It wie gleonhjit waar, fiersten te waarm en dêr moast fansels in klap op komme. De sneintenachts kaam it oer ús. Ik wie allinne yn de arke en seach it oan. Swiere klappen, de keet skodde deroer en it wie allegear ljocht, jo koenen it heule petgat bylâns sjen. Stjalperige rein, grouwe bûlen op it wetter, hawar dat ha 'k alris omstandich beskreaun op de earste side fan ‘De nacht fan Belse madame’.
No kin it moarnier twa kanten út, tocht ik, it is allegear iel of ik ha heulendal neat. Want jo witte it noait, iel krije jo gjin ferstân fan. Dêrom gean ik ek altiten wer te fiskjen, ik wol der ferstân fan krije. It wynt jo yn 'e hûd om, it wol net sliepe, mar moarns fansels al. Dat jo lizze even te lang, it is seis oere ear't ik yn 'e skou spring. Fiersten te let, de sinne stiet der al wer by.
Jo moatte by 't fandeljen wol in overall oan ha, it is smoarch en switterich wurk. Tusken de reiden tilt it op fan neven en brimsen, dy bite ta en as jo begjinne te skobjen wurdt it noch minder. Ik moat ek in pet op ha, oars stiet fan 'e middei myn keale plasse yn 'e brân fanwegen de sinne. It is willewurk, mar oars.
It ûndjippe wetter fan de petten fielt by 't kloetsjen lij oan, it is grien en it stjonkt deroer. As jo de kloet optille, komt de moassige lucht fan de soere klyn jin temjitte. De kile fan de skou lit in spoar fan gasbellen achter. Moerasgas, ik mei it wol rûke, it is de geur fan de fergonklikheid.
Dêr is de earste fûke, op it keal plakje tusken de pompen en in mannich ielstikels. De kubbestok omheuch en och hearken, dêr komme se my temjitte, de brede sturten fan grouwe ielen, in klobbe, altiten wol in stik as seis. It hert springt op fan freugde, it prykjen fan it swit yn de eagen fernimme jo net mear.
Jo stutte dy flut iel yn 't skepnet, skodzje de fûke op en sette him wer teplak. Dan even op 'e messelbank sitte en dat protsje iel oersjen, it stille geniet, ear't jo it skepnet leegje