Op it âlde izeren buro stie it patatbakje mei noch in pear hurde, donkerbrune krûmels deryn en der leine wat fettige bonnen en rekkens. Op in hoeke fan it buro lei it tydskrift, dêr't de man yn sitten hie te lêzen. It wie in pornografysk bledsje, mei op de foar-pagina in kleurefoto fan in neakene swarte frou, yn in ûnnatuer-like hâlding, mei dúdlik sichtbere rôse-reade labia.
‘In wike as wat lyn ha jo my in aúto ferkocht,’ sei Richard.
‘Dat kin wol wêze,’ sei de ferkeaper. Hy wie lang, meager en hie in bleek gesicht mei reade plakken. Richard skatte him op in goeie tritich, fan syn eigen jierren dus.
Wûnderlik, tocht er. In protte blanken krije noait in folwoeksen uterlik. It binne krekt bern dy't yn ien klap âld wurde.
‘Dy auto wie goed, seine jo. Mar dat wie net sa. It is in wrak. De moter lei al nei fiif dagen folslein yn pún. Jo hiene it oer “gegarandeerd goed”. Dêrom woe ik no in oare auto fan jo ha. Dy Kadett stiet hjir foar de garaazje. Dêr moatte jo jo mar mei rêde.’
‘No,’ se de ferkeaper, ‘dat kin fansels net. As jo in healbizige auto keapje foar in pear sinten, dan rinne jo ek risiko's. Dêr kin ik net oan begjinne, samar in oare auto meijaan. Kin er net wer oan 'e praat, dy Kadett fan jo?’
‘Nee,’ sei Richard, ‘de moter is heulendal stikken. De gatten sitte yn it karter.’
‘Ik kin dy miskien wol foar in pear sinten oan in oare moter helpe. Hjir stiet ek noch in Kadettsje mei in stikkene fersnellingsbak. Dy moter is noch wol knap. Dy kinst wol ha foar hûndert daalders. Mar dan mats ik dy wol.’
‘Ik wol net matst wurde. Ik wol in oare auto, in goeden-ien,’ sei Richard.
‘Moatst net ferfelend wurde. Dat kin by jimme miskien yn de rimboe, mar hjir net. Hast dy Kadett sels kocht. Wie 't net in twaënsantiger? In acht jier âlde auto, wat wolst dan noch?’
‘Hy wie garandeard goed,’ sei Richard.
Hy die krekt oft er de belediging net heard hie. Yn earder tiden hied er wolris ien mei sok praat in slach foar de bek jûn. Tsjinwurdich koed er him behearskje. Boppedat kaam er net út 'e rimboe, mar út Paramaribo. Dy stêd wie grutter as Ljouwert.