Swimme
It wie droech waar, sinnich ek. Der stie wat eastewyn, in heul lyts bytsje, mar wol gelykmjittich: it waaide igaalwei troch. As der in auto oer de reed kaam, stode de fine moude op, ien, oardel meter heech; dan sakke it wer, it measte kaam rjochts njonken it paad del, troch de wyn dêr hinne treaun.
Tsjitske en ik leine oan 'e linkerkant, krekt dêr't de reed deun by de feart lâns rint. Tsjitske lei tsjin my oan, ik hie myn linker earm ûnder har holle. Dy lei der al 'n heul skoft, hy slepte, mar ik liet him lizze. Aanst wied er heulendal stiif, mar it soe de sfear bedjerre en helje him derwei. Dy eastewyn blies hieltyd wer har lang brún hier foar har eagen; hja die it dan mei de hân wer nei achteren. Soms die ik 't mei myn frije rjochterhân.
Der swom in ein mei al aardich grutte piken troch de feart, yn 'e wyn op. De koarte golfkes batsten bof-bof-bof tsjin de eine-boarstkes. Se setten troch.
‘Wolst in apel? Ik hie der wol sin oan,’ sei Tsjits.
‘Sa begûn Eva ek,’ sei ik. ‘Wolst my ferliede?’
‘Hâld op mei dyn grappen. Hjir oan de reed seker.’
Why don't wy do it on the road, tocht ik.
Tsjitske draaide har om en djippe twa hurde griene apels út de brune jute-tas. Ik wie bliid dat ik myn earm even frij hie en die der foarsichtich wat gimmestyk mei.
Wy kôgen op ús apels.
‘Moatte wy noch swimme?’ frege ik.
‘Wêrfoar bin' wy hjir dan kommen?’ sei Tsjits.
‘Koe wêze datst der gjin sin mear oan hieste,’ sei ik.
‘Dû net mear dan?’
‘Ik wol bêst noch wol even swimme,’ sei ik.
‘No dan.’
Wy bepluzen ús apel.
Ik woe myn klokhús fuortsmite, mar Tsjitske wie my foar en