dwaan. Ik ha dy sigeuners demonstratyf in grouwe dollar jûn, likernôch in deihier. Dat seach dy plysje wol, mar dat koe my neat skele. Ik ha se ek noch útnoege en kom sa gau mooglik ús kant oer, want it asylsikerssintrum yn Drachten wie noch lang net fol. Mear koe ik foar dy minsken net dwaan, want it stie net op it programma.
Yn de bergen op de grins mei Grikelân, mei snie op 'e toppen, dêr ha wy in kleaster besjoen, sa moai dat is net te beskriuwen. Dat slaan ik dan ek mar oer. Doe kamen wy wer ûnder en dêr brûsde in prachtige beek troch de delte. Op it leechste plak wie in tichtset mei gazen fûken derfoar. Ik seach it daliks, in forellenfiskerij. Ho, rôp ik, dit moatte wy besjen. Ik hie trije meistanders en wy forsearden in sanitaire stop. Dêr kin gjin gids ûnderút, foaral net as jo der in âld keardel by ha dy't pleage wurdt troch koartmieligens. Wy bepluzen der in rikke forel, it sop rûn guon by 't kin del, sa farsk wienen dy fisken. Wy rekken al achter op it skema en ha der in monumint út de Turkse tiid om fersitten.
Doe kamen wy yn de haadstêd Sofia, dêr mochten wy samar in skoftsje los omrinne. Wy draafden yn sân hasten by de souvenirwinkels lâns, want jo moatte thús wat sjen litte kinne, is 't net sa? Ik kocht foar trije tsientsjes sa'n typys snaarynstrumint fan de Balkan, gjin balalaika, ek net sa'n Gryks ding út de film fan Zorba de Griek, mar specifyk Bulgaars. Makke yn China, seach ik letter op in plakbriefke ûnder op it ynstrumint. Doe't ik him yn 'e bus even demonstreare soe, want ik ha in blau moandei op in mandoline spile, kaam der in nuver skraal lûd út.
De oppassers jagen ús gauachtich de bus wer yn. Twa kathedralen letter - sa moai, net te beskriuwen dus - seach ik ynienen it mausoleum fan Dimitrov foarby gean. Dat is te sizzen, ús buske rekke yn in beskieden file, wy rieden stap-foets, ik seach fansiden en dêr stie dy wytmarmeren tombe. Stopje, rôp ik, dy man moatte wy betinke. Ik ha yndertiid in