gauris yn it ferline, foaral as er in knap slokje op hie.
Earst mocht er my net lije, letter koenen wy goed. Yn dy snuorje ried er yn in Ford bestelwein om en op de achterdoarren fan dat âld rydrak hied er mei plakletters sette litten: Rouke groet U. In aardichheidsje, mear net. Want hy ried noch altiten o sa stadich, elk woe him dus ynhelje en hy sei dy hurdriders dach.
No, en wat wie dat no foar in man, dy Rouke Dooper? Dat wit ik net, ik jou mar gewoan troch wat er my by biten en brokken yn de rin fan likernôch tweintich jier ferteld hat. Syn jeugd slaan ik mar oer. Min fansels, earmoed, wurkferskaffing, it fytsplaatsje fan Colijn, de man dy't se neffens Rouke yn 'e kakstoel smoare moatten hienen en gean sa mar troch. Hawar, de ferhalen oer de jierren tweintich en tritich kenne wy njonkenlytsen wol.
Ik begjin mar by it brekpunt yn de skiednis, de oarloch fan '40-'45. En wat Rouke oanbelanget dan ek net earder as '44. Oant doe ta wienen se der aardich trochskarrele, mar ein 1944 of dêromtrint rôpen se Rouke en syn heit op foar it putgraven yn Drinte.
Der wienen doe trije mooglikheden, hat Rouke my útlein: 1 jo dûkten ûnder, 2 jo dienen mar wat de Dútser woe, gyngen nei Drinte en fertsjinnen in deihier, 3 jo gyngen yn it ferset. It lêste waard doe in protte dien, it joech net folle risoko's mear, want de poepen soenen it wol ferlieze.
Mar Rouke en syn heit gyngen nei Drinte en dolden foar de Dútsers djippe gatten dêr't de Amerikaanse tanks mei opkeard wurde moasten as dy nei Noard-Dútslân woenen. Rouke hie it gau besjoen, de swarte hannel smiet mear op as it putgraven en it wie sa dreech ek net. Hy sei heit dach en naaide út. Hy wenne in wike as twa by in Drintse boer ûnder Smilde en dêr hied er de befrijing wol ôfwachtsje kind, mar hy lei in nacht by de dochter fan dy boer en dy wie al fersein, dat hy rekke der hastich wei.