de deade kanary op 'e grûn en rôp de Heare Jezus op om soks ek mei myn kanary te fertoanen. Dêr hie 'k wol in heal kertier stûf bidden foar oer. Doe de eagen iepen en dêr lei de kanary noch like dea. Ik leau net dat ik op it wûnder rekkene hie, in slimme teloarstelling wie it yn elk gefal net. Mar je koenen it allicht in kear prebearje, is 't net sa?
In goed kristlike begraffenis ha 'k de kanary besoarge. Fan ús mem krige ik in leech sigarekistje, moai brún hout en koperen skarnierkes derop. Sonde om te bedobjen, sei se derby en eins wie 'k it der mei iens. Mar ik hie der in sin by, dat de kanary kaam op in hantsjefol gers yn it kistje.
‘Wat sil dit?’ woe Brant witte doe't ik oan it grêfdollen wie.
Ik sei dat ik myn deade kanary by de Heare God yn 'e himel ha woe.
‘Och hearken,’ sei Brant, ‘dan tinkt God dat er in kistje knappe sigaren kriget en dan is 't in deade kanary.’
Us buorjonge Brant wie wat in sarkastys man. Je moasten mei him oppasse. Ik woe yn dy snuorje boer wurde, dat koe al min oars mei in komelker as buorman by wa't je alle dagen op it hiem omsloegen. Ik koe wol boer wurde, sei Brant, mar dan moast ik earst eksamen dwaan. Hy naam my mei yn in lytse bûthús, sette my yn 'e groppe en doe moast ik my derûnder skite litte. Dat hie 'k der foar oer. Us mem net en dy hat der wat fan sein. Mar Brant gnyske allinne mar.
Omdat it mei it túnkjen neat waard en myn feestapel útstoar, moast der oare oanslach foar my fûn wurde. Ik woe fiskje, ûnder tafersjoch hie 'k dat wolris dien, mar ik mocht net allinne by it wetter wêze. De ferdrinkingsdea wie de grutte freze fan ús mem. In stjonksleat neist hûs, in djippe tochtsleat achterhûs, in brede feart foar de glêzen, de kâns op fersûpen wie der alle dagen. Us mem hie altyd in túnklauwer neist de keukensdoar stean, dêr hie se my alris mei út de stjonksleat helle. Wy binne as bern hast allegear wol in kear