| |
| |
| |
33 Brief oan myn pakesizzer
Bêste jonge. Wy soenen mei de tiid ris omstandich prate moatte, mar prate is neat foar my. Boppedat komme wy der nei alle gedachten net oan ta. Ik bin op dit stuit hast fiifensechtich, do seis. Oer tsien jier soenen wy it der yn ús beider breklik Ingels oer ha kinne, mar dat wurdt fansels knoffeljen yn in taal dy't ús net eigen is. Der komt noch by dat ik dan miskien al mei de sprút omheuch op it tsjerkhôf fan Wetsens lis, dêr't ik begroeven wurde wol. As se my dêr teminsten ha wolle, want dat moat ik noch regelje. By jim op it hôf fan de kiboets, ûnder de cypressen en de ceders, liket it my trouwens ek moai ta. Mocht it sa útkomme dat de dea my oerfalt wylst wy by jim op besite binne dan wol ik der wol bliuwe, ha 'k al in pear kear trochskimerje litten. Leafst net tefier by dyn oerpake Levy wei, dan ha 'k goed selskip. Dit wie der even tuskentroch.
No hie 'k sa yn 'e kop, ik skriuw op wat my op dit stuit yn 'e hûd omwynt, jim mem bewarret it foar dy oant dyn sechtjinde jierdei en leit it dy foar. It kin wêze dat it dan heulendal net mear hoecht. De tiid giet hurd, der feroaret op 't heden yn fiif jier mear as eartiids yn fyftich, tink ik wol ris. Myn prakkesaasjes fan no binne oer tsien jier miskien allang achterhelle troch de praktyk fan dan. Hawar, dat makket jim mem wol út. Ik gean út fan de sitewaasje anno 1997.
En it giet dus oer dy. Ferline jier op in jûn nei de sabbath doe't jim as bern ûnder de dadelpalmen op it gersfjild neist de ytseal oan it boartsjen wienen, ha 'k dy oersjoen. It wie allegear jûchhei sa'sto dy dêr tusken dy oare bern oan it tjirgjen wieste. Doe naam dat oare jonkje de bokshâlding
| |
| |
oan en joech dy in dûst op 'e noas. It wie boartsjen fansels, mar do wiest der fuort ôf, do hiest gjin ferwar. Mei in bloednoas nei ús ta en skrieme.
In oar foarbyld. Yt de ytseal rûgele dyn suske fan 'e stoel, mei it kopke op de stiennen flier, se soe raze, mar krige gjin siken en rekke even út 'e tiid. Komt faker foar by beukers, neat net slim, as it te lang duorret in wiete handoek op 'e snút en se binne der wer by. Dat koesto noch net witte fansels. Do sprongst fan dyn stoel, gyngst neist har sitten en wist net watst dwaan moast. Do seachst my sa helpleas oan (heit en mem wienen der net by) dat ik my suver sear die. Op in oare dei naam ik waar hoe soarchsum ast dyn jongste suske oer it keale holtsje striekst doe't dy yn 'e widze lei te gûlen. Soks is moai fansels, mar ik tocht: duvekater jonkje, do bist te weak. It foel lykwols ta, by 't wrakseljen mei de oaren en mei my ha 'k letter wol ûntdutsen datst goed fûl wêze kinste. Likegoed sjoch ik dy bytiden stoareagjen. Ast dan wer ta de wurklikheid komste, seist neat en lûkst dy werom. Do bist neffens my in kwetsber jonkje en dêr sit ik soms oer yn. Wat sil de boaze wrâld dit mantsje allegear oandwaan, freegje ik my yn sa'n sentimentele rite ôf?
Sjoch, do wennest yn in beskerme mienskip, do hast dêr in prachtige jeugd, der wurdt jim as bern it ien en oar bybrocht oan noarmen en wearden, jim komme foar inoar op, jim hawwe mienskiplike idealen en jim libje der yntusken ek noch goed fan. Mar it sil gau-achtich feroarje en it wurdt der net better op. Om te begjinnen: dat kiboetslibben fan jim bliuwt net bestean. De tiid fan de grutte idealen mei hoop op in nije maatskippij is oer. Jim wurde strak oerlevere oan wat se sa moai it spul fan de frije maatskiplike krêften neame. It ûnmeilidsume kapitalisme dus, de wrâld fan loosers en winners dêr't it rjocht fan de sterkste jildt.
It is hjir al in moai skoft oan 'e gong, al wurde de skerpste
| |
| |
kanten út en troch wat beslipe. By jim is 't even letter begûn en it giet wat stadiger omdat de driging fan de lannen om jim hinne it folk noch wat by inoar hâldt. Mar as der gjin mienskiplike fijân mear is, sil it namste hurder trochsette en helje jim ús miskien wol yn. Der wurdt no al oer Israël praat as it Hongkong of Singapore fan it Midden-Easten. It wurdt in spikerhurde maatskippij, foarsizze de minsken dy't der sicht op ha.
As ik soks lês, freegje ik my ôf hoe'sto dy yn dy wrâld rêde silst. Wel, ik gean mar by mysels út en dan griist it my oan. Jawis, dit is âldmanne-praat fan in pake dy't him yn de wrâld fan no bytiden al sa ûnwennich fielt as in kat en wy steane noch mar oan it begjin, is it sizzen. Ik hoopje datst om myn noed laitsje kinst en dat it net de triennen fan fertriet binne dy't dy oer de wangen rinne. It kin ek wêze datst der myld om glimkje moast en datst seist: ‘Och, dy pake.’ Dat soe my mear nei 't sin wêze, dan hast al it ien en oar ôfleard. Dat harkje ta, pake fertelt hoe't it him fergien is, miskien hast der wat oan.
Jo komme allinne op 'e wrâld en je geane der allinne wer ôf. Tuskentiden sykje je wat oanhâld, de iene slagget soks better as de oare, mar it bliuwt fansels pielen.
It klinkt wat swiersettich, mar sa bedoel ik it net. Ik hie fansels leaver in libbenskeunstner west, in man mei soit de vivre en sa, mar dat siet der net yn. Ferkearde ‘genen’, wurdt der op 't heden sein, toe dan mar. Oars opbrocht, tinkt my en mear net. Let neat, ek dat gepiel hat wol wat opsmiten.
Ik hie in leave mem en heit dy't alles foar de bern oer hienen en foar my noch mear, want ik wie de iennige soan en ek noch de lêste fan fiif bern. Yn 'e grûn ta bedoarn, is my letter gauris oansein. Dat kin wier wêze, ik leau wol dat ik thús regearde, yn elk gefal ha 'k noait klappen hân en soks hearde doe yn gewoane húshâldings wol sa. Dat doe't ik mei seis
| |
| |
jier op skoalle en ûnder de minsken kaam, foel my dat raar ôf. Dêr hie 'k it net foar it sizzen. Twa kear in gat yn 'e holle en oant hjoeddedei ta in groede yn de wynbrau boppe it rjochtereach fan in swiere ipren klompe. Doe ha 'k dus ôfleare moatten om baas te wêzen.
Do bist as kiboetsbern ek slim bedoarn, mar jim binne kollektyf opbrocht en do rûnst dyn earste bloednoas folle earder op as ik. Do bist leau ek lang sa agressyf net. Dat ik bytiden sa driftich wie, kin 'k ferklearje, tink ik. Sjoch, ik hie read hier en dat wie yn dy snuorje net de smaak fan it grutte publyk. Se skelden jo út, ik luts my dat oan en sloech om my hinne. Mar ik hie temin yn 'e bouten om altiten te winnen. Dat klinkt begrutlik, mar dat is it net, hear. Ik ha troch myn fûlens ek faak genôch wûn en och heden wat ha 'k se dan wol neisjoen. Der kaam in man by ús heit mei in pôle hier út de holle fan ien fan syn bern. De fellen sieten der noch oan en hy beklage him deroer dat ik it derút skuord hie. Us heit sei earst noch dat it bern dan wol slim oan it ferhierjen wie, mar de feiten wiisden in oare kant út, ik hie dat hier út in sûne berneholle ropt.
Nei 1940 moast ik soms noch hurder om my hinne slaan. Doe waard my behalven myn reade hier ek noch ferwiten dat ús heit ferkeard wie. Soks hold yn dat er it mei de Dútse besetting hold, hy hat sels in blaumoandei ‘sympathiserend’ lid fan de NSB west. Dan tochten jo dy kant wol út, mar jo wienen it der net heulendal mei iens, ha 'k letter útfûn. Neffens ús heit wie it brekpunt syn reis op de tram yn 'e strenge winter fan '41 op '42 doe't der op it balkon fan dy tram in man stie mei twa lytse bern. Minsken mei in joadestjer en dy mochten net yn de ferwaarme coupee. Doe hat er foar dat foarlopige ‘sympathiserende’ lidmaatskip fan de NSB betanke. Ik hoopje mar dat it wier is. Us heit besocht him nei de oarloch wat al te faak te rjochtfeardigjen, dêr koe 'k op 't lêst net sa goed mear oer.
| |
| |
Witst wat ik my gauris ôffreegje: wat soe iksels dien ha as ik libbe hie yn de tiid fan ús heit. It wienen de jierren tritich, de tiid fan de grutte ekonomise krisis, fan earmoed, mar lykwols fan de hurde gûne. Us heit hie it as fjildwachter net min, mar hy seach dy earmoed wol alle dagen om him hinne en dat luts er him oan. Yn Dútslân gyng it foar wûnder, de manlju by ús wei dy't der foar de oarloch hinne gyngen te arbeidzjen, fertsjinnen bêst. Nei de besetting fan Nederlân waard it earst net iens safolle minder. In protte minsken tochten dat Dútslân de oarloch winne soe en oft se it der no mei iens wienen of net, der soe net folle oan te dwaan wêze. Dat se skikten har. Wat der fierders noch oan 'e gong wie, hie men net folle doel oer. Ik tink dat gâns minsken it wurd anti-semitisme net iens koenen. By ús wennen gjin joaden, wy seagen allinne mar it buordsje ‘Verboden voor Joden’ op 'e doar fan it kafee by it spoarstasjon en as bern fregen wy ús net ôf wat soks ynhold. Us heit moat it fansels wol witten ha.
Bêste jonge, hjir begrypst fansels neat fan. Dit kin ik dy yn in pear siden ek net útlizze. Op skoalle is it jim fansels wol yndruid, de Twadde Wrâldoarloch en alles wat derút fuortkommen is. Jim mem sil der grif harres ta dien hawwe om dy histoarys bewust te meitsjen en oars jim heit wol, dy syn âlden of de âlde pedagogise garde yn de kiboets. It is duvelse spitich datst dyn oerpake Levy net mear meimakke haste, dy âlde harnaste Marxist. Dan hiest ek noch in poasje deeglik kommunisme meikrigen. Syn bibleteek hat er foar it grutste part neilitten oan jim mem, dy stiet dus by jim yn 'e kast. Lês dy boeken, heite en set salang de televisy út. Noch better, skaf dy ferrekte televisy ôf. Wy ha der hjir no sa'n fearns iuw ûnderfining mei. Fiifentweintich senders of dêromtrint ha wy, wy smoare sawat yn de ynformaasje en binne der foar gjin stoer wizer fan wurden. De dommens is noch like grut as yn it tiidrek fan foar de útfining fan de tele- | |
| |
visy. It ferskil mei eartiids is allinne dat it ûnnoazele praat fan doe net fierder kaam as de stamtafel fan de herberch en de rûnte fan krinkjespuiers by de brêge, wylst it no op grutte skaal te beharkjen is op de televisy mei de troanje fan de sprekker derby. De televisy hat omraak bydroegen ta de emansipaasje fan de domkoppen, tinkt my.
Dat as ik dy riede mei, lês dy boeken fan oerpake Levy. No ja, slaan dat plankjefol mei biografiën fan Lenin en Stalin mar oer. Freegje dêrfoar yn it plak jim mem om Meir Shalev syn ‘Russische roman’. Dan komst telâne by de woartels fan oerpake Levy syn bestean yn East-Europa, it Sionisme, wat dy Russise joaden besiele om nei Israël ta en hoe't se it oprêden ha om dêr in bestean op te bouwen. It is in turf, mear as fiifhûndert siden, mar it is net dreech, bytiden is 't suver in humoristys boek. As humor alteast ûnferwurke fertriet is, lykas ik wol ris heard ha.
Hawar, ik sjoch der dus fan kommen datsto yn de takomst dyn eigen wei gean moatst búten de beskerme mienskip fan de kiboets. Earst silst ek noch wol yn militaire tsjinst moatte. Ik ha begrepen datst der as heale joad foarwei kinste, mar dat heart neffens de noarmen fan de kiboets net sa. In kiboetsnik wurdt soldaat en fjochtet him as it moat dea foar Erets Israël. Histoarys besjoen is dat skoan te begripen, it koe de earste tweintich jier nei de stichting fan de steat yn 1948 al min oars. Mar hjoeddedei leit de wrâld der sa net mear hinne. Israël is yntusken in steat wurden lykas alle oaren, mei in militair apparaat dat mear doelen hat as allinne de ferdigening fan lân en folk. Wat dat oanbelanget kinst noait te erchtinkend wêze, heite. ‘De staat is leugen’, rôpen de anarchisten eartiids en se ha noch altiten gelyk. Lit dy net ynpakke troch in politikus, oft er no rjochts is of links. Se doge út soarte net, alles wat se dogge moatst yn elk gefal mei grut wantrouwen hifkje. Do moatst noch mear op skerp
| |
| |
stean as der in lieder opstiet dy't de âlde steat fersmyt, de saneamde sterke man mei in nije ideology dêr't dan fuortdaliks withoefolle minsken achteroan drave. Tink derom dat sa'n man mei gauwens ek ferlet hat fan in legermacht om elkenien ta de nije ideology te bekearen. No ja, safier is 't by jim noch net. Miskien sit ik hjir ûnnoadich oer yn, miskien hat Israël oer tsien jier in folslein beropsleger dat it smoarge wurk docht. Dat sille wy mar hoopje, dan rinsto yn elk gefal net yn de hinderlaach fan dat ferflokte militairisme.
Mar der bliuwe genôch oare leagen oer. Do fynst grif in knap baantsje, der sil wol in faam yn dyn libben komme, miskien krijst in húshâlding en tinkst dan datst it measte wol hast. Do sikest der in aardige hobby by, do hast in fleurige freonerûnte, hawar, do giest heulendal op yn it moderne libben sa't dat alle dagen fan de televisy op ús takomt. As dat sa is, is 't my goed, it kin dermei ta, ha 'k heard. Cocooning neame se it hjir. Do moatst fansels al noch wenne ta de individualisearing, it elk foar himsels. Yn de kiboets wie dat even oars, mar dêr komst wol oerhinne, al freget it fansels in fleksibele ynstelling dêr't ik sa'n wurd om sis.
Lykwols bin ik bang dat krekt do dy op in stuit ôffregest: is dit no alles, is der ek noch wat mear yn dit libben? Under dat gefoel beflappe wy yn Europa in moai soad krupsjes. De midlife-krises is ien fan de noflikste, in nij en leafst wat jonger wiif en jo binne derôf, sizze se. Sit it lykwols djipper dan moatte jo yn therapy en komt der in psychiater oan te pas. It skynt it wolfeartssykte te wêzen. Ik hear fan âldere minsken gauris dat ditsoarte kwalen eartiids net bestie. By ús thús hienen se it der yn elk gefal noait oer en dyn oerpake Levy repte der ek net fan. Dy minsken kamen der net oan ta, de húshâlding moast troch de tiid en as dat nei in lange dei fan bodzjen slagge wie dan woenen se har wol deljaan. Sûnt de ynfiering fan de achtoerige wurkdei en noch minder is 't lijen begûn.
| |
| |
Ik ha der sels gjin ûnderfining mei, mar ik kin it my wol yntinke. Om earlik te wêzen tiizje ik der sûnt ik Vutter bin sels wol ris mei om. Ik gean dan mar it fjild yn, te fiskjen of achter it wyld oan. Yntusken stin ik der fansels wol op om. Sjoch, ik ha myn dreamen hân en net temin. Doe't ik goed 35 jier lyn yn jim kiboets kaam, tocht ik: dit is it, hjir wol ik wenje. Doe hie 'k al in rite achter de rêch dat ik it besocht hie mei fan alles en noch wat, fan geastlike ferheffing oant it materiële marxisme. It godsbesef en it begryp fan sûnde en fan goed en kwea en oare omballings wie 'k leau ik al ôf. Mar it ferlet om diel út te meitsjen fan in beskate mienskip wie der wol en ik tocht dat de kiboets deryn foarsjen koe. It is him net wurden en dat is mar goed ek, wit ik no wol. Ik pas net yn in kollektyf, ik moat op mysels wêze. Bytiden kin 'k myn frou en dyn leave beppe net iens om my hinne ha en dy tinkt oars goed om my.
De lêste jierren komt it lykwols gauris wer yn my op dat ik wol earne by hearre woe. Dan sjoch ik om my hinne en nim ik waar dat hast elk wol wat hat. It meast befoarrjochte binne fansels de minsken mei in religy. Godstsjinst jout hâldfêst, ik ken genôch minsken dy't der wat oan ha. Om oergeunstich op te wurden en dan giet it my net om it útsjoch op in hjirneimels en sa. Ik hoech der gjin ivich libben achteroan, ik woe it libben op dizze ierde net iens oerdwaan, al hat it my net min foldien. Mar mei wat mear wissichheden en wat minder twifels hie 't miskien nofliker west.
Oer godstsjinst en sa hoech ik it mei dy fierders net te hawwen, tink ik. Do ferkearst yn in o sa liberaal-joads fermidden en dat is my nei 't sin. Do kenst it âlde testamint, it is wat wy hjir neame jim faderlânse skiednis, mar dan wol even mear en jim hâlde de tradysje heuch. Fierders ha se dy yn de kiboets wapene tsjin it extremisme fan dy swartrokken yn Jeruzalem en Hebron. Ik sit der net oer yn datsto dêrta ferfalst yn dyn syktocht nei fêstichheid. Se ha trouwens wol
| |
| |
prachtige muzyk, dy ortedoksen. Wat mei ik graach sa'n chazzan hearre en wat is dy mear weareldse klezmer moai. Jim heit wol der net folle fan witte, hy hat lykas in liberale joad foeget de pest oan de ortedoksen. Ik ha him koartlyn noch ris wiisd op it bibelwurd: Onderzoekt alle dingen en behoudt het goede. En dat is dus ûnder oaren dy klezmermuzyk. Hy woe der gjin praat fan witte. Wiis him der mei de tiid noch marris op dat er ûngelyk hat. Muzyk giet oer alles hinne. It roomse leauwe is my neat, mar de gregoriaanse muzyk is moai. De Russys-ortedokse tsjerke hat altiten in ûnderdrukkingsinstitút west, mar de koarsang is prachtich. Muzyk kin in ferrukking wêze. De himel, dêr't ik dus net yn leau, is dan tichtby, hear. Wolst wol leauwe dat ik sels by it geëamel fan it Urker Mannenkoar inkeld in religieuze opstiging krij. Is dat niet wonderbaar? Ik soe ha wolle datst soks ris ûndergean koest, it makket it libben de muoite wurdich.
Bêste jonge, wy lykje op inoar, seit elkenien. Dat mei sa wêze, mar wy ha grif in heul ferskillende geast. Dat kin hast net oars, de omstannichheden bepale foar in grut part hoe't in minske wurdt. Do libbest yn in oare tiid, do hast in folslein oare achtergrûn en do behearst foar de helte ta it âlde folk. Dat lêste is in pree, heite, dêr kinst wat oan ha. Al soest mar de lytste helte meikrije fan de geastlike bagaazje en de vitaliteit fan it joadedom dan hoech ik nearne mear oeryn te sitten. Dêr hâlde wy it dan mar op.
|
|