‘Ja,’ sei hja en hy fûn it útsoarte sels ek in ûnnoazele fraach.
‘Kom mar even mei nei in keammerke,’ sei er. ‘Dan sil ik jo ferklearring opnimme.’
‘Klacht,’ sei se sêft, ‘gjin ferklearring.’
Hy rûn foar har út nei in ferhoarkeammerke.
Doe't se sieten, elk oan in kant fan it taffeltsje, tocht er, fiifentritich, hja is earder âlder as jonger.
De skuon, har skuon, no is it my dochs noch ûntkaam; hearejee, klacht oer kollega's, soks is in slim gefal en ik sit hjir en meunsterje dit frommeske, wurd ik dan sa ferdulde ûnferskillich?
Oer de plysje kleie by de plysje sels, tocht er, dêr heart in soad betrouwen yn it apparaat by, moderne minsken mei felkleurige pyamabroeken en bliksemflitsen yn 'e earen hawwe dat betrouwen net, likemin as moderne minsken mei skerp snijde Van Gils pakken, moderne minsken fertrouwe gjinien - is dit frommes nayf, of bin ik sa ôfstompe?
‘Wat is der bard en wannear?’ sei er en luts de lytse Olympia nei him ta, pakte in ferbaalformulier út it stielen bakje oan 'e want. Hja siet heul rjochtop.
‘Earjuster wie ik mei in groep fan fiif jonges fan sawat sechstjin jier nei de film. Ik bin groepsliedster yn in jongeshûs.’
Hy typte fluch, rûtineus, mei twa fingers.
‘Wat tehûs is dat?’ frege er.
‘It Lute Woudstrahiem, tusken Lekkum en Snakkerbuorren, oan 'e Ie.’
‘Ja,’ sei er. Hy typte te fûl. Aanst slach ik troch it papier hinne, tocht er.
‘Ik soe altyd noch in kear mei dy jonges nei de film. Noch foar myn jierdei, 12 septimber, se woene doe bier ha, dat krigen se net fan my. Ik hie har beloofd dat wy meimekoar nei de film soene en sûnt kamen hja iderkear te freegjen as der wer sa'n somby-film of oare illinde draaide. No seach ik dat ‘One flew over the cuckoo's nest' der wer wie, dat like my wol geskikt.’ Hja fertelde it hast op saaklike toan, mei dat hease, lichte lûd. Cuckoo's nest, dy film hied er sels ek sjoen, hy hie oandien west, allinne achter