achter my en ik freegje om in pûdfol pikeflerkjes en -poaten. It famke achter de toanbank begrypt my net en ik wiis tusken al dy skealen mei flaubiten de flerkjes en de poaten oan.
Op ôfstân fansels, dat it kin ek wat oars wêze.
‘Tv-sticks,’ beslist it famke.
‘Om de bliksem net, pikeflerkjes,’ sis ik.
Wy fersteane inoar net, in ferlegen sitewaasje, foaral as der in rige minsken achter jo stiet.
‘Pikefleugeltsjes,’ skik ik yn, want dat moatte jo wat it geve Frysk oangiet yn dat moderne Drachten algeduerigen.
‘Tv-sticks dus,’ seit it famke en hja pakt de skeal mei flerkjes út de fitrine.
Doe doarste ik net mear om pikepoaten te freegjen, dat wy ha it dwaan moatten mei flerkjes. Mar ik ha begrepen dat pikepoaten op 't heden drumsticks hjitte. Ik ha it by ús eigen slachter foar de wissichheid noch even neifrege. Hy hat dat guod ek te keap. Tsjin it sin, want it is neffens him gjin fleis en it is gjin fisk, it is om krekt te wêzen ôfgefal.
‘Mar de weareld wol ferneukt wurde,’ hat er my útlein.
‘Flerken en poaten wolle de minsken net ha, want dat komt fan libben guod. En allegear binne se lid fan de dierebeskerming en fan grienpiis, dan witte jo it wol. Dat ik ferkeapje se t.v.- en drumsticks. Us heit advertearde yn de jierren tritich yn de Drachtster Krante, dat er voornemens wie en slachtsje dan en dan in puikbeste vette koe. De dei fan te foaren makke er mei dy puikbeste koe in slach troch de buorren. De minsken kamen de dyk op en klapten de ko op de billen. Se seinen: Hjir moat ik al in pear pûn fan ha, Siger. Heit hie it opskriuwboekje yn 'e bûse en notearde de bestelling. Almeast hied er de heale ko al ferkocht as it dier noch dea moast.
Nei de oarloch hied er gauris in heale pinke of baarch yn 'e winkel hingjen, dan koenen jo sjen wat jo krigen. Moat dat no sa, Siger? sei meesters juffer op in dei. Doe woe heit net