pen, kreake, fermealde him tusken de tosken, krôke, skrok fan har eigen lûd. ‘Heute’ kaam, dat hoegde hja net te sjen, Dútsk fergif, fjochtsje mei de plysje yn Berlyn, de atoomsintrales fannijs. Hja drukte de televyzje op in oar kanaal. Yn Hilversum wiene se al yn 'e rêst, snie en stjerkes, hja prebearre oare kanalen, fûn neat, drukte noch in kear, hearde de skille, tocht dit kin net, wa is der no noch by de doar, it rint tsjin tolven; hja rûn nei it gonkje. Se liet de televyzje oan stean, der wie al wat foar, se seach sa gau net wat.
Hja die de bûtenlampe oan en seach troch it rútsje yn 'e foardoar. Bauke stie foar de doar.
Bauke Haarsma wie in maat fan Pyt, in bytsje âlder as him, sa'n fiifentritich soed er no wêze. Hy wie sportlearaar oan deselde skoalle dêr't Pyt Ingelsk joech. Bauke en Saskia, syn frou, hiene foarhinne, doe't Pyt noch yn 'e hûs wie, gauris in jûne by harren west. Hja hiene dêr ek faak sitten. Goekunde hjit soks, mar no't Pyt út 'e hûs wie wie it fansels ferwettere.
Hja die de doar iepen.
‘Goi,’ sei Bauke. Hy wie allinnich.
‘Bist allinnich?’ frege hja.
‘Ja,’ seid er. ‘Ik wie tafallich yn 'e buert. Ik tocht, ik moat mar even by dy sjen. Der baarnde noch ljocht, sjoch.’
Hy rûkte in bytsje nei drank mar hy prate gewoan. Syn eagen stiene ek normaal. Hja liet him deryn.
‘Ik bliuw mar even hear,’ sei er. ‘Ik seach ljocht, ik tocht, ris even hearre hoe't it no is, sûnt jimme by elkoar wei binne hawwe wy net folle kontakt hân, sjoch, ik...’
‘Ja,’ sei hja, ‘sa geane dy dingen.’
‘No,’ sei er, ‘feitlik fyn ik soks wol lullich.’
Se kamen yn 'e keamer en op 'e televyzje wie it ek in lullige bedoening. In pornofilm; in jong, mar suterich frommes slikke ferheftich op in tsjokke penis om. Hja hie de eagen derby ticht, soks soe wol genot oanjaan moatte; mar it soe ek wol helpe om it koarjen tidens de opname te kearen, tocht se wylst hja de televyzje útsette.