| |
| |
| |
Mateploech
Der hong dize oer it fjild en de moanne skynde der feestlik oerhinne. Kij stieken koppen sûnder hoarnen boppe it glânzgjende griis út; hynders sweefden sûnder poaten oer de greiden, fan pony's en ezels seach men heechút konten en earen. Yn beamwâlen wiene murden warber, jagen om striid mei de katten op fjild-mûskes, besetten somtiden in stikelbaarch. Kikkerts kwêken yn de lêste skjinne sleatten, op hege sânige stikken lân boarten kninen; rûnom draafden hazzen senuweftich hin en wer ûnder de tekken fan wetterdamp. Neisimmernacht op sângrûn.
Fiif jonges fan in jier as njoggentjin rieden fan Kollumersweach, oer de Westerein, de Boppewei en Feanwâlden nei Quatrebras. Se woene nei in bar-dancing, omdoarmje by de dûnsflier, hingje oan 'e taap, wat beare, wat swetse: dyn leagen is ûnderpân foar de lytse leagen fan dyn maat. Net-skreaune wetten fan de mateploech. Se sieten yn in grutte Mercedes en se wiene allegear dronken, op Wibe nei, dy't achter it stjoer siet en de eigner wie fan de Mercedes. It wie in âld auto mar it wie Wibe syn eigenste plakje. Hy hie 't húslik makke mei steareoboksen, faantsjes fan Feyenoord en Cambuur en stikkers, lykas ‘foar de kofje net eamelje’ op it desjboerd.
Se wiene feitlik oan 'e lette kant om nei dy bar-dancing, want dy gie om trije oere ticht en it wie healwei trijen. Likegoed woene se net nei hûs - hûs wie bêd en bêd wie sliepe en sliepe is niks oan - nacht is aventoer, tsjuster is feilich en auto is frijheid. Wibe hie gjin strafregister, Jehannes en Gjalt hiene dat wol; foar stellen, fernielen en slaanderij yn kafees. Dêrom mochten hja fan de boargemaster yn gjin inkelde hoarekagelegenheid mear komme yn har eigen gemeente. It rydbewiis wie harren ek ôfnommen en hja hiene konstant proeftiid; mar Wibe woe wol ride en de kroegen yn Kollumerlân, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wiene
| |
| |
feitlik sa gesellich wol as dy yn de gemeente dêr't hja sels wennen.
De portier op Quatrebras sei dat it de muoite amper noch wurdich wie en hy woe har der net mear ynlitte, ek mei om't hja sa dronken wiene en hy koe har al langer; Gjalt waard lulk, drige mei in pak op 'e bealch en stikkene ruten mar hy prate mei in tsjokke dronkemansmûle en de portier wie sterk en helder as in bij, dat it makke gjin yndruk. Boppedat hie de dancing gjin ruten; der is gjin deiljocht nedich yn dy bar. Nacht is aventoer en tsjuster is feilich en gjin sicht is noflik.
‘Kom mei mannen,’ sei Wibe, mar yn 'e auto wist er it net mear en hy ried mar wer doelleas de Feanwâldsterkant út, Rûnwei, Boppewei, De Valom.
‘Wêr silstû godferdomme hinne mei ús,’ sei Gjalt, ‘yn Dokkum is ommers ek niks mear te dwaan.’
‘Wy moatte nei Grins,’ sei lytse Lute. ‘Nei de hoeren.’ Mar Gjalt sei dat Lute him dochs net mear omheech krije koe nei al dy drank en dat wie wier, mar Lute hjitte it ligen en sei dat er noch wol de hiele snein troch neuke koe - hy hie noch noait neukt en dat wisten de oaren feitlik ek wol, mar gjinien sei dat; net-skreaune noarmen fan de mateploech; skansearje my net te bot en ik sparje dy, sterken moatte mear sparre wurde as swakken, op oertreding folget útstjitten.
In doarp fierder seach Gjalt dat der noch ljocht baarnde yn grouwe Goaitsen syn houten keet; in snackbar mei klandestine bierhannel.
‘It fet is hast al stjurre mannen,’ sei Goaitsen. Hy siet mei Harm oan it iennichste taffeltsje; der baarnde ien âlde neonbuis, dy brocht flets ljocht yn de patatsaak. Beckers Deurne en Fano Friet oan de muorre, fettige lege doazen yn 'e hoeke. Skilige dronken Harm, fêste lêste klant, siet dêr en sei niks, hy soe in swart sjekje draaie, it woe net rjocht: tabakskrûmels op it formika blêd, op de betonflier.
‘Ha jo noch wol wat te sûpen, Goaitsen?’ sei Lute.
| |
| |
‘Ik bin ticht jonges, al twa oeren,’ sei Goaitsen.
‘Doch net sa lullich en jou ús in kratsje mei,’ sei Gjalt. Goaitsen kaam oerein, gie nei bûten, seach de wei op en del; der wie neat te sjen.
‘In giele print,’ seid er, ‘fiifentweintich gûne en in tientsje foar it krat want dat komt hjir doch net wer.’
‘Ofsetter,’ sei Gjalt, ‘ferrekte ôfsetter’. Hy raamde in krat achter it Brabantsbont gerdyntsje wei fan ûnder de toanbank.
‘Betelje dû mar even Lute,’ seid er en rûn nei de auto, dêr't Wibe noch ynsiet mei Jehannes en Gosse. Gosse sliepte, joech lûden as in baarch; Jehannes skuorde oan de kassette om, woe de Stones hearre, it slagge op 't lêst, street fightin'man. Wibe sei: ‘Doch net sa rûch.’ Hy seach mei argewaasje nei Jehannes syn dwaan en striek mei de mûs fan syn hân oer it nylon lammefel om syn stjoer.
‘Bier!’ sei Gjalt en doppe ien fleske mei de kroankoark fan in oar fleske. Hy die 't flak ûnder Gosse syn gesicht, mar dy snoarke troch. ‘Hy wurdt godferdomme fan bier net iens mear wekker,’ sei Gjalt en sette it fleske oan 'e hals.
Der kaam in plysjebuske fan Driesum ôf op it doarp tariden. In wyt mei donkerblau Volksweinbuske fan it ien-nei-nijste model. Der siet in ding boppe op mei it wurd ‘rijkspolitie’; in soarte dûbelwandich plestiken ljochtbakje wie it. Der koe in ljocht yn baarne, mar it baarnde net, want de ynsittenden woene net opfalle. Foar it achterrút siet ek sa'n ljochtbakje, dêr stie ‘stop’ op. Der sieten in man en in frou yn dy plysjeauto. Hja hiene elk in unifoarm oan yn deselde kleur blau dy't ek op har buske siet. De unifoarmen sieten beroerd, en sadree't hja thúskamen diene hja dêrom altyd alderearst oare klean oan. Hy meast in ribbroek en in flanellen boesgroen, hja in spikerbroek en in wide trui. Dat wisten se fan elkoar net, want se wiene foar de earste kear tegearre op surveillânse. Se praten op 't stuit even net; der wie krekt in ferskil fan miening tusken harren nei boppen kommen en hja wiene it absolút net meimekoar iens. It hong noch yn it buske. Hy wie njoggenentweintich en wurke sûnt trije jier by de Dam- | |
| |
tumadielster ryksplysje. Hja wie fjouwerentweintich en krekt fan de plysjeskoalle ôf. Hy hie heard fan syn kollega's dat hja in ‘dolle Mina’ wie, en dêr hied er it measte mar net op sein, mar hja wie al wat apart foar in plysje. Hy fûn it ek nuver dat hja in dikke blauwe maillot oan hie ynstee fan nylons, hy wist net oft soks wol tastien wie, mar woe dêr no ek wer gjin spul om meitsje. Se sieten op 't lêst noch wol in pear oeren tegearre yn it buske, en der barde noait net safolle yn dy oeren; inkeld kaam der in berjocht fan de sintrale yn Ljouwert, rúzje tusken buorlju oer in lûdroftich feestje, dronken jongelju yn auto's; soms synjalearren hja dy sels. Faak barde der heulendal neat, tuskentiden giene de plysjes dan wolris even nei it buro, setten kofje en praten wat. Op in krúspunt kaam harren in Mercedes temjitte, dy't de Feanwâldster kant op ried. De plysjes seagen him nei: hy ried korrekt. Even fierder, by de keet fan Goaitsen, baarnde ljocht en se stoppen it buske. Harm en Goaitsen diene hurd de fleskes achter it Brabantsbont, want Goaitsen hie gjin fergunning en dy soe hy ek wol noait krije, likemin as nachtpermisje.
‘It fet is stjurre mannen,’ sei Goaitsen en doe't er seach dat der in frommeske by wie gniisde er en sei tsjin Harm: ‘Wy soene oars krekt nei hûs, hen Harm, mar as de wylde wiven komme dan bliuwe wy noch even.’
‘Dat moat mar net,’ sei hja. ‘Ik soe't ljocht mar út dwaan en nei hûs ta gean. Wy wachtsje dat even ôf as jimme it net slim fine.’ Hja seach nei har kollega en dy knikte.
Se rûnen werom nei it buske wylst achter harren Goaitsen it hokje op 't slot die. De manlike plysje wie as earste wer yn it buske, achter it stjoer. It wie him feitlik wat yn 'e wei dat hja as earste it wurd dien hie. Hy wie âlder op 't lêst en hja begûn krekt.
‘Sille wy mar even om kofje?’ sei er. Se rieden nei it buro.
Hy tocht oer har ferskil fan miening. Feitlik wie it miskien wol logysk dat in begjinnende plysje tocht dat mei wat mear begryp en omtinken foar de jongerein wat te berikken wie. Mar as men in skoftke meidraaide dan wie it wol dúdlik dat it krekt niks joech en dat it folkje allinne de gek mei jin hie. Hy woe aanst yn it wachtlokaal mar oer wat oars prate.
| |
| |
‘Hâld dy de bek,’ sei Wibe. Hy griemde mei de skenner en hy hie de kassette útdien. Jehannes wie it dêr net mei iens, woe noch in kear street fightin'man draaie, mar Wibe wie sterker en net dronken. Sadwaande hearden se noch krekt op de skenner dat de plysjes it buske ferlitten hiene en yn it buro sieten. ‘Dêr hawwe wy dus gjin hinder fan,’ sei Gjalt en krôke lûd. Hy doppe noch ien foar himsels en ien foar Jehannes. Gosse sliepte noch en Lute raasde lûd: ‘Wêrom krij ik godferdomme net ien, betelje mei ik wol, lider.’ Gjalt lake en joech him in fleske, dêr't de dop noch op siet. ‘Godferdomme dopje my dat ding, wêrom wolst my dat ding net dopje?’ Lute gûlde der hast oer. Gjalt joech him noch in fleske, liet him piele, lake wer lûdop om't it Lúte net slagge it fleske iepen te krijen. ‘Dopje him ien,’ sei Wibe, ‘dan binne wy fan dat geskriem ôf.’
Undertusken wiene hja by it oare grutte doarp.
De beide plysjes sieten noch yn 't wachtlokaal.
‘Ik wit it net,’ sei hja. ‘Neffens my helpt soks mar even. Hjoed of moarn wolle sokke jonges fernimme litte dat se der binne, dat se har net op 'e kop skite litte. Hja binne al erflik it pispealtsje.’ Se sieten yn oerfloedich neonljocht. Hy hie de kofje set; hy woe har fernimme litte dat er net op emansipaasje tsjin wie, thús holp er ek geregeld mei. No wist er it net en hy swijde mar. It pispealtsje, tocht er. Dy mannen. Dat hja, nei trije wike tsjinst by dit korps, dit ploechje knapen al koe, sei op himsels al genôch. No, se hiene der genôch wurk fan hân. Hy hie himsels withoefaak pispealtsje field. Hy fielde him grimmitich wurden. ‘Ik wit net,’ sei er. ‘Dû kinst dy mannen net. Fral dy stikeme, Jehannes hyt er leau'k, dat is in jassus. Dy soe my mei in mes benei komme. Gelokkich sloech in kollega him mei de gummykneppel tsjin 'e kop en bûten westen. Dy jonges moatte oanpakt wurde. Heale maatregels en praterij helpt net by sokken. Oanpakke, dat helpt neffens my.’ Hja waard sa wurch fan dat praat. ‘Ja,’ sei se. ‘It helpt. Mar hoe lang?’
Yn dit doarp wenne de boargemaster en de jonges rieden syn hûs
| |
| |
foarby. ‘Hjir wennet dy kloat,’ sei Jehannes. ‘Wat?’ frege Wibe. ‘In âlde maat.’ Jehannes gniisde derby. ‘Stopje,’ sei er. Wibe remme.
Gjalt sei: ‘Wat sille jimme?’ ‘Kom mar,’ sei Jehannes en stapte al út de auto. ‘Ik wachtsje wol even,’ sei Wibe. Der baarnde nearne ljocht yn de huzen om de auto hinne en hy hie sa'n idee dat der wat net kloppe.
‘Dû wachtest wol op ús,’ sei Jehannes, ‘oars tref ik dy letter noch wolris.’ Gjalt en Jehannes rûnen nei it hûs fan de boargemaster. Lute koe sa hurd net út de auto komme, hy rûn hastich achter de beide oaren oan, lûd flokkend. ‘Hâld dy de bek,’ sei Jehannes. Wibe starte de motor en ried fuort. Gosse grommele yn syn sliep, sakke stadich oerdwers; hy hie no alle romte op de achterbank. ‘Myn auto,’ sei Wibe sêft foar him út. ‘Ik bin ferjamme wiis mei myn auto.’ Hy hie switterige hannen en it nylon lammefel waard der glêd troch.
De boargemaster koe earst de sliep net krije. Hy wist sels bêst wat de oarsaak dêrfan wie: hy hie tefolle iten. Hy iet altyd tefolle, it wie sterker as himsels. Hy wist wol dat in âld man fan syn jierren, dy't sittend wurk hie, safolle net ite moast. Mar hy gie faak mei de frou út iten yn in ta bistro ferboude boereskuorre dêr't se ûnfatsoenlik grutte lapen fleis mei in soad knoflook servearden. Jûns bruts him dat gauris op en dan krôke hy en it maachsoer wuolle yn syn slokterm. Dêrom hied er no twa rennies iten, ien hied er fan ûngeduld ferkôge mar dan holpen dy dingen sa goed net en dêrom hied er de twadde krekt neffens de ynstruksjes op it doaske, wol stadich opsobbe.
Hy hie krekt de sliep te pakken, doe't Jehannes en Gjalt syn foardoar stikken trapen en Lute de nije termopene ruten ynsmiet mei in flinke balstien.
Doe't de doar stikken wie, pissen Jehannes en Gjalt yn 'e gong tsjin de muorre op. Gjalt miigde sels tsjin it plafond, sadat it him op 'e holle dripte. Letter wiene hja mei har trijen yn 'e keamer en draaiden in plaat fan James Last: de boargemaster hie wol tsien platen fan James Last. Se setten de pick-up op syn lûdst oan.
| |
| |
Mar doe hie de boargemaster allang skille mei 0011. Hy hie telefoan op syn sliepkeamer.
De boargemaster barrikadearde de doar fan syn sliepkeamer mei de linnenkast. Syn frou hie de lekkens en de handoeken der earst úthelle en op it bêd lein. Doe wrotten hja mei har beiden de kast foar de doar en diene it spul der wer yn; dan hie it mear massa neffens de boargemaster.
De iene helte fan harren lisumo sette hy der skean tsjin oan. Hy switte ôfgryslik, hy stonk deroer; it hert sloech him fûl en heech yn 't boarst en hy wie mislik, in bytsje dwyl, moast om it hutsje krôkje. Dêrtroch krige er in hieltyd slimmere knoflooksmaak yn 'e mûle.
Lute hie ûndertusken in pear fan de djoerste flessen Frânske wyn út 'e kelder helle, mar dat wist de boargemaster gelokkich net; Gjalt hie in flesse echte sjampanje beet. De boargemaster hie dy sjampanje by syn lêste Frânske fakânsje meinommen. It doel wie om dy flesse mei âld en nij feestlik iepen te meitsjen, as de bern thús wiene, wat noch net wis wie; fral de frou fan de boargemaster hope dat de bern no ris in kear mei âld en nij thús wêze soene.
‘It is krekt seven-up,’ sei Gjalt en joech de flesse troch oan Jehannes, dy't der in bytsje fan dronk en doe de flesse wer oan Gjalt werom joech. ‘Hy is bang, de tinne stront rint him troch de boksen, hy is deabenaud dat wy him krije sille, hy hat him ferstoppe yn in tsjuster hoekje,’ sei Jehannes. Hy lei langút op 'e bank, dy't mei in soarte read fluwiel beklaaid wie; hy hie learzens mei fan dy skeane hege hakjes oan. Der hie wat modder oan sitten, mar dy modder siet no op de earmleuning.
‘Sille wy him opsykje?’ sei Lute. Hy hie krekt, nei in soad gepiel mei syn stiletto, de kwaliteitskoark fan syn flesse Bordeauwyn yn stikjes en brokjes út de hals krigen. Der sieten in soad krûmeltsjes koark yn de wyn no.
‘Nee,’ sei Jehannes. ‘Wy meitsje him even kjel en dan gean wy wer fuort.’ Lute naam in swolch wyn en spuide it fuort op it Persysk flierkleed. ‘Gaddamme,’ sei er, ‘dy rotsoai is like soer as jit- | |
| |
tik.’ Gjalt en Jehannes laken, doe't er de rest fan de wyn by de kaktussen yn it finsterbank geat.
‘Hee, kloatsek,’ raasde Gjalt mei de holle yn 'e nekke, ‘wêrom hast gjin bier yn 'e hûs?’
‘Hy hie net op ús rekkene,’ sei Jehannes en de beide oaren laken lûd.
It wyt mei blauwe buske fan de beide plysjes raasde mei it blauwe ljocht oan oer de rûnwei. ‘Der komme mear, se komme fêst wol út Tytsjerksteradiel of Achtkarspelen’, sei er. Hy switte, wie benaud om't er mei dit frommeske op dy knapen ôf moast. It koe net misse, it wiene dyselde jonges wer; hy hope sa dat der op 'e tiid fersterking wêze soe. Mar by it hûs fan de boargemaster stiene noch gjin oare plysje-auto's. Hy stoppe fyftich meter fan it hûs ôf, it blauwe ljocht hied er al earder útdien. Hy pakte de mikrofoan en frege de sintrale om fersterking.
‘De gemeenteplysje fan Achtkarspelen is ûnderweis,’ sei de juffer.
‘Dat wachtsje wy dan even ôf,’ seid er.
‘Nee,’ sei hja. ‘Ik gean der hinne.’ Se stapte út de auto, lei it huodsje op 'e bank, gaspe har koppel ôf en lei riem en pistoal njonken it huodsje. Hja rûn op it hûs ôf. Hy seach it ferstuivere oan, even kaam it sels yn him op om har barste te litten. Hy skrok fan himsels en tocht oan de solidariteit yn it korps en syn ferantwurdlikheid as âldere mei ûnderfining. Hy lei de pet ek op de sitting, die syn koppel ôf; mar hy helle it pistoal út de hâlder, ûntskoattele it wapen en liet it yn de broeksbûse glide. Boppedat krige er twa pear hânboeien en die se yn syn jasbûse.
Gosse sliepte hieltyd noch as in baarch, doe't Wibe him der by syn hûs yn Twizelerheide útsette soe. Wibe die de doar iepen en luts oan Gosse; hy foel op 'e strjitte, waard sa'n bytsje wekker en skarrele nei it hûs ta. Wibe seach him nei, starte de Mercedes en ried hast lûdleas fuort; hy ûnderhâlde syn auto sels en dat wie te fernimmen. Fan Twizelerheide ôf nei hûs koed er it bêste oer de Westerein en de Valom, fia de Boppewei; dochs ried er de oare
| |
| |
kant om, oer Kûkherne; dan kaam er ûnder Feanwâlden út. Hy fûn it better dat er fuortriden wie, mar feitlik wie it ek lullich, hy liet de mannen nuver sitte sa; it hindere op 't lêst neat en ryd wer even troch Feanwâlden, wa wit koed er de jonges noch fine, rûnen hja hjir of dêr om. Boppedat wie der it drigemint fan Jehannes. Dy soe wraak nimme as er dat noadich achte; dy wraak soe fêst syn auto jilde. Wibe huvere en streake sêft oer it nylon lammefel om it stjoer.
James Last kaam har op it grintpaad mei in soad desibels temjitte; it lûd wie likegoed net ferfoarme, de boargemaster moast wol in djoere en fierstente krêftige steareo-ynstallaasje ha. Ien fan 'e ruten wie stikken en de foardoar stie iepen. Se seach de trije jonges; twa hongen op it bankstel en de tredde stie mei in drankflesse yn 'e hân midden yn de keamer te dûnsjen.
Hja rûn troch de gong, de keamer yn, gie fuort nei de pick-up en drukte op de knop foar de lift. It waard stil yn 'e keamer en de trije maten seagen har ferheard oan. Hja seach om har hinne. De parketflier wie wiet fan drank.
‘It hat lang genôch duorre, jonges,’ sei se. ‘Sille wy mar nei bûten?’
‘Wat soestû?’ sei Jehannes. Lute kaam foar har te stean mei de stiletto yn 'e hân. ‘Sil 'k dy mei dit ding prippe as mei myn grouwe kul?’ seid er. De oare beide laken en hja draaide Lute de pols heech op 'e rêch mei de rjochterhân; wylst hja de neils goed yn syn hûd drukte ûntspande syn hân, hja pakte de stiletto, knipte it lemmet yn it hânfet; dêrnei liet se Lute los en treau him sêft fan har ôf.
‘Ik sil niks,’ sei se. ‘Mar dit kin hjir net troch gean, dat snappe jimme sels ek wol. Gean no mar nei bûten, dan prate wy dêr wol fierder.’
Lute stie trije meter fan har ôf en wreau oer syn blessearde pols. Jehannes seach har ferbjustere oan mei de mûle iepen en Gjalt seach nei Jehannes.
De frou fan de boargemaster hie twa dagen wyks in wurkster,
| |
| |
om te helpen by it ûnderhâld fan it sinleas grutte hûs en alle djoere meubels deryn. Dy frou hâlde fan har wurk en sette alle wiken de parketflier yn 'e waaks, wat feitlik net noadich wie, want it hie neat te lijen by twa âlder wurdende minsken. Midden yn de keamer, ûnder it bankstel lei in grut Persysk flierkleed; itselde kleed dêr't Lute earder al djipreade poerbêste Bordeauwyn op spuid hie. By de doarren leine lytsere kleedsjes en dy woene noch wolris hin en wer skowe.
Har manlike kollega hie der rêstich en yndrukwekkend yn komme wollen, mei it pistoal ûnmiskenber mar net al te neidruklik yn 'e hân. Hy foel lykwols plat op 'e snút, want it kleedsje by de doar skode ûnder him út. It pistoal gong ôf en de kûgel fersplintere de sierlik bewurke poat fan in antyk kastke. Hja lake net, mar se tocht al by harsels: as de Radetskymars no op de pick-up lei, liet ik de earm wer sakje.
Lute begûn te gûlen.
‘Dat is him,’ sei Jehannes. ‘Dy idioat hat my fakernôch knoeid.’ Hy spatte oerein, pakte de wynflesse út Gjalt syn hannen, sloech der mei op it betegele finsterbank; de flesse gie stikken, mar de hals mei in útein fan hakkelige stikken glês hâlde er yn 'e fûst. Hy kaam op har kollega ôf, dy't op 'e knibbels lei. ‘Earder ha'k dy net goed genôch rekke,’ sei Jehannes. ‘Dat komt my net wer oer.’
De boargemaster hie it skot heard. Hy siet mei syn frou yn dy hoeke fan 'e sliepkeamer, dy't nei syn betinken it feilichst wie. Hja hiene in tekken om harren hinne slein en sieten der feitlik hiel oandwaanlik. De boargemaster sei tsjin syn frou dat it no hast dien wie, om't er it skot hearde, en in fallend lichem. Syn frou koe neat werom sizze, want har kiel siet ticht.
Jehannes wie sa dûm dat er har fergeat en dat wie har gelok: se wie mei ien stap achter him en sloech hurd mei de sydkant fan har hân yn syn nekke. Hy knikte foaroer en foel op 't parket; ûngelokkich foar him foel er yn it glês fan syn eigen stikkene flesse en hy begûn te blieden, krekt ûnder syn each. Har kollega stie ûndertusken wer. Hy hâlde Gjalt ûnder skot, dy't mei de hannen
| |
| |
omheech siet as wie it in âlderwetske koboifilm. Lute stie noch te gûlen. ‘Gean mar by dyn maat op 'e bank sitten,’ sei hja.
Op in lyts taffeltsje stie de telefoan en hja skille om in ambulânse. ‘Wêr bliuwt ús fersterking út Achtkarspelen?’ frege se dernei. ‘Hja antwurdzje net,’ sei de juffer. ‘Ik gean wol troch har te krijen.’ Hja hong op. ‘Doch har de hânboeien om,’ sei har kollega. Hy smiet har in pear ta; hja die mei wearze wat hy frege. Hy joech har it pistoal yn hannen en die sels Jehannes de hânboeien om; Jehannes lei noch, mei it gesicht nei ûnderen. Der lei in lyts bytsje bloed njonken syn holle en der kaam stadich wat by. Hy wie slop en de plysjeman die him de earms achter syn rêch by elkoar. Jezus, tocht se, dy jonge wurdt aanst mei in ambulânse ophelle, moat soks no. ‘Sjoch,’ sei se, en joech har kollega it pistoal werom.
Letter siet hja mei Gjalt en Lute yn it buske en naam harren ferklearring op-in pear wurden op in bloknoat, it oare koe hja moandei wol útwurkje.
‘Hoe is 't mei dyn pols?’ frege hja Lute. ‘It giet wol wer wat,’ sei dy. Hy fielde him feitlik wol op syn gemak by dit frommes; raar wie dat. Gjalt hie even heul helder west, doe't it skot foel en krekt der foar. Mar no wurke de alkohol fan bier en sjampanje dûbel, hy hie de mûle fol tonge, koe amper prate, koe de eagen net op ien plak rjochtsje. Hja sloech it bloknoatsje ticht. Dit waard dochs neat; se die him de hânboeien om wei. Gjalt foel oerside yn in hoeke fan de achterbank mei syn kop tsjin it rút. Lute wreau syn polsen en seach har no en dan wat skrutel oan. Hja rôp de sintrale op en fertelde wat der bard wie. Hja frege hoe't it like mei de fersterking fan Achtkarspelen. ‘Ja,’ sei de juffer, ‘ik krij hjir krekt in berjocht troch dat der in ûngemak wie mei in bitewein op de E 10. Ik moast der in takelwein hinne stjoere. It is fannacht wol in gekkeboel. Moatte jimme noch help ha?’ ‘Nee hear,’ sei se en seach achterom. Gjalt sliepte, wie alteast bûten westen; Lute hâlde syn rjochter pols mei de linker hân beet en seach har mar oan. Syn mûle hong in bytsje iepen. Dochs hie dat in grut risiko west, dy jonges de rêch ta te draaien tocht se.
| |
| |
De ambulânse kaam en in broeder en har kollega brochten Jehannes nei bûten; it weintsje mei de brankaar skode soepel en lûdleas op de nylon mei aluminium rail. De ambulânse hie it blauwe ljocht oan.
‘Hy is noch bûten westen,’ sei Lute. Har kollega kaam even by it rút.
‘Rêdst it,’ frege er. ‘Jawol hear,’ sei se. ‘Ik kom sa gau mooglik by dy,’ sei er.
‘Jo kinne seker goed karate?’ frege Lute ynienen. Hja seach him oan. ‘Nee,’ sei se.
De sikewein ried fuort en har kollega rûn der wer yn. Gelokkich, tocht hja, hy rêdt mei de boargemaster.
‘Nee,’ sei hja tsjin Lute, ‘in bytsje jiu-jitsu en datsoarte fjochtsjen leare se ús by de plysje, mar it stelt net safolle foar.’
‘Huh,’ seid er. Foar Lute moast hja hast in soarte wûnderwiif wêze.
Wibe kaam de sikewein temjitte riden en koe net sjen wa't der yn lei; mar doe't er stadich by it buske lâns ried en Lute en Gjalt sitten seach wied er wol hast wis dat it Jehannes west hie, al hâlde er syn twivels oant de moandeitejûns ta. Mar doe stie it gelokkich yn 'e krante.
Hja stie foar it rút fan har bejaardewenninkje en seach oer it fjild en de dize fan de iere moarn. Se hie, doe't se hjir wurk krige, ek tagelyk in wenninkje krigen; hja wie der frekte wiis mei, fral om't it oan de súdkant sa moai frij stie, mei sicht op de Harkesreed.
Oan 'e oare kant fan de Harkesreed wenne in boer en hja seach dat it ljocht dêr op gie. Dy man hat 'e sliep al út, tocht se. Hja luts de gerdinen ticht, die it unifoarm út en hong it oer in stoel. Doe die se de beha ôf, sûnder har tiisjurt út te dwaan; dat slagge har allinne mar as se goed wurch wie. Feitlik hie hja sin hân oan in hite dûs en in skjin nachthimd, mar se koe it net mear opbringe. Hja die it ljocht út, draaide op har linkerside en sliepte hast op itselde stuit.
|
|