Ferantwurding
Guon wolle fansels witte wêr't it wei komt en hoe't it gien is. Wel, it lange stik Gastbeider hat in priuwke fan stien yn it Strikelboek 1996, Kiboets is in gearfetting fan in spesjaal Strikelnûmer út '68, Partisaan is in bekoarte reportaazje dy't yn '86 yn de Ljouwerter krante stien hat. Hast alle stikjes oer it fjild binne earder publiseard yn Geanijs, it tydskrift fan de feriening It Fryske Gea. It Hollânstalige stikje oer it lânskip is yn '95 makke op fersyk fan de VPRO-gids, Kulturele reis wie in gelegenheidsútjefte fan drukkerij Brouwer op it Hearrenfean. Alle oare ferhalen binne skreaun foar it eardere moanneblêd De Strikel en foar Frysk en Frij.