men dy't der ôf moasten omdat se ypsykte hienen. Kamen wy der fjirtjin dagen letter wer lâns dan wie ynienen sa'n heule beammantel om de pleats hinne fuort.
Healwei de Ealsumenerp en ús hûs stie ynienen Michiel foar ús op 'e dyk. Michiel mei syn transportfyts en in tienen koer foar it stjoer dêr't er syn hannel yn hie, in nochteren keal, in bakfol hinnen, deade lammen en mear fan dat. Hy wie sa dronken as in ûle en ûnderweis nei syn hússtee op de mûnepôle oan de oare kant fan de feart. Dêr't er dan almeast earst syn frou in wân op 'e hûd joech. Soks wist ik fansels net, ik wist wol dat ús heit der hast altiten hinne moast as by ús thús de namme Michiel foel.
Us heit tilde my fan de stange, skode de fyts yn 'e berm en hjitte my dat ik by de fyts bliuwe moast. Hy stapte op Michiel ta. Hy sil wol tsjin him sein ha: ‘Michiel, no giest nei hûs en do joust dy daliks del. Want tink derom, as ik jûn dyn Wikje oan 'e doar krij mei klachten, dan weef ik mei dy ôf.’ Heit makke net folle bekeurings, it joech in protte skriuwwurk. Mei de gummystok fierde hy eis en fonnis yn ien kear út, ha 'k letter wol heard. Dat wie doe by de fjildwachterij goed gebrûk en it skeelde de officier fan justysje ek in protte drokte.
Mar Michiel woe dizze loop net om sizzen jaan. Hy smiet syn transportfyts yn 'e berm, hy seach ús heit syn fyts mei de sabel en soe op dy fyts ta. Us heit wie him foar. En nim mar oan dat er doe even fûl wurden is. Want dêr stie syn iennichste soan, syn eachappel, yn alle betrouwen op de goede ôfrin te wachtsjen. En net iens slim oerémus, och heden nee, ús heit soe der wol mei ôfweve. Ik wie mear fernuvere as ûngerest.
Wel, hy rêde der ek mei. Hy wie Michiel foar en snipte de sabel. Mar sûnder skede, want dy siet mei it riemke oan de stange fan de fyts fêst. Michiel stapte út de rjochterklompe en tilde dy klompe boppe de holle. Us heit die de sabel