hâlde en helle ik se op, mar der wie gjin begjinnens-ein oan. En it hoegde ek net, want wier is 't, yn febrewaris-maart en dêromtrint kamen alle piken werom dy't op ús hiem opbrocht wienen. Wy hearden se soms de heule nacht roppen en dan moast ik derút om se út de loft te praten. Wy hienen dêr nammentlik in protte beammen om it hiem hinne, de landingsbaan wie eins te koart en earst as ik se mei roppen of mei de guozzefluit tasprutsen hie, doarsten se it oan en kom del. Dan wie 't faak al moarntiid en moast ik se gauris út 'e tûken weihelje dêr't se yn hingjen bleaun wienen.
De buorlju achter ús begûnen te kleien. Alle nachten fleagen myn guozzen by harren foar de sliepkeamersruten lâns. En mar roppe fansels, fral piken ha in heuch lûd. Ik mei it graach hearre, mar de buorlju wienen it net mei my iens. Dat ik moast der regaad yn meitsje. In stik as tsien guozzen yn 'e bak en dêrmei nei de Deelen ta. Midden yn it reservaat smiet ik se út 'e skou wei, neffens my it bêste plak dat se krije koenen. Se hienen ek noch selskip fan de skiere guozzen dy't dêr it heule jier ferkeare. Ik hie it fansels witte kind, de earsten wienen noch foar my thús, de oaren kamen in dei letter. Doe ha 'k it mar gewurde litten.
Wy wennen al twa jier net mear yn 'e Wylgen doe belle yn de iere maitiid buorman Anne noch geregeldwei op mei it boadskip dat der wer ris in goes om hûs en hear fleach dy't nei my útseach. En oft ik mar komme woe om him feilich del te krijen. Dan dienen wy dat tegearre, wy fuorren him goed en stjoerden him fuort as der wylden oerkamen. Gauris ha 'k waarnommen dat se mei de kloft meigyngen. Ik hoopje mar dat se Nova Zembla helle ha. Wa wit registreare de h.h. biologen dêr op dit stuit in pear guozzen mei pikeringen om de rjochterpoat, blauwe foar de garren en wite foar de wyfkes. Dat binne dan mines.
It lêste húshâldinkje guozzen, in garre mei syn wyfke en twa piken, ha 'k meinommen nei ús pôle op 'e Feenhoop, dan