foel ús de stilte, wy woenen der al oer prate, mar de minskestim klonk sa hoar dat it neffens ús oan de oare kant fan de daam te hearren wie. Dat op 't lêst flústeren wy mar.
Okkerjiers wie 'k op in iere sabbathmoarn yn de delte fan Jisraël yn Galilea, want ik woe de wettersnippen sjen dy't der neffens sizzen om de dobben hinne taholden. Oerdei wie de sinne te glei, sadwaande moast ik betiid. Ik stode op 'e fyts, dy't frijwat rattele, yn kûgelsfeart by de helling del en hold by de cypressebeammen op it leechste punt. En dêr wie it stil, sa stil dat jo suver gjin stap fersette doarsten.
De lêste kear dat ik de stilte even ûndergien ha, wie op in snein yn april fan dit jier. Ik hie ielfûken yn 'e petgatten op 'e Feenhoop en woe betiid te fandeljen. De lêste diskogongers wienen krekt de Drachtster Heawei delflein en it wie noch te betiid foar de earste tsjerkegongers. Der wie gjin wyn, de popels op 'e pôle joegen net iens lûd. Ik hie it yn jierren sa net meimakke. It wie klearebare gelok en it duorre mar fiif menuten, doe wie der al wer wat.
De stilte is der blykber yn soarten. Dy fan de Deelen joech my in noflik gefoel, de ‘laaiende’ stilte yn Yonne makke my ûnrêstich, yn de delte fan Jisraël wie 't in bytsje benearjend en de lêste kear op 'e Feenhoop waard ik der suver wat mankelyk ûnder. It sil ek wol mei de leeftyd te krijen ha. By my wurdt it ferlet fan stilte hyltiten grutter. Mar wêr fine jo dat langer?
Dat ik betocht op dy iere moarn yn april op 'e Feenhoop, doe't my tusken disko- en tsjerkegongerstiid even de tiid gund waard, dizze fraach: wêrom is der eins net in stilte-reserfaat foar minsken? Want sjoch, wy hawwe reserfaten foar fan alles, foar guozzen, smjunten, ielreagers, eiberts, ielguozzen, foksen, reeën en gean sa mar troch. Mar in stilte -reserfaat foar de minslike soarte is der net. Is dat noch ris wat foar It Fryske Gea?