sitten. Nou lei op hwat takkebosken noch in lyts laechje âld hea. It fearre better as de bêste rubbermatte en sear koe men jin net dwaen.
‘Gau oan'e gong,’ seit Sjirk.
Se litte harren yn it hea delfalle en it boekje komt yn'e midden to lizzen.
In skoftsje letter moast Froukje, de faem by Span, in biezem helje út de skuorre. Der kamen in pear rare lûden út de lege golle en Froukje, dy't ek noch jong wie, moast stikem efkes sjen. Sy slûpte efter in steapel lege bakken en koe dêrwei moai yn de golle kypje. Se hie it net better treffe kinnen.
Sjirk en Fimke steane rjocht foarinoar oer, de hannen as klauwen foarút en de lippen stiif opinoar. Efter Sjirk Jikke en Martsje, tusken harren yn in bultsje hea. It is nou deastil yn de greate skuorre.
En dan, Froukje kin it sa hurd hast net neikomme, giet it oan. As in tiger fljocht Fimke op Sjirk ta, Sjirk lit him efteroer falle en tagelyk saeit Fimke mei de skonken omheech troch de loft.
Froukje slacht de hân foar de mûle. Dat komt net klear! Se draeit har om en giet hastich troch de brândoar nei de koken. Dat moat de frou witte!
Se sjocht net dat Fimke kreas yn it bultsje hea tolânne komt en fuortynienen wer omheech fearret.
Frou Span pielt hwat mei it iten foar de snein en sjocht forheard om as Froukje troch de doar fallen komt.
‘Nou meije jo wolris yn de skuorre sjen,’ goait Froukje der út. ‘Hwat se nou dogge is gjin boartsjen mear, se binne gewoan oan't fjochtsjen!’
‘Giet it sa raer?’ freget frou Span. ‘Soe it net hwat tafalle?’
‘Sjirk smyt mei dat lytse famke om as in heinebal,’
| |
| |
seit Froukje forwitend. ‘It bern kin de skonken wol brekke!’
‘Ik sil aenst wol ris sjen. It sop moat earst klear,’ anderet frou Span. Soe Froukje gelyk hawwe? Fansels it binne bern. Se ken Sjirk wol en se wit hiel goed hoe't it der faek omwei giet. Mar se kinne it altyd sa bêst meiinoar fine.... Dochs mar ris sjen.
Frou Span giet troch de doar en komt by deselde steapel bakjes dêr't Froukje ek stien hat. In alderivichst moai plakje, se kin de hiele golle oersjen sûnderdat de bern erch yn har hawwe.
Raer giet it net, dat sjocht se fuortendaliks wol. Fimke hat har skonken ek noch net brutsen, se stiet der noch goed op. Nou sjen hwat se útheve.
‘Wy dogge leske fjouwer,’ seit Fimke. ‘Ik nim Jikke en Martsje nimt Sjirk. En tink om de bûging, hear!’
Dêr steane se, twa by twa. In âld sjael om de overalls knope en se bûge krekt as de lytse Japannezen op de tillevisy. Se pakke mekoar by it overalltsje beet en draeije en skoppe mei de fuotten dat it âlde hea yn'e rounte stout.
En doe woe frou Span wol dat sy, ynpleats fan in fototastel, in filmapparaet hie. Handich as in duveltsje sjit Fimke ûnder Jikke en frou Span sjocht har eigen fanke in slach oer de kop gean yn de loft. En dêr giet Sjirk ek! Sjirk, dy't dochs grif tsjin de hûndert poun oan sit, wurdt dêr troch Martsje yn in pear tellen oer de kop smiten.
Frou Span komt efter de bakken wei en klapt yn de hannen.
‘Bern, jim kinne wol op de planken! Hwa hat jim dat leard?’
Dêr steane se, in bytsje forbûke dat frou Span harren oer't mad kommen is. Greatsk en mei in kleur fan ynspanning sjogge se mekoar oan. Jikke pakt it boekje en lit it har mem sjen.
| |
| |
‘Wy koene it in bytsje en nou leare wy it goed út dit boekje.’
Har mem bisjocht it. ‘Hoe lear ik Judo! En hwer hawwe jimme dat wei?’
‘Us heit hat it meinommen fan de merk,’ anderet Fimke. Hy sei: ‘As jimme dochs de skonken brekke wolle, doch it dan sa bihindich mooglik. Yn dit boekje stiet hoe't jimme falle kinne sûnder jim sear to dwaen.’
‘It is in goed boekje,’ seit Sjirk. ‘As wy dat allegearre leare sille, hawwe wy noch wol twa jier wurk. Wy kinne der noch neat fan.’
‘Tink der om dat jim gjin ûngemakken krije,’ warskôget frou Span. ‘Allinne hjir yn de lege golle, hear! Jim hoege gjin fjochtersbazen op'e dyk to wurden. Dat jim gymnastyk dogge is my bêst, hjir is gjin forieniging tichteby dêr't jim hinne kinne. Mar wês foarsichtich! Ik wol hjir gjin stikkene skonken hawwe, dan bliuwe de skuorredoarren ticht. Goed forstien?’
Fjouwer hollen geane earnstich op en del.
As frou Span wer nei de foarein gien is, bigjint de kriichsried. Hoe sille se mei Aldert.... Hy moat to plak set wurde en dan sûnder stikkene skonken. Hy hat al sokke lange sloppe skammels! Se kinne him ek net mei fjouwer man oanpakke, dat soe net earlik wêze. It moat wol mei sin útfigelearre wurde.
Jikke wol him útnoegje om yn de lege golle to kommen. Sjirk kin him dan in kear op'e rêch lizze. Wol er dan noch net om't lyk, dan noch in kear op'e rêch mei in bytsje mear gong yn de foarstelling. Genôch hea klearlizze. safolle dat er soun wer by syn mem komt.
It útstel wurdt forsmiten. Aldert sil him fêst net biprate litte om yn de healtsjustere golle to kommen en hy soe him ek net fortrouwe. Né, hy moat yn de frije natuer oanpakt wurde. Sjirk wol him op'e rânne fan in sleat geweken
| |
| |
nimme en it dan sa forsiere dat hy, Aldert, yn dy sleat tolânne komt. Yn it wetter falt men altyd sêft del. Gjin stikkene earmen en skonken, op syn heechst in bytsje wiet.
Dit wurdt ek troch de oare trije ôfstimd. Aldert soe forsûpe kinne en dêr is hy dochs noch to goed ta. Boppedat soene se, as hy trochwiet thúskaem, wolris lêst mei syn heit krije kinne. En dy is net sa noflik.
Né, hy moat neat brekke, him net al to sear dwaen, net trochwiet wurde - hy moat him allinne ta de teannen út skamje, dat hy nea wer de mûle iepen docht.
Martsje komt op't lêst mei in pûrbêst foarstel. Sy seit:
‘Wy moatte him by de transformator pakke, dêr komt hy aenst lâns as hy nei hûs giet. En dan sil ik him nimme, Sjirk net. As ik it doch, sil hy him noch mear skamje as hwannear't Sjirk him pakt. It gers is dêr lang en as Sjirk en Jikke efter my stean geane om him to heinen, giet it fêst net raer. Hat hy noch praetsjes, dan nimt Jikke him noch in kear mei les fjouwer. Wy hawwe Sjirk dan altyd noch as reserve. Fimke moat mei har stôk der om tinke dat hy net útnaeit ûnder de bidriuwen.’
Dêr wie net in spjeld tusken to krijen. Fuort der hinne. Underweis bitinkt Fimke noch in moaije set om Aldert op it trijehoekje to krijen dêr't de transformator stiet. Allinne Fimke hat sokke snoade ynfallen. De hiele foarstelling wurdt noch ris punt foar punt neigien. It kin net misse.
Dêr rinne se, rêstich en fol ynwindige wille oer hwat komme sil. Tolve jier binne se noch mar, de iene hellet dat noch net ienris. Mar fjouwer kear tolve makket acht-en-fjirtich.
Aldert komt floitsjend fan it hiem stappen. It is moai waer, moarn is it snein en syn wykleantsje sit yn de bûse. Hy sjocht ris yn de loft. Lytse wolkjes reizgje foarby en
| |
| |
it is krekt as sjonge se. Der sit hwat yn de loft, mar Aldert kin it net rjocht to plak bringe.
Hy set it boarst hwat út en nimt greate trêdden mei syn smoarge klompen.
Hela - hwat is dat dêrre by de transformator! Sjirk mei syn fammen! Tsjonge tsjonge, hwat binne se wer leaf oan't boartsjen. Hwat sykje se dêr yn it gers? Efkes sjen....
Aldert stiet nou by de iennichste tagong fan it trijehoekje. Sjirk springt krekt in gat yn de loft.
‘Nou haw ik al fjouwer! Fjouwer kwartsjes!’
Hy hellet syn bûsdoek út de bûse en triuwt dêr hwat yn. Lit him dan wer yn it gers falle en bigjint wer to sykjen.
‘Sjirk jonge, hwat fine jim dêr?’ seit Aldert.
Se dogge krekt as hearre se him net. Dan riist Jikke omheech en lit greatsk hwat sjen. ‘In dûbeltsje! It leit hjir fol!’
Dêr moat Aldert mear fan witte. Lizze dêr sinten? Hy is hyt op jild.
Hy docht in pear stappen en stiet nou op it trijehoekje by de bern. Efter him giet de falle ticht. Fimke sjocht him al op de rêch oan en tilt mei har stôk it gers op om de heimsinnige kwartsjes en dûbeltsjes to finen, dy't der net binne....
‘Leit hjir jild, jonges?’ Aldert lit him op de knibbels falle. Sjirk giet lyk foar him stean. ‘Ja en né. Mar hwat moatstou hjir einliks? Wolst wolris gau opmiterje?’
Aldert sjocht him oan as hearde hy it yn Keulen tongerjen. Opmiterje, sei er! Hy bisiket to laitsjen. ‘Mei ik hjir dan net sinten sykje? Is dit stikje groun allinne foar jimme?’
‘Né,’ seit Sjirk koart. ‘Dit stikje lân is net fan ús. Mar wy hawwe wol skjin ús nocht fan dyn forfelende
| |
| |
praetsjes oer broekjes en rokjes fan jimme mem. Gean nou gau nei hûs, lûk ien fan dy rokjes oan en oars sil Martsje dy der efkes hinne slaen.’
‘Ja,’ seit Martsje kalm. ‘Kom mar op. Sjirk kinst dochs net oan.’
Aldert giet oerein. Nou wurdt it him to stûf. Soe dy grougat him, in jongfeint fan fjirtjin, oandoarre? Mient it fanke dat nou, of hat se him foar de kroade?
Hy sjocht om nei Sjirk, it is einliks in sykjen om help. Sjirk is op't lêst ek in manspersoan. Hwat seistou, Sjirk. Sil ik it dwaen? Hy freget it mei de eagen.
Sjirk lit him net stikke. ‘Liz har mar ris yn't gers,’ seit er ûnforskillich. ‘Se freget der ommers om?’
Aldert glimket. Sjirk hat gelyk. Hy sjocht noch ris om him hinne oft der gjin greate minsken binne dy't sjogge dat hy mei in famke fjochtet. Der is nimmen to sjen. Hy sil har in bytsje mije. It is ek wer ris hwat oars.
‘Kom mar op, famke! Sjoch mar datst' my hjir wei krigest!’
‘It sil ek tiid wurde,’ seit Martsje.
Efkes glide har eagen by de lang útwoechsene jonge del. Bang is se net. Mar dy broek! Dy is lang net skjin, de spatten fan alle drek út de jister sitte der op. Se moat dêr tuskentroch mei har holle.... Nou, yn de goedichheit, it giet foar in goed doel. Steane Sjirk en Jikke goed? Ja, moai to plak. Nou oppasse dat se him net yn 'e hannen komt....
Se docht in pear stappen tobek en fljocht mei de fingers foarút op Aldert ta. Aldert sjocht dy fingers op syn eagen takommen, hy stekt de fûsten foarút om Martsje ôf to warren en bûcht yn in refleks de skouders en holle efteroer. Dat wie krekt de bidoeling. Martsje slacht him mei in feninige klap de earmen omheech en sjit dan mei de holle tusken de smoarge boksen, se rint liket it wol ge- | |
| |
woan ûnder him troch. De jonge is syn bistjûr kwyt, syn boppeëin fearret wer nei foaren en dan geane syn skonken omheech de loft yn. Syn klompen, dy't him oan de greate kant binne, fljogge beide in kant út.
Fimke dounset it út op har wachtpost, se stompt mei har stôk in gat yn de groun. Hwat giet dat moai! Dy lange skonken mei dy trije-kwart boksen - it is krekt in fûgel-forskrikker. En dy klompen! Sjoch, Aldert leit noch earder yn it gers as syn klompen....
Ja, Aldert leit yn it lange gers. Hy wit sels net hoe, mar hy leit.
Sjirk en Jikke koene him ek noait sa gau pakke. Martsje naem him op'e rêch in moai stikje mei en it gie ek sa hurd.
Aldert komt wer omheech. Sjirk helpt him in bytsje en dêr stiet er wer! Forwezen en lyts sjocht er om him hinne, mar hy hat oars neat as ûnforskillige troanjes foar him.
‘Tsjonge, dat gie nuver,’ seit Sjirk kalm. ‘Dou gliedst út.’
‘Ja.’ Aldert trillet noch in bytsje. ‘Ja, ik glied út! Mei myn klompen....’
‘Dou stiest noch net rjocht goed,’ ornearret Sjirk. Hy kin it net litte, de kâns is to moai. Hy pakt Aldert yn'e mul beet en draeit him handich in kear oer de kop.
‘Sa, nou is it better! Hast dy net sear dien, wol?’
Aldert sjocht nou stjerkes. Hy fielt him nei de holle en nei de earmtakken.
‘Né,’ stammeret er dan. ‘Hwer binne myn klompen...’
‘O, dy lizze dêr goed,’ seit Jikke forachtelik. ‘Doch se noch mar net oan, dou soest wer útglide kinne.... Dou moatst my nou mar pakke, soe ik sizze. Martsje is dy dochs to sterk. Ik bin mar in licht famke. Bist klear?’
Aldert sjocht wyld om him hinne. It giet sa net goed,
| |
| |
hy fielt it oankommen. En fan nimmen kin er help forwachtsje.
‘Eh - ik moat nou nei hûs,’ seit er ûnwis. ‘Ik moat noch knyniten sykje enne - ik haw myn sinten ek yn de bûse.’
‘Och, dêr rêdde wy ús wol mei, hear!’ hunet Martsje. ‘Dou hast it sjoen, wy kinne wol sinten opsykje....’
‘Ja, ja - mar ik moat nei hûs, jonges! It is ek seis ûre,’ en Aldert sjit hastich yn syn klompen.
Sjirk giet rjocht foar him stean.
‘Hark eris Aldert,’ seit er iiskâld, ‘wy sille hjir net oer prate, it soe hwat sneu foar dy wêze.’
Aldert knikt lyts.
‘Mar wy wolle ek gjin praetsjes wer hearre,’ forfettet Sjirk.
‘Astou wer oer rokjes bigjinst, dan lit ien fan ús dy útglide op'e dyk of yn de jister. En dêr is gjin lang gers....’
‘Ik sil gjin grapkes mear meitsje,’ ûnthjit Aldert en hy is bliid dat hy der sa foar wei komt.
‘Moai. Gean dan mar gau nei hûs,’ seit Jikke. ‘Moatst ek net mear sa bot sigarettesmoke, dat is net goed foar dy.’
Aldert wit net hoe hurd hy fan it trijehoekje ôfkomme sil. As hy in lyts eintsje op stap is, ropt Fimke him nei. ‘Aldert!’
Aldert bliuwt stean en sjocht om.
‘Moatst se Judo leare,’ seit Fimke earnstich. ‘Wy hawwe wol in boekje.’
Aldert fettet it net. ‘Ik? Judo leare?’
‘Né, de kninen!’ laket Fimke. ‘Dat komt altyd fan pas!’
Aldert draeit him nidich om en fordwynt mei lange trêdden.
|
|