woan sitten, boekje lêze; hy wie net wis fan har, hy wie noait wis fan minsken dy't heul rêstich sieten, dy makken him krekt ûnrêstich.
Dy plysje by de doar wie ek sa rêstich, seach nei niks, earne boppe har hollen; dy plysje hie in rûge snor, net swart, net ljocht, tusken beiden; in grutte snor, sa'n âlderwetske soldatesnor, sa'n snor hie de sersjant by 't strategospul ek.
De oare plysje rûn op har taffeltsje ta.
‘Gean der mar út jonges,’ sei er.
Se bleauwen gewoan sitten.
‘Jonges,’ seid er, ‘jimme gean derút he'n?’
Dizze plysje hie in grutte holle, in reade grouwe kop. Feitlik hie dizze de snor hawwe moatten, tocht er. Bonne kaam oerein, naam it lange wite plestiken bakje mei de heal opiten, al hast kâlde frikandel yn 'e hân.
‘Dat iten mei net mei nei bûten,’ rôp de man achter syn toanbankje wei.
‘Dellizze,’ sei de plysje.
‘It is net betelle,’ rôp de man.
‘Derút en it iten hjir litte,’ sei de plysje.
Bonne sette it plestiken bakje wer op it taffeltsje, mar naam hastich de heale frikandel yn 'e hân en rûn fluch nei de doar.
‘Hy hat de frikandel yn 'e hân!’ rôp de man achter syn toanbank. De plysje mei de reade kop fleach op him ta, pakte syn hân beet en woe de frikandel derút wringe. Bonne knypte de fûst stiif ticht en alles wat de plysje te pakken krige wie in lyts stikje: sa'n oardel sentimeter frikandel. De plysje liet Bonne los en die it protsje fleis yn in jiskebakje.
De oare plysje, dy mei de snor, skeat syn maat te help, pakte in kettinkje út syn bûse, sei ‘kom mar, lytse man,’ en woe it om Bonne syn pols dwaan. Bonne waard heul hyt, wyld, dûm, it koe him neat mear skille no, hy drukte it lêste fan de frikandel mei majonêse en al yn it gesicht fan dy mei de snor, it giele fet siet yn de boarstelige hierkes en op syn noas. De beide plysjes pakten no syn hannen, hy skopte har tsjin de bonken, hy foel, mar se hâlden him oerein. Jappy en Klaas, tocht er, wêrom helpe se my