ris mear, mar de lytskes geane wer yn it wetter. Dat soe sûnde wêze, dêr bliuwt ek neat fan oer.
Op alle fjouwer angelstokken stiet in kraske. Dat hat de rykspolysjeman Mulder mei syn mes dien. Mulder komt alle dagen in kear troch Heskampen en sa bleau er ek ris by de fjouwer ielfiskers stean.
‘Hawwe jim wol in akte?’ sei er mei in swier ambtlik lûd. De fammen eagen skean nei Sjirk en mienden doe dat se alle trije byt hiene. Sels Fimke wie stil, se seach mar nei har koarkjes op it wetter. In akte! Dêr moast Sjirk him mar mei rêdde. Dat wie manljuswurk.
‘Né Mulder,’ antwurde Sjirk. ‘Eh - moatte wy dy wol hawwe?’
‘Ja,’ sei Mulder, mei in tear yn de foarholle. ‘Elts boppe de fjirtjin jier moat in fiskakte hawwe. It stiet yn de wet. Of binne jim noch gjin fjirtjin?’
‘Wy binne noch mar tolve,’ rôpen trije fan de ploech.
‘En ik noch mar alve!’ sei Fimke.
‘Ik hie jim grif foar fyftjin oansjoen,’ lake Mulder.
‘Mar dy lytse dingen Sjirk, dy pypstâltsjes, dy smite jim der dochs wer yn, net? En witte jim wol hoe lang as in iel feitlik wêze moat?’
Fimke wist it wol, se hie it wolris fan har heit heard. In biropsfisker moat dat witte. Se soe it sizze, mar doe tocht se krekt op 'e tiid oan de ieltsjes yn de amer. Dêr sieten al moai hwat yn en Fimke koe der gjin eed op dwaen dat dy allegearre oan 'e mjitte wiene....
‘Ik wit it net, Mulder,’ sei Sjirk earlik, ‘mar wy nimme de lytskes net mei’.
‘Né, dêr sit gjin iten oan,’ sei Mulder. ‘Acht-en-tweintich sentimeter moatte se wêze. Ik fiskje ek wolris en witte jim nou hwat ik dien haw? Ik haw in kerntsje yn myn angelstôk fike, nou haw ik altyd de mjitte by my. Jow mar ris oer, ik haw in goed mes.’