rich folk ús arkje fan de dyk ôf net iens mear sjen. Mar doe begûn it lijen, de wylgen waarden suterich, der gyng in simmertwirre oer en se foelen samar om. Fan binnenút blykten se heulendal útfretten te wêzen en as jo dan de stobbe útpluzen, kamen jo in grouwe rûp tsjin, sa grut as myn pinke en mei in grouwe, reade kop.
Ik die sa'n rûp yn in jampotsje mei in stikje hechthout derop en dêr wer in bolstien op. Mei it doel om de h.h. biologen dat fenomeen te toanen. Mar de oare moarns hie de rûp him dwars troch dat hechthout hinne fretten. Doe ha 'k sa'n rûp in pear nachten oan in smytlyntsje yn 'e pet hân. Ik tocht: miskien fang ik der in grouwe iel oan, dan ha 'k dochs noch wat foar de skea. Mar der hat gjin iel nei taald. Hawar, dy rûpen ha yn twa jier al ús wylgen opfretten. Sadwaande ferfoel ik doe ta de popels, eins tsjin it sin dus. Dat hout mochten de rûpen blykber net en ek de bjirken, elzen en koetsebei, dy't ik der yntusken noch by boud hie, kamen se net oan.
No ha dy popels der yntusken 35 jier stien, de grousten kin 'k mei beide earms net mear omklamje. As de protters op 'e trek binne, sitte der yn elke krún wol tûzen te tsjotterjen en te skiten. En as de earste hjerststoarmen deroer geane dan is 't net oars as binne jo oan de seekant.
Dy beammen moatte der hast ôf, heite, jouwe de minsken dy't der doel oer ha my hyltiten faker te rieden. Want popels ha gjin pinwoartels, alteast net yn 'e klyn, se sette har fêst yn de boppegrûn, de bonkierde. De popel is sowieso net konsistint, as it tsjinsit jouwe se nei fjirtich jier al belies. En mines soenen dus fanwegen dy soere en moassige ûndergrûn noch earder ûnder de earste de bêste westerstoarm omteare en yn it slimste gefal ús ark mei de heule húshâlding deryn yn ien nacht ferpletterje.
Mar nuver is 't, hoe hurder as de h.h. deskundigen roppe dat