sem net, sei Jille, it Marianne-liet. Doe hat er dy man útlein dat der in wrâld ferskil is tusken in anarchist en in socialist, mar it kaam net oer. En it Marianne-liet hienen se net. It is úteinlik de Wâldsang wurden. Ek moai, sei Jille.
Neitiid ha ik Jille út it each ferlern. En dêr siet er dus de jûns oan 'e stamtafel by Pyt de Vries. Hy sei: ‘Jo ha mear leard as ik.’
Sa begjint it gauris as se in slokje op ha, ik ûntken it net iens mear. Ik wit wat langer wat minder, bytiden begryp ik der neat fan, mar ik knik befêstigjend, want dan ha wy dat mar hân.
‘Witte jo wat in dip is? Ho, it wie even oars, in gigantise dip.’
‘Wakker itselde as in depressy, net fan it waar mar almeast fan de minslike geast. En dan is 't op 't heden al gau gigantys, hoewolt it in pear jier lyn noch ta koe mei ûntsettend. Mar it is sa, as jo in gigantise dip ha, dan ha jo gewoan jo slinger net. Sizze jo dat lêste lykwols by de dokter, dan stjoert er jo nei hûs, mar ha jo in gigantise dip dan krije jo in ferwiisbriefke foar de psychiater of jo meie nei it Riagg ta,’ dosearde ik rûchwei. Foar neiere ynformaasje, ek wol info neamd, ferwiisde ik him nei Renee Diekstra, de dr. Zielknijper fan de Ljouwerter Krante dy't der alle wiken o sokke moaie en besteklike stikken oer skriuwt.
Jille sei: ‘Soa, no ja, dat hie 'k al sa'n bytsje foar it ferstân. Mar it giet dus oer de jonge fan ús Klaas. Alle wiken komt er by my, want dan is it jild op. Hat pake ek in tsientsje foar my, want myn brommer stiet droech. Hy is op 'e ambachtsskoalle, it hjit hjoed de dei wat oars, leau ik. In jier as sechtjin sil er no wêze, mar hy hat alles. In brommer, in gitaar, in grammefoan mei platen en c.d's, hy hat op skoalreiske nei Ingelân west, jo kinne it sa raar net betinke of hy hat it belibbe. Mar altiten ûntefreden. Stinne en krimmeneare, oars docht er net. En dêr kin 'k net oer, hèn.