| |
| |
| |
25 Swiete molke
Dat is no wol hast in fearns iuw lyn, tink. It wie om goed alve oere de moarns. Hy kaam deryn, gyng neist my oan 'e taap stean en seach myn slokje. Hy spriek: ‘Ziet den wijn niet aan in de ochtendstond, want zij zal steken als een adder.’ De tale Kanaäns wurdt yn it horecabedriuw net folle sprutsen, dat hjir hie 'k sa gau wol oan. Mar hy stelde my gerêst, it gyng om wyn, oangeande de jenever ferskafte de Skrift gjin dúdlike warskôgings. Dêrom naam er sels yn de moarnsoeren ek altiten in pear skjinnen, lei er my út.
Ho mar, sa stiet it net yn de bibel, oer de wyn dy't jo moarns mar better stean litte kinne, soks hie 'k sels al útfûn. It is wat in frije útlis fan it Wurd, dat died er wol faker, ûntdiek ik letter. Let neat, de echte skriftgelearden ynterpreteare it bibelwurd ek gauris sa't it harren it bêste útkomt, dat wêrom soe sa'n man as Boardser soks net dwaan meie.
No soe 'k dat oars net mear dwaan, hie 'k my mysels ôfpraat, stikjes skriuwe oer aparte minsken, almeast âlde minsken oan de selskant fan de maatskippij, sa't it eartiids neamd waard. Boekenfol ferhalen ha 'k der oer makke. Lit ús tinke oan âlde tiden, jawis, mar soks moat in kear ophâlde.
Mar no ha wy Boardser fuortbrocht, helderop nei Goutum, sa't er it ha woe. ‘Hup âlde kêde nei Goutum ta, wat sille wy op reis ha, brandewyn mei sûker deryn en dan mar wer op hûs yn,’ núndere hy de lêste tiid gauris mei in fariant op it âlde liet dat Dokkum as eindoel hat. Drank krige er trouwens al hast net mear. It waard him op syn 75ste troch dok- | |
| |
ter ferbean, krekt lykas it roken. Sokke dokters ha jo op 't heden frijwat. Dan hat sa'n âld man al neat mear en ferbiede se him dat ek noch. Boardser is der neffens myn beroai ien jier âlder om wurden, mar sûnder wille. Blostich fan de kofje en de frisdrank siet er by ús yn 't kafee. En mar kropje, it davere der bytiden oer. Dan mar in jonkje ûnder yn it glês mei Seven Up, al sok ferkeard guod. Op 't lêst mear jenever as Seven Up, mar it is fansels gjin drinken.
Hawar, wy moasten dus nei Goutum ta. Se hienen der in humanistise sprekker by en Ritske Numan ta beslút. Net mei de Wâldsang of de Alde Dwarsfeart, mar mei ‘Hear bliuw my nei’, Fryske tekst fan Fedde Schurer, begelieding Anton van der Meer op it oargel fan de Grutte Tsjerke yn Drachten. Sa hie Boardser it yn 't foar beskikt. Ik fûn it sa moai, it die der sear fan. Dat ha 'k net sa faak mear, dat doe tocht ik: ik moat noch ien kear sa'n âldfrinzich libbensferhaal opskriuwe. En dan tagelyk mar by wize fan salút oan in hast útstoarne generaasje.
Oer Boardser de Bruin dus, Boardser Brún yn it spraakgebrûk, Bordze neffens de boargerlike stân. Want de amtner dy't him yndertiid ynskreau, koe de skriuwwize fan Boardser net oan en heit noch minder, dy sette in krúske ûnder de akte. De achternamme De Bruin kaam neffens Boardser fanwegen it brune fel, dat hie it heule laach fan heite' kant. En hoe kamen se oan dat brune fel? Beppe woe ha it kaam troch de heidesjudden en de smûzen, ôfkarde turf dy't de boargerman net stoke woe omdat it sa rikke en suver gjin waarmte joech. Dy branje brûkten se yn de spitkeet op de Fryske kant fan de Grinzer Pein dêr't generaasjes Brunen taholden ha. De keten hienen gjin kachel, se makken fjoer op 'e midden fan de liemen flier en sa'n wenstee stie dus altiten fol reek. Dat sette op it fel, dêr waarden dy minsken brún fan, sei beppe.
| |
| |
Boardser miende dat er it better wist. It reisber folk - keaplju, spylmannen, merkegasten en sa - hie spoaren neilitten. It folk fan de heide wie gastfrij, elk dy't ferdivedaasje te bieden hie, wie wolkom en mocht der wol sliepe. Met alle gevolgen van dien, sa't Boardser it formulearre. Miskien hie Salomon Levy fan de Westerein of ien út dy syn neiteam der wol ris oanstutsen.
Behalven brún wie Boardser koart fan stik. Wol geef, op âldere leeftyd ek goed yn 't fleis, mar oan de lytse kant. Net oars as heit en de measten fan syn bruorren. As jo it mei de lea fertsjinje moasten dan hie soks beswieren. As heit simmerdeis nei de greidhoeke gyng om him dêr te ferhieren as meaner, stied er tiden op de merk yn Snits ear't der in boer kaam dy't it mei him besykje woe. En altiten foar minder fansels. Dat hat heit knoeid, hat Boardser my útlein, dy man hie syn grutskens ek, al foege soks in arbeider net. Mar der wienen net folle dy't sa seineharje koenen as Boardser syn heit, dêr helle hy it mei oer.
Der wienen in stik as njoggen bern en Boardser siet sa'n bytsje op 'e midden. Hy moast as jonkje fan in jier as alve yn elk gefal noed stean foar fjouwer lytsen, want de âldsten wienen de doar al út. Dêr hied er letter ek net folle gedoente mei, hy hie se amper kend. Se wennen doe yn Fryskepeallen, as ik it goed ûntholden ha. Mei in stik as trije bruorkes en suskes rekke hy nei de kristlike skoalle, de fine skoalle, sei Boardser. Heit wie neat en mem eins ek net, al heugde it har dat har folk wol ris nei tsjerke gyng. Mar dy fine skoalle hie op in stuit ferlet fan bern, it gyng doe tusken it bysûnder en it iepenbier ûnderwiis. De foarsitter fan de fine skoalle bea heit in skiep mei twa sûchlammen en in side spek as er de bern nei de fine skoalle stjoerde. Soks koe heit net slûpe litte. Op dy skoalle hat Boardser dus syn bibelkennis opdien. En net te min, meester moat noch by heit west ha mei it boadskip: Bordze moet doorleren.
| |
| |
Mem ha wy it noch net oer hân en dat is in jammerdearlik ferhaal. Boardser kaam mei ien broerke en twa suskes út skoalle wei, mem lei. Mem lei almeast, soks wied er wend. Mar doe sei mem dat er de bern nei muoike Gees ûnder Oerterp bringe moast en muoike moast heit in brievekaartsje stjoere dat er thúskomme moast. Heit arbeide om utens, Boardser miende dat it de Wieringermar wie. Hy toffele mei de lytsen nei muoike Gees en doe werom om mem by te stean. Mar dy lei dea yn 't bedstee.
De bern waarden neitiid útbestege. Pake en beppe fan heite' kant koenen twa ha, Boardser sels bedarre by in broer fan heit op Suderheide yn Drachten. Bêste minsken, mar Boardser koe net om 'e stûken rinne. Omke frege yn in advertinsje yn de Drachtster Krante om in plakje foar in ‘halfwas’ feintsje. ‘Op goede behandeling wordt meer gelet als op hoge beloning,’ liet er derby sette, dat wie wol o sa geskikt. In komelker yn 'e Mersken mei seis bistjes koe Boardzer ha foar twa kwartsjes wyks en kost en ynwenning. Gjin minne minsken, Boardser krige der sêd en se holden him oan it wurk. As der op in stuit neat oars wie, krige de boer de bak mei âlde spikers fan de planke en dan mocht Boardser alle krûme spikers rjochtslaan.
De oare maitiids krige er plak by in boer yn de Lege Midden, in wetterboer dus. Dy man wie him wol goed, mar boerinne wie o sa neigeanderich. En altiten benaud dat de arbeider en de feint te min dienen. Dat as se kofjedronken krigen se elk in bakje jirpels te skilen en by 't theedrinken hie se wol wer wat oars. En dan dy jonge fan harren, in aakliksma neamde Boardser him. Se hienen mar ien, mar neffens Boardser hienen se dy aakliksma yn de kakstoel al smoare moatten. Dat de jonge in skep sûker oer de sûpenbrij krige en Boardser net, dêr gyng it net iens om, de panne brij smakke Boardser sa wol. Mar dy Marten wie ek noch in Judas Iskariot, hy brocht by mem alles oan wat er om hûs en hear
| |
| |
hinne oangeande it folk waarnaam. En altiten de faam pleagje, nee, dat wie gjin pleagjen, it wie narjen. De faam wie eins noch mar in famke, krekt fjirtjin en dea ûnwennich. Se telde de dagen dat se in kear nei har folk yn Boarn mocht en dat wie net sa faak.
Doe waard it winter. De boer hie yn syn goedgeunstigens beskikt dat Ymkje, de faam en Boardser, de lytsfeint dan mar in dei foar de prins ha moasten. Al wer neffens Boardser, ik doch net oars as syn rynske kennisse fan de Fryske sprake útdrage. De lytsfeint wie it net oan bestege, Boardser hie noait in rider west, hy hie net iens redens. Hy mocht de boer sines wol brûke, geskikter koe it net. Mar om Boardser hoegde it net, dat wie wol o sa ûntankber. Boerinne waard der noartsk fan en sei dat er dan foar 't selde de arbeider helpe koe te houtseagjen. It wie Boardser wol goed, dat is te sizzen, it wie him fansels net goed, mar hy liet him net kenne.
Sa stienen se dy deis ûnder it weinhok te houtseagjen, de arbeider en Boardser. Se makken branje fan in weinfol hout dy't de boer yn 'e Wâlden kocht hie. Ymkje kaam it hiem oer, mar net yn de ridersklean en se gûlde. Se gyng nei it bjinstap yn de opfeart mei amers en molkbussen en begûn te skrobjen. ‘Wat sil dit?’ frege de arbeider en Ymkje sei dat neffens boerinne de amers en bussen net skjin genôch wienen, dat se moast wer. Dêr lei se te skrobjen by it bit yn 't iis, de hannen en earms blau en read fan de kjeld.
‘Oars moatst har mar even helpe,’ sei de arbeider tsjin Boardser, ‘dan kin se fan 'e middei miskien noch te riden. De frou sjocht ús no dochs net.’
Dy sûch fan in arbeider hie net yn 'e gaten dat boerinne yn de friesblommen op it sydrút fan de foarein allang in gatsje blaasd hie. It wie net grutter as in ryksdaalder, mar der ûntkaam har neat, se aseme it elk kertier skjin.
‘No hat se al fjouwer streekjes set,’ sei Boardser doe't de
| |
| |
arbeider lins naam en de brân sette yn de fjirde pypfol tabak, en hy wiisde him it kykgat yn in beferzen sydrút oan. De arbeider waard o sa kjel, mar it koe Boardser neat skille. Hy stapte achter de seachbok wei en reage op it bjinstap it iis oan 'e kant, sadat Ymkje mar trochskrobje koe. Dêrnei krige er ek in bjinder en holp har.
Doe kaam aakliksma deroan en dy lake him út omdat er de faam holp by it bus- en amerhimmeljen. Soks die in boerefeint net, dêr hienen jo in faam foar. Boardser waard even dûm, stode oerein en krige aakliksma by de strôte. Miskien hat er de jonge alsnoch smoare wold lykas yn de kakstoel neffens him al moatten hie. Ik ha Boardser der op ferge, mar hy sei safolle jier letter dat er aakliksma allinne mar even sear dwaan woe. Ik fertink him derfan dat er it deafonnis útfierd hie as de arbeider en even letter de boer der net tusken kommen wienen.
Boerinne woe de plysje der noch by ha, it wie in moardoanslach, sei se. De boer koe dat keare, mar dan moast er gau-gau fuort wêze. Hy mocht de âld fyts fan trije ryksdaalders dy't de boer foar him kocht hie, al hâlde, mar hy barde gjin lean. Op âlde maaie hied er oars acht tsientsjes ha sild, no ja, ûnder ôftrek fan de trije ryksdaalders foar de fyts fansels. Mar ek mei sân tsientsjes en noch in ryksdaalder der oerhinne, hie Boardser him al mannich kear ryk rekkene.
‘Bliksem Boardser, hoe fine wy om dis tiid fan 't jier in boer foar dy?’ frege omke him doe't er him goed fjouwer moanne foar âlde maaie op Suderheide melde mei it boadskip dat er dien krigen hie.
Der wie in man yn Drachten dy frege folk foar Dútslân, dat like Boardser sels ek wol sa goed ta as wer nei in boer. It gyng oan, yn 'e ploech op 'e tram nei Grins en dêr yn 'e trein nei 't poepelân. Grûnwurk, kanalen dolle, spoarbanen opsmite, wreed wurk.
‘Mar ik tocht derom dat ik jûns yn 'e keet it earst om 'e
| |
| |
kachel lei, want dan hie 'k moarns de klean wer droech.’
Boardser krige doe neffens eigen sizzen ek syn ferstân. De wrâld is rûch en wa't him net rêde kin is slûch, waard syn devys.
Hy hat noait wer út Dútslân wei west. Op 'e midden fan de jierren tritich siet er yn Recklinghausen yn it Roergebiet, earst by it spoar, doe yn 't fabryk. It tilde der op fan de Friezen, se hienen der in eigen Fryske feriening mei in toanielselskip en hy lei yn 'e kost by in Jakob Yntema dy't fan de Tynje kaam. Mar it wurk yn it fabryk foldie him net en al hoe'n hekel as er oan dat folk hie, hy bedarre dochs wer by in boer. It wie in doarpke yn 'e omkriten fan Koblenz. Der wie gjin neigeanderige boerinne en de boer wie eins in bouboer, dat Boardser moast mar mei de melkerij rêde. En dat kaam klear, hy waard dêr suver eigen. Op 't lêst wied er al by de gymnastykferiening.
Hitler wie doe al baas en soks wie dêr elkenien nei 't sin, hat Boardser my útlein, want hast elkenien krige it goed en dat hie yn earder tiden wolris oars west. De gymnastykferiening waard in soarte fan Wehrkorps en op in stuit siet Boardser fanwegen syn prestaasjes op it mêd fan de gymnastyk (lyts mar krigel, yn 'e ringen en op 'e bok koed er wol trije kear om dy grouwe Dútsers hinne) yn in opliedingskamp fan de S.S. Mar hy waard by einbeslút ôfkeurd omdat er te lyts wie. Werom nei de boer en dat hat syn gelok west.
Doe begûn de oarloch, mar dy slane wy mar fierhinne oer, op it lêste fearnsjier nei. Yn Koblez wie 't measte al stikken, dat se smieten de bommen der mar wat omhinne en gauris op in doarp. Boardser krige in pear Russen as help op de buorkerij.
En dêr wie Saakje by, se hie in moaie Russise namme dy't mei in S begûn mar foar in net-Rus hast net út te sprekken wie, dat Boardser neamde har Saakje. Letter waard it ‘myn Russise kêde’, in kûsnamme. It fanke fan in jier as achttjin,
| |
| |
fjouwer jier earder samar oppakt, mei tûzen oaren yn in trein laden en tewurksteld yn in fabryk yn Koblenz. Derút bombardeard en doe mar dumpt by in boer, want se koe melke. Se wie stjerrende benaud foar bommen, as se de fleantugen hearde, stie se al te skodzjen. It begrutte Boardser ta de teannen út. Hy tocht dêrom wat mear om har as om de oaren. Doe wie 't werris safier, hy pakte har by de hân en tegearre draafden se de bosk yn neist de pleats. Dat dienen se neitiid faker en alle kearen helle Boardser har mar oan, dêr waard se rêstich fan.
It Amerikaanse leger kaam en by Boardser en syn Russise Saakje kaam der net iens safolle letter in poppe.
‘Wy moatte mar nei Fryslân ta,’ sei Boardser, want der wie yn dat platsketten poepelân net folle mear te ferstriken.
Earst ek noch mar trouwe, oars mochten Saakje en de poppe net mei. Heit hie in hûske yn Fryskepeallen, mar gjin húshâldster, dat dêr koenen se by yn. Doe't heit der by wei stoar, skikten de oare bern it. Boardser krige dat hûske foar twatûzen gûne, in grou stik jild, mar hy hie it samar lyk mei opperjen, mitseljen, strate en alle andere voorkomende werkzaamheden. Wel, en dêr hawwe hy en syn Saakje, de poppe en letter noch twa bern it doe mar by holden.
Saakje ha 'k noch meimakke, in matroeska, sa't jo dat by Russise froulju ha wolle. Mar der gyng net folle mear fan út, se hie it doe al ûnder de lea. Boardser hat it trochset en de bern ha der ta betelle, tegearre nei Ruslân dêr't se noch in suster hie. Acht moanne letter joech se belies, goed sechstich en it liif fol kanker. Der siet net folle slinger oan, sei Boardser, neffens him wie dat der útrekke doe't se har as fanke oppakten, yn Koblenz de holle keal skearden fanwegen de luzen en har yn dat fabryk setten dêr't hyltiten bommen op foelen. Mar yn Ruslân hie se dan dochs mei har suster in ferske song en dat die Boardser deugd. It wie de iennichste kear dat er har sjongen heard hie.
| |
| |
Nuver is 't, mar ik ha Boardser neitiid noait wer oer syn Saakje heard. Wol oer mem en dat waard hyltiten slimmer.
‘Dat hie sa net hoegd, mei trije mingel swiete molke wyks hie 't goed west.’ Swiete molke dat is gewoan farske kowemolke, ha 'k letter útfûn en ik ha ek begrepen dat mem de tarring hie. Oft dy krupsje mei molke te ferhelpen wie, wit ik net, mar dat leauden de minsken doe al. Welno, Boardser moast ienris wyks mei seis sinten yn 'e bûse nei de boer om in mingel swiete molke, faker koe it net lije, want it wie allegear earmoed thús. Hast santich jier letter begûn er him dêr hyltyd lulker om te meitsjen.
‘Nachts komt it by my, ik lis der wekker fan en dan flok ik deroer. Want Nederlân wie ryk, wier of net. Wêrom krige ús mem net alle dagen in mingel swiete molke. Dêr meitsje ik my no noch lulk om. En dan begjin ik te flokken. Soks is ûnnut, ik bin net fyn, mar ik ha eins mar in bytsje flokt. En no dus alle nachten.’
‘De vloek van de rechtvaardige is de Heere welgevalliger dan het gebed van de schijnheilige,’ sei ik gau.
‘Stiet dat ek yn 'e bibel?’
‘Ik tink it wol, wêr soe 'k it oars wei ha?’
Boardser liet it yn him omgean, doe sei er: ‘Ik leau net dat ik der wat oan ha. Witst wat is is, as ik ûnderweis nei hûs wie mei dy mingel molke, dan sette ik de kanne oan 'e mûle, dat koe 'k net litte. Ik ha der wol ris in kwart mingel útsûpt. En mem, dat sloof, sei der neat fan.’
|
|