‘Wy helje even in oaren-ien op,’ sei Rapke.
It potsje spikerslaan wie nammentlik noch net út en der stie in protsje jild tusken.
Dat hja gyngen mei har trijen nei dy winkel ta. It wie fansels aardich lang nei slutingstiid, mar dit wienen needsaken. Dat potsje moast út en dy winkelman mocht wol even witte dat jo hammers mei in stok fan waaibeamshout net ferkeapje kinne.
Hja skillen oan by de winkel, Brandsma IJzerwaren B.V. Der kaam in frommes foar 't ljocht.
‘Wy moatte de baas even ha, frou? Want dy ijzerwaren fan jim binne miskien wol goed, mar jim moatte der gjin stokken fan waaibeamshout bydwaan.’
Dat frommes klapt sûnder wat te sizzen de doar ta en strykt him op slot. Soks is slim ûnfatsoenlik. Mar se die al de etalaazjeljochten oan en dat skilde wer. Rapke seach heulendal foaroan in kwaliteitshammer lizzen mei in esken stok. Hy sei: ‘Dat is uzes, mei dy hammer feech ik him der yn fjouwer kear yn.’
‘Wedzje om fyftich gûne,’ sei Jisk.
Dat stie, mar doe moast dy hammer dus wol mei.
Hja dienen noch ien kear in berop op de winkelfrou. It slagge net, dat Rapke tikke ien fan de lytse rútsjes fan 'e doar derút, sadat er oan 'e binnenkant de winkeldoar fan it slot dwaan koe en dy hammer út 'e etalaazje krije. Rapke moat doe noch tsjin Jisk sein: ‘Tink der even mei my om dat ik der moarn in nij stikje glês ynset.’
En doe koenen se yn it kafee it potsje spikerslaan dien meitsje.
Safier is it lykwols net kommen. In auto mei swaailjocht, piipjende remmen, twa plysjes dy't derút springe, de iene lûkt daliks it pistoal en ropt dat de hannen omheuch moatte. Dy mei it pistoal, sa docht letter bliken, is in frommes.
‘Sa'n flarde fan it fanke, witst wol?’