| |
| |
| |
31 Ferbeane fruchten
Us folk kaam út de Wâlden. Dat doe't se in boargerhûske sette lieten op de bare klaai noardlik fan Dokkum, moasten der fuortendaliks beammen omhinne. Lang net alles woe dêr ta waaksdom komme. De bjirken en koetsebei gyngen dea, de elsen wienen tjirmers, in iik of bûkelbeam hoegden jo it net iens mei te prebearjen, ipren beammen mochten fanwegen de ypsykte net boud wurde.
Doe't ik wat besef krige fan de wrâld om my hinne, hienen wy yn 'e tún foar hûs in linebeam, op de súdkant neist hûs ien apel- en twa parrebeammen, op it noarden in rige esken mei hagedoarns dertusken om wat lijte te krijen en achterhûs fan alles wat. By de sleat stienen flearpôlen. Op stille simmerjûnen, dy't dêr seldsum wienen, sûze it fan de neven. De buorlju oan dy kant seinen dat se nachts it hûs fol hienen. Hjerstmis klagen se oer de blêden fan ús beammen dy't it heule buorrentsje oer gyngen.
Achterhûs, op 'e midden fan de blikke, hie ús heit in parrebeam fan in bysûndere soarte boud. It wie in beam op stam, in pealtsje derneist mei in bân om peal en stam om dat beamke oerein te hâlden en dy stipe hie it wol ferlet fan. Der siet op in stuit ien par oan, der hienen folle mear west, mar dy wienen allegear beswykt ûnder de kâlde seewyn. It wie in sûkerpar, ha 'k neitiid begrepen. Dy soarte hearde dêr net, mar heit hie der in sin by.
En dat waard my dochs in par, sa'n grouwen-ien ha 'k al myn libbensdagen net wer sjoen. Op 't lêst hie heit der in pûde omhinne, want de par groeide mar troch en heit woe witte hoefier soks gyng. Doe stienen myn tosken der lyk- | |
| |
wols al yn. Ik koe him krekt rikke, it wie in begearlike frucht, sadwaande.
‘As er ryp is, krijst der in stikje fan,’ beloofde heit my. Tenearsten bleau it foar my in ferbeane frucht, mar dêr koe 'k frede mei ha. Ik hold him tegoede, alteast in fiifde part, want wy wienen as bern mei ús fiven.
De beide parrebeammen neist hûs joegen in rynske risping, mar je koenen se sa fan de beam ôf net ite. Se moasten tiden lizze, it wie al hast oan de krystdagen ta ear't wy se krigen. Mar dan wie 't feest, it sop rûn je by 't kin del, se smakken nei bananen. Dat kin 'k witte, want heul inkeld krigen wy in heale banaan of in tredde part, in grutte lúkse. De parren waarden bewarre ûnder it ledikant fan heit en mem. Se leinen der om bar plat op it liif foar om se te kearen, oars ripen se net goed. Ik snipte der yn in ûnbewekke rite wol ris ien by wei, mar it kaam hast altiten út. En sa't ik sei, se wienen yn it earstoan net lekker.
Wy krigen net folle fruit, mar der wie genôch. Op de feiling by it spoar waard it alle wiken mei wagonnenfol oanfierd. Je rûkten it al as sa'n tichte wagon foar it laadperron stie. De mannen fan de feiling brochten de bakken op platte karren nei it gebou mei de grutte klok. Inkeld krigen wy in apel of par, mar almeast moasten wy ússels rêde. Ik doarste it net rjocht, mar myn freon Ritske wol. It wie fansels stellen en stellen wie sonde. Je wisten as bern net hoefolle stellene apels en parren it lije koe om net ta de hel feroardiele te wurden. In feilige marge fan bygelyks fiif apels en parren wyks hie wol noflik west, mar datoangeande wienen der gjin rjochtlinen.
Op wat der nei de feiling oerbleau, dêr stoarten wy ús ûnbeskromme op. Dat wie it trochdraaide fruit, karrenfol kostlik iten. It hie de minimumpriis net helle en dan moast it ferneatige wurde. Wy stienen derby as de klok yn it feilingebou trochdraaide en de griente en it fruit neitiid yn de dobbe
| |
| |
neist de feiling, it spoargat, stoart waard. Ear't de feinten fan de feiling der petroalje oer getten, hienen wy ús part yn 'e bûsen, ûnder de kile of yn in âld boadskiptas. De wurkleazen ut Dokkum kamen hast altiten te let. Wy hienen gjin moederaasje mei dat folk. Hienen se mar op 'e slach passe moatten, dy kloaten. Se sprieken ek in oare taal, dat rare Dokkumers. Lykwols bieten se yn dat fruit, mei petroalje en al.
Dit ha 'k ús dochter letter útlizze moatten. Dat is te sizzen, it moast net, mar ik miende dat se it witte moast. As heit en ûnbeleard pedagooch woe 'k dat oerdrage. Sûnt is de wrâld der net om feroare, dat de pakesizzers sil ik der net mei belêstigje. Mar ús dochter doe dus noch wol.
Sjoch, sei ik wylst ik in sinesappel foar har skylde dêr't se de helte fan lizze liet, sjoch, dat soe ús net oerkomme. Wy krigen mar in fjirde partsje fan sa'n sinesappel, mar wy skrabben mei de tosken it fruchtfleis fan de skilen. En doe begûn ik út te pakken oer de jierren tritich, de tiid fan Colijn, de hurde gûne, fan wurkleazens en stimpelders, it fytsplaatsje mei in gatsje deryn en noch gâns mear. Hawar, ús generaasje kin de feiten, hâld deroer op, soe 'k riede wolle. Ik ha it trouwens ek mar fan hearren en sizzen, ik hie der doe net iens erch yn. Wy hienen it thús goed en sa't ik sei, wy hienen gjin begrutsjen mei de stumpers út Dokkum dy't pas kamen as de mannen mei de petroaljekannen west hienen. Ik ha se noait wat fan myn bút jûn, ek al lei der by ús thús in berch fruit ûnder it ledikant fan heit en mem en hienen wy de tún fol griente. Utstelde solidariteit mei in kromke skamte, mear is it net.
By 't spoar wie in protte te belibjen. Je hienen dêr behalven de feiling ek de Exportslachterij Feenstra en Zonen. De nochteren keallen waarden der by 't weinfol hinnebrocht. Yn de iepen doar fan de slachterij stie in soarte fan hakblok en dêr stie in man achter mei in bile. It wie eins gjin bile, der
| |
| |
siet in lange, krûme en skerpe pinne oan de bilestâl. In oare man pakte in keal út de bak, lei it dier mei de kop op it hakblok wylst er him by de nekke fêsthold en dan sloech de man mei de bile de pinne yn de kop fan it keal. Wy stienen der yn stúdzje by te sjen, mar nei hûndert kear wisten je soks fansels wol en wie it nijs derôf.
De grins mei Dokkum wie de spoarbaan en it rangearterrein. Wy stienen as jonges net ta dat de bern fan de oare kant, dat wie de Camphuysenstraat, op ús gerjochtichheid kamen. It wie krekt as by ús in boargersmanbuert, mar der wie grut ferskil. Yn elk gefal praten se Dokkumers en dat wie al slim genôch. Wy libben yn permaninte steat fan oarloch mei de Camphuysenstraat, mei út en troch in koart bestân yn de aisikerstiid of by oare ferdivedaasje. It slachfjild wie it rangearterrein, dêr leinen grouwe balstiennen. Sa begûn de slach ek altiten, mei stienne-smiterij. En mei pylk en bôge fansels, mar dat wie boarterij. Dan kamen lykwols de liifoan-liif gefjochten, elk foar himsels tsjin sa'n Dokkumer. Wy wienen yn de minderheid, mear as in man as tsien koenen wy net mobiliseare. Op 'e terp yn Ealsum wienen bern genôch, Durk van der Ploeg wie der ek by. Mar dy holden har ôfsidich, de lefferts.
Wy fochten ús bytiden hast dea foar Ealsum en lykwols waarden wy werom dreaun oant foarby de grientefeiling. Doe hierden wy Ronus Pander yn. Hy wenne by de Ealsumerpoarte, dat wie Dokkum. Hy wie dus net ien fan uzes, hy prate lykwols sawol Frysk as Dokkumers en dat makke him akseptabel. Ronus Pander hie in aparte fjochttechnyk. Hy hie gymnastykskuon oan en wy klompen, dat wie al in ferskil. En hy fjochte net mei stokken en selsmakke houten swurden en skylden. Welnee, hy snijde yn it spoarboskje it lange wylgestok út 'e wâl, skylde sa'n stok en mei de linige útein gisele hy de fijan om de bleate knibbels. Mei help fan Ronnus Pander ferleinen wy it front oant fier yn de Camp- | |
| |
huysenstraat. Op 't lêst marchearden wy dêr yn rotten fan twa kear fjouwer man om en songen frijmoedich ‘De koning gaat marcheren met zijn honderdduizend man, honderdduizend man, honderdduizend man, O roos maria, met zijn honderdduizend man.’ Dan wienen wy dus mar mei ús achten en se doarsten net foar 't ljocht te kommen.
It kaam dus troch Ronus Pander, de hiersoldaat. Wy beleannen him mei snobberij dy't ús oanbrocht waard troch in jongere broer fan Kobus fan de Mûnepôle. Kobus wurke op it suertsjefabryk fan Fortuyn yn Dokkum. De beleanning op dat fabryk wie blykber foar in part yn natura, want as Kobus fan 't wurk kaam, struide er ûnderweis rynsk mei suertsjes en syn jongste broer hie altiten de bûsen fol. Wy mochten it fansels ek graach, mar wy sparren it ússels út de mûle om Ronus Pander te leanjen. En hy mocht ek ferkearing ha mei Gryt, dy hie 'k oars foar mysels ornearre, mar foar de eare fan Ealsum offere ik my op. Op in stuit kaam der út de Camphuysenstraat blykber in bettere oanbieding, want doe fjochte Ronus oan de oare kant.
Ta Sinterklaas krige ik in bûslantearntsje, wy seinen, wierskynlik ûnder ynfloed fan dat ferrekte Dokkumer taaltsje, saklantaarn. It wie in staaflantearne mei in rûn batterijke en eins wie 't myn sin net. Ik hie sa'n-ien lykas heit ha wold, in fjouwerkante mei in read en in grien glês en in learke mei in gatsje deryn, sadat je him oan in knoop fan 'e jas hingje koenen. Dy fan heit wie rykseigendom en waard him foar de plysjetsjinst ferstrekt. Se wienen ek yn de winkel te keap, mar te djoer. De fjouwerkante batterij, Witte Kat, allinne al koste leau ik hast twa kwartsjes.
De jûns de lantearne mei op bêd fansels en ûnder de tekkens ljochtsje. Myn suster koe der by foarlêze út de Bruintje de Beerboekjes, dus dat wie in heule attraksje. Mar de oare moarns wie de batterij leech, ik hie de lantearne oanlitten.
| |
| |
‘Giet dat sa hurd?’ frege mem har ôf. ‘Dat kin gjin kant út.’ Ik krige tenearsten gjin jild foar in nije batterij.
‘Wy jatte even ien,’ stelde Ritske foar. Sa neamde er dat, jatte, it wie us geheimtaal en ik miende mar dat grutte minsken dy taal net ferstienen. Wy gyngen nei de winkel yn de Hoogstraat yn Dokkum, dêr leinen de batterijen foar 't gripen. De winkelbel skille en ear't der immen fan achteren kaam, hie Ritske my de batterij al yn de bûse troppe. As de winkelman kaam, hie Ritske in ferlechje klear, mar ik wit net mear wat, ik hie it swit al yn 'e hannen stean. Want it wie fansels in suver gefal fan dyfstal en soks waard in plysjesoan even swierder oanrekkene. Noch ôfsjoen fan de konsekwinsjes foar it sieleheil. Dêr siet ik trouwens like folle mei, miskien noch wol mear as mei de wetlike gefolgen ynsake it strafrjocht.
Sjoch, ik hie goed weet fan himel en hel, dat waard ús op de sneinsskoalle achter de griffemearde tsjerke op it Noarderbolwurk yn Dokkum wol yndruid. Yn in earder stadium hie 'k al wenne moatten ta de stjerlikens fan de minske, iksels deryn begrepen. Dat wie doe't buorfrou ferstoar, it woe my net oan, mar se lei dochs goed dea yn 'e kiste. It skeelde my trouwens twa sinten wyks foar it boskje pinksterblommen dat ik har geregeldwei brocht doe't se op bêd lei.
Elkenien giet in kear dea, krige ik foar it ferstân en dat wie wol wat. Ik wie krekt dwaande mei in grut projekt, de bou fan in hutte achteryn ús tún. Ik hold der opslach mei op, wat soe 'k noch begrieme as it dochs mar tydlik wie. Letter ha 'k dien wurk makke, mar it hat neffens my gâns in skoft duorre ear't der wer aardichheid oan kaam.
Wel, soks komt dan allegear yn in koart tiidsbestek op jo ta, it besef dat it libben einich is en dan dat geprakkesear oer de alternativen nei dat libben. Hel of himel dus en dy lêste moasten je fertsjinje. Ik woe fansels nei de himel, mar ik seach der net nei ut, it wie my wat te ûnwerklik. Sjonge om
| |
| |
Gods troan hinne? Ynoarder, neat op tsjin. Wy songen thús op saterdei- en sneintejûnen, skimerje, it sparre elektrys út want salang der songen waard hoegde it ljocht net oan. O sa moai, Johannes de Heer en op saterdei ek gauris it Frysk Lieteboek. Mar om no sân dagen wyks by Gods troan stean te sjongen, wylst it ljocht net iens oan hoegde want der wie dêr altiten ljocht, dat like my net goed ta. Koenen jo troch den dei ek te aisykjen of te fiskjen, sokke dingen woe 'k witte, mar dêr krigen je gjin antwurd op.
Wat no dy grouwe par by ús yn de achtertún oanbelanget: op in dei kaam omke Foarman op besite. Hy wie de jongste broer fan pake fan heite' kant, hy wie dôf-stom, mar hy hie op it ynstitút west en koe him rêde. Pake kundige syn komst op in brievekaartsje oan en soks barde twaris yn 't jier. Dan wienen heit en mem der klear foar, it stumper moast in wolgefallige dei ha. It wie ús as bern wol nei 't sin, want dan krigen wy midden yn 'e wike samar tutty-frutty en oars allinne sneins. Ik hie net folle mei him op en rûn as it heal koe om him hinne. Hy haffele sa mâl, je waarden der bang fan.
En wat koe dy man ite. Hy gyng sa'n dei yn alles foar, hy waard let en set en iet my de lêste tutty-frutty ûnder de hannen wei. Ik mocht der neat fan sizze, dat wie my yn 't foar goed oan it ferstân brocht.
It iten wie dien, omke Foarman woe even de tún yn, nei de kanarys ta. Hy hompele om de volière fan heit hinne, doe seach er de grouwe par. Dêr hied er nocht oan, dat wie oan alles te fernimmen. De par wie noch net útgroeid, heit hie der nei alle gedachten noch heuge ferwachtings fan. Mar hy plukte de par, die de pûde der omwei en lange him omke Foarman oer. En dy friet him daliks op. Ik stond erbij en keek ernaar. Gjin byt ha 'k der fan hân.
|
|