waard de rot al eigen. As er jûns even letter wie, fregen wy ús of oft er wat mei him wie. Wy fielden ús suver ferromme as er him by einbeslút dochs melde.
Doe wie 'k in pear dagen allinne op 'e pôle, ik hie der de middeis by wei west, kom ik om in oere as fiif werom en dêr sit de rot al prûstich yn it nijgers te fretten. Ik sei him yn it foarby gean dach, dat krije jo as der gjin oanspraak is, dan begjinne jo tsjin de bisten te praten. Us einen, de hiemklyster en sels de merkels en de reidhin sizze altiten wat werom. En it gedierte dat net prate kin, lit je dochs even fernimme dat se je sjoen ha. Mar de rot net, dat jout neat, it wie in frekt eigenwize rot. ‘Hij keurde mij geen blik waardig,’ sa ha 'k it letter oan Hollânse kunde útlein. Dat skept genôch ôfstân om oan te jaan hoe arrogant dy muskusrot wie.
In kertier letter soe 'k de einen wat jaan. Ik moast by de rot lâns, mar hy gyng net oan 'e kant. Ik sei him oan dat er dochs op syn minst even út 'e wei gean koe en soe him mei de klompe oan 'e kant skowe. Mar dêr komt er op my ta en blaze as in kat. Fan skrik jou ik him in traap en och hearken, krekt tsjin 'e kop. Hy rôlet op 'e rêch, spinpoatet noch even en jout belies. Sa't ik sei, it wie gjin aardich bist, de aaibaarheidsfactor fan in rot leit leau ik ek net heuch, mar it hat my al in bytsje begrutte.
Ik ha noch yn my omgean litten en meitsje him ta. It is fleis, fleis is iten en iten fergrieme jo net, sa bin ik opbrocht. Boppedat is it kostlik iten, as ik myn sin sis is it fleis fan in jonge muskusrot lekkerder as dat fan oar wyld. Mar it stiet myn frou wat tsjin. Earst snijde ik der by it slachtsjen gauris twa poaten by wei en stoppe it yn de djipfries. As it dêr lang genôch ynsitten hie, koe de rot mei twa poaten foar einfûgel trochgean en makke myn frou sa'n boutsje sûnder beswier klear. Se iet dersels ek fan. Mar doe beseach se op in kear dat stikje wyld noch ris goed en se sei dat it eintsje neffens har fjouwer poaten hân hie. Sûnt wol se gjin muskusrot