jier as fiif. Doe't er yn de skimerjûn werom kaam, koed er ride.
Mar hy streke te breed. Do moatst foarút, sa winst noait in priis, rôp heit. Hy sette Lute de oare deis op 'e sleat neist hûs, in smelle sleat, it wie eins mar in gloppe. Lute skeat alle kearen as er breed streke mei de redens yn 'e wâl. En oer de kop fansels, dat die sear. Sa learst it wol ôf, sei heit tefreden. Wel, mei mannen dy't sa opbrocht binne, hoege jo fansels net te praten oer de gefoelstemperatuer fan Erwin Krol. Dêr ha wy it dan ek net mear oer hân. Wol oer de winters dat Lute de baan op moast om in pear sinten te fertsjinjen.
Hy wie krekt lykas heit grûnwurker, dat smiet winterdeis almeast neat op en dan wie in winterke dat der riden wurde koe in útkomst.
‘Ha jo in protte prizen wûn, Brander?’
‘Nee, dat wie mar inkeld, mar ik hie wol alle kearen in deihier.’
Doe hat er my dat útlein.
Sjoch, hy koe aardich ride, mar hy hearde net ta de top. Dat hy gong net nei de grutte riderijen mei grouwe prizen, hy socht de lytsen derút. Dêr prate er dan even mei de riders dy't it krekt lykas him mear om it jild as om de eare gyng. Soks smiet al gau in tsientsje op en dat wie in goede deihier. ‘Mar ik ha ek ris hûndert gûne bard. Dat wie op 'e Grinzer klaai, ik leau yn Winsum. De priis wie fyftich, mar dy grouwe boeresoan woe him winne. Twa kear kamp en ik hie de ein yn 'e bek, want ik wie op 'e fyts út Bakkefean kommen en de heule reis yn 'e wyn op. Mar ik koe him ha, dy grouwe boer en eins woe 'k winne, want ik mocht him foar myn eagen net lije. Hy sei: Do it jild en ik de priis. Ik sei: Dan moatst der noch fiifentweintich gûne by dwaan. Dat hie dy boer der foar oer, dat ik barde fiifensantich gûne en de twadde priis fan fiifentweintich.
Yn deselde winter, dat wie dy fan '42 leau ik, ha 'k mei